| |
| |
| |
In delgeande tiid
1
It gemeentebestjoer wie fol fan soarch foar de problematyske groepen, foar minsken dy't yn 'e lytse loege sieten, foar dyjingen ûnder har boargers dy't yn efterstânssitewaasjes ferkearden. Dat stie teminsten yn allerhânne rapporten.
Oan de wurklikheid feroaren dy rapporten net safolle; de maatskippij wie foar in grut part út 'e hânnen fan bestjoerders en politisi weigliden. Sa wiene der bygelyks alle jierren mear jonge minsken dy't it net folhâlde koene op skoalle, dy't mei trettjin, fjirtjin jier de skoalle de rêch takearden, al of net út frije wil, wylst ien fan de hillige illúzjes fan sosjaal- en kristendemokraten altyd it ûnderwiis foar elkenien west hie - skoaltypen, skoalbegelieding, ûnderwiisyndustry en foar elk in diploma op A-B-C-nivo mei fakkepakket nei eigen kar en kapasiteiten. Mar it tal jonge minsken dat net yn dat folsleine systeem paste woeks dus oan - in soad wiene sels net te hâlden op ITO's en IHNO's en wat der oan oanpast ûnderwiis noch mear wie. Dy jongerein dangele dan op 'e strjitte om, fermakke har op de roltreppen fan warehuzen. De learplicht wie sa'n bytsje oan it achttjinde jier ta, dat it dangeljen duorre lang. En as se dan einlings wurkje mochten, dan koene hja dat net omreden dat hja yn in stêd wennen mei ien fan de heechste wurkleazesifers fan de heule Europeeske Mienskip. Se fernielden hjir en dêr wat, brûkten in soad drank, fochten, meast ûnder elkoar, mar like goed wie it in griis dat sokken 'e op strjitte omdangelen en de gemeente hie dan ek oardel miljoen gûne ynvestearre yn de ferbouwing fan in geef, grut âld pakhûs ta modern jongereinsintrum. Dêr wie in bar, in sportseal mei bodybuild-apparatuer, in wurkpleats, gesellige lokalen foar kursussen dy't no dan echt ôfstimd wurde moasten op kapasiteiten en belangstelling. Soks like fantastysk en it gebou waard dan ek mei in soad bombaarje iepene, jierren lyn. Der wiene doe al minsken dy't seine: dit kin net, want as wy aansens foar elke pro- | |
| |
blematyske groep sa'n sintrum oprjochtsje moatte, dan kostet it ús miljarden. En al hiene wy it jild, dan soe dat noch betsjutte dat wy neat diene om it probleem echt op te lossen - wy brochten dy minsken dan allinnich even út it sicht, sadat wy der as maatskippij net te folle lêst mear fan hiene - in skoft lang. Der wiene ek wol minsken dy't seine dat it better wie om dy learplicht net sa lang duorje te litten; jonge minsken koe men better net tsjin 't sin sa lang op skoalle hâlde, it iennichste wat dêrmei berikt waard wie wearze tsjin it learen sels.
In pear jier letter waard it ekonomysk allegearre in bytsje problematysk. De measte jonge minsken koene gjin wurk fine; en in heul soad fan harren hiene gjin ferlet om op 'e teannen te rinnen, om in skoaloplieding ôf te meitsjen, dy't har dochs gjin kâns joech om yn 'e maatskippij echt mei te dwaan. Sadwaande kamen der hieltiid mear ‘drop-outs’, ‘randgroepjongeren’, ‘kansarmen’ en ‘kanslozen’; it regear en ek it stedsbestjoer besocht noch hiel lang dat probleem ‘op te lossen’ op deselde wize sa't it al dy jierren al dien wie: nije ynstellings oprjochtsje om de skealike gefolgen fan oare ynstituten wat op te heinen, te fersêftsjen. Mar doe hiene se ynienen gjin jild genôch mear. De skoallen krigen minder en koene dus minder tiid besteegje oan it begelieden fan de jongelju dy't swierrichheden hiene om it fol te hâlden. De ynstellings lykas jongereinsintra, dy't opset wiene om teminsten noch in lyts bytsje te dwaan oan de problemen fan sokke jongelju, krigen ek minder jild.
Der kamen fansels ek gjin nije fan sokke sintra by. De jongerein sels waard ûnferskilliger, apatysker en ferlear syn ynteresse yn de maatskippij. De jongerein radikalisearre ek, foar in part yn links-radikale sin, en prate dan oer harsels as ‘autonoom’ en fielde har in soarte fan anarchisten, mar hiene gjin bân mei de tradysjonele anarchistebeweging, dy't fral noch bestie út âldere hearen; ek hiene hja amper noch in bân mei de doktorandussen - en sosjaalwurkers-generaasje fan sabeare frije sosjalisten út de jierren sechstich, in generaasje dy't no al aardich boppe de tritich wie en dus âld en ûnbetrouber.
| |
| |
In oar part fan de jongerein, en dat wie sels gefaarlik, radikalisearre yn rjochts-radikale sin, ferhearlike geweld en wraak, propagearre rassediskriminaasje, brûkte âlde faksistyske symboalen.
It moaie jongereinsintrum mei de bar en de sportseal en alle oare foarsjennings wie der in pear jier nei de iepening noch altyd, mar fan it entoesjasme, dat de betelle en frijwillige meiwurkers yn it begjin hiene, wie net safolle mear oer. De moaie bodybuild-apparatuer wie al frijwat fersutere en der wie feitlik gjin jild om it spul te ûnderhâlden. Foar de kursussen wie noch mar amper belangstelling, ek mei om't de kursuslieders, de ien nei de oare, ôfknapten op it tekoart oan ynteresse en it hast folslein ûntbrekken fan konsintraasjefermogen by de kursisten.
Jin konsintrearje wie in boargerlike lúkse dy't men jin net permittearje koe as men opgroeid wie yn in húshâlding dêr't heit en mem - as dy der beide wiene teminsten - noch oan elkoar, noch oan de bern echt omtinken joegen en dêr't boppedat de televyzje altyd oanstie; in lúkse dy't allinnich foar de heule sterken weilein wie yn in maatskippij dy't konstant besocht jins oandacht ôf te lieden: Dallas, porno, neonljocht, auto's, moters, drank - it swingende, echte bestean, dêr't konsintraasje en oandacht foar elkoar oerstallich by wiene.
Op it jongereinsintrum gie de belangstelling fan de besikers fral út nei de wurkpleats, dêr't se grieme koene oan har eigen krosbrommers en auto's; en fansels wie der ek genôch ynteresse foar de bar mei de diskoteek en it bier út fleskes. Der wie ek in tapynstallaasje mar dy draaide amper. De besikers woene fleskes bier: dan wie men wis, it smakke altyd gelyk, se koene jin net besoademiterje. En boppedat wie it sûgjen oan sa'n fleske kompensaasje foar it memmeboarst - mar dêr stie fierder gjinien by stil, behalve no en dan de jongereinwurker dy't ferantwurdlik wie foar de bar, de diskoteek, de begelieding fan de frijwillige meiwurkers, de organisaasje fan de kursussen. Fierder wie hy de man dy't, himsels der by rekkene, him ferantwurdlik fielde foar it
| |
| |
jaan fan in bytsje kompensearjende oandacht oan goed fyftich kniesde jonge minsken; hy fielde him ferantwurdlik foar har as groep, as kategory, mar hast like goed foar elk fan har persoanlik.
Hy wist dat it dreech wurk wie ear't er deroan begûn, want hy hie earst learaar maatskippijlear west op in skoalle foar leger-beropsûnderwiis. Hy hie dêr te folle omtinken jûn oan de ‘drop-outs’, de minne learlingen, de jongerein dy't ‘net-te-hanthavenjen’ wie; dat hie him in konflikt oplevere mei de direksje en doe wied er dy drop-outs folge en oerstapt nei it sosjaal jongereinwurk. Hy hie him wapene mei ekstra psychologyske kennis; oan judo die er earder al. Hy hie ferwachtings hân fan dy baan, hie bygelyks tocht dat er kursussen fan de grûn krije soe. Hy hie in prestaasje leverje wold dy't respekt ôftwong en boppedat wied er oprjocht begien mei it lot fan dy minsken. Hy tocht trije jier ferlyn dat sa'n sintrum in soad bydrage koe oan it opheffen fan maatskiplike efterstân fan de jonge minsken.
Dêr hied er no altyd al benaud foar west, dat er it in kear net oprêde soe, dat er dy lilkens net delbêdzje koe, net weiprate, dat er gjin oerwicht mear hawwe soe; dat it him ûntkomme soe, in petear, in rúzje, in sitewaasje; dat de beskuldigings en wraak har op him sels rjochtsje soene. Hjir dus hied er benaud foar west: de folsleine machteleazens. Hy soe him no allinne noch ferwarre kinne mei syn lichemskrêft, mar dy lange hie in maat mei dy't er net koe, hja wiene mei syn twaën, hy wie allinnich en boppedat wist er dat dy lange in mês by syn lears yn hie, in stilletto, in skerpen, in langen ien mei in bloedgleuf yn it lemmet. Dy stilletto, it gesicht fan dy lange, de eachjes mei de reade ierkes yn it wyt - it blaueftige wyt - de lilkens akkumulearre, woeks oan ta razernij, wylst syn eigen ferlamming definityf waard.
Hy hie oan judo dien, jiu-jitsu, mar it joech no neat, wat kin men mei judo as men ferlamme is; wat docht men mei jiu-jitsu tsjin agressy dy't al safolle jierren oanboaze, frustraasje op trau- | |
| |
ma, lytsachting by tramtearring; as it echt sa fier komt dat ien de lêste persoan hatet dy't noch fernimme liet ynteresse foar him te hawwen, dan bliuwt allinnich de definitive fernieling oer; en de ferlamming dy't deroan foarôf giet.
Dat tocht er doe't dy lange oer de tafel hinnesprong en him it mês yn 'e hals treau. Hy foel op 'e grûn en seach net mear hoe't de lange troch syn maat nei de doar sleept waard, flokkend, tsjinakseljend; hoe't dy maat de doar achter harren ticht die, net iens sa hurd; hy registrearre net alles krekt, miskien ek net yn de goede folchoarder; wol seach er heul skerp it affysje fan Andrée Hazes, dat slop mei punêzjes tsjin de binnenkant fan de doar siet.
Ik stjer as in knyn, tocht er doe't er stutsen waard; as in eangstige, machtleaze, ferlamme knyn, wylst ik altyd de sterkste wie, wêze woe alteast; mear witte, mear kinne: psychology, oerwicht, judo, jiu-jitsu; mentaal en fisyk de sterkste. Myn God, útsoarte, feitlik, bin ik in knyn. Dat tocht er en doe rekke er bûten westen. It bloed rûn him stadich út 'e hals.
De plysjeauto wie net opfallend fan kleur of model; der siet in heule grutte rûne blauwe lampe op, oars koe men hast net iens sjen dat it in plysjeauto wie. Yn de auto sieten twa plysjes, trochsneed jongebazen mei in blau pakje oan; de iene hjitte Harm Dantuma en de oare Wytse Zylstra en se mochten wol graach meimekoar op patroelje wêze - al koene se jin net sizze wêrom fansels. Harm wie, foar in plysjeman, feitliken oan 'e lytse kant en Wytse hie in trochsneed postuer en donker hier, dat útsoarte krekt te lang wie foar in plysjeman. De sjef fan de unifoarmtsjinst hie dêr foarhinne wolris wat fan sein, fan dat hier, mar hy wie dêrmei ophâlden sûnt de konservatyf-boargerlike partij dêr't er al syn libben op stimd hie yn it parlemint oanfierd waard troch in jongkeardel mei it hier oer de earen.
Wytse hie krekt beprakkesearre dat er him wat iensum fielde
| |
| |
sûnt er yn dizze stêd plysje wurden wie; hy moast him der ek wat better by jaan, betocht er, in stamkafee hawwe of wat yn it ferieningslibben aktyf wurde. Harm wie krekt troud; hy wie in bytsje jonger as Wytse en hoewol 't er graach oer Wytse mocht, der wie noch altyd in bytsje ôfstân; Wytse wie wat eigen, wat op himsels bytiden. Wat Harm ek nuver fûn wie dat Wytse sa'n soad fan platen en muzyk ôf wist, fan dy apartige muzyk. Wytse kocht ek in soad platen. Harm seach wolris nei de televyzje as der gesellige muzyk foar wie, Hollânske nûmerkes en sa, mar dêr wist Wytse no wer krekt neat fan ôf. En in plaat keapje dat hie Harm al yn gjin acht jier mear dien.
Harm hie no sin oan wat lekkers en soe krekt tsjin Wytse sizze dat se even stopje moasten by in patatsaak doe't de radio lûd joech en har yn sân haasten nei it jeugdsintrum hawwe woe.
It pakhûs wie destiids fan dy hurde reade stien boud, mei hjir en dêr, bygelyks om de doarren yn 'e foargevel, giele stientsjes as fersiering; dat wiene tiden, tocht Wytse, doe diene se it har oan tiid en meitsje fan in pakhûs wat moais. It skiere oranjeëftige ljocht fan de strjitlampen liet nammers net folle oer fan dat moaie gebou, it makke alle stientsjes feal en fan kleur wakker gelyk. Harm drukte de doar iepen; hast sûnder erch seach Wytse op syn horloazje, oardel minút, dat hiene hja flot dien, mar likegoed koe dêr yn dat jeugdsintrum al ien dea lizze.
