| |
| |
| |
9 Ealsen
Yn dy tiid brûkte ik noch wol ris in diktearapperaat, dan koenen jo neitiid as soks noadich wie letterlik siteare. It wurke almeast net, se seagen de mikrofoan op 'e tafel lizzen en holden har op slach yn. Dat ik bin der al gau mei opholden. Dy kear is it blykber aardich slagge, ik ha it bantsje alteast bewarre. Der stiet in petear op dat ik yn oktober 1975 hân ha mei Ealsen Tabak en it giet oer syn broer Durk Tabak en dy syn maat Eije Wykstra, twa mannen dy't yn de kriminele histoarje namme makke ha. Eije Wykstra fan Gruttegast skeat yn de winter fan 1929-'30 fjouwer plysjes dea, syn maat Durk Tabak stiek in jier letter yn in kafee yn Drachten in jongfeint dea en fermoarde yn 1949 yn Surhuzum in frou. It hoe en wêrom is al sa faak beskreaun, dat hoecht neffens my net wer. Sydlings falt yn it petear ek de namme fan Jan Hut, net dy út myn roman, mar de echte dy't tafallich de selde namme hie. Se wienen yn safier freonen dat se út en troch mei inoar optrokken as muzikant. Eije Wykstra en Jan Hut dienen soks allinne as der oars gjin wurk wie, Durk Tabak woe leafst net oars.
Gelegenheidsfreonen dus, al hat der tusken Eije en Durk mear west. En al liet Jan Hut de beide oaren net yn 'e steek as se yn need sieten. Dat lêste hat er belije moatten. Hy hat gjin minske oait wat misdien, mar as Dritte im Bunde is er wol de kriminele skiednis yngien. In tragise figuer, dy Jan Hut, hy is it slachtoffer wurden fan syn freonskippen. Doe't Eije Wykstra dy fjouwer plysjes deasketten hie, gyng er nei Jan Hut om bystân en dy bêde him del, oars wienen der miskien noch mear deaden fallen. Nei't Durk Tabak syn earste
| |
| |
slachtoffer makke hie, socht er oanhâld by Jan Hut en dy wie wol sa goed en pas op him oant de plysje Durk ophelle. It is him dernei fergien. Sa't ik sei, noait in mins kwea dien, mar yn alle ferhalen wurdt er yn ien siken neamd mei de moardners Eije Wykstra en Durk Tabak. Om der ôf te wêzen, dat tink ik teminsten, is er neitiid nei Amearika gien. Dêr hat er it net rêden, hy is beroaid werom kommen. Yn syn lêste jierren ha 'k yn Noardburgum noch ris by him west. Hy wie hurdhearrich, staf, mar ik leau dat er ek net mear woe. Hy is wol altiten anarchist bleaun, in oprjochte anarchist neffens de lear fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis.
Jan Hut hie Dommela syn ‘Van Christen tot anarchist’ yn 'e kast stean. Krekt lykas Eije Wykstra en Durk Tabak wied er fan griffemearde komôf. Hy koe syn ôffal en ôfstan fan it leauwe lykwols beredeneare en dat hie der mei syn beide maten wol oan, tink ik. Eije ferfoel ta de mystyk, Durk wie neffens my fan dizze wrâld en is noait fierder kommen. Jan Hut hie 'k graach mear fan witte wold, mar dat is der dus net fan kommen.
Us heit hat as jong plysjeman diel útmakke fan de delegaasje dy't út namme fan it Ljouwerter korps de begraffenis fan de fjouwer fermoarde kollega's yn Gruttegast bywenje mocht of moast. Yn histoarise jiergongen fan ‘Fen Fryske Groun’ steane de foto's, al kin 'k him der net út. Dat komt fansels troch al dy unifoarms, de namme seit it al, yn it unifoarm giet de yndividuele minske ferlern. Unifoarms doge net, it dragen soe ferbean wurde moatte.
As yn myn jonkheid de namme Eije Wykstra foel, dan moasten by wize fan sprekken earst de oergerdinen ticht en waard der suver skruten praat. Jo hearden frjemde wurden, anarchist, atheïst en se hienen it ek wol oer de anti-krist, de huvers gyngen jo oer de rêch. Mar myn skoanheit Hindrik
| |
| |
Rinke Bekkema prate heul oars oer him. Gjin minnen-ien, op it wurk in goede maat, besteklik prater, sokssawat.
Durk Tabak ha 'k ien kear sjoen, dat moat yn 1946, '47 of '48 west ha doe't wy op 'e kristlike Mulo yn Drachten wienen. De mare gyng dat er by Vreewyk yn 'e Folgeren stie te sjongen. Wy stoden der yn it middeisskoft op de fyts hinne en it wie sa. Hy hie in akkordeonist by him en dy helle neitiid aardich jild op. Wa't dat wie, wit ik net en wat Durk Tabak song, heucht my likemin. Wy kamen foar Durk Tabak en bewarren earbiedige ôfstân. Durk Tabak wie as hear ferklaaid, it swarte hier achteroer kjimd, in smelle mûle mei in sniewyt keunstgebit en brune eagen.
Hy glimke it publyk minlik ta. Achter ús sei immen flústerjend dat er pas echt gefaarlik waard as er glimke, wy skoden noch wat fierder de achterhoede yn. Dat wie him dus, de maat fan Eije Wykstra, de man dy't altiten in revolver yn 'e bûse hie, ûnberekkenber wie en ta alles by steat.
Yn 1975 liet de Ljouwerter publicist Fenno Schoustra yn eigen behear in boek ferskine ûnder de titel Rare Snaken. Dêr stie û.o. in stik yn oer Durk Tabak. In moaie oanlieding om myn persoanlik oantinken op te heljen, it ferhaaltsje kaam yn de rubryk Fries Mozaïek fan de Ljouwerter Krante. Der kaam in reaksje op fan in Ealsen Tabak, ‘zijnde de oudste broer en wil ondergetekende wel even opmerken dat hij zelf goed heeft onthouden wat bij de begrafenis gezegd is, wat de mensch van nature is, namelijk tot alles in staat als hij er niet van Hogerhand voor bewaard wordt.’
It kaam der op del dat ik Ealsen sear dien hie mei dat stikje. Wat Durk dien hie, wie grouwélich, mar wêrom stie der yn alle ferhalen oer syn jongste broer dat dy koelbloedich, ûnferskillich en ‘onbewogen’ wie, lykas ik nei oanlieding fan de moard fan oktober 1930 siteard hie út Hepkema's krante. Want dat wie net wier, skreau Ealsen. Sa't dy like
| |
| |
froede as fromme man it yn knoffelich Hollâns beskreau, wist ik op slach dat er gelyk hie. Ik wist it fansels yn 't foar wol, mar ja, jo binne journalist, jo moatte it wat bringe en sa'n sitaat jout in aardich byld fan hoe't der doe - yn 1930 dus - oer kriminaliteit tocht waard. Moardners waarden doe noch konfrontreard ‘met het lijk van de verslagene’ en de rjochters sieten derby om te sjen hoe't de dieder reagearde. Durk Tabak bleau neffens de Hepkema ‘onbewogen’.
In pear dagen letter siet ik fol goede bedoelings by Ealsen en syn frou oan 'e tafel. Nei fjouwer bakjes thee en twa moalkoekjes soe it dan mar wêze. Ik soe alles opskriuwe en wat ik sa gau net neikomme koe, stie dan wol op it kassette-bantsje. Wy begûnen mei psalm 1: Welzalig hij, die in der boozen raad/ Niet wandelt, noch op 't pad der zondaars staat/ Noch nederzit daar zulken samenrotten/ Die roekeloos met God en godsdienst spotten/ Maar 's Heeren weg blijmoedig dag en nacht/ Herdenkt, bepeinst en ijverig betracht. Ealsen lies dat plechtich foar en syn frou en ik harken ta.
Doe kaam wat Ealsen te sizzen hie oer syn broer Durk, it neikommerke, de noed en soarch fan mem en nei har ferstjerren fan Ealsen dy't him doe alheul ferantwurdlik fielde foar it hâlden en dragen fan syn jongste broer. It waard in oandwaanlik ferhaal, as ik no it bantsje ôfharkje, krij ik der triennen fan yn 'e eagen. Ik ha it yndertiid mei ynmoed en gewisse opskreaun, dêr bin 'k wis fan, mar it hat noait yn 'e krante stien en it is yn dy foarm ek net bewarre bleaun.
Want hoe is dat fierders gien. Wy praten ôf dat Ealsen it artikel earst beoardiele soe, mar doe't ik der in dei as wat letter mei oankaam, woed er it net lêze. Hy lei yn it bedstee, syn frou sei dat er twa nachten net slept hie. Ik krige in stoel neist it bedstee en Ealsen spriek my ta. Hy hie in ynjouwing hân, de Heare God hie him sein dat de misdieden fan Durk de folle swierte hâlde moasten en dat net iens besocht wurde
| |
| |
mocht om Durk syn hâlden en dwaan te ferklearjen. Ealsen sels hie ferjeffenis frege foar de miskien wol minslike mar idele oanstriid dêrta. Ik moast yn syn bywêzen de kopij ferskuorre en doe woed er mei my bidde.
Neitiid ha 'k der al noch ris oan 'e doar west. De earste kear wie der net ien thús, de twadde kear waard it net folle. Ik tink dat er leaver net mear mei my prate woe. En sa binne wy út elkoar rekke.
Wat hjirnei folget binne stikjes út it petear sa't dy op it bantsje steane.
‘Wy hienen in o sa leave mem, heit wie wolris wat mijen yn it wurk, dat wy hienen it earm. Mem doarste ús bytiden net nei sneinsskoalle te stjoeren, want wy hienen gjin sneinske klean. As it guod yn 'e wask moast, gyngen wy jûns neaken op bêd, dan wosk mem en besocht se de brot nachts noch droech te krijen. Heit en ik wurken letter by deselde boer, ik wie doe tolve. Heit krige alve stoeren deis en ik in kwartsje. Heit moast de rûchskerne omsette. Dan moat ik learzens ha, sei er. Mar dy hied er net. De boer hie se wol, mar dy joech se him net. Heit smiet de holle yn 'e nekke en gyng nei hûs ta, hy wie te grutsk om ta te jaan. Mar ik bleau en de saterdeis stie mem by de homeie fan de pleats op myn daalder te wachtsjen, want se hie de heule wike boargje moatten.
Us Durk siet in oare libbensgeast yn. As er alles te baat nommen hie, dan wied er heul wat wurden. Mem sei: Durk is in útljochter. Mem hold it mei him, hy wie fansels de Benjamin. Se hat altiten oer him yn noed sitten. As hy jûns op 'en paad wie dan slepte se net, se hat altiten bang west dat se him ferlieze soe. Dêrom hat se him miskien te folle tajûn. Heit wie in ynbannich man, hy en Durk ha noait folle gedoente hân. Hy wie fansels as los arbeider ek in protte fan hûs, soms heule skoften as er yn Dútslân siet. Mar as er thús wie en mem en Durk songen, dan hied er dêr suver arge- | |
| |
waasje fan. Mem en Durk songen in soad, hast altiten út Johannes de Heer. Mem wie fan hûs út griffemeard en wy gyngen nei de kristlike skoalle.
Ik ha wol besocht ús Durk op in oar doel te bringen en dan sei er: Do koest wol gelyk ha, broer. Mar ien fan de minsken dy't him letter yn it tichthûs oppaste, dy hat wolris tsjin my sein: Hy begrypt net dat jo sa kalm troch it libben geane, dat jo geregeldwei fertsjinje en foar jo húshâlding opkomme. Durk ferstie dat net, hy koe net ûnder in baas stean. De tiid hat my dat wol leard, mar Durk koe him dat net begripe. Hy koe net oer gesach. As de plysjes him neat yn 'e wei leinen, wie der neat te rêden, mar as se him ha woenen, waard er ferkeard en dan wykte er net.
Hy en Eije koenen goed, mar Eije hat in kear tsjin my sein: Ik hoopje net dat wy spul krije, want dan moat der ien fan ús beiden dea. Se joegen inoar neat ta. Eije wie in tûke skutter, Durk sei: Asto dan sa goed sjitte kinst, sjit my dit der dan ôf. Hy sette himsels de hûle fan in lúsjefersdoaske op 'e noas. Eije joech gjin krimp en skeat it der fansiden ôf, mar hy woe it net. Ik moast wol, sei Eije letter tsjin my, mar neitiid gyng it my oer de lea en moast ik koarje.
Durk hat in skoftsje oan 'e drank west, hy wie noch by mem thús en dy siet deroer yn. Do moatst him ophelje, sei se tsjin my. Hy siet yn it kafee yn Sumar en ik krige him mei, hy woe wol nei my hearre. Op 'e fyts ûnderweis nei hûs wied er neat mei him te rêden, mar thús gyng er daliks op bêd. Jierren letter sei er tsjin my: Witst dat noch wol broer, doe yn Sumar? Do wiest eigen, oars hie 'k dy pakt en wie 't ferkeard gien. Mar dan hie 'k net op bêd hoegd, want ik wie net dronken. Dat wie sa, der mankearde him neat. Mar dat siet sa: as ik frjemd west hie dan hied er it der útslein. Dat koe no net, dat hy liet it yn him besmoare. Doe sette it fêst en omdat der gjin romte kaam, waard er stiif en moast er op bêd.’
| |
| |
Yn april '85 is Ealsen ferstoarn. Ik ha him yn de Ljouwerter Krante betocht mei in pear sitaten út dat net-publisearre fraachpetear fan tsien jier earder. Dat hied er noch fan my tegoede. Yn de rou-advertinsje fan syn bern en bernsbern stie dat de Heare Ealsen yn Syn Hearlikheid opnommen hie. Ik wit net oft soks kin, mar hy hat it neffens my wol fertsjinne.
|
|