it eins geheim hâlde wollen, mar ik haw alris ien makke.’ ‘O ja?’ sizze de oaren, oft se nearne fan ôf witte.
‘Ja, mar dat ding bin ik al in pear dagen kwyt.’
‘Ek nei Amsterdam tink,’ seit master.
‘Krekt, dêr bin ik nou sa bang foar.’
‘Hwerfoar?’ freegje se tagelyk.
‘Dat dy assistint fan myn man him stellen hat. Ik sei al dat ik dy man net fortrou. Ik bin nou wer mei ien dwaende, mar it kin wol in pear jier duorje, ear't ik him klear ha.’
‘En dy fûgelsykmesjine hiene jo yn ien dei klear,’ seit Tseard.
‘Ja,’ laket mefrou Oegel, ‘mar dat is ek mar in wissewasje... in robot is hiel hwat oars.’
‘Kin dy robot dy't jo makke ha alles?’ wol omke witte.
‘Nou alles... mar wol in protte.’
‘Kin er ek bisûndere fûgels meitsje?’
‘Jawis wol,’ anderet mefrou Oegel, ‘dat haw ik ek al tsjin myn man sein, mar dêr wol er neat fan witte.’
‘Hwerom net?’ freget Yfke.
‘Nou ja,’ anderet de professor, ‘myn frou kin al sa'n soad. As se nou myn fûgels ek noch meitsje sil, hwat bliuwt der dan foar my oer. Né, dat doch ik sels.’
‘En hy kin it,’ seit mefrou Oegel, ‘wie de fûgel fan de totoanstelling net moai? Nou ja master, ik hoech jo neat to fortellen. Jo witte sels hoefolle wurk der yn sit.’
‘Ja,’ knikt master, ‘'t is ôfgriislik.’
‘En dat sjongen,’ suchtet de professor, ‘hwat moatte jo dêr foar ha?’
Master sjocht mefrou Oegel ris oan.