Ear't se deryn giene seach er oer it skouder: de oare auto wie der noch net. Hy fielde him ûnwis; it wie net om 'e nocht sa ôfpraat, altyd in ekstra auto foar de doar en twa minsken klear om by te springen. It wie langer net fertroud mei ien keppel, dit wie gjin jeugdsintrum mear, dit wie in moetingsplak fan jonge kriminelen. Leafst kaam de plysje dêr dan ek net.
Harm en hy stiene yn it haltsje en der wie al in oare man; Wytse hie hjir no trije kear west, altyd seachst wer oaren. Se koene hjir fansels gjin personiel hâlde - wa wol yn sa'n rotsoai wurkje; dit mantsje stie hast te gûlen, in lytse skriemer mei in briltsje en in
| |
| |
burdsje. Wat in kombinaasje ek, de lieding hjirre wie altyd behindich, eptich hast, mei briltsjes en burdsjes en dat by dy knapen mei learen jaskes en geweld.
‘Ik bin frijwilliger hjirre,’ sei it mantsje. ‘Se hawwe de beropskrêft mei in mês stutsen, hy leit te blieden yn 't kantoar, ik ha jimme belle.’ Se hearden ta-tú, ta-tú, it lûd wie al flak by. ‘Dat sil de ambulânse wêze,’ sei de frijwilliger.
Frijwilliger, tocht Wytse, soest hjir foar de aardichheid wurkje wolle? Ast dit foar dyn brea dwaan moatst liket it my al net bêst - hearejee; ‘de beropskrêft leit te blieden yn it kantoar’ sei dat eptige mantsje. - En wy komme hjir oars net as mei twa patroelje-auto's tagelyk, tocht er. Utsein no dan.
Der gie in doar iepen en der kaam in heul soad diskoherje tagelyk mei in jonge fan in jier as achttjin it haltsje yn. ‘Godferdomme,’ sei de jonge, ‘se hewwe de wouten der oek al bij haald.’ De jonge sloech de doar wer ticht, wie even wei, die de doar wer iepen en raasde: ‘At ut mut pakke wy jimme godferdomme allemaal!’
De frijwilliger sei: ‘It is in binde yn de bar, se meitsje der in grutte rotsoai fan, gjinien kin se rêstich krije op 't stuit, mar lit se mar, se tinke dat jimme om harren komme, se witte it net.’ De sirene bûtendoar hâlde op en ien fan de ambulânsemannen kaam der yn.
‘Jimme moatte meirinne hear, want wy moatte troch de bar om yn 't kantoar te kommen,’ sei de frijwilliger tsjin Harm en Wytse.
Se rûnen mei har fiven troch de bar: twa minsken mei in lege brankaar, twa plysjes en de frijwilliger foarop. Der wie hurde muzyk en in kloft jongerein, sa'n lytse tweintich en meast jonges, hong by de taap om of stie by de diskoteek; dy diskoteek wie heger, stie op in soarte ferheging. Lykas de preekstoel yn 'e tsjerke, tocht Wytse.
Yn it kantoar wie kokosflierbedekking, der stie in brún stielen buro en der baarnden twa neonbuizen. Der lei in man fan om en- | |
| |
de by de tritich jier op de flier foar it buro, der kaam bloed út syn hals; it bloed kaam stadich, gjin slachier rekke, tocht Wytse, dan kaam it mei stjalpen. De man hie sa'n sabeare fiskersboesgroen, sûnder kraach, oan. De ambulânsejonges leine him op 'e brankaar; der bleau in grut read plak achter op de giel/grize kokosflier. No moat ik op myn iepenst wêze, tocht Wytse.
Wytse hie sollisitearre by de resjersje, wie tritich, frijfeint, wenne allinnich op in flat. Fan syn trijentweintichste oant syn achtentweintichste hied er yn Haarlem by de plysje west; dêr hied er moai wurk, by de ferkearsgroep. Doe't syn heit stoar hied er oerpleatsing oanfrege nei Ljouwert. Mem wie hast santich en om't se twa jier ferlyn der sa foar wei wie hied er foar har in plak yn in tehûs krije kind; by útsûndering, sei de direktrise en hja hie him wol trije kear wiidweidich útlein dat men tsjinwurdich allinnich as men tige op jierren is noch yn in tehûs terjochte kin.
Mem wie wol wer in bytsje opknapt, mar feitlik net genôch om selsstannich libje te kinnen. Se sei gekke dingen bytiden en koe hjoed en juster en earder net altyd goed út elkoar hâlde. Mar somtiden foel it ek genôch ta.
Dy sollisitaasje by de resjersje fielde er wat oan as in lêste kâns; de measten begûnen folle jonger as tritich by de resjersje. Dêrom tocht er dat er op syn iepenst wêze moast. Want dit wie sa te sjen deaslach, op syn minst in besykjen der ta, en miskien wol moard. De resjersje soe fansels aansens komme en mei it echte ûndersyk begjinne, mar likegoed moasten Harm en hy soargje dat soks sa goed mooglik begjinne koe. Se rûnen, wer as yn in lytse optocht, it kantoar út mei in minske op de brankaar.
Wytse hie pinemage en hy switte ynienen dat it sta sei.
De suster skode it gerdyn iepen en hy koe, sûnder de holle te ferdraaien, mei syn iene each in stik fan de tún sjen. It wie in moaie tún, no al sa grien, mei in soad blommen en it wie noch mar be- | |
| |
gjin juny. Wytse lei op in ienpersoanskeamer, it fuottenein fan it bêd stie nei it glês ta. It wie in tún sûnder swarte grûn, oeral blommen en planten en strûkjes; hjir en dêr leine balstiennen, spitigernôch ek hjir en dêr bylzen; yn dizze moaie sikehústún foelen dy bylzen wat út de toan.
De suster hie drinken by har, fernaam er no. Hy hie neat hân, al in dei en in nacht no; hja hie sjuderâns, sikedrinken, earder krige er fan mem ek sinasapelsop as er op bêd lei mei gryp, mei koarts. De suster kaam op him ta, lake freonlik; hy woe wat sizze tsjin de suster mar it bewegen fan syn gesicht die him sa sear dat er 't net koe.
Hy dronk it fruchtesop mei in reidsje en de suster prate gelokkich net - hy seach har neils, ôfbiten, koart, seach har fingers, de glêde hûd fan har hânnen. Troch har tin wyt skelkje hinne wiene har ûnderklean ôftekene: broekje, beha. Susters hawwe altyd mar sa'n bytsje klean oan, it is waarm yn sikehuzen. Hy betocht him hoe't de suster yn har wite skelk troch dy moaie tún rûn, hoe't se loskaam fan de grûn. Hja die it rút iepen, sei: ‘It is sa'n moaie dei en jo hawwe ek hast gjin ferheging mear, it kin wol even.’ Se rûn nei de doar. ‘Strak besykje wy it mei wat yoghurt,’ sei hja en glimke nei him ear't se der út gie. Hy koe de doar net sjen, mar hearde hoe't er yn 't slot foel. It wie in brede doar, dan koe men der maklik in bêd ynskowe, dat wie wis. Yn dat jeugdsintrum siet ek sa'n brede doar en hy frege him no ôf wêrom, it hie hânsum west om der mei de brankaar trochhinne, dat wol. Dy jonge mei syn meager gesicht kaam der wer oan om him de stikkene flesse yn 't gesicht te smiten, samar ynienen, ear't er der feitlik besef fan hie; ‘smerige stinkende rotwout en fan mij magge jim allemaal sterve,’ sei de jonge mei it meagere gesicht, wylst Wytse mei de hânnen yn 't bloed op syn wang fielde. No siet der ferbân mei in plestik kapke oer syn each, de glêssplinters hiene der gelokkich goed út te heljen west; de eacharts hie sein, dat it wol wer goed kaam. It plestik kapke wie hurd, in bytsje bol - hy frege him ôf oft it deselde rôze kleur hie as it kapke dat lyt- | |
| |
se Sjoerd van der Werf earder, op de legere skoalle, foar syn each hie.
Dy jonge mei it meagere gesicht kaam wer en smiet mei it fleske, iderkear wer; Wytse besocht oan de suster te tinken en stelde him foar hoe't se troch dy moaie tún rûn yn har skjinne wite skelk, mar de jonge mei it meagere gesicht siet ek yn dy tún, se mocht wol oppasse; hy huvere by it byld fan bloedspatten op dy moaie wite skelk. Mar de jonge mei it meagere gesicht seach net nei de suster, hy wrotte mei in stik izer, in kopoat of sokssawat, oan in byls om, tôge de byls op in karre; dy karre siet fêst achter in auto, dy auto moast hy feitlik kontrolearje, grif hied er glêde bannen, minne remmen - de auto ried him foarby, swaaide heal, ried achterút, en kaam doe ynienen hurd op him ta, rjocht op him ôf mei fûle, folslein ferkeard ynstelde koplampen; it ljocht fike troch syn holle, oer it kjessen. God, tocht er, hie 'k noch mar wat te drinken, koe 'k de holle mar bewege, dan helle ik mysels wat wetter - yoghurt, hie de suster sein en hy seach de rustfrijstielen rinnende bân dêr't mingelsflessen mei wide halzen, klong-tink-rattel op foarby skoden, ûnder in draaiding troch dat yoghurt yn dy flessen spuite. Hy hearde it meganyske stinnen dat der by hearde, der wiene ek lytse bakjes mei griene televyzjeskerms, dêr't baltsjes oer hin en wer stoden, foar eltse yoghurtflesse ien piip en ien baltsje.
De frijwilliger rûn foarop, dan kaam Harm en achter Harm rûnen de beide ambulânsemannen mei de brankaar en Wytse sels wie de lêste. Se wiene frij flot troch dy bar hinne; doe't se by it haltsje wiene krongen de jonges út de bar achter har, hiene doe pas yn 'e gaten dat der wat bysûnders geande wie; hiene doe ek pas yn 'e gaten dat de plysje dêr net wie om har dwaan yn de bar. Wytse bleau by de doar fan it haltsje stean, soarge derfoar dat se net út de bar komme koene; der stie in lange meagere jonge foaroan mei dyselde dy't se ek sjoen hiene doe't hja oankamen en dy flokte wer: ‘Godferdomme wat gebeurt hier allemaal, waarom
| |
| |
magge wij dat niet wete?’ En de oare sei: ‘Soademiter op rotwout, anders ramme wij dij hier fut,’ mar se diene beide neat; hy liet it spul der troch, mar net earder as doe't se dy man yn de ambulânse hiene.
Dy heule bar rûn leech, hy telde se, fyftjin jonges, seis famkes, inkelden hiene de fleskes bier yn 'e hân; se stiene op 'e stoepe en seagen stil de ambulânse nei, oant er om 'e hoeke út it sicht rekke.
De frijwilliger kaam op Wytse ta en sei:‘Wy moatte no slute, ik wol har nei hûs ta stjoere.’ Dat koe net, net sa teminsten. De resjersje moast earst mei harren prate, se moasten de nammen ha, oanwizings; de kâns wie grut dat de dieder hjir tusken siet, konkludearre Wytse. Se stiene yn it haltsje, dy frijwilliger en hy, en it jongfolk skarrele der wer yn, in pear bleauwen stean as woene se de frijwilliger wat freegje, rûnen dan dochs mar wer troch om't hy der by stie, Wytse, de wout. - Wout, wat in titel, wêr soe soks wei komme? In stik of wat woene útnaaie, hy hâlde har tsjin, twa pearkes, jonges fan om en by achttjin mei famkes fan heechút fyftjin; swier opmakke, strakke broeken dy't spanden om de lytse kontsjes. ‘Wachtsje even jonges,’ sei er, ‘gean noch even yn de bar werom, wy moatte jimme wat freegje, jimme allegear.’
