| |
| |
| |
| |
| |
| |
Ien
1.
Soms tink ik: hy hat my wol sketten, de âld nút. At er my sa oansjocht mei únder syn boarstelige wynbrauwen dy lytse gleone eachjes, dêr't bytiden ûndogense fûnkjes út spatte. Hy hat my yn 'e rekken, dy baas fan mines, hy speurt, hy rûkt wat oan my, de sedige Janneke Brouwer. Mar ik spylje de ûnnoazele en sjoch hastich in oare kant út of ik begjin in praatsje fan niks oer de needsaak fan mear frijheid op it repetysjeroaster, dat myn klassike bruorren en susters allegeduerigen blokkearje mei harren misdieden tsjin de jonge minskheid.
Mar hy liket neat te fernimmen, hy bliuwt de hoflikheid en de kammeraatskip sels. Ja, it is in baas út tûzen, en dy't dat net sjen wol, lykas Lyn Alsema en Ronald Stam, de swartsjoggers en kankerpitten yn ús korps, dy is sjende blyn. Hy kin my neat dwaan en as er my al wat dwaan koe, soed er it wierskynlik mei leafde litte, en besykje my mei in geklik wurdsje en in fertroulike hân op myn earm wer yn it goede spoar te krijgen. Ik bin der wis fan dat ik gâns potsjes by him brekke kin. By him en by de Meisizzenskipsried (dâr't ik sa'n ûnfoech wurd om brúk) en by de Ynspekteur en by it Gemeentebestjoer. Prutsers genôch yn dit fak en se dogge der wiis oan, tinkt my, en hâld de goede krêften, de trouwen en yn 'e tsjinst fergrizen wat yn eare. Mar wat sis ik - yn 'e tsjinst fergrizen? Dat mei dan wol sa hjitte foar Lyn Alsema. Dy stiet hjir al goed tritich jier en sil, ferprottele en dien, mei in jier of wat har FUT helje en wiidweidich huidige wurde under triennen en gâns glêzen sherry en fruchtesap. En it jildt foar ús treflike biolooch, Dr. Fredericus Karstens - it wittenskiplik en publisitêr pronkstikje fan it Victor Laurentius-lyceum: griis mei eare en yn lichaamlike wolstân, en dan te witten dat er dêr mar leafst twa professoraten foar ôfslein hat! Mar foar my jildt soks net. Fiif en tritich jier jong, doktor yn 'e letteren, fiks en kant fan lea, lit it wêze justjes oan
| |
| |
'e mûtele kant, net sûnder nocht oan moadieuze en benammen djoere klean, koartsein in útris om bliid mei en grutsk op te wêzen. Nee, goed besjoen leit it hiele libben noch foar my. Dat der in reade tried fan bitterheid troch myn bestean kronkelt, mei wier wêze. En dat guods my foar in soere trut oansjogge en efter myn rêch babbelje fan âldfaam en fodkoer en nedich oan 'e man - it rekket my net. Ik stek myn noas yn de wyn, èn yn in soad saken. Ik regissearje toanielstikken - en ûntstriid my ris dat it suksesnûmerkes binne en dat gâns âlden my wol ôfslikje wolle as ik harren bern wer ris ta nea-tochte prestaasjes oanfitere haw! - Ik organisearje lezingen fan skriuwers en dichters, ekskursys en dûnsjûntsjes en reagje yn it pleatslik keunst- en ferieningslibben om as in wyld, en net te ferjitten: ik haw eineksamenresultaten dy't byldkje, om de pet foar ôf te nimmen. Nee, ik haw lak oan de minsken dy't temûk begrutsjen mei my hawwe. En Tom, ús rektor - hy is acht-en-tweintich jier âlder as ik, mar ik doar him ûnder fjouwer eagen èn bûten syn oanwêzichheid ‘Tom’, ja sels ‘Tommy’ te neamen, dy Dr. CA. Thomson - sil my hoedzje as in kostber juwiel oan de skoalle dy't er yn tritich tsjinstjierren warberjen, oarderjen, fleanen, aktivearjen en koördinearjen, opboud hat fan in ûneachlik partikulier skoaltsje ta in deeglik, yn royale subsidiëarring hoede en noede gemeentlik ûnderwiisynstitút, hein en fier bûten de stêd ferneamd. En as ik wold hie - ik hie bygelyks net twa en in heale reden hân om it nèt te wollen: de ansiënniteit fan Bram de Boer, myn administratyf ûnfermogen en myn eigen ferlet om gjin al te fêste biningen en ferplichtingen oan te gean, om my in fikse poarsje frijheid foar te behâlden - wie ik al trije jier lyn ta twadde konrektor (eventueel: -trix) beneamd en Tom syn rjochterhân wurden. Stel jo foar: de Rjochterhân fan Tom! Tom hat der wakker op oanstien, hy wòe it, hy hat ferlet fan wat froulike stipe, hy is yn wêzen in sjarmeur - en hy hie it al klear ek, by de gemeente en de oare ynstânsjes. Ik haw it him mei lijen út 'e holle praat: ik jou leaver in pear oeren mear as dat ik my in part fan 'e kostbere wike bedobje yn Tom syn administrative rompslomp - dat is mear wat foar sa'n brim- | |
| |
stige Piter Presiis as Bram de Boer, sa letterlik haw ik it him sein. En it wie my tinken ek noch: dat is dan al 3½ motyf. It spiet him, Tom, mar hy woe en moast myn winsk earbiedigje. En hy tocht ek, mèi my, dat de oanstelling fan Bram de Boer, dy't sa hjir en dêr ûnder de kollega's syn oanhing hat, benammen yn de eksakte hoeke (al is er sels ‘mar’ geograaf), gâns prottelerij te foaren komme soe. Lykwols, as der in tredde konrektoraat frijkomt - en dy kâns sit der yn, no't it tal learlingen sa oanwint - wit ik it noch net. Djip yn my haw ik dochs ferlet fan wat macht, in jildingsdriuw neame se dat dan. De notulen fan de learaarsgearkomsten witte der fan mei te praten. En it geastlik stypjen fan Tom liket my, as ik der djip oer neitink, ek net sa'n fier te fersmiten mooglikheid as ik earder tocht haw. Al is er fansels net sa'n grut ein mear fan syn ôfskied ôf, mei FUT of pinsjoen.
Mar ik wol mysels gjin earen oan 'e holle naaie. Ik mei dan wêze dy't ik lykje, en dêr net ûntefreden oer, ik bin en bliuw ta nuvere dingen by steat. En dêrom no tink ik dat Tom my wol troch hat. Hy hâldt fan minsken dêr't in stekje oan los is - sokken hat er leafst ek as learlingen: fan dat folk dat op oare skoallen mislearret of om hokker reden ek fuortstjoerd is. Wy binne sa'n bytsje it pedagogys jiskefet fan de hiele ‘regio’, wurdt der sein. En sokke jonges - en ek fammen - drugsbrûkers en lytse krimmenelen makket hy yn in omsjoch maatskiplik brûkbere en hânsume jongelju fan. Dat is foar him in earesaak, en it pleit dat er, faak tsjin ús sin, foar dy roerige en ûngeunstich bekend steande knapen hâldt, kin soms ûnder de meast rjochtse law-and-order-gesinde kollega's wûnders dwaan. En sa is it him ek in earesaak, tink ik faak, in learares Nederlâns yn 'e hûs te hawwen, dêr't in stek of wat oan los is, mar dy't er mei stille hân, út 'e eftergrûn wei, dochs noch op 'e reels, yn it stokramt wit te hâlden. O't er dat rêde sil, wit ik net, ik haw sa myn twivels. Earlik, ik doar myn kop der net foar op it blok te lizzen, dat ik ivich en altyd de sedige, achtenearre, bejeftige learares bliuwe sil dêr't ik foar bekend stean.
| |
| |
| |
2.
Ik praat yn riedsels, leau ik. Dat hat It Libben (hjit it sa net?) my wol leard. No goed, de affêre mei Justine Blaauw bin ik sûnder kleanskuorren troch kommen, teminsten wat myn reputaasje oanbelanget. It wie oars in rûzich skoft en ik hie tsjin 'e lampe rinne kinnen, net juridys, mar sosjaal. Justine kaam as in wankel en wat bleu begjinnelinkje yn Skiednis, farsk fan 'e universiteit, mei in diploma dat har rjochten en foegen joech dy't se lang net wiermeitsje koe. Se kaam midden yn 'e winter en moast alle dagen mei de bus fan Marwert nei uzes ta en vice versa reizgje. In moai frommeske, mei har grutte, swarte, ûnskuldige dreameagen. Ik wie fuortdaliks fan har ûnder de yndruk, wei, sis mar. Fan har frêle figuerke, fan har jeuchlik entûsjasme foar de bern ek - fanke, tocht ik, de earen sille dy aanst wol bekôge wurde; idealisme is allinnich yn steat om de earste oardel wike reedlik troch te kommen, en ast dêr dan gjin hurde knûst oan tafoegest, strûpst der under. En wêr si'sto in hurde knûst wei skuorre? Bist ommers sa bros as krystal.
It is wòl sa útkommen: se wie te goed fan betrouwen en liet oer har hinnewâdzje, it waard in púnheap yn har klassen, en se hat sawat in jier nedich hân om dy klap wer wat te boppen te kommen. Op in wintermiddei, in dei of fjirtjin foar Krysttiid, wie it sa glêd dat de bustsjinst nei Marwert it al om twaën hinne sitte liet. Ik sei: Fanke, gean mei nei myn flatsje, ik haw it waarm en smûk, kinst wat léze en wat korrisjearje ast wo'st, ik brou wat lekkers gear yn 'e keuken en helje in flesse wite wyn by de sliter, en jûn krûpst op myn útfanhûzersbêd yn in nachtjak fan my, al sil 't dy ryklik rom sitte. Toskepoetserij haw ik ek wol foar dy.
Ik hie net tocht dat it sa rinne soe. Justine gyng mei, wy ieten gesellich, rys mei gûlasj, seagen nei it nijs fan de teevee, en ik stiek de sân kearsen oan op myn menoarah. En doe kamen al gau de konfidinsjes los. In libben fan misères, die bliken. In ferloofde dy't har ûntrou wie en har yn 'e steek liet. In pear âlden dy't libben as kat en hûn, in heit, âld- NSB-er, dy't fertarde fan wrok, in man mei wylde ferhâldingen, al rûn er tsjin de 70. En
| |
| |
no dan dus dy skoalbern dy't har it bloed ûnder de neils wei skuorden en dêr't se har net tsjin ferwarre koe. Ik nim it ús leaven hear kwea-ôf dat er fammensbern mei sa'n breklike wapenrissing de wrede wrâld yn stjoert.
Prate, prate en gjin ein, en ik harke mar, ik sette tee en ik kaam mei de flesse beaujolais - en ynienen, op it djiptepunt fan har ellindich ferhaal - dat fan dy ferloofde, dy't ‘smoarge dingen’ dwaan woe: har útklaaie en betaaste - flijde Justine har betrienne holtsje tsjin myn boarsten en snokkere: ‘Wat binne jo goed foar my.’
Sa begûn it drama mei Justine Blaauw. Ik hie der ienfâldich gjin ferwar tsjin. Ik lei myn earms om har tear en skokkend skouder en tute har fochtige eachlidden en aaide har oer de bonkerichskrale rêch. En my lei myn eigen lyts drama op 'e tonge, dat út 'e fierté wat fan harres hie, en ik wie it suver mei har iens dat alle manlju smearlappen binne, op miskien ien twa útsûnderingen nei. Ik hie noait witten dat ik lesbise oanlis hie en miskien wie it ek mear in grut meilijen, in soarte fan lotsmienskip, dy't makke dat ik de nachts by har op it útfanhûzersbêd kaam, om't se de waarmte net krije koe, en dat wy ús neaken waarmen oan elkoars boarsten en skurten as twa lytse bern yn ien grut mienskiplik fertriet bêde.
Nammers, ik kin ek net goed ynsjen hokker kwea as ik hjir mei bedreaun hawwe soe. Hat it Justine Blaauw net ta stipe west, dat se immen fûn dy't har leed oanhearre woe, har treaste en goerie jaan en dy't temjitte kaam oan liiflike langsten dy't faaks al jierren yn har slomme hiene? Wie it ek myn djipste wêzen dat ta utering kaam as ik har swart kopke tsjin myn boarst oanflijde en gjin ferwar hie tsjin har wyld oanheljen, har neakene lea streake en har en mysels yn in steat fan opwining brocht, oant wy sillich en wurch yn elkoars omearming yn 'e sliep foelen? Koart en goed: Justine kaam by my yn, myn flatsje is rom genôch, en mei de buorlju haw ik gjin gedoente. Wy libben yn in waarm-wylde ferhâlding, lit ik it sa mar neame. Ik wist nei bûtenút myn affeksje foar it jonge bern ferburgen te hâlden. Mar withoefaak haw ik, yn 'e dosintekeamer en op 'e skoalgongen,
| |
| |
yn noed sitten dat har fereale eagen dy't mines sochten, har ferriede soene, lykas myn eangst foar de macht fan dy eagen my ferriede kind hie. En spanningen kamen der al ridlik gau. Wy wiene altyd by inoar, rûnen earm yn earm, nei toaniel- en filmfoarstellingen, nei konserten en lêzingen. Justine hie in grut geniet oan al dy dingen, fan hûs út hie se artistyk en yntellektueel neat meikrige, en ek har studintetiid hie, murk ik al gau, de heukerige en earmoedige kant it neist west: net folle oars as hastich jakkerje fan it iene tentamen nei it oare, mei amper in feestje der tuskentroch, dêr't se dan meast - sa seach ik it foar my - as in tryst, fergetten fûgeltsje oan 'e kant siet, gjin ried wittend mei har moaie eagen en har frêle lea. Troch myn help gyng de doar fan kultuer en skientme foar har iepen, om it moai te sizzen. Har tankberens wie bûten alle roai. Se loek har oan my omheech.
Mar it beneare my, net om skuldgefoelens, mar om't it my yn myn frijheid behindere. Se wykte net fan myn side yn it skoft yn 'e kofjekeamer fan de skouboarch, ik fielde my yn in soarte fan twangsituaasje tsjinoer freonen en kunde: ik sleepte har oeral mei hinne as in bongel oan 'e poat. Se wie jaloers, as ik mar mei immen in pear wurden wiksele, itsij man of frou, benàmmen frou.
Skuldgefoel? Nee, sei ik nyskes. Mar dochs: in lesbise ferhâlding, ek al hoegde it foar de wrâld net sa te lykjen, it bewitten dêrfan lei my as in stien op 'e mage. Earne wie ik ek net wis fan mysels, fan myn eigen aard. Wie dit miskien oars net as in wraaknimming op myn ferline, op it tsjuster plak yn myn ferline, dat ik my ta soks meidriuwe liet? Hie ik wier in ôfkear fan manlju, ik dy't dochs yn myn stúdzje- en leararessetiid mear as ien houliksoansiik krige en mei in geklik wurdsje ôfwiisd hie, net om't ik dy man, dè man hate, mar om't myn frijheid my (noch) te leaf wie? En dy iene man yn 'e frouljusblêden skealik ‘de prins op it wite hynder’ neamd, wie dat wat ik sochte? Mar oan 'e oare kant, joech dit my de djipste befrediging, dit triljend en help en waarmte sykjend famkeslichem mei de noch net útgroeide lytse boarsten en de smelle heupen en it tinne
| |
| |
swarte hier op har skamteheuvel tsjin myn folwoeksen en miskien justjes te mûtele lichaamlikheid oan te prangjen en it te befredigjen en my befredigje te litten yn in fjoersee fan lust?
Op sokke jûntsjes út, as wy yn myn Austin Mini troch de tryste, ferlitten, winterse bûtenwiken rieden, waard ik noartlich en stúmsk, omdat har hân mines socht dy't op it stjoer lei en der sêfte knypkes yn joech, of as har hân him nustele yn de rjochterbûse fan myn jek of mantel. Thúskommen sei ik dat ik pine holle hie en op myn eigen bêd sliepe woe. Dat dyng ik dan, sûnder noch oer toaniel of muzyk nei te praten, mar as se dan nei in skoftke kaam, foarsichtich huverich skufeljend oer it kâlde swilk, yn har ljochtreade nachtjûpe, yn 'e rook fan har jonge froulikheid en har parfum en se socht my streakjend yn it tsjuster en brocht al streakjend de tsjustere twang yn my ta libben, dan joech ik my wer alhiel oer en ik tocht: wêrom net? Wat haw ik, saneamd âld frijster, fierder ek al oan tearichheden? Dit famke hat my nedich, lit my har jaan dêr't se ferlet fan hat. Sa folle freget dat net fan my. En ik krij waarmte werom. Nachten lang praten wy, oer har problemen, oer har lessen, oer har jeugd, oer har ferloving. Net oer mỳn soares...
‘Mar wat hiesto dan tocht?’ frege ik in kear, doe't se wer oer dy jonge, Baldoïnus, in technys studint, op 'e tekst kaam, as hie se al mei al dochs gjin frede mei de gong fan saken, ‘wat hiest dan tocht? Dat sa'n sûne jonge kjirl net de oandriuw hat ta itselde as wat do en ik no mei elkoar dogge?’
‘Mar dat is wat oars!’ sei se fûl, har oprjochtsjend út myn earms, mei wat fanatyks yn har lûd.
‘No, foar de wet is 't itselde,’ sei ik, fan doel har op 'e proef te stellen, ‘it heart beide ûnder de seksuele hannelingen mei it doel ta befrediging te kommen.’
‘Praat net sa,’ ferfette se, sêfter no, ‘in man is fiis. Wat er dêre ûnder sitten hat is net om oan te sjen. Ik haw dêr in wearze fan. Te sjen en te fielen en te rûken. Ik wol dat noait wer.’
‘Dan si'st de hele natoer fersmite moatte,’ lei ik der tsjinyn, ‘de hiele minskemienskip wurdt behearske fan dy tsjinstelling man en frou. By minske en dier, allinnich hat it by de minske in kul- | |
| |
tureel ferniske krigen.’
‘Hâldsto net fan my?’ frege se, no wer lyts, hast smeekjend.
‘Dat is in oare fraach,’ sei ik. ‘Mar de hiele natoer is basearre op manlik en froulik en it hiele fuortbestean fan de minske, en ek it kultuerbyld foar in grut part. Ik hâld fan dy, dat witst wol, mar is dat foar dy in reden om manlju te haatsjen?’
‘It wie in beest,’ sei se. Har lytse hannen tearden yninoar ta fûsten en se skodde de swarte krollen mei de hearlike geur.
‘Nee,’ hâlde ik út, ‘it wie gewoan in man, oars net. Jimme wiene ferloofd, mei ringen en al, jim hiene troud wêze kind as hy klear west hie, en bern krije. Wêr woest oars bern wei helje? Hy wie miskien wat foarbarich, mar dêr hiesto begryp foar hawwe kinnen, ek al koest net sa fier gean as hy woe.’
‘Dan bin ik der tankber foar, dat er foarbarich wie, oars hie ik dij noait troffen. Dan hie ik no alle nachten by sa'n wyld beest lizze kinnen mei oars neat as fertriet en wearze. Ik moat der net oantinke.’
‘En miskien al in bern om oan dyn boarst te lizzen.’ It wie pleagjend bedoeld, maar kaam yn alle earnst oer.
‘Sis sokke dingen net. Ik wol it net hearre!’ rôp se. En sêfter: ‘Ik wol gjin bern yn myn liif ha. Ik wol allinnich by dy wêze, foar altyd, ik wol noait by dy wei.’
‘Do hoechst ek noait by my wei,’ sei ik (liigde ik, ik wist it sels doe al), ‘mar dêrmei is my noch net dúdlik wurden wêrom asto sa'n hekel oan manlju hast. Is dat om dy iene, foarbarige, of hasto mear ûnderfiningen hân?’
Mar se ûntwiek my en sei: ‘Do bist dochs sels ek net troud? Hiest dochs ek al lang in man ha kinnen? Do tinkst der dochs krektlyk oer as ik? Net? Toe, sis dochs wat!’
Wer lei myn ‘drama’ my op 'e lippen, mar ik haw it ynhâlden. Ik woe har gjin mear macht oer my jaan as se al hie troch ús te konfrontearjen mei wat ik by mysels neamde: ús lotsmienskip. Se krige gjin antwurd op har twingende frage. Ik kearde my om, de twivel en de ûnrêst waarden my wer ris moai oermânsk. En sa kaam der njonkelytsen in ein oan de affêre Justine Blaauw, dy't my sa it ien en 't oar leard hat. Se fernaam dat myn
| |
| |
hertstocht minder waard, myn ôfwêzichheid oanboaze. Se learde it freegjen ôf. De maitiids doe't it waar better waard, haw ik har nei lang praten sa fier krige, dat se wer hinne en wer reizge nei har mem yn Marwert. Har posysje as (tydlik) learares wie doe wol justjes sterker wurden, omdat se leard hie har al te grutte goedens yn te binen en harsels, sa't se it neamde, te ‘ferleegjen’ troch straf te jaan. Mar ús baas hat har der handich út ranzjearre, dat is him wol tabetroud, en hy joech ek noch goede referinsjes. Gjin ‘kneuzen’ yn myn korps, hat er fansels tocht. En in fêste oanstelling siet der dochs al net foar har yn. Justine rekke yn Almelo by it ûnderwiis oan folwoeksenen, in memmemavo. Dat lei ek mear yn har lijn. Noch twa wanhopich fereale brieven haw ik fan har krigen. Gjin antwurd op jûn, like my foar har better ta. Stiltsjes weiwurde en útstjerre litte, se fynt wol in oaren, in frou of dochs noch in wat âldere man dy't it wat fluwieliger oanpakt. Sa tocht ik, wis wis, mar soms, as ik hjir allinne op myn flatsje sit en ik sjoch nei de djoere faïence-faas dy't se my besoargje litten hat nei't se myn hûs ferlitten hie, de faas mei de faaie fûgels, neam ik him by mysels, de iene, de grutte, bin ik en de lytse, is sij, dan giet it my kâld oer de lea. Dan fret der in angeltsje fan spyt en wroeging oan myn siel. Want waarm wie se, en trou en oanhinklik. En ikke? Hàw ik wol wat leard?
|
|