‘Dat tink ik ek wolris, mar 't is gjin antwurd.’
‘Hoe kinst soks no freegje! Do bist dochs myn dòchter! Ik hâld dochs fan dy!’
Ik fielde, dat ik in fjoerreade kleur krige. Net om't ik my skamme, mar fan de waarmte. Ik waard sa waarm fan binnen.
Letter:
‘Ida?’
‘Ja?’
‘Styntsje is in Virgo. Krekt as Beppestyn.’
‘In wàt?’
‘In Virgo. In maagd. Har stjerrebyld.’
‘O. No, dat sil 't wol. Is dat belangryk?’
Ik tocht even nei en ik sei: ‘Nee, eins net.’
to do what you do that you must.
‘Sanne?’ rôp ik al fan fierren.
Hy hie de brommer yn 'e bleek en poetste der as in iverige húsfrou op om, de rêch nei my ta.
Ik gie lichtfuottich tusken de blommen troch. Lichtfuottich en lichthertich. De wrâld wie moai en skjin en nij en ik doarst in soad. Ik koe bergen fersette, ik doarst alles!
‘Sanne?’ song ik. ‘Moatst hearre, ik moat wat tsjin dy sizze.’
Hy draaide him ferheard om en stoarre my oan. ‘la femme! Wat sjochst der út!’
‘Hoesa! Meist my net lije?’
‘Net mei dy troep op dyn gesicht.’
Ik stie sa ticht by him, dat ik him oanreitsje koe. Ik woe de hannen útstekke en him beethâlde. Hy mocht net fuort gean. Hy mocht net nei Texas.
‘Sanne?’ frege ik. Myn stim trille, ik hearde it sels.