De frijwilliger sei: ‘Wy wiene jûn mar mei ús beiden, Arjen, de beropskrêft, en ik en ik bin der noch mar krekt by, ik kin se net oan, ik woe mar slute, it wie jûn al sa'n rotsoai.’ De frijwilliger hjitte Pibe, wat net yn syn foardiel wurke by it folbringen fan syn taak hjirre. Fierder wied er de soan fan in dokter en studint oan de agogyske akademy. Hy woe graach dwaan wat er koe foar dizze minderheidsgroep; mar nei in pear wike wied er allinnich noch mar betiisd en benaud en al koed er it hâlden en dragen fan dizze jongerein wol ferklearje, teöretysk, hy snapte der feitlik neat fan. Hy koe der perfoarst net sa op réagearje dat er him steande hâlde tusken de besikers fan dit sintrum. Oan helpen, yn hokker foarm dan ek, wied er dus noch lang net ta en Arjen, dy't op dat stuit mei blau ljocht en sirenes nei it sikehûs brocht
| |
| |
waard, hie al sa'n bytsje sketten dat Pibe der ek wol noait oan ta komme soe. Mar der wiene net safolle dy't foar nul sinten dit swiere wurk dwaan woene, dat Arjen wie wiis mei alle help dy't er krije koe. It wurd rotsoai wie dy jûns trouwens wol op syn plak. Arjen wie der in skoftke by wei en in pear jonges yn de bar hiene der aardichheid oan hân de iensume nije frijwilliger even út te testen. Der wie ien dy't in pilske betelle mei in ryksdaalder en allegear dûbeltsjes werom frege; de frijwilliger hie oan dat fersyk foldien en him alve dûbeltsjes werom jaan wold; mar dy jonge sloech, sabeare by fersin, him de dûbeltsjes út 'e hânnen. Se leine rûnom op de flier, en de jonge easke dat Pibe him syn jild jaan soe en de dûbeltsjes allegearre opsocht; syn maten wiene der by kaam en Pibe hie as in eangstige kikkert op de flier omhipt om yn it healtsjuster fan de bar de dûbeltsjes op te sykjen en sa hie Pibe al syn kânsen op wat moreel gesach by dizze jongerein ferspile.
Se hiene doe fuort de diskoteek folle hurder set as ôfpraat wie, bier besteld en rûntsjes útdield sûnder, lykas oars regel wie - in regel dy't Arjen, nei twa moanne praten en ûnderhânneljen, dertroch krigen hie by de besikers, in regel dy't no as ôfspraak jilde - sûnder kontant te beteljen. Se raasden: ‘Pibe, bier!’ en hja hiene bytiden trije fleskes tagelyk foar har stean.
Fansels die net elk mei oan it spektakel en it oantal besikers dat der echt wille oan belibbe sakke neigeraden de fertoaning langer duorre. Ferskate wiene ek al, sa ûnopfallend mooglik, útnaaid.
De oare auto wie der noch net, dêr baalde Wytse goed fan, dat wie net neffens ôfspraak: hy sei it tsjin Harm, dy't sei dat se elk momimt komme koene. Wytse seach nei de jongerein yn de bar; in grouwe jonge stie by de diskoteek en draaide in plaat. Yn âldens fariëarden hja fan fyftjin oant goed tweintich, dy grouwe fint achter de diskoteek wie trouwens âlder. De measten hiene learen jekjes oan, spikerbroeken, gimpys; inkelden wiene hast keal, hiene amper hier op 'e holle, oaren hiene it hier yn in soarte fetkuif achteroer. De broeken wiene strak, wylst de moade dochs krekt wide broeken wie op dat stuit.
| |
| |
‘Ik hjit Pibe,’ sei de frijwilliger.
Dizze man hat him noch noait sa beroerd field, tocht Wytse. Hy fielde dat syn rêch wiet wie fan it swit en dat syn boesgroen, syn rêch en syn unifoarmjaske oan elkoar plakt sieten. It hong meimekoar as in plaat beton oan syn achterkant.
‘Ik hjit Wytse,’ sei er. ‘En dû hast hjir wol wat.’
‘En dan draaie we nou un nummerke spesjaal foar de wouten,’ raasde de grouwe fint achter de diskoteek ynienen troch de mikrofoan. Hy sette in plaat op mei in kompjoeter-ritme en wat Ingelske kielklanken. In soad gefoel foar symbolyk hat er net, tocht Wytse. Hy moast bot raze om oer de muzyk hinne te kommen.
‘Dit is Harm,’ sei er tsjin Pibe.
Se fûstken.
‘Ik woe sa stomme graach fuort,’ sei Pibe.
Wytse ferstie it amper, mar begriep it skoan. Dy muzyk moat út, tocht Wytse.
In pear oeren letter kaam de jonge mei it meagere gesicht wer, skold him út en stompte him hieltyd tsjin 't boarst. Hy wie sa warch dat er him gewurde liet, hy wie te waarm en te warch. Mar it hold oan en stadich draaide syn tinken nei de wurklikheid. Wytse die syn iene each iepen en seach de suster, deselde dy't him de yoghurt beloofd hie.
‘Ik ha wat sûpe,’ sei hja. ‘Yoghurt sil noch wat te dreech wêze, te tsjok om te slokken.’ Hy dronk troch it reidsje, wylst hja him de hân achter de holle hâlde. It wie koel en soer. Hy tocht dat syn beppe him ea ferteld hie hoe't hja fan har beppe farske sûpe krigen hie, sa út de tsjerne; ‘de bûterkerlen dreauwen der noch yn’; seis generaasjes lyn, minske ûnthâld, hûndert, hûndertfyftich jier.
Hy lei achteroer en fielde de koarts dy't him troch de lea gie. De suster die it rút ticht. ‘Ik sil jo temperatuer even opnimme,’ sei
| |
| |
se. Hy lei op 'e rêch. It koste him muoite om him op 'e side te draaien. ‘It duorret mar even,’ sei se.
Foarhinne hie der dus buorkerij yn 'e famylje west. As dat noch sa wie, dan koe ik no werom gean nei it plattelân, it plysjebaantsje deroan jaan en wat op in trekker omride. In soad oeren meitsje, mar gjin risiko's rinne. In feilich bestean.
‘No,’ sei de suster, ‘hast fjirtich koarts.’
‘Ja,’ sei Wytse. It luts om syn mûle as er prate.
‘It is normaal, hear,’ sei de suster. ‘Mar wol heech. De dokter hat sein dat ik jo by hege koarts wol wat jaan koe.’
Hja rûn derút en kaam krekt letter werom mei in glês mei in bytsje wetter en wat wyt poeier der troch. Hy slobbere it, wer mei it reidsje, leech.
‘Dit is gewoan in soarte aspirine,’ sei de suster. ‘Wolle jo op dizze side lizzen bliuwe?’
It koe him neat skille. Hy woe feitlik allinnich mar sliepe. De suster rûn nei de doar en kaam werom.
‘Sjoch,’ sei se. Se sette in heul grut bosk blommen foar de wite muorre. Allegearre ferskillende soarten en kleuren troch elkoar hinne. Se sieten yn in grutte nije wite faas. ‘Fan jo kollega's,’ sei se.
Se pakte it kaartsje en lies it foar: ‘Het hele korps wenst je van harte beterschap.’ Se lei it kaartsje wer op de blommen.
Hy die syn each ticht en hearde hoe't de suster fuort gie.
‘Oant moarn,’ sei hja.
Har tsjinst wie seker om. Syn tinken ferdraaide wer. Hy seach de marmeren plaat yn de hal fan it buro dêr't de nammen op stiene fan de plysjes dy't yn '40-'45 troch de oarloch stoarn wiene. Fergetten helden fan fjirtich jier tebek; de stien op 't grêf fan heit hie deselde djip-swarte kleur as dy plaat yn 'e hal. Hy seach de spegeling fan it grutte bosk blommen yn de grêfstien en besocht oan de suster te tinken. Mar de suster kaam werom, bûgde har oer de blommen, die se in bytsje út elkoar; sa koe hja mei de holle by de swarte marmeren stien komme. Hja azeme, waarm op kâld, der kaam in grut plak wetterdamp op it swart. De suster die in stap
| |
| |
tebek. Hy koe de stien út bêd wei krekt rikke mei ien hân: hy seach himsels ‘Korps’ skriuwen, mei moaie grutte letters. De suster seach it wurd yn it besleine plak, lake nei him en skikte de blommen der wer foar. Dat wie heul aardich fan har.
‘Doch de muzyk even út,’ sei Wytse tsjin dy grouwe fint achter de diskoteek.
Hy die it fuortdaliks.
‘Kom even mei,’ sei Wytse.
De measten sieten mei elkoar yn de fierste hoeke, safier mooglik fan de beide plysjes en Pibe ôf.
Wytse rûn derhinne. De grouwe jonge kaam achter him oan.
‘Jongelju,’ sei Wytse.
Ien fan de famkes begûn te gnizen.
‘Sa't jimme sjoen ha is de man dy't hjir wurket fuortbrocht op in brankaar. Hy wie slim ferwûne en it is mar de fraach oft er it heije sil. Der komme hjir aansens kollega's fan my en wierskynlik sille jimme ien foar ien ferheard wurde. Earder kinne jimme net fuort. Der wurdt gjin bier mear skonken fansels en der wurde ek gjin platen mear draaid.’
‘Mar ik mut om half elf thús weze,’ sei it famke dat even earder gniisde.
‘It spyt my,’ sei Wytse. ‘It is net oars.’
It famke begûn te gûlen.
‘Ferdomme,’ sei ien fan de jonges. It wie deselde meagere jonge dy't se earder ek by de doar sjoen hiene. ‘Wij mutte hier seker blieve omdat jim' dinke dat een fan ons ut deen het.’
‘Dat wit ik net,’ sei Wytse. ‘Mar it kin wol sa wêze.’
De jonge wie net iens sa heule lang, tocht Wytse, heechút 1.85. Mar hy like langer troch syn meagerens en om't er in lang smel gesicht hie. Hy flokte wer, en Wytse seach syn giele tosken.
‘Arjen was un goeie kerel,’ sei de grouwe jonge fan de diskoteek.
‘Hij het altied un soad foar de jonges deen.’
‘Miskien docht er it aanst wol wer,’ sei Wytse.
| |
| |
‘Dus hy is niet doad?’ frege de jonge mei it smelle gesicht.
‘Dat wit ik net,’ sei Wytse. ‘Miskien is hjir wol ien by dy't dat better wit as ik.’
It duorre no al hast in kertier en dy oare auto hie der al trije kear wêze kind.
Harm stie noch mei Pibe by de taap; hy waard ûngeduerich en rôp om Wytse. ‘It duorret my fierstente lang,’ sei er.
‘Ja,’ sei Wytse, ‘ik snap der neat fan.’
‘Ik woe mar even belje,’ sei Harm.
Pibe sei: ‘Dan moatte jo nei it kantoar.’ Hy trille in bytsje en begûn de taap op te rêden.
‘No,’ sei Wytse, ‘gean dû dan mar even nei it kantoar, Harm. It sil hjir no wol wat tafalle.’
Harm rûn nei de doar. Wytse gie by de oare doar, dy nei it haltsje ta, stean; hy seach nei Pibe dy't de kas opmakke.
Hy telde de jonge minsken nochris. Ienentweintich wiene der; se sieten stil by elkoar. Ut en troch flústere ien fan harren wat.
Harm seach nei it donkerreade plak op it kokos en huvere. Hy krige syn bûsdoek, pakte de telefoan heul foarsichtich op om gjin fingerprinten út te wiskjen. Hy draaide mei syn pink. Yn it kantoar hongen in pear grutte affysjes. Op ien derfan sieten in jonge en in famke foar de baly fan in arbeidsburo of sokssawat op in bankje. ‘Jong en lui’ stie der op. Harm begriep net wat se no mei sa'n affysje bedoelden, mar hy fergeat it wer doe't er ferbining krige. ‘Ja,’ sei er. ‘Mei Harm Dantuma. Wy binne hjir yn it jeugdsintrum. Wy freegje ús ôf wêr't ús fersterking bliuwt. En boppedat moat hjir sa gau mooglik resjersje komme, want der sitte tweintich jonge minsken op in ferhoar te wachtsjen.’ Dat hied er goed sein, fûn er sels.
‘Ha jimme dan gjin twadde wein meikrige?’
‘It wie de hjitting al, mar hy is hjir net oankaam.’ Syn lûd trille al nuver, hearde er no.
‘Ik sil der sa gau mooglik wat oan dwaan,’ sei de telefoanist.
‘Graach,’ sei Harm. Harm wie noch mar fiifentweintich en hy
| |
| |
wie benaud. Gelokkich wied er der wis fan dat gjinien dat oan him sjen koe, en dat triljende lûd wie mar krekt even.
De grouwe jonge, dy't achter de diskoteek stien hie, kaam ynienen oerein en rûn op Wytse ta.
‘Ik hew der krek even over sitten te dinken,’ sei er, ‘mar jou fermoede dus dat een fan ôns hier Arjen wat deen het?’
‘It soe kinne,’ sei Wytse.
‘Dat ken niet,’ sei de jonge. ‘Arjen is in geweldige fent en hij doet un soad foar ôns. Hij het al un soad jonges holpen met un hele hoop dingen. Dat wete se allemaal wel hier, dy jonges. Der is geeneen dy't hem wat doen sal.’
‘Ik hoopje datst gelyk hast,’ sei Wytse. ‘Dan hoecht der hjir ek gjin ien benaud te wêzen. Mar wy meie gjin risiko nimme fansels.’
De meagere jonge kaam ek oerein en rûn nei de taap. Der wiene noch fleskes bier dy't wol iepen wiene mar dêr't noch neat út miste, want se hiene in healoere lyn safolle tagelyk besteld, dat der wol foar trije oeren foarrie stie. De meagere jonge krige ien fan dy fleskes fan 'e taap.
‘Net dwaan,’ sei Wytse.
‘Sal ik wete,’ sei de jonge. ‘Wy hadden dissen sukrekt al besteld. It binne ônzes.’ Hy sette it fleske oan 'e hals en begûn te drinken.
‘Dat bist net wend hè, smerige wout? Mar ik doen wat ik self wil,’ sei er.
Wytse twivele.
It moat my net ûntkomme, tocht er.
Doe sei er: ‘Pibe, set de rest fan dy fleskes ûnder de taap of sa. Rûmje se op. Wy drinke hjir net mear.’
‘Drinke wij niet meer?’ raasde de jonge mei it meagere gesicht.
‘En dat sústo útmake, wie't er hier niet meer drinkt?’ Hy raamde fiif, seis fleskes fan 'e taap en rûn der mei nei de hoeke dêr't de rest fan it folkje siet en parte se om. In pear oare jonges begûnen te gnizen. Se hâlden de fleskes wat ûnhândich fêst, krekt as hiene se noch noait earder bier hân. It famke dat sa krekt al laitsje moast, lake no wer.
| |
| |
De grouwe jonge rûn nei de diskoteek en sette in plaat op. ‘Oh, wat ben ik dom geweest,’ raasde Drukwerk troch de lûdsprekkers. It wie gelokkich net like hurd as earder.
Wat moat ik no dwaan, tocht Wytse. Yn 'e frede, wat moat ik dwaan?
‘Proost, wout,’ raasde de jonge mei it meagere gesicht. Hy hâlde it fleske omheech. Pibe seach him helpleas oan; Wytse winkte dat de fleskes fan 'e taap moasten. Pibe pakte in pear tagelyk beet en hy wie sa senuweftich dat se rattelen yn syn hânnen.
Oan de oare kant kaam Harm der wer yn, gelokkich. De jonge mei it smelle gesicht hie dat lykwols net yn 'e gaten. Hy stie flak foar Wytse en raasde him ta: ‘Ik laat my deur un wout niet kommendere. En at wij hier fut wille, dan gane wij gewoan. Hou'st ôns niet tegen!’ Hy lake as in wyld.
Hjoed krige er dan yoghurt, fan deselde suster; hy hie hjir yn dy pear dagen al in soad ferskillende susters en broeders sjoen, mar dizze iene kaam wat mear as de oaren. Hy wist ek net rjocht hoe't se dat no hiene yn sa'n sikehûs - broeders, susters, keukenpersoniel, skjinmaksters, bêdferskjinners, prikjejouwers - dat wiene fansels allegearre kreas ûnderskieden funksjes, regele by CAO, elk mei syn eigen foarrjochten, geboaden en salarisskalen. Oan de klean koest it net sjen; it wie allegearre wyt, dat wol, mar der wiene broekpakken, koarte en lange skelken en wite jassen en dat hie winlik neat te krijen mei de status dyst hjir hiest.
De suster hie hjoed ek sa'n broekpak oan. Se lake nei him, doe't se de yoghurt op it nachtkastke delsette. ‘Ik doch earst even it rút wer iepen,’ sei se. ‘It is sok moai waar.’
Hy hie gjin koarts, teminsten, it koe net folle wêze, want hy fernaam it sels net. Hy seach nei har by it rút; de broek dy't hja oan hie siet rûm, spande net om har billen lykas it rokje fan lêsten. Se die it rút heulendal iepen. Hy rûkte blommen; hja ek.
| |
| |
‘Hearlik,’ sei se en glimke.
Se kaam wer by syn bêd; hy besocht sels omheech te kommen, hja holp, skikte de kjessens te plak yn syn rêch; hy fielde him echt goed, fernaam er no. De linkerhân lei foar him op 't wite sprei, tsjok yn it ferbân; it kloppe allinnich mar in bytsje dêr earne yn dy klute wyt gaas. De linkerkant fan syn gesicht sangere hieltyd noch wat troch. Hy wie feitlik wol benijd hoe't er der op 't stuit út seach; hy hie oan no ta allinne mar foarsichtich mei de fingerseinen wat field, oan de pleisters, oan it kapke.
‘Sille wy it wer mei in reidsje dwaan?’ sei de suster.
Hy woe it sa besykje, mar moast nei twa kear besykjen belies jaan: it die him te sear as er de mûle fier iepen dwaan moast.
‘Hindert niks,’ sei hja.
‘Wol sa graach,’ sei er, wylst er besocht de lippen stil te hâlden...
‘It komt fansels wer,’ sei hja. Se joech him it glês yoghurt, no mei it reidsje, sa dat er it mei syn goede rjochterhân oanpakke koe.
‘Der sit wat ekstra sûker troch en wat sûpe, om it tinner te meitsjen,’ sei hja. Se hie in bril op. Hy seach der troch nei har eagen. Brún. Moaie eagen, goed sichtber achter it glês fan de bril.
Hy fûn de yoghurt lekker. Hja bleau even by syn bêd stean.
‘In grut bosk blommen,’ sei se.
‘Ja,’ sei er.
‘Fan it korps,’ sei hja. ‘Dat binne jo kollega's dus.’
‘Ja,’ sei er wer. Hy joech har foarsichtich it yoghurtglês wer oer.
‘Ik fyn dat wat ûnpersoanlik,’ sei hja. ‘Wêrom hawwe se har nammen der net op set?’
Oardelhûndert nammen, dat wie hast in hântekeningenaksje, tocht er.
‘It is in ûnpersoanlik berop,’ sei er. Hy moast it nochris sizze, want om't it him sear die wie it hast ûnfersteanber.
‘Ja,’ sei se doe. ‘In plysje is in plysje, se binne allegearre gelyk.’
‘Ja,’ sei er. Sokssawat; it wie net sa wichtich. Hy hong achteroer yn de kjessens.
| |
| |
‘Einliks moast ik jo temperatuer noch al even opnimme,’ sei se.
‘Ik lis sa lekker,’ sei er.
‘Ik kom aanst noch wol even,’ sei hja.
Se rûn de keamer út. Hy hearde de kruk wer op en del gean; ferpleechster is net ûnpersoanlik, net lykas plysje teminsten, tocht er.
Doe't se nei in heal oere wer kaam om syn temperatuer op te nimmen, lei er wat te slûgjen. Hy hie net slept, net dreamd en syn tinzen wiene him net ûntkaam. Hy hie gewoan lein te slûgjen en hie hast nearne oan tocht.
‘Suster,’ sei er, doe't er op syn rjochter side lei mei de termometer tusken de billen.
‘Ja,’ sei se.
‘Ik wol myn gesicht sjen,’ sei er. It praten gie sa't er no lei noch slimmer.
‘Ik helje aansens wol even in spegeltsje,’ sei de suster.
Hja stie achter him en seach nei de termometer.
Hy sei: ‘Dat is op 't heden myn moaiste kant.’
Hja ferstie it net en hy sei it nochris. It die him bot sear om it sa dúdlik mooglik te sizzen. Eigen skuld dy pine, tocht er. It is ek in stom grapke.
Mar de suster glimke, wat hy net sjen koe.
Hy hat der hier op, tocht se. Hy hat oeral hier, sels op syn kont.
‘Jo ha in moaie achterkant, hear,’ sei se, wylst se de termometer derút luts. ‘Hast achtentritich, dat is in stik better.’ Se die de tekkens wer oer him hinne en sei: ‘Ik helje no even de spegel.’
Se kaam werom mei in lyts hânspegeltsje, mei in stâle. Hy hâlde it spegeltsje sels beet en seach de pleisters, it gaas op syn wang en it kapke foar syn each. It wie sa rôze net as it kapke dat lytse Sjoerd v.d. Werf earder hie. Wat gieleftich. Hy joech har it spegeltsje werom.
‘De kâns is grut dat it wol wer goed komt mei dat each,’ sei de suster.
‘Ja,’ sei er. ‘Arjen fan it jeugdsintrum. Hoe is 't mei him?’
Se tocht even nei. Se wiene flak achter elkoar brocht, flak nei el- | |
| |
koar opereard troch deselde sjirurch, dizze Wytse en dy Arjen. Arjen lei in pear keamers fierder op deselde ôfdieling. Se hie der krekt west en se wist net presys wat de dokter no fûn, mar nei de operaasje hie de sjirurch sein: ‘Ik tink net dat er it oprêdt.’ En dat tocht se sels ek net.
‘Bliuwt er yn libben,’ sei Wytse.
‘Ik tink fan net,’ sei hja.
Se wiene even stil.
‘Ja,’ sei se. ‘Ik moat wer nei oaren. Om teetiid hinne kom ik mei wat fruchtesop.’
Doe't se fuort wie draaide hy him stadich wer op 'e rêch.
Hy seach nei de tún; dêr dûnsen miggen, hy seach mei syn iene each de lytse wjukjes yn it sinneljocht, achter in grutte strûk mei blommen. Hy koe mei dat iene each net goed skatte hoefier't dy michjes fan de strûk ôf wiene. Stjerre, tocht er.
De statistiken seine dat plysjes net folle risiko rinne neffens minsken yn oare beroppen. Jongereinwurkers kamen op dy statistiken fêst net iens foar, tocht er.
De grouwe jonge kaam achter de diskoteek wei, wylst de muzyk gewoan troch gie. Hy rûn nei de bar en pakte de hân fan Pibe beet, doe't dy in pear fleskes oppakke soe.
‘Afblieve,’ sei de grouwe jonge. ‘Hest ut wel hoard niet? Ut binne ônze fleskes en wat we supe make we self wel út.’
‘Hee,’ sei Wytse tsjin de grouwe jonge, ‘kom dû hjir ris.’
‘Sterf,’ sei de grouwe jonge en geat in fleske bier leech yn syn hals. Suver yn ien swolch.
Ik kin hjir net wei, want dan binne der fêst in pear dy't útnaaie troch de doar, tocht Wytse. Harm stie by de oare doar. Dat koe wat mear lije.
‘Harm,’ rôp er.
Harm rûn op him ta. Hy moast by de bar lâns, dêr't de grouwe jonge stie.
| |
| |
‘Harm. Harm met het harpje. Harrempie...!’ sei dy doe't Harm by him lâns rûn.
Harm sei neat.
‘Se soene sa gau mooglik komme,’ sei Harm.
‘Ja,’ sei Wytse, ‘gelokkich. Bliuw dû hjir even by de doar, dan sil ik nei dy grouwe fint. Pibe bestjert it dêr ek achter dy taap.’
Hy rûn nei de bar. ‘Gean mar gewoan troch mei oprûmjen, hear,’ sei er tsjin Pibe.
‘Ja, ja,’ sei Pibe en taaste foarsichtich nei de fleskes.
‘Afblieve,’ sei de grouwe jonge en lei syn hân, in grutte hân mei grouwe rûne fingers, op Pibe sines.
‘Net dwaan,’ sei Wytse.
‘Ut binne ônze fleskes,’ sei de grouwe jonge.
‘Hawwe se alles al betelle, Pibe?’ frege Wytse.
‘Nee, nee,’ sei Pibe.
‘Dan binne it jimme fleskes ek net,’ sei Wytse en sloech de grouwe hân fan de taap ôf.
‘Dou must mij niet slaan,’ sei de jonge.
‘Set dy platen út en gean der by sitten, dêr yn de hoeke,’ sei Wytse.
De grouwe fint rûn stadich nei de diskoteek. Pibe hie noch noait sa rap west mei de fleskes. Wytse rûn wer nei de doar en hy soe krekt tsjin Harm sizze dat it him net ôffoel doe't de grouwe fint de muzyk knallûd oansette.
Wytse draaide him om en wie mei in pear stappen by de diskoteek. It frekte ding wie sa heech datst allinne fan de achterkant by de platen en knoppen komme koest. It gie troch him hinne dat se dat sa makke hiene om foar te kommen dat de besikers oan't spul sieten. Hy die it klapdoarke iepen en gie neist de grouwe jonge stean. ‘Ut,’ sei er. ‘No.’
‘Nee,’ sei de jonge.
Wytse seach nei de knoppebrut. It wiene skoknoppen. ‘Master volume’ stie by ien fan dy knoppen. Wytse skode dyselde op nul en it wie stil.
‘En no hjir wei,’ sei er.
| |
| |
De romte achter de diskoteek wie mar smel en hy moast der sels earst út.
De grouwe jonge die op syn gemak de platen yn de sluven, frimele mei de knoppen en die it platebakje op't slot.
Doe rûn er, wer heul stadich, nei de hoeke dêr't de rest siet.
Wytse rûn nei de doar, nei Harm.
De jonge fan de diskoteek gie neist dy mei it smelle gesicht sitten.
‘Us kollega's kinne hjir no sa wêze,’ sei Wytse. ‘Noch even geduld dus.’
De jonge mei it smelle gesicht sei wat tsjin de grouwe. Doe kamen se beide oerein. Se rûnen nei de doar.
‘Wy gane fut,’ sei de diskoteekjonge. ‘At der mear binne die't met wille mutte se mar achter ôns ankomme.’
In pear fan de oaren seagen nei elkoar, wisten it noch net rjocht.
‘Jimme bliuwe hjir allegearre nog even,’ sei Wytse. Hy stie pal foar de doar.
‘Dou houst mij niet teugen,’ sei de jonge mei it smelle gesicht. Hy hie it bierfleske noch yn'e hannen.
Harm ferlear doe even syn selsbehearsking. Hy pakte syn wapen. No kinst fan de Nederlânske plysjepistoalen in soad sizze, mar net datst se pakke kinst en fuort sjitte. Der binne boppedat allegearre regels foar plysjes, dêr't se har mar oan te hâlden hawwe ear't se sjitte meie.
Se moatte bygelyks earst warskôgje. Dat die Harm ek.
‘Ik warskôgje jimme,’ sei er. ‘Sitten gean of der wurdt sketten.’ De beide jonges lieten har doe boppe op Harm falle. De grouwe besocht sels Harm syn pistoal te pakken. In pear oare jonges kamen oerein. It famke begûn wer te gûlen.
‘Ien-en-tritich,’ sei de dokter, doe't se beide wer foar de doar fan de ienpersoanskeamer stiene dêr't Arjen lei.
Arjen libbe net mear.
‘De sjirurch hat knap wurk levere,’ sei de dokter.
Hja wist it.
| |
| |
It mês hie gjin slachier rekke, de dieder hie midden yn 'e hals stutsen en trochdrukt oan de nekkewervels ta. Doe hied er werom lutsen. Hast ynien beweging. De dieder moast hiel sterk wêze. Yn de hals wie, op dy slachier nei, alles stikken. De punt fan it mês hie de wervelkolom rekke, wie tusken twa wervels troch gien en hie de harsenstam beskadige.
As de man net stoarn wie, dan hied er altyd in ferlamme ûnderlichem hâlden, hast net prate kind en hy hie ek noait wer gewoan ite kind. Dochs hie de sjirurch knap wurk levere. It maksimale.
‘Ja,’ sei de dokter. ‘Technys sjoen hied er it oprêde kind. Mar der is mear.’ De dokter wie sels ek noch mar goed tritich.
Dizze Arjen hat belies jûn, toch hja.
Se rûnen tegearre nei it ôfdielingskantoarke foar it formulier.
De dokter seach nei de bertedatum op it formulier en flokte súntsjes doe't er syn hantekening sette.
Heul even fielde hja har in stik âlder as dy dokter. Wylst hja feitlik trije jier jonger wie.
Baukje hie in dei en in nacht frij hân en hie fan hjoed ôf fjouwer kear nachttsjinst. Der wiene dy nachts mear stjergefallen yn itselde sikehûs, dat se soe dy man sels ôflizze moatte. Gelokkich wie Janna der om it tegearre te dwaan; ien kear hie hja it mei in learling dien en ûnderwilens fan alles útlizze moatten, dat wie in fersteuring fan earbied, dêr koe se net sa goed oer. Ien kear wie se der hast by wei rûn, doe wie der in tydlike help, in âldere frou fan in útstjoerburo, dy hie praat, dingen ferteld oer har húshâlding en wit wat foar ûnsin as wiene hja arbeidsters oan de rinnende bân dy't automatysk har dingen diene en ûnderwilens wat gesellich praten.
Dat wie lykwols in útsûndering. De measten fan har kollega's swijden - sa wie it har ek leard en sa moast it ek: it swijen is de iennichste oprjochte earbied njonken de dea.
Janna kaam it kantoarke yn en sei: ‘It foel ta mei dy âlde frou op seal 23. De dokter hat in faliumspuit foar har del lein, mar ik tink net dat it hoecht.’
| |
| |
‘Dy Arjen is stoarn,’ sei hja.
‘Goh,’ sei Janna. ‘Dy't mei in mês stutsen wie?’
‘Ja,’ sei se. ‘Wy moatte him aansens sels ôflizze.’
‘Wit de famylje it al?’
‘De dokter soe se it fertelle,’ sei Baukje.
De man wie net by in tsjerke; op syn kaart stie by ‘godstsjinst’ : gjin. Dus hoegden de hannen net gear.
Janna seach ek nei de kaart. ‘Krekt ien-en-tritich,’ sei se.
De telefoan gie. Baukje krige him op. It wie de dokter. ‘De famylje is op 'e hichte,’ sei er. ‘Jo kinne it wat har oanbelanget nei eigen ynsjoch dwaan.’
‘Ja,’ sei se. ‘Tank foar jo telefoantsje.’
Doe't se nei it keammerke rûnen sei Janna: ‘Witst wat it goede Fryske wurd foar ôflizzen is? Beklaaie.’ Baukje wist it net. Se betocht dat it feitlik in better wurd wie. De man fan de begraffenisûndernimming hie it iepenlik oer ‘schminken’ en ‘opmeitsjen’. Dat wie in grizel, dy fint. It wie syn wurk om de deaden yn de kiste te lizzen; neffens foarskrift moast soks mei twa minsken barre. Mar hy kaam meast allinne. Se besocht harsels der fan te wjerhâlden om te tinken hoe't soks dan yn syn wurk gie. Yn alle gefallen sûnder earbied.
Hy hie ek wolris frege hoe swier as de minsken wiene, troch de telefoan, ear't er kaam; hy hie in kear of wat syn soantsje meinommen om him te helpen, in bern fan heechút 12 jier, dat moast him dan helpe mei in swier dea lichem.
Janna en Baukje wurken krekt en goed tegearre. De man wie net smoarch en it waskjen wie samar dien.
Der lei in twadde, nijachtige, skjinne pyama yn it nachtkastke en dy lutsen se him oan. Se kjimden syn hier en doe diene hja him de doek om 'e holle, sadat de lippen op elkoar slute soene as de ‘lijkstijfheid’ kaam. Lijkstijfheid. Rigor Mortis. Se seach nei it ferbân om de man syn hals; dat koe sa net bliuwe. Der moast in sjaaltsje of sokssawat om. Baukje tearde in lyts sikehûshandoekje sa, dat it by it pyamajaske yn koe, en it ferbân beduts. Janna
| |
| |
knikte in bytsje mei de holle, die de eagen krekt even ticht, om fernimme te litten dat se it begriep.
It wie fierder in rêstige wacht. As se nachts mei Janna wie, waard der ek noait in soad praat.
Baukje seach om twa oere by Wytse; it wie krekt as hie se no ynienen om him ek eangst krigen. Syn pols wie wol te rêd en hy hie wer aardich koarts, mar gefaar wie der wat him oanbelange absolút net. Hy sliepte ûnrêstich, mar djip, hy réagearre net wannear't hja him oanrekke.
Om trije oere seach hja wer by him en doe wied er wach en lei er heul stil.
‘Drinken,’ sei er.
Se joech him wat wetter.
‘Danke,’ sei er. En: ‘Ljocht.’
Se die it ljochtsje by syn bêd oan en hy knikte mei de holle en de eagen om fernimme te litten dat er dit bedoeld hie.
Lykas Janna sakrekt, tocht se.
Wytse fielde him leech en weardeleas. Hy hie in minne dream hân. Hy hie de jonge mei it smelle gesicht twongen in grêf te dollen, hie him dêrnei mei syn tsjinstpistoal dea sketten en yn dat gat smiten.
Doe wiene der kreakers kommen, en dy hiene him holpen om it grêf ticht te smiten.
Se hiene mei elkoar in soad wille hân, hy en dy kreakers, se hiene in kiste bier helle en dy hiene se meimekoar opsûpt, wylst se op de hege bult ierde sieten fan it farske grêf.
De suster bleau even neist syn bêd sitten. It wie dy aardige wer. Hy hie har al in dei of wat mist, mar dus hie hja no nachttsjinst. Hy hie graach wat prate wold mei har, mar it die him hieltyd noch sa sear, al waard it stadich better.
Hy woe feitlik ek wol witte hoe't se hiet.
‘Wytse,’ sei er en wiisde op syn boarst.
‘Baukje,’ sei hja.
| |
| |
Baukje, sa hie dy kreakster ek hjitten, dy't se in dei op it buro fêsthâlden hiene nei de ûntromming fan dat hûs yn de Henriëtte Amaliastrjitte. Se hiene dat famke de maksimale tiid fêsthâlden, net om't se gefaarlik wie of wêze koe. It wie ien fan de meast ûnskuldige froulju dy't er ea sjoen hie. Mar by dy ûntromming wiene se, syn kollega's, yn de feilige útris fan in ME-pak, as beesten tekear gien. Dy kreakers woene net út dat hûs wei. Dat hûs stie al jierren leech en de eigner woe it net ferhiere. It wie útsoarte har probleem net, der wie net iens in hússikingsbefel, mar se hiene de doar yntrape mei tweintich grouwe keardels en tolve jonge minsken mei nuvere boskjes hier, in grutte bek en wat maffe opfettings oer it autonome ik, mar fierders totaal ûngefaarlik, hiene hja tramtearre dat it sta sei. Mei gummykneppels yn't gesicht slein, yn't krús skopt, dat hiene se mei de kreakers dien; as tryst hichtepunt hiene se in famke fan heechút santjin, dy't besocht hie ien fan syn kollega's te biten, oan har hier boppe it trepsgat hâlden en ûndertusken tsjin de mûle slein mei twa man. Baukje hjitte dat famke, krekt as dizze suster.
Wytse seach nei de suster.
‘Noch wat drinke?’ frege hja.
Hy knikte.
Se hâlde him it glês mei it reidsje foar. It wie lij, mar it holp al.
Wytse wie in eintsje dy treppen ôfrûn, hie syn earms om har mul slein en hie hy de oaren útflokt en hjitten op te hâlden. Hy hie har nei bûten brocht as in moalsek, op syn nekke. Earst woe er har rinne litte.
Mar doe hied er it bloed om har mûle sjoen en hy hie, tegearre mei in kollega, mei har nei de polyklinyk fan ditselde sikehûs west.
Gelokkich foel it ta. Tosken troch de lippe, it like slimmer as it wie. Mar wol folslein ferdôve. Shock. Dat koe al min oars. Se hiene har op it buro yn in sel dien en goed yn 'e gaten hâlden en sa goed mooglik behannele. De oare jûns hiene hja har wer gean litten, doe seach se der wer reedlik toanber út. En dat wie úteinlik
| |
| |
it iennichste dat foar it korps wichtich wie: dat se net al te skeind de bûtenwrâld wer yn kaam.
‘No,’ sei de suster, ‘ik sjoch aanst wol wer even. Wolle jo it ljocht oan hâlde?’
‘Ja,’ sei er.
‘Fiele jo jo wer wat better?’
Warch, dat wied er.
‘Ja,’ sei Wytse.
Se glimke en gie nei de doar. Hja wie der al hast út, doe't er har rôp.
Hja draaide har om.
‘Hoe is't mei Arjen?’
Hy koe dy man oars al net as Arjen.
‘Hy is fannacht ferstoarn,’ sei Baukje. Hja die de doar sêft achter har ticht. Ik hie noch wat tsjin him sizze moatten, tocht se op'e gong. In dei of wat lyn liet ik him ek al sa nuver lizze. Mar se rûn oer de gong nei de iepen doar fan it kantoarke, dêr't ljocht út skynde oer de linoleum flier, en dêr't Janna wie.
De dea dus, tocht er. Sok mishanneljen fan kreakers wie ek boartsjen mei de dea.
It hie syn oarsaak. It moast syn oarsaak ha, al dat boartsjen mei oarmans dea, it geniet wat sy en oaren sochten yn de benaudens fan oare minsken.
Wytse seach de fuotbaltribune mei fjochtsjende jonges mei learene jaskes en keale koppen foar him en hoe't dat folk de gek hie mei har. Mei it KORPS. In stasjon fernield. In bus nei de barrebysjes. It korps stie der machteleas by en hie him fjirtjin dagen letter wreekt op in protsje kreakers. Dy kreakers hiene net folle fan it fuotbalfolkje; de jongerein yn dat jeugdsintrum wol, dy hiene der fêst ek by west op de tribunes. Mar nei dat jeugdsintrum wiene se dan ek altyd mei twa auto's tagelyk gien, sy fan it korps.
Dy Arjen hie him rêde moatten mei figueren as Pibe. Hy fielde oan it kapke oer syn each. God, wat wie it ferskil lyts: foar itselde hied er no sels dea west.
| |
| |
Wytse hie, wylst de beide jonges har op Harm stoarten, fjouwer refleksen tagelyk. Hy woe hurd fuortrinne. Hy woe syn pistoal pakke. Hy woe de jonges fan Harm ôfskuorre. Hy koe net by dy doar wei, want der mocht gjinien út. Hy bleau dus by de doar en pakte tagelyk syn pistoal.
In pear fan de oare jonges, dy't earst noch twivelen, seagen dat er it pistoal krige en kamen doe hurd op him ta rinnen. Krekt foar't se by him wiene slagge it him om te sjitten.
Doe't it skot foel wie it as stie in film even stil. Gjinien beweegde. It famke gûlde noch wol, heech en sêft. Krekt ‘Once upon a time in the west’, tocht Wytse en doe sei er mei in hurd en wis lûd: ‘En no geane jimme godferdomme allegearre wer sitten en gjinien komt fan syn plak want de twadde kûgel set ik net wer yn it plafond.’
De jonges dy't nei him ta soene skeuvelen achterút werom nei it plak dêr't se wei kamen. De grouwe jonge liet Harm los, en doe koe Harm himsels, mei skoppen en slaan, befrije fan de jonge mei it smelle gesicht. De grouwe gie stadich nei achteren, nei it hoekje dêr't de oaren ek sieten; hy rûn achterút, mei it gesicht nei Wytse en Harm ta.
In grut, read, rûn gesicht mei lytse eachjes. In kop mei tin ljocht hier boppe-op en in fette kaak, sûnder in spoar fan burdgroei.
‘Dêrhinne, dû ek,’ sei Harm tsjin de meagere, wylst er it pistoal op him rjochte.
Hy makke bewegings mei it pistoal om de rjochting oan te tsjutten dy't de jonge mei it smelle gesicht nimme moast. Mar dy jonge gie net. Hy kaam wol oerein, heul stadich. Harm hie him fuort treaun en fan him ôfskopt nei it koarte fjochtsjen en hy lei twa meter foar Harm en like fier fan Wytse ôf. De jonge mei it smelle gesicht stie stil en seach har beide oan. Hy hie altyd noch in bierfleske yn 'e hân. Doe flibe er, heul hurd, Harm rjocht yn it gesicht. Dêrnei, hast yn ien beweging, fleach er Wytse oan, sloech him mei it bierfleske tsjin 'e holle. Wytse bûgde en it bierfleske sprong stikken tsjin it grutte izeren knier fan de dûbele doar fan de bar. Harm skeat en de kûgel fersplintere de leste pear fleskes
| |
| |
dy't noch op de bar stiene. Hy miste Pibe mar krekt. Wytse hie de jonge mei it smelle gesicht beet mei syn frije hân, oan it boesgroen, en luts mei alle macht oan syn boarst. It pistoal hâlde er tsjin de jonge syn bil en doe wist er even net mear wat er dwaan moast. It boesgroen stonk, fernaam er.
De jonge mei it smelle gesicht raasde as in wylde eangstige kat doe't it boesgroen skuorde en er him los rame koe. Dêrnei treau er Wytse it stikkene bierfleske yn it gesicht. Wytse foel tsjin 'e doar en dy sprong iepen, de jonge mei it smelle gesicht rûn troch it gonkje nei bûten en waard wei yn 'e nacht.
‘Sitten bliuwe,’ raasde Harm en bûgde him oer Wytse: dy syn gesicht siet ûnder it bloed en hy sei: ‘Ik sjoch niks, godferdomme ik sjoch niks.’
Hy taaste mei de hân yn syn beblette gesicht. Wat moat ik dwaan, woe Harm sizze, mar hy reälisearre him dat er dat net freegje koe.
It famke gûlde wer heul lûd no en de grouwe jonge fan 'e diskoteek sei: ‘Kom jonges, we gane nou fut.’
Hy kaam oerein en se rûnen allegear achter him oan, by Harm lâns dy't njonken de bliedende Wytse op de tegelflier fan it haltsje siet en ‘Hjir bliuwe’ rôp tsjin de jonges en famkes dy't oan alle kanten by him lâns rûnen.
Hy wie al aardich opknapt en dokter hie sein dat se wol komme koene no en dus krige er dy middeis besite.
Fan kollega's. Earst twa resjersjemannen: Hinnekamp en Bylsma. En letter op 'e dei soe Harm komme. Hinnekamp wie sjef fan de resjersje, in haadynspekteur, in djoere jonge. Bylsma wie adjudant en de bêste resjersjeur fan it korps. No wie dat mar foar in part Bylsma syn fertsjinste: it lei him der ek mei oan dat de resjersje fierders net folle út 'e wei sette. It persintaazje oploste saken lei ek stikken leger as by fergelykbere oare korpsen.
| |
| |
It praten woe no gelokkich wer wat better en hy hie fan 'e moarn foar it earst wer kofje hân. Net fan suster Baukje, spitigernôch, dy hie in pear dagen frij. Hy hie in echt bakje kofje hân en it sûnder reidsje opdronken en it bytsje pine waard folslein wei troch it geniet fan de kofje. Der siet ek minder ferban om syn holle, mar it kapke siet noch hecht oer syn each en dat soe ek noch wol even sa bliuwe.
It waar wie altyd noch moai; dizze suster hie it rút net iepen set, dat wie spitich, it wie sok moai waar, de sinne skynde oer de tún, troch de lúksafleks fan syn keammerke foelen streken op 't fuottenein fan syn bêd.
Wytse beweegde syn teannen in bytsje, makke bultsjes dy't in bytsje skaad joegen, lytse plakjes swart op it wyt fan it sprei. Hy wachte op de besite en sûze wat foar him út. Hea, tocht er, wêrom wurdt it hjir net gleonhjit mei al dy sinne yn 'e keamer en it rút potticht? Der sieten rusters yn de muorre, krekt ûnder it plafond en hy hearde no pas it konstante sêfte rûzjen. Air-conditioning. Hy woe mar dat it rút gewoan iepen stie, dan hearde er dy miggen miskien wer.
Hinnekamp en Bylsma kamen deryn. Hinnekamp hie in pak oan, in ljochtbrún/beige pak, in echt simmerpak fan tinne stof en hy hie in strik foar. Bylsma hie in griis pak oan, in simmer- winter-alle-dagen-pak en Bylsma gniisde wat ûnhandich nei him wylst de haadynspekteur sei:
‘Dach, Zylstra. Wy tochten, wy moasten mar ris even by jo sjen.’ Hy joech him in hân en Bylsma skarrele wat ûnhandich achter syn baas lâns om him ek in hân te jaan.
‘Goi,’ sei Bylsma.
Se krigen in stoel en sieten elk oan in kant fan it bêd.
‘It giet wat better, hearden wy?’ sei Hinnekamp.
‘Ja,’ sei Wytse. ‘Neffens de dokter is de kâns grut dat it wer heulendal goed komt mei it each.’
‘Gelokkich mar,’ sei Hinnekamp.
Hinnekamp kochele sabeare.
| |
| |
Bylsma klaude yn syn hier. Dat die Bylsma faak. Hy hie grutte wyt-mei-reade hannen, mei lange reade hierren en in pear grutte brune deaplakken der boppe-op. It hier op syn holle wie ek read.
‘Harm Dantuma komt aanst ek noch even,’ sei Bylsma.
‘Leuk,’ sei Wytse. Hy wist it al, mar it wie sneu om dat Bylsma fernimme te litten.
Hinnekamp kochele wer. ‘Us besite is net allinnich mar út persoanlike belangstelling,’ sei er.
Dat is in heule sterke iepeningssin, tocht Wytse.
‘Nee,’ ferfette Hinnekamp, ‘wy hawwe ûnderwilens út de tsjûgeferklearrings opmeitsje kind dat de ûnbekwaamheid fan it personiel yn dat jeugdsintrum en de, lit ús sizze, wat ûntaktyske opstelling fan jo kollega Dantuma oarsaak wiene fan it út 'e hân rinnen fan de sitewaasje yn dat jeugdsintrum. Foarsafier't wy goed ynformearre binne, hawwe jo jo tige ward.’
Dat hie Hinnekamp mar moai sein, tocht Wytse. It hâlde dus yn dat Pibe de skuld krige en dat Harm him foarlopich net benaud hoegde te meitsjen dat er promoasje makke. Sa wurke dat. En hy, Wytse, kaam as held út it ferhaal. Dat wie belachlik, mar Hinnekamp wie sterk yn it optinken fan belachlike stikken. De statistykjes oer it persintaazje oploste misdieden koed er ek altyd sa moai ferfalskje tegearre mei de kommissaris. En no wie hy, Wytse, in falske held.
‘No,’ sei Wytse, ‘it is oars knap út de hân rûn en ik haw op 't lêst hast letterlik oer my hinne rinne litten.’
It die noch wol sear, it praten, mar hy woe net folstean mei heale sinnen no.
‘Hum,’ sei Hinnekamp, ‘it wie in ûngelokkige sitewaasje, sa't ik sei. Dat bygelyks dy twadde auto der earst net iens wie en doe letter ophâlden waard troch in ferfelend ûngemak, dat trof hiel ûngelokkich. Dêrtroch wiene jo fierstente lang allinne yn dat sintrum. En wy witte dochs allegearre wol wat jeugd dat dêr komt. Dat jeugdsintrum is in kweekplak foar jonge kriminelen.’
Hinnekamp dielde dizze opfetting mei syn baas, kommissaris De Boer. Hy dielde de measte opfettings mei syn baas; Hinnekamp hie heul konkrete opfettings oer solidariteit yn it korps.
| |
| |
De boargemaster wie gelokkich in bytsje romtinkender en dêrom bleau it sintrum iepen. Ta argewaasje fan de measte plysjes. Ta argewaasje fan it KORPS.
‘Wy hawwe jo sollisitaasje by de resjersje yn oerweging nommen. Der wiene in tal saken dy't yn jo neidiel wurken. Jo binne bygelyks frijfeint. Wy hawwe der yn it ferline wikseljende ûnderfining mei hân; frijfeinten geane faak te folle yn sok wurk op. In húshâlding soarget foar in natuerlik tsjinwicht. Foar ôflieding.’
Wytse wie der net oan begûn, frou en bern, ûnder oaren om't it him sa 'n swiere ferantwurdlikheid like. Mar foar in plysje wie it ôflieding - stom fan him dat er der noait oan tocht hie. Hy moast in bytsje gnize en seach nei Bylsma. Bylsma glimke wat te-mûk mei syn grutte reade kop, as woed er him ferûntskuldigje. Bylsma wie ynoarder.
Hinnekamp wie altyd noch oan 't wurd, en Wytse hie in stikje mist. Duvels, tocht er, der al by bliuwe.
‘Mar dochs,’ sei Hinnekamp, ‘hawwe wy, alles oersjende, fan miening west dat jo as haadagint-resjersjeur oan 't wurk kinne by ús korps; yn earste ynstânsje foar in jier op proef. Mar earst krije jo fansels alle tiid om wer op te knappen.’
Hinnekamp seach heul foldien syn kant oer. Hy hie it mar knap sein, fûn er sels.
‘Dankewol,’ sei Wytse.
Hy moast dochs wat sizze.
‘Wy woene jo trouwens al op 'e hichte hâlde oer dy kwestje yn dat jeugdsintrum. Bylsma, jo hiene it aardich op in rychje.’
‘Ja,’ sei Bylsma. ‘Ik sil dy earst even fertelle hoe en wat. De haadynspekteur hat al sein dat der troch in ûnbegryplik fersin - wy hawwe de oarsaak net achterhelje kind - net in twadde wein klear stie by dat jeugdsintrum. Fierders trof de auto dy't kaam, nei't Harm Dantuma belle hie, op it krúspunt by it Kondinsfabryk en it spoar in grutte gaos oan. Der lei in tankauto op syn kant. Der rûn waai út, dêr wiene in pear auto's yn slipt en op elkoar botst. Elk tocht dat se foar dat ûngemak kamen en dy jon- | |
| |
ges wisten 't net rjocht mear. Doe is der earst wer hin en wer praat oer de radio en by einbeslút moast der in patroeljeauto, dy't op 't stuit tafallich bûten de stêd wie, nei jimme ta. Mei in tal heul ferfelende gefolgen.’
Bûten de stêd, tocht Wytse. Der stiene wol faker plysjeauto's wat langer yn 'e buert fan ien of oar doarp as feitlik nedich wie. Lekker rêstich, even út 'e wei. Hy hie it sels ek wol dien.
Bylsma prate helder, lykas meastal. Hy hie allinne MULO hân, en plysjeskoalle en kursussen fansels, en koe dus noait mear wurde as adjudant. As er tafallich HBS dien hie, wied er miskien ek haadynspekteur. Yn alle gefallen koed er wol trije kear om Hinnekamp hinne. Bylsma sels seach Hinnekamp as in need-saaklik kwea.
‘It earste gefolch is datstû hjir no leist. Jimme koene it dêr net hâlde en dêr koe gjin ien wat oan dwaan. It twadde gefolch is dat dy jongelju net mear yn dat sintrum wiene en dat wy dus in soad muoite dwaan moatte om de minsken op te spoaren om te ûnderfreegjen. Boppedat is dy sosjaalwurker no ferstoarn en wy hawwe net mei him prate kinnen. It is bard yn it kantoarke, en hy is lizzen bleaun dêr't er del foel. It mes is net fûn. Der wiene ek gjin fingerprinten dêr't wy wat mei koene, it wie stoffich, net goed skjinmakke, no, dan witst it wol. Boppedat kaam hast elke besiker ek wolris yn dat kantoar, der kamen fierder noch petear-groepen by elk oar en der waard fergadere. It hat dy jûns earst even drok west yn dat sintrum, en it wie heul gewoan dat no en dan ien fan de besikers, of in lyts groepke jongerein mei dy sosjaalwurker yn it kantoar gie. Se bepraten dan persoanlike problemen en sa en dy man besocht dêr wat oan te dwaan.’
Bylsma stoppe even en streake troch syn hier.
Dat is 't, tocht Wytse, as er net wit hoe't er him hâlde moat klaut er, en as er konsintrearre oan it praten is strį»³kt er troch syn hier. De doar gie iepen en der kaam in broeder yn, in jonkje noch feitlik, mei in karke fol mei kopkes tee. In kreas jonkje mei in fleurich sin.
‘De hearen ek tee?’ sei de broeder.
‘Ja hear, lekker,’ sei Hinnekamp.
| |
| |
Bylsma wachte oant de broeder fuort wie, rette yn syn tee en gie fierder.
‘Sjoch, it is heul gewoan dat se út en troch mei dy man yn dat kantoar sitte en gjinien hat der om tocht wa't der út en yn gie dy jûns, ek mei om't it sa drok wie. Boppedat moast elkenien dy't nei de WC's wol troch deselde doar as minsken dy't nei it kantoar geane. Wy hawwe in list makke fan fêste en frij geregelde besikers fan dat sintrum. Dat binne in lytse sechstich nammen oant no ta. Wy ferhoare har ien foar ien. In hûdfol wurk, en it hat noch neat oplevere. Harm hat ús de figueren beskreaun dy't hy dêr sjoen hat. Oan de barkeeper hiene wy neat; dy wie dêr dy jûns foar 't earst of sa; yn alle gefallen wied er sa nij dat er niks mear wist as Harm Dantuma. Dy barkeeper is trouwens ek goed yn 'e war fan alle tastannen. Dy man koe it lang net oan. No, en fierder wie der gjin personiel. Harm hat ús goede beskriuwings levere en wy hawwe dy minsken dy't hy beskreaun hat dan ek allegear al achterhelje kind. Utsein de persoan dy't dy mei it fleske slein hat; wy hawwe allinne in sinjalemint. Op basis fan dat sinjalemint hawwe oaren him wol werkend, mar gjinien wit syn namme. Hy wie noch mar krekt yn 'e stêd. Hy wie in soad by in oare knaap, dy't der dy jûns sels, op 'e ein fan de jûn yn alle gefallen, net mear by wie. Mar dy knaap, in Broer Huzinga, is ek al in pear dagen nearne mear sjoen. Wy ferhoare de oare tritich fan ús list gewoan fierder fansels. Mar it wachtsjen is oant dizze Broer Huzinga opsetten komt en ús it paad wiist nei de knaap dy't dy dit oandien hat en dêr't wy oan no ta fan oannimme dat er dy sosjaalwurker ek stutsen hat, der yn alle gefallen mear fan wit, sjoen syn gedrach foar jimme oer.’
‘Ja,’ sei Hinnekamp, ‘wy hawwe net stil sitten, sa't jo fernimme.’ Fersinde Wytse him no of gniisde Bylsma echt?
‘Der wie ek in grouwe fint dy't platen draaide. Dy holp dy lange meagere jonge letter,’ sei Wytse.
‘Ja,’ sei Bylsma. ‘Dy hawwe wy op 't buro hân. Dat is in Grevel, in Andrys. Dy is net echt gefaarlik en wierskynlik ûnskuldich. Hy is dêr hast altyd en hy hie in goed kontakt mei de sosjaalwurker. Hy wie lulk op jimme, want hy koe it net ferdrage dat sy, as
| |
| |
fêste besikers, beskuldige waarden fan dy stekpartij. Hy hong bot oan dy man, seach heech by him op en wie útsoarte syn stjoer kwyt doe't se dy man op in brankaar foarbydroegen. Hy mocht dy meagere jonge feitlik net sa, mar hy mei de plysjes noch minder. Hy hat ús ferteld dat dy meagere pepmiddels ferkocht. Amfiteminen foar de skinheads en dat soarte folk.’
It koe klopje dat dy Grevel in hekel hie oan plysjes. Hy hie twa âldere broers dy't omraak oangean koene yn kafee's en bytiden fochten dat it in aard hie.
Wytse hie sels ek alris ien fan dy broers opbrocht. Rûch folk, gjin ûnderwrâld, mar wol, sa't dat hjitte, fan 'e selskant. Dy Andrys liket op Bylsma, tocht er ynienen.
‘Tja,’ sei Hinnekamp, ‘dat wie ús ferhaal. Kinne jo miskien noch wat aspekten oandrage dêr't wy net om tocht ha of ha jo oare ynformaasje?’
Nee, tocht Wytse, ik soe sa gjin aspekten witte.
‘Nee,’ sei er.
Hinnekamp ynformearre noch nei it bosk blommen.
Wytse tocht oan de besleine grêfstien mar sei dat it dik ynoarder wie.
‘No,’ sei Bylsma, ‘dû moatst earst mar wer wat útrêste. Harm komt aanst ek noch.’
Bylsma hâlde net fan praat om it praat. Hinnekamp woe noch even der op wize dat Wytse him sa min mooglik drok meitsje moast oer dizze saak. As er ‘folledich hersteld’ wie, waard er resjersjeur en wachten him ‘as sadanich’ noch genôch saken.
Doe't se fuort wiene tocht Wytse nei oer syn ‘folledich herstel’. Hy hie nochal wat spuid yn 't earst doe't er hjir wie en hy hie in harsenskodding. Dêrom wiene de gerdinen en de lúksafleks meast ticht en lei er allinne op in keamer. Suster Baukje wie wolris sa aardich en lit de sinne yn syn keamer. Dêr hied er gjin lêst fan hân, gjin pineholle of sa en hy wie bliid dat er sa in bytsje yn it moaie waar mei partsje koe. Syn linkerhân siet noch aardich yn 't ferbân, hy wie yn in grutte glêssplinter fallen, dat moast syn
| |
| |
tiid wat ha. Om it gesicht siet ek noch aardich wat ferbân. En it kapke fansels.
Hy moast safolle mooglik lizze, noch minstens in wike. Mar hy koe gewoan rinne en hy gie al, sûnt in dei of fjouwer, gewoan nei de WC. Mei dat ‘folledich herstel’ soe it dus wol goed komme. Doe tocht er nei oer de saken dy't wachten as er resjersjeur wurde soe. Hy koe syn tinzen der net rjocht by hâlde. En as er earlik wie, koed er ek net sizze dat er der sin oan hie.
Letter kaam Harm en dy wist net rjocht wat er sizze moast, lykas in soad minsken dat ha by in sikehûsbêd. Boppedat wie Harm net wis oft it no wol of net goed wie foar Wytse om oer it barren yn it jeugdsintrum te praten. Harm woe dat útsoarte wol graach. Wytse fûn it aardich dat Harm der wie en hy woe ien ding mei him útprate.
‘Wat hastû allegear oer my ferteld?’ sei Wytse.
‘No,’ sei Harm, ‘ik wist ommers datstû sollisitearre hiest by de resjersje en ik woe al datst dy kâns net ferspilest. No en ik fûn sels ek datst it dêr geweldich diest. Ik haw de brut fergriemd doe't ik myn pistoal krige.’
‘Ik ha letter ek sketten. It is ús dêr beide ûntkaam.’
‘It is myn skuld,’ sei Harm.
‘Unsin,’ sei Wytse.
It wie al jûn en de sinne stie net mear yn 'e keamer.
‘Wolst my dat rút even iepen dwaan?’ frege Wytse. Harm sette it rút heulendal iepen, en de rook fan waarme-tún-by-jûn kroep yn 'e keamer.
‘Skuld,’ sei Wytse.
Harm seach nei bûten.
‘Moaie tún, hin?’ sei Wytse.
‘Ja,’ sei Harm.
‘Skuld is flauwe kul,’ sei Wytse. ‘It helpt gjin ien. En dat baantsje by de resjersje - dat haw ik krige. Dus sit oer my mar net yn.’
‘Hea,’ sei Harm, ‘en ik wist it noch net.’
‘As ik werom kom, bin ik resjersjeur,’ sei Wytse.
‘Fijn foar dy,’ sei Harm.
| |
| |
In suster brocht kofje en Harm krige ek in bakje.
‘Myn twadde bakje kofje sûnt ik hjir bin,’ sei Wytse, en dronk foarsichtich.
Harm seach nei de tún en betocht dat er jûns noch bylzen keapje woe; túnsintrum Grieneberg hie in oanbieding fan trije foar hûndert gûne. Dat wie gjin jild, want it wiene iken bylzen, heule lange.
It spiet Harm dat er net langer patroeljearje soe mei Wytse. Mar hy gunde it him al, dy baan by de resjersje. Hy woe ek út de strjittetsjinst. Ferkear, dat like him wol wat. Dy jonges fan ferkear hiene ek it moaiste ark.
Pibe draaide foar de twadde kear 0011 dy jûns. ‘Ja,’ sei er, ‘wy ha wer in swiergewonde by ús hjir. In ambulânse. Der moat hjir in ambulânse komme.’
Hy neamde it adres.
‘In ambulânse,’ sei er nochris.
‘In ambulânse.’ De telefoaniste fan 0011 hie it de earste kear al heard, mar se wie wend dat minsken yn panyk faker itselde seine. Se bleau heul rêstich, it wie har fak om rêstich te bliuwen, en sadwaande wie der nei eksakt 45 sekonden al in sikeauto foar de doar. Hy koe net heulendal oan 'e doar ta komme, want der stiene twa plysjeauto's. Ien hie de blauwe ljochten noch oan.
Der stiene trije plysjes om Wytse hinne. Ien fan har wie Harm en Harm gûlde.
‘It is myn skuld,’ sei er, hieltiten wer. ‘Toe no mar,’ sei ien fan de oare plysjes in pear kear. De beide ambulânsemannen namen Wytse mei.
‘Is der oars ek noch ien yn dit gebou?’ frege ien fan de oare plysjes.
‘Nee,’ sei Harm. ‘Se binne allegearre fuort.’
‘Wy moatte dochs mar even sjen,’ sei syn kollega.
Pibe moast fan him de bûtendoar op 't slot dwaan, mar wol
| |
| |
troch it gatsje yn 'e doar, dêr't in plestik linske yn siet, sjen oft der ek minsken oankomme soene.
De trije plysjes rûnen it gebou troch, fan boppen nei ûnderen. Yn 'e sportseal sei ien fan har, wylst er op 'e bodybuild-apparaten wiisde: ‘Sjoch, hjir oefenje se no om goede sterke krimineeltsjes te wurden.’
It gebou wie folslein ferlitten. Pibe hie gjinien sjoen troch it gatsje en Harm gûlde net mear.
Der bleau ien plysje achter yn it gebou om op 'e technyske resjersje te wachtsjen; Harm en de oare giene nei it buro. Se praten even en Pibe soe de oare deis werom komme om foar de resjersje in ferklearring ôf te lizzen; der wie in patroeljeauto fan it buro dy't krekt fuort soe en dy brocht him thús.
Wat wie dy ambulânse der gau, tocht Wytse in pear kear, ûnderweis nei it sikehûs; fierder tocht er einliks niks, ja ien, twa kear, ik wurd aanst blyn, mar dy gedachte waard fuort wer wei.
Op de brankaar foar de operaasjekeamer, wylst er wachte op it frij wurden fan de operaasjeseal, ferlear er heulendal it bewust-wêzen, fernaam ek net mear dat se kamen om him te ferdôvjen. Hy fernaam der ek neat fan dat der in oare brankaar by him langs skode en dat der twa dokters út de operaasjekeamer kamen en hoe't de iene sei: ‘Ik tink net dat er it oprêdt.’
De beide dokters wiene sjirurchen en de iene frege syn maat: ‘Kinst dizze allinne dwaan?’
‘De eacharts kin hjir elk momint wêze,’ sei de suster dy't de operaasje begeliede.
Se bûgden har oer Wytse en de oare sjirurch sei: ‘Dan wol, as de eacharts der by is.’
Even letter, ûnder de grutte ljochten yn de operaasjekeamer, konstatearren de beide dokters dat it tafoel mei it each en de oare ferwûnings. Like goed wiene se mear as in oere mei Wytse dwaande, want se woene wis wêze dat al it glês der út wie en alles sa hechtsje dat der sa min mooglik groeden yn it gesicht bliuwe
| |
| |
soene. Yn it each siet ien gemene splinter, dêr soe miskien letter in hurd plakje komme op it eachflues. It ferbinen naam ek tiid fansels.
Letter, hast in etmiel fierder, kaam Wytse stadich by út 'e narkose en waard him bewust fan it sikehûs om him hinne. Hy tocht, oan it nije nachtkastke te sjen, dat er yn it krektboude iepenbiere stedssikehûs wie; yn it âlde Roomske sikehûs hiene hja ek âld meubilêr. By it nije sikehûs wie in moaie tún.
Ynienen tocht er: ik sjoch dy tún ommers net, want ik wurd blyn. Mar de dokter kaam gelokkich rillegau en sei dat it allegearre tafoel en dat sels syn iene each, dêr't in kapke oerhinne siet, fierhinne wer yn oarder komme soe.
De lúksafleks stie sa, dat der wol ljocht yn kaam mar gjin sinne. Mem siet by syn bêd, op in stuoltsje fan grize buizen mei tripleks sitting en rêchleuning. Frjemd, tocht er, myn plysjekollega's sieten ek op dy stuoltsjes, doe foelen my dy stuoltsjes net op, waarden se wei, neatich troch grutte keardelsliven; mar no siet mem hjir en mem wie behindich en smel en siet mei in heul rjochte rêch en dêr ferfoare it meubilêr fan.
