| |
| |
| |
Welbedagt
Jan en Jeep Veenstra fan Veenstra Melkerij, Súd-Afrika.
Noch altyd ferskine boeken fol nammen fan helden dy't troch de tiden hinne de boat nei Súd-Afrika namen. Wêr binne de nammen fan de heldinnen? Der besteane yn Súd-Afrika hiele op alfabet stelde registers fan folksferhúzjend manfolk. Der binne fergiele fotoboeken dy't stiif steane fan de manljuskoppen. Stoere koppen mei of sûnder Krugeriaanse jarregoatsjes fan 't prûmkjen. De ûnderskriften hâlde it brike byld yn libben dat it allinne manlike fuortplanters wiene dy't yn Súd-Afrika ‘diep spore getrap het op baie terreine’.
Mar dan de moed, it offer en de triennen fan al dy froulju.
Wêr binne de memmen bleaun? Wêr meie wy lêze oer harren dragen, trochsetten en spankrêft? Se wiene der om de deale wol by, op dy slopende grutte trek fan Leeuwekop nei de bolderjende kusten fan Natal en de skroeiende waarmte fan Transvaal.
Nim no Riemkje Heida, dy earme boerefaam fan Appelskeaster kontreien. Se mocht der wol wêze, de blinder! Se wie kreas fan liif en lea. Sokke seldsum moaie eagen, sa'n ynnimmende laits, sokke moaie wite tosken. Mar wat foar takomst hie no in stienearm bern fan sechstjin dat as âldste yn in húshâlding fan sân bern har beide âlden al nei 't tsjerkhôf bringe moast? Mocht dizze Riemkje noch hoopje op in better bestean as dat fan har heit Jeep Heida en har mem Grietsje Hooisma? Se waard besteld, sa gie dat doe, as boerefaam by lytse Hindrik Pijlman oan 'e Streek yn Lúnbert. Op dy syn pleats bestie gjin meilijen. Riemkje ûndergie it tsjinjen by Hindrik fan Lúnbert as de hurdhertichste faze yn har rûzich bestean.
| |
| |
Har dreamen waarden ferballe, har lêste hoop like te ferfleanen. Sa siet se yn 'e sompige jister leech ûnder de Streeksdyk te melken. Under in taaimelke ko fan stamboeksboer Hindrik. De ko draaide de kont nei de earste hjerstbui, Riemkje siet op 'e wyn. Mar de iere dreamen lieten har net los; dan dreamde se fan in jonge mei ljocht hier en blauwe eagen yn in brún ferbaarnde kop. Hy ried op in karre dy't waggeljend syn wei fûn troch it lân fol sinne en aventoer.
Bestie der sa'n lân? Bestie der sa'n jonge? Sa'n jonge wie der grif wol earne, mar hy soe foar in earme boerefaam fan Lúnbert ûnberikber wêze.
Se hie ris in skym fan him sjoen. Op in sneintemoarn by de Lúnberter klokkestoel. Hy seach har kant op, eefkes mar, en bleau roerleas stean. As rekke er beferzen. Hy rûn wer fierder, blykber op wei nei de gruttsjerke fan Tsjalbert. Neffens de ferhalen de tsjerke mei sawat it heechste dûmnystraktemint fan Fryslân.
Letter, op in jûn, stie deselde jonge yn 't skimer mei in keppel maten foar de ‘koopraasje’, it bûterfabryk oan 'e Streek. Mei in knappe fyts oan 'e hân. Jawol, boeresoan Piter hie al in fyts! Hy wie dan ek ien fan de njoggen soannen fan Jan Linses Veenstra en Wikje Popkema. Gewykste mannen.
Riemkje siet moarns om fjouwer oere wer ûnder de kij fan lytse wrede Hindrik. De jonge mei ljocht hier en blauwe eagen yn in brúnferbaarnde kop ried yn har fantasije op in grutte karre dy't waggeljend syn wei fûn troch it lân fol sinne en aventoer.
