Ik wie der net wis fan oft ik it wol oankoe, ik tocht sels fan net. Soks hie 'k goed sjoen, ik moast alteast op 'e teannen rinne en gâns ûnkunde kamoefleare. Mar doe't ik ûntdiek dat frijwat oare journalisten soks ek dienen, wie 't goed.
Op in stuit siet ik dus by Het Vrije Volk op de Nijstêd yn Ljouwert, boppe de AP-boekhannel dêr't it redaksjeburo wie. Johan van Minnen wie myn foargonger, in heule tûkenien, net it minst yn it deklarearen fan ûnkosten. Hy is letter dan ek Euro-parlementariër wurden. Wy wienen op de Fryske redaksje fan it HVV yn it earstoan mei in man as fiif. Fenno Schouwstra die de sport, jo seagen him allinne op sneintejûn. Ad Koolwijk, oerkommen út Seelân, wie earste man fan de provinsje-redaksje. Harry Drost die, altiten mei pineholle, de stêd.
Wy moasten mei dy Fryske edysje fan Het Vrije Volk opbokse tsjin de Ljouwerter Krante fan Jan Tjittes Piebenga en Eddy Evenhuis, de Friese Koerier fan Fedde Schurer en Laurens ten Cate, it Friesch Dagblad fan Hindrik Algra en Piter Wybenga en it roomse Ons Noorden dat troch Tsjêbe de Jong fan Boalsert tsjin de klippen op yn stân holden waard. It Friesch Dagblad en Ons Noorden hienen wy gjin lêst fan, dat wie ús ‘doelgroep’ net. De beide oare kranten koenen wy fansels net oan. Wy setten se wol ris in pyk mei in primeurke, mar wy moasten it eins ha fan de trouwe PvdA-ers dy't de Ljouwerter te liberaal fûnen en de Koerier te links. Dat wienen der yn myn tiid leau ik noch goed tolvetûzen, mar by elke kwartaalwikseling die bliken dat der wer in protsje by wei stoarn wie. En guon dy't oan dat ôfstjerren noch net ta wienen, seinen by 't libben it abonnemint al op. De tiid fan de partijkranten wie eins al foarby.
It begûn al te ljochtsjen oan de kimen doe't ik nei de ramp fan Wjelsryp oer de Ofslútdyk werom ried nei Ljouwert. In pear oeren op bêd en neitiid der daliks wer oer gear oer de