Mem hie frege hoe 't gie en hy hie sein dat 't hurd opknapte; dat wie goed, sei mem en tute him foarsichtich op 'e mûle; de tút belâne wat knoffelich heal op 'e lippe, heal op syn rjochter wang. Hja gie as fansels in bytsje te folle nei rjochts om de linkerkant fan syn gesicht te mijen, mar hy betocht tagelyk, mei sêfte wille, dat hja altyd al brike tuten jûn hie.
Hja seach nei him op en hy fernaam dat har eagen wiet wiene, wieter as oars. Wat in fûgeltsje, tocht er - foarhinne hast al net redsum genôch om te bestean. Hy tocht oer har ûnhandichheid nei en hâlde fan har.
‘Dû bist skeind,’ sei mem, as fêststelling.
‘Ja,’ sei er. ‘Mar net sa slim.’
‘Hâldst it ljocht yn it each?’ frege hja.
| |
| |
‘It komt wer heulendal goed, seit dokter.’
‘Ik bin bang foar de groeden yn dyn gesicht.’
Se wie even stil.
‘Heit wie ek skeind,’ sei hja doe. ‘Oaremoarn is er al twa jier dea.’
Dat wie net sa. Heit wie stoarn yn maart, dus it wie al langer as twa jier lyn; mar Wytse wist dat it net folle sin hie en gean der tsjinyn. Heit wie wol echt skeind: in ûngemak mei de auto. Se hiene him der út seagje moatten.
By it kondolearjen wie de kiste dêr't heit yn lei ticht. Wytse woe net oan de dea tinke mar hy rekkene út hoefolle dagen dy Arjen no al dea wie en betocht dat er wierskynlik no al kremeard wie. Of begroeven.
‘It komt mei my wol wer heulendal goed mem. En in pear lytse groeden yn myn gesicht betsjut noch net dat ik skansearre bin,’ sei er.
De doar gie iepen en deselde broeder fan juster kaam der yn mei tee. Suster Baukje rûn achter him, lake nei Wytse en frege:
‘Alles goed?’
‘Ja hear,’ sei er.
Se die de lúksafleks omheech en it rút wer iepen. De broeder bea mem tee oan. Mem woe wol tee.
‘Jou suster Baukje hjir ek in kopke,’ sei Wytse.
De broeder seach har oan.
‘Toe mar,’ sei se.
Se sieten mei har trijen te teedrinken; hy seach fan syn heech bêd ôf op de beide froulju del.
‘Myn man wie skansearre,’ sei mem. ‘Myn soan is no ek skansearre.’ Hja sette it kopke foarsichtich op it nachtkastke.
‘Nee,’ sei Baukje. ‘Jo soan net, mefrou.’
‘Nee?’ sei mem.
‘Nee,’ sei Baukje, ‘fan lytse beskadigingen wurdt in minske net echt minder,’ sei se. ‘Meast sels better.’
Mem gûlde in bytsje. Se sieten even stil. Doe waard mem ynienen feninich. ‘Hat de suster it oan tiid en sit hjir te teedrinken midden op 'e dei?’ sei se.
| |
| |
‘Ja,’ sei de suster. ‘It is moai waar en wy hawwe in soad rinnende pasjinten. It kin even lije.’
‘Oh,’ sei mem.
Hja gûlde net mear, mar hie noch wol wiete eagen. Dy hie hja hast altyd.
‘Suster Baukje,’ sei Wytse, ‘der hat hjir juster in man west, Hinnekamp, dat is de sjef fan de resjersje en aansens myn baas. Dy man sei dat in húshâlding ôflieding jout.’
Se seach him ferwûndere oan. Hy gie dêrom mar troch. ‘En ik bin der noait oan begûn om't ik it in te grut weachstik fûn. Tefolle ferantwurdlikheid. In swiere taak.’
‘It is beide ûnsin,’ sei Baukje. ‘Ik haw in bern. In jonkje fan trije jier. As ik wurkje moat is er meast by syn beppe, myn mem. Oan no ta is de ferantwurdlikheid hiel gewoan. It is in lichte taak, mar wol in heule drokte, sa'n bern. Niks ôflieding.’
Hy tocht: in bern. Dus ek in man. Heechst wierskynlik.
‘It is in delgeande tiid,’ sei Wytse, ‘oarloch, honger, earmoed, korrupsje, wurkleazens. Kinst in bern dat allegearre oandwaan?’
Hy tocht: dom praat.
Baukje sei: ‘Kinst in bern it libben oandwaan?’
Mem hie heul goed harke.
‘Ja,’ sei se. ‘De suster hat gelyk. Ast in bern mar fernimme litst dat it libben mear is as al dy illindige dingen. En dat it libben der gewoan heart te wêzen. Wy hearre te bestean, salang as wy kinne. Ja,’ sei mem, pakte it sprei beet en joech dêr in pear ferheftige rukjes oan, ‘sjochst no wol Wytse, dû stelst dy oan. Sykje in frou en meitsje in húshâlding.’
Baukje lake en hy moast ek wol wat gnize.
‘Mar,’ sei mem en pripte mei de finger rjochting Baukje: ‘De oarloch. En de atoombommen. Dat soe my ek tsjinhâlde om in bern te meitsjen.’
Dizze stêd hie in militêr fléanfjild. Dei en nacht stiene dêr de modernste fleanmasines paraat om de fijân temjitte te fleanen. Dy moaie fleantugen mei har fleanbasis wiene tagelyk lokfûgels fan
| |
| |
de dea. Want de fijân soe dit fleanfjild wol graach stikken meitsje wolle. En dan gie de stêd ek stikken. Dat wist Baukje. Boppe-dat fûn Baukje de fijân miskien wol ûnsympatyk, mar net ûnsympatiker as de freon. Want dy freon frege in hege priis foar syn freonskip: se moasten allegearre op him lykje. Syn soarte drinken drinke. Syn soarte films sjen, fral op 'e televyzje. En de measte gewoane minsken seagen in soad televyzje en seagen dus in soad films dêr't de sabeare freon mei sjen liet hoe't gewoane minsken neffens him libje moasten: oer jild prate, djoer ite, djoer drinke; elkoar slaan, elkoar deaskoppe, sjitte.
Gelokkich kamen der hieltyd mear minsken dy't it oars hawwe woene. Dy't graach frede woene en al dat djoere wapenark net needsaaklik fûnen foar de frede. Baukje wie ien fan dy minsken. Se hie in soad neitocht oer de oarloch om't se frede hawwe woe. Se hie ek in soad neitocht oer atoombommen.
‘Mefrou Zylstra,’ sei suster Baukje, ‘it ferset tsjin dy bommen heart ek by it libben fan no.’
Mem glimke. ‘Ik moat fuort,’ sei se. ‘De taksy soe hjir om healwei fjouweren wêze.’
It wie noch mar tweintich oer trijen, mar mem wie altyd rom op 'e tiid.
‘Kom mar,’ sei de suster, ‘ik bring jo wol nei de foardoar.’
‘Baukje,’ sei Wytse. Hy seach nei de tún en wiisde mei syn goede hân. ‘Kin dy doar iepen?’
‘Jawol,’ sei de suster.
Hja begriep him wol.
‘Kom mar mefrou,’ sei se. ‘Dan rinne wy troch de tún nei de hal. It is neat langer en wol sa moai.’
‘Dach jonge,’ sei mem en lei in hân op syn goede.
Hy seach de beide froulju troch de tún rinnen. Mem hie in griene jurk oan en in donkergrien taske by har. Baukje hie in wite skelk foar en hâlde mem har taske beet; hja joech mem in earm. Se seagen net om.
Troch it waarme waar bloeiden de lupinen en de roggeblommen
| |
| |
al dat it in lust wie. Blauwe blommen njonken in wite skelk en in griene jurk. Hja wiene beide omtrint like lyts, seach er no en begûn te slûgjen.
De dokter hie juster by him west en wie wakker optein oer syn flotte herstel. Se hiene earjuster it kapke der ôf helle yn in healtsjuster keammerke en hy moast plaatsjes sjen en dingen lêze en hy hie syn each hast wer as normaal brûke kind. Se hiene der heul tefreden oer west en hy sels noch mear. It kapke siet der wol wer oerhinne, dat bleau ek noch minstens in wike sa. Hy moast fansels al noch in kear of wat werom komme by dy dokter.
En no mocht er nei hûs. Noch wol wat foarsichtich dwaan en in soad rêste, want hy hie in harsenskodding hân en soks moast syn tiid ha, seine hja op 'en nij. Hy hie net folle guod by him, de klean dêr't er mei kommen wie, twa nije pyama's dy't er troch in suster keapje litten hie, in toskeboarstel, in hierkaam, in bûsmes en in beurs. Yn de beurs siet fiifentweintich gûne en hy wie fan doel om yn alle gefallen in glês bier te keapjen as er aanst bûten wie.
It wie gleon, hy hie dûse, mar hy switte no alwer sa bot dat er hast wol wer ûnder de dûs koe. De doar nei de tûn stie iepen en de doar nei de gong ek, it siigde lykwols niks, want it wie blak, wynstil waar; wol kaam de waarme rook fan blommen en planten út de tún de keamer yn. Yn de spegel fan de badkeamer hied er syn gesicht besjoen. It foel yndied ta mei de groeden, mar se sieten der wol; in part fan dy glêsskerfkes hie yn syn wang sitten, dêr't er ek burdgroei hie. Dat wie pynlik mei it ferbinen en it skearen; de susters hiene him in kear of wat skeard, fan 'e moarn hied er it sels dien, mei ark fan it sikehûs. In heul gepiel en likegoed hied er noch in pear kear in groede iepen helle. Hy hie dokter freegje wollen oft it ek better wie en lit it burd mar stean, mar hy hie der op dat stuit fansels net om tocht.
| |
| |
Syn bêd wie al ôfhelle. Hy hie in plestik taske en die syn bytsje guod deryn.
Baukje kaam deryn.
‘Dû giest nei hûs,’ sei se.
‘Ja,’ sei er. ‘Ik rin aanst troch de tún.’
Hy hie syn plestik taske al yn 'e hân.
‘Sis,’ sei er.
En doe wied er wer even stil. Hja ek. Doe sei er it dochs mar.
‘Ik bin bliid dat ik no nei hûs gean. Mar it muoit my dat ik dy dan net mear sjoch.’
‘Danke,’ sei Baukje.
Dêr skeat er net folle mei op.
‘Ik rin mei dy troch de tún,’ sei hja.
Se rûnen oer in paadsje fan beamskyl.
‘Sjoch,’ sei er, ‘witst wat dit binne?’
‘Koarenblommen,’ sei Baukje.
‘Roggeblommen hjit soks yn oprjocht Frysk. Rogge waard hjir it meast boud. Dêrom is der ek Frysk roggebrea. In blom tusken it koarn wie dus in roggeblom.’
‘Mar koarn is gerst,’ sei Baukje en lake.
‘Dus kinst likegoed sizze dat gerst it meast boud waard en dêrom sljochtwei koarn hjitte.’
Se stiene stil op it paadsje en seagen nei de blommen - earnstich.
‘Sis,’ sei er wer. Hy naam syn taske yn de ferbûne hân, sadat syn rjochter hân leech wie.
‘Dû bist mem, seist juster.’
‘Ja,’ sei se.
‘Ik bin allinne,’ sei er. ‘Dû dus net. Dat is fijn foar dy en dyn bern en dyn man. Mar it spyt my al.’
Se sei niks.
‘Och,’ sei er, ‘elke iensume gek dy't allinnich op in sikekeammerke leit wurdt fereale op de suster.’
Hy seach oer de tún en frege him ôf oft Baukje echt sa serieus en waarm wie as hy tocht. It petear mei mem, oer de oarloch, kaam him wer yn 't sin. Hy stuts har de hân ta. Se joech him harres.
| |
| |
‘Ik bin net troud en ik haw ek gjin fêste freon,’ sei se. ‘Dat hâldt fierders niks yn; dit is gjin meidieling dy't fan spesjaal belang is. Ik haw myn bern allinne en dêr haw ik mei sin foar keazen.’ Hja liet syn hân los.
‘Ik gean wer nei de ôfdieling,’ sei se doe. Se rûn fuort oer de beamskilen.
Hy seach har nei. Registrearre it elastyk fan har broekje en de rêchbân fan har beha. In BOM-mem tocht er. Hy wie oergeunstich op de man dy't it bern by har oanset hie.
‘Jalouzie ondermijnt de solidariteit in het korps,’ sei er lûdop en begûn nei de hal te rinnen. Yn de hal moast in resepsje-juffer syn hurd plestik kaartsje, it registraasjepaske fan de Fryske sikehûzen, ûnder in masyntsje troch raspe.
De juffer sei niks.
‘Ik bin in TOM,’ sei er.
Se seach him wat ûnnoazel oan.
‘Toevallig ongehuwde man,’ sei er.
‘Dach,’ sei de juffer en draaide har om.
Hy stie op 'e stoepe fan it sikehûs en seach nei it ferkear. Ik bin in resjersjeur yn de syktewet, tocht er. Ik helje in glês bier, bring myn nije pyama's thús en begjin mei de arbeidstherapy. Want ik wol, ûnder oaren, al witte wa't dy Arjen dea makke hat.
|
|