Achter in swiere beam tusken de ‘koopraasje’ en de pleats fan lytse Hindrik stie op in stille tongersdeitejûn de jonge. Piter Veenstra. Al in healoere wachte er op it momint dat de faam fan 't hiem komme soe. Dêr wie se. Se waard kjel fan har eigen dream en rûn mar eptich troch. ‘Ik moat nei 't fraachlearen,’ sei se.
Doe sei er: ‘Wêr't jo hinne geane, moat ik ek hinne.’ Har dream begûn werklikheid te wurden, want it kaam fan twa kanten. De wrede boer sei tsjin har: ‘Do moatst mar net tefolle fan 't hiem komme, oars bestel ik dy by in klaaiboer!’ En op in moarn ier sei er: ‘Ik sil dy dìt fertelle: de soannen fan Jan Linses stappe stik foar stik op in oseaanstomer nei it lân fan de liuwen en tigers, nei swart Afrika. Lúnbert is te lyts foar de njoggen Veenstra-jonges. Do hoechst nergens op te rekkenjen.’
| |
| |
Riemkje hie 't al begrepen. Guon neamden de Veenstrapleats al ‘It Transvaal’. Der wie mar ien fan de njoggen soannen, Popke, dy't net folle op hie mei in boere-aventoer fier oer see; Popke moast dan mar skoalmaster wurde. Yn Hollân.
Ein septimber 1923. Piter weage him yn Rotterdam by de loopplanke op en fear nei dat lân fol sinne en aventoer. Twa jûnen tefoaren hie er foar 't lêst achter de swiere beam op har stien te wachtsjen. It reinde net, mar alles like wiet en klam.
Nei't se fan 't hiem kaam, rûnen se tegearre nei 't klokhûs.
Der pipe in izeren hikke. Achter de tichte boekehage soe gjinien harren oer 't mad komme. Doe't letter de izeren hikke opnij pipe, brûkte se de wurden dy't er spriek op de earste jûn: ‘Wêr't jo hinne geane, moat ik ek hinne.’
Hindrik-boer ûnderskepte de earste brief fan Piter Veenstra oan syn faam út Súd-Afrika. Hy stiek him achter de graniten pendule yn 'e foarkeamer. De boerefaam mei de moaie eagen dy't sa melke koe, woe er net kwyt oan in ûnmooglike leafde. Mar it wie Riemkje sels dy't it skriuwen ûntdiek.
‘Ik bin yn de gedachten allegeduerigen by Jo.’ Dat wie Piter syn earste rigel, en dat wie har al genôch. Se stiek de brief ta 't jak yn, seach rjocht yn syn blauwe eagen en ferliet foargoed it hiem fan Hindrik Pijlman. Wat skruten makke se de loop nei de Veenstrapleats en rôp ‘folk’. De brief hold se yn 't jak.
Dizze boerefaam koe der by Jan en Wikje Veenstra mear as op troch. Net foar neat hie de âldboer by 't ôfskied fan al syn acht folksferhúzjende soannen sein: ‘Hâld de kop der by as jim achter de froulju oan sitte, nim in Frysk wiif, lit in Fryskenien oerkomme nei Súd-Afrika, en nim dan ek in Fryske stamboekbolle en wat hoklingen mei.’
Wat bolle en hoklingen oanbelanget hâlden de acht Veenstra-jonges harren oan heit syn rie. Op twa nei. Ien siet gjin frouljusfleis oan, de oare koe allinne mar oan in Hollânse frou slagje. Mar dy lêste learde sa goed Frysk dat sels harren bern en bernsbern njonken it Afrikaans en Ingels knap Frysk sprieken en liezen.
***
| |
| |
De brief hold Riemkje yn 't jak. Tsjin har liif. Piter skreau ek noch dat er foar de Spaanse kust mei de interbolle Titus Adema en de fjouwer holdingen fan Hartwerter kontreien yn swier waar belâne wie. Ek al kearde him no en dan de mage om, yn it nearzige rom fan 't skip bleau Piter by syn bisten. Hy wie gjin seeman, hy wie boer.
Har leafste wurden hienen oer de post in wykmennich wurk. Earst dobberen se de West-Afrikaanse kusten bylâns, dan dinderen se noch in pear dagen mei 't spoar it rûge noardeasten yn. ‘Ik bin ek allegeduerigen yn gedachten by Jo, Piter,’ lies er mei de gleone sinne fan de Wittekopsberge yn 'e nekke.
Hy swalke mei har brief yn 'e bûse troch 't rûge lânskip fan de berchketen en fielde in klopjende langstme opkommen. Somtiden hearde er wer de stielen hikke by de Lúnberter klokkestoel piipjen.
Tsjin 't dekor fan de poarperen hichten yn 't easten, achter him, stie de pleats Welbedagt, de pleats dêr't er bedriuwslieder wurden wie. Bolle Titus hie de earste hoklingen al kalf. Piter seach foar him út en der ferskynde in byld mei eigen swartbûnten op eigen lân. Tegearre rûnen se op in jûn nei de kij.
It reinde yn Lúnbert, Riemkje woe fuort. En se gie fuort. Te foet nei 't Hearrenfean, mei de tram nei De Lemmer, mei de boat nei Amsterdam. En dêr lei it oseaanskip Oesa Kuma ûnder stoom. In skipfol foar it measte part jongfolk. Op ‘It Transvaal’ yn Lúnbert wie wer it ien en oar regele: ûnder yn 't skipsrom wjerkôgen wer in pear stamboekhoklingen fan Hartwerter kanten.
De Oesa Kuma bunkere yn Casablanca, Dakar, Monrovia, Banana en Walvisbaai en liet goed fjouwer wike letter it anker falle yn 'e Tafelbaai. In pear dagen letter yn de trein glied de koperkleurige Karroo stadich oan Riemkje foarby. De flymjende sinne liet him ôflosse troch in kâlde moanne, se wist boppe har de stjerren sa helder as wat. De faam fan Lúnbert, se hie net iens yn 'e gaten dat der likefolle manljuseagen nei har loerden as der stjerren wiene.
Nei in ivichheid bleau de trein útpoeft stean op 't lytse perron fan it stedsje Lady Grey, mar it kin ek Karingmelkspruit west
| |
| |
ha. Noch krekt foardat sy elkoar yn 'e earmen foelen, koe se sizze: ‘De hoklingen binne der ek, Piter.’
Op de moarn fan de 28ste maart, doe't der foar it earst yn sawat in healjier wer snie op de Wittekopbergen blikkere, trouden se. In seremony sa't de gewoane Afrikaner Boer dat graach seach: yn de grutte tsjerke fan Bloemfontein, mei in swiere preek. As moasten de wurden trochklinke oan Lúnbert ta. Riemkje stie der net alhiel yn 't wyt op.
De natuer gie syn wei, Titus hie de measte hoklingen kalf. Bedriuwslieder Piter fan de pleats Welbedagt dreamde fan syn eigen ‘Frise kudde’. De âlde minsken oërsee waard ferslach dien, de brieven binne bewarre: ...‘de swartpoot het kjelle, in bolle.’ En ‘ús het in greutte kat’ (luipaard) ‘it amper droege kjel fan Wikje VI snipt en weisleept de heuge klippen yn.’
Piter en Riemkje beskikten op Welbedagt oer twa weardefolle riedsmannen. Earst wie der Piter syn âldste broer Linse, dy't al yn 1909 - amper tweintich jier âld - oankaam en ûndertusken lektor wurden wie oan 't Glen-lânboucollege yn Potchefstroom. Dizze âldste soan fan Jan en Wikje, noch berne te Nij-Beets, soe ien fan de grutste pommeranten op suvelgebiet yