Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Frysk binnenhus De muorren, fan stientsjes opset, Binn' nuvere himmel en skjin; De minsken tusken dy muorren Ha 't wûndere bêst nei 't sin. Heit het al grize hierren Dy tsjûge fan leed en striid; In fleurich wyfke makke Syn libbensmiddei bliid. Hja wie it goudne sintsje Dat troch de wolken kaam, En fan syn libbensfjilden De tsjustere dampen naam. [pagina 126] [p. 126] Hja libbet yn syn libben; Syn winsk dat is har sin; Hja ken har man noch better As hy him selme ken. By 't finster yn de kakstoel Sit al har hope en lok; Dat lytse springerke makket It d' âlden tige drok. It is sa blank en sa mûtel As 't wite wollige laam, En kipet sa nij as it knopke, Dat krekt út de tûke kaam. 't Het yn har ljochtblauwe eachjes In parradys fol nocht; Dêr lêze heit en mem yn Fan leafde, lok en ljocht. Heit neamt it lytse famke Syn ‘libbene gedicht’; Foar har en 't wiif te skreppen Dat falt him och sa licht. Mem wit net, wa't se 't leafst het, Har man of 't lytse bern; De ljochtskyn fan har herte Kin m' yn har eagen sjen. It is in hearlik toanieltsje, Dy trije mei elkoar, No't yn it west de sinne Stiet foar har gouden doar. Heit, d' earm op memme skouder, Wiist nei it mûtle bern; Hja wurdt net wurch, om d' ingel, Har ingel, oan te sjen. [pagina 127] [p. 127] Troch 't finster kipet it sintsje, En fergiet hast fan de nocht, En struit oer 't blanke berntsje Syn leaflik gouden ljocht. ‘Do bern, ljocht fan dyn âlden, Do minske, jit yn de knop, O, groei ta 'n blom fan ús fjilden, Ta 'n hearlik pronkbyld op! Bewarje altyd yn d' eachjes Dat kleare djippe blau; O, bliuw sa lang ast libbest, Oan dyn berne-ienfâld trou. Wurd ienkear in flinke Friezinne, Fan holle en herte sûn, In sintsje foar dyn âlden Yn 'e libbens skimerjûn!’ Dat lústert de sinne ûnder 't sinken En laket en winkt sa blier; Troch 't keammerke rûst in lofsang Fol himelwille en tier. Vorige Volgende