ters en leararen fan him sketsten. Ik ha der noait folle sukses mei hân.
Pake sammele boeken en der wienen djoere by. Heilige herinneringen fan R.E. van Arkel, grut formaat en mei moaie ynplakte kleureprinten fan Palestina. Van Ur naar Egypte fan F.B. Meijer, ek sa'n prachtboek. Yn it iene fûn ik okkerjiers noch in rekkentsje fan ƒ 2,60, dat wie yndertiid de deihier fan in arbeider. As jo pake syn komôf neigeane, leit dy bibliofile ynslach net yn 'e reden. Hy kaam yn Haulerwyk te wrâld as soan fan Wieger van der Velde en Geesje Rinks Hof. Wy witte neat fan dizze oerpake en beppe, ik ha der thús ek noait praat oer heard. Ik nim mar oan dat se yn de turfmakkerij sitten ha, wat soe men oars ek al yn dy krite. Doe't de turf op wie, binne se begûn te buorkjen. Pake Rink skynt earst ek noch in spultsje hân te hawwen, mar dat hie net folle om 'e hakken.
Yn 1879 tsjinne hy as milicien-scherpschutter by de 2e Comp.4 bat. 1ste reg.infanterie yn Millingen. Doe't er mei grut ferlof gyng, krige er fan kaptein Roelants in getúchskrift mei: ‘Vanaf Mei 1879 tot September 1880 hebt gij als milicien onder mijne orders gediend en hebt U al dien tijd voorbeeldig goed gedragen; de omstandigheid dat ik U tot oppasser koos en dat gij tot scherpschutter werd aangesteld bewijst zulks, daar deze betrekkingen slechts ten deel vallen aan hen, die zich in alle opzichten goed hebben gedragen.’
Pake sammelt neitiid noch in hantsjefol rekommedaasjes: de feanbaas S.E. Planting ferklearret dat pake fan ‘onbesproken levensgedrag en geheel drankvrij’ is, it haad fan de skoalle J. Kalverkamp docht te witten dat er bekend stiet as in ‘persoon van uitmuntend gedrag’, gemeentesikretaris L. Oosterhoff priizget him om syn ‘bedaard en vast karakter’ en brigadier-titulair H. Holtrop skriuwt dat er in ‘oppassend en degelijk’ persoan is.
Likegoed hat it noch jierren duorre ear't al dat goed gedrach