Gearfetting fan it earste en twadde boek
Yn 1365, it jier doe't Rienk Bockema fyftjin waard, kaam er yn ferset tsjin syn âlden. Heit Bocke Doedinga wie yn syn eagen te slop foar tsjerke en boargers. En mem Reynke Donia behannele har soan mei in kâld hert.
Rienk Bockema libbe syn argewaasje út yn de reidsompen, noard fan de Hookslinke, mei't er it famke Lipkje fan Goaiïngasweagen oantaaste. De ferhâlding mei syn âlden, benammen mei de mem, en it foarfal by de Hookslinke behearsken suver syn hiele libben.
Hy socht yn it begjin nei in heit-figuer: de rûge haadling Walle Galama fan Aldegea, de heareboer Fekke Sickinga fan Goaiïngea en kening Edward III fan Ingelân. Mei de troep fan Walle Galama makke er de kontreien fan de Fluezen ûnfeilich. De dochter fan Fekke Sickinga, Bot, troude er mei. En foar kening Edward III gong er op krústocht tsjin de Turken.
In mem-figuer fûn Rienk Bockema yn Marije, dy't yn de Midsieuwen njonken har soan Jezus algemien fereare waard. Mar de Leave Frouwe waard ek in soarte fan hillige plakferfangster fan alle froulju dy't yn syn libben in rol spilen.
Foar syn moed yn de striid tsjin de Turken waard Rienk Bockema troch kening Edward III ta ridder slein.
Ut it houlik fan Rienk Bockema en Bot Sickinga waarden twa dochters berne, Hisse en Hylck. Om't Bot net foar in soan soarge en har eigen paad gong, ûntstie der stadichoan ferwidering tusken man en frou.
Rienk seach yn Ygo, de soan fan Sjoerd Jongema en Makke