stra-famylje yn Carambeí: Auke en Mila, Foppe en Henny en Franke en Greet. Sy stiene ek achter it sukses fan de spesjaal foar my tarette gearkomste fan Fryske Brasilianen yn Carambeí.
Sûnder de reewilligens fan Foppe de Jong hie 'k yn Paraná net fierder kommen as Curitiba. Wimmy, Siebe en Teake Greidanus droegen my by wize fan sprekken op hannen troch de koloanje Castrolanda. Wat Brasilië oanbelanget bin 'k ek tank skuldich oan Geertsje Lolkes Dykstra, Douwe Groenwold, Pyt en Juanita Haagsma, Goaitsen Jacobi, Aant en Kine de Jong, Gryt Keegstra, Hans Keimpes van der Meer en Dieuwertje Meijer.
Yn de bjusterbaarlike oere yn de menistetsjerke fan de Evangelischen Mennoniten-Gemeinde fan Witmarsum yn Paraná-Brasyl waard ik justjes beweechlik doe't foargonger Sieghard Thiessen yn syn wolkomstwurd alle fertellingen gearbrocht yn dat iene tiidleaze ferhaal fan sykjende minsken.
***
Noait soe 'k der yn slagge wêze en skriuw in stikje skiednis oer it doarp dat fuortgie en tagelyk thúsbleau as de Tsjummearumer mienskip net sa foar my iepen stien hie. Foaral Sybe en Sytske Sybesma en Kees Jouwersma wiene oardeljier lang in stipe. Helpfeardigens kaam fierder fan de foarsitters Klaas Jelles Walda fan de kristlike muzykferiening De Bazuin en Jouwert Jouwersma fan muzykkorps Crescendo. Allike floatich kaam Theo Drayer fan Doarpsbelangen Tsjummearum-Firdgum my yn 'e mjitte.
It wiene fierder de folgjende reewillige (âld-)Tsjummearumers dy't my aloan tichter by doarp en minsken brochten: Sybren Althuisius, Albert Tjittes Bonnema (Haarlem), Baukje Boonstra-Harkema, Simon Hoornstra, Anna Kamstra (Swolle), Klaas Gerrits Kuiken, Ulke Lautenbach, Jacob U.Lautenbach (Drylts), Piter Pasma (Luttelgeast), Bindert Posthumus sr.(Stienwyk), Jan Smidts, Sybe A. Traivaille (Berg Eyck), Teije Piters Travaille en Leo en Hannie Vogels.
Ta beslút mocht ik by it skriuwen fan dit boek profitearje fan de kennis en ideeën fan Tom Ammerlaan, Nijmegen; Jan de Boer,