Foaropwurd
Yn de rige Monumenten in Nederland, in mienskiplik inisjatyf fan de Rijksdienst voor de Monumentenzorg en Waanders Uitgevers, is it seisde diel wijd oan de provinsje Fryslân. It biedt in rynsk yllustrearre oersjoch fan in bysûnder part fan ús lân. It boek is yn it foarste plak bedoeld as behindich neislachwurk foar in breed publyk. As ynformaasjeboarne is it brûkber foar sawol de wittenskiplik ynteressearre lêzer as foar dejinge dy't fanút in kultuerhistoaryske of toeristyske belangstelling ferlet hat fan koarte en bûnige ynformaasje.
De rige Monumenten in Nederland jout in breed oersjoch fan de objekten en struktueren dy't fanút kultuerhistoarysk eachpunt it meast weardefol binne. Net allinnich de âldere en al mear bekende monuminten krije har gerak, ek de boukeunst út it tiidrek 1850-1940 krijt rom omtinken, sadat it grutte ferskaat oan bouwurken yn dit boek goed ta útering komt. Der is dêrby net allinnich plak ynromme foar it masterwurk, mar likegoed foar de anonime nijbou. Fan hiel âld oant frij nij, fan moai oant bjusterbaarlik, alle kategoryen wurde ien foar ien bydel gien. Mei as risseltaat dat fan eltse stêd of fan elts doarp in gearhingjend byld ûntstiet wat de besteande kultuerhistoaryske wearden oanbelanget.
De tanimmende belangstelling foar monuminten blykt út de konstante fraach nei ynformative boeken en reisgidsen. Meastentiids beflappe sokke boeken allinnich mar in dielgebiet, dêrfandinne dat der ferlet is fan in breed opsette rige as dizze. Elk diel stiet op himsels en kin ûnôfhinklik fan earder útkommen of takomstige dielen rieplachte wurde. Om de útjefte op te fleurjen en de brûkberens te fergrutsjen binne de dielen rynsk yllustrearre mei foto's en tekeningen dy't spesjaal foar dit doel makke binne. Benammen yn it fotomateriaal komt it eigen karakter fan de provinsje hiel dúdlik nei foaren. Fanwege harren grutte ferskaat oan histoarysk erfguod krije de Alvestêden ekstra omtinken. Ek gruttere plakken as it Hearrenfean en Drachten komme rom oan bod. Mei-inoar wurde goed trijehûndert histoaryske stêden, doarpen en buorskippen behannele. Oan bar komme objekten en struktueren as de let-goatyske Aldehou fan Ljouwert oant de yn wapene beton útfierde belvedêre yn Oranjewâld. Fan de romaanske tsjerke yn Hijum oant de yndrukwekkende stedhûzen fan Frjentsjer en Boalsert, fan de âlde terpdoarpen yn it Noarden fan de provinsje, de klokkestuollen yn it Súdwesten en de jonge feankoloanjes yn it Suden.
De rige wurdt gearstald troch in fêst team fan arsjitektueren bouhistoaryske ûndersikers. Dit diel is gearstald troch dr. ing. R. Stenvert, dr. ing. Chr.J. Kolman, mefrou drs. S.T. Broekhoven en mefrou drs. S.G. van Ginkel-Meester. Foar de histoaryske ynlieding koe in berop dien wurde op histoarikus dr. Y.B. Kuiper. It redaksjeteam dat foar dizze rige gearstald is bestiet út: drs. A.G. Schulte, drs. F.C.A. van der Helm, jhr. R.J.A. van Suchtelen van de Haare, ing. B.H.J.N. Kooij en mefrou J.P.M. van den Heuvel út namme fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch en de fjouwer skriuwers. Fierder hawwe drs. A. Reinstra en de meiwurkers fan de ôfdieling Dokumintaasje en Ynformaasje fan de Rykstsjinst elk op harren eigen wize, út de eigen saakkundigens wei, bydroegen oan de tastânkomming fan de publikaasje. Drs. B. Stamkot fan it buro MAP stelde de oersjochkaarten en stedsplattegrûnen gear, jhr. ir. R.G. Bosch van Drakestein fersoarge de kastielplattegrûnen, ing. B.H.J.N. Kooij en H.F.G. Hundertmark de tsjerke- en oare plattegrûnen, wylst H. IJsseling fan Flying Focus de loftfoto's levere hat. De fotografen fan de Rykstsjinst, benammen IJ.Th. Heins en J.P. de Koning binne ferantwurdlik foar de foto's.
Mei dit wurk oer de provinsje Fryslân beëaget de rige Monumenten in Nederland in bydrage te leverjen oan de kennisoerdracht oer ús kultureel erfguod en it opwekjen fan belangstelling dêrfoar.
De direkteur fan de Rijksdienst voor de Monumentenzorg
Fons Asselbergs