It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 129] [p. 129] In weitsjende Dream. fen T.W. Sytstra. Stil wier de jountiid en effen de mar; 't Sintsje sinkt al, towyl ik yet far; Stil is 't rounom, en 't ropt alles ta rêst; Farkjende driuw ik, 'k forgeat alle lêst. Mimerjend sit ik en roikje net mear; Weitsjende dreamend is 't each wei en 't ear; Slop binn' de hannen, of dreame wol mei Sûnder bistjûr, hwent, it tinzen is wei. Hark, hwet is det? O, dêr klinkt yet in liet! 't Liet, o sa moai, glierket súntsjes oer 't, wiet; Rûst yn myn ear, en strielt herte en sin... ‘Sjongfaem; hwêr bistou? Kom neijer, as't, kin! Sjongster, o kom; kom dôch harren, hy my! Lit my dy sjean; 'k ha sa'n langstme nei dy! Don sjongst' sa moai en sa suver en frisk! 'k Lieawe yet nea, mar dy, dy lieawje 'k wis.’ [pagina 130] [p. 130] Farkjende kaem dêr in famke út it reid, Moai as in ingel. ‘O, wird dou myn breid!’ Rôp ik en roike myn boat nei hjar ta; ‘Dy, en oars nimmen as dy wol ik ha! Famke, kom harren, en lieawje dou my! Skatsje, ei liz dou dyn boatsje hwet by! Kom oan myn herte, det jaget sa fel. Ringen, ja ringen bin 'k by dy, o tel!’ Mar wylst ik roike fordwoun wer dit bern, En ek it liet gyng al stadich forlern; Stoar súntsjes út, waerd mei hjar ek al wei... Ik, as forbûke, ik stoarre se nei. Einling wier 'k wekker: 't wier gau middennacht; Mids yn de stjerren stie 't moantsje op 'e wacht; 'k Tocht vet ris nei oer de dream fen de joun; Driuwend nei hûs seach ik faek nôch yn 't roun. Vorige Volgende