fan de professor en ik wol him net ha. Hwat der mei de sinten fan de auto barre moat, moat de professor mar sizze. Dêr hawwe wy eins ek gjin rjocht op.’
‘Lit mar sitte... lit mar sitte,’ ropt dy, ‘as ik de fûgel mar ha.’
‘Ja mar, hy is brún...’ stammeret masters juffer, ‘Yfke hat him skjin makke.’
‘Dat hinderet neat,’ ropt de professor, ‘de kleuren, dêr rêd ik my wol mei. It giet my mear om it sjongen.’ Hy pakt de doaze en sil de keamer út.
‘Hou ris,’ seit master, ‘mei ik jo noch ien ding freegje?’ ‘Gau dan,’ is't andert, ‘ik bin al sa'n tiid kwyt.’
‘Fervje jo wolris?’ Hwat in nuvere fraech, tinke se allegearre. De professor kriget in kaem.
‘F f f fervje??’ freget er.
‘Ja,’ seit master, ‘mei in kwast.’
Dan moat it hege wurd der wol út.
‘Ik hie myn fûgel ek opferve.’
Se laitsje allegear op mefrou Oegel nei.
‘Hoe krigest dat yn 'e holle,’ fúteret hja, ‘en tsjin my mar swetse, datst' him kweke hieste. Hwerom hast dat dien?’
‘Ik woe ek ris hwat bisûnders meitsje,’ is't andert. ‘Dou kinst alles,’ en fuort is er.
‘Soene je sa'n man net,’ seit mefrou Oegel.
‘Hwat jowt dat nou!’
‘Hoe wist master it eins,’ freget Tseard.
‘Ja... dat is myn geheim.’
‘Dat is net earlik,’ seit masters juffer, ‘wy ha allegear praet, nou dou ek.’