It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 100] [p. 100] Widzesang fen 't Sémanswiif. (Mei Muzyk.) fen P.J. Troelstra. Sliep sêft, myn berntsje, ei slomje sa swiet! Heit is dêr bûten op 't skolperich wiet. Swalkjend yn Rein en wyn Dreau er fier wei - Sliep sêft myn berntsje, mem is dy nei! Smûk leit myn boike, mei 'n mûlke as in kers; Prûs as in blomke, det weikrûpt yn 't gêrs. Soarch en noed, Leed en tsjoed Binne fier wei - Smûk leit myn boike: mem is sa nei. Ynlieawe jonge, ho glimkest' sa blij? Dreamst fen in ingel, dy wacht hâldt oer dy? Kypje mar Blier nei hjar; Glimkje tsjin my - Ynlieawe jonge, mem is by dy. [pagina 101] [p. 101] Nou hest gjin soargen, mar gau komme hja. lenkear mast ek nei de wetterkolk ta. Den mast yn Rein en wyn, Fier fen my wei - Nou hest gjin soargen, mem is dy nei. Tink om my, lieawe, as ienkear dyn skip Swalket oer 't libhens wyld skomjende djip. 't Wetter walt, Stoarmwyn balt, Dea is neiby - Tink den myn lieawe, mem is by dy! Ynlieawe jonge, as 't swalkest op 't wiid, Kin 'k dy net hoedsje tsjin ûnk en fortriet. Ut dyn hert Wyk ik net, As bin 'k ek wei - Ynlieawe jonge, mem bliuwt dy nei. Vorige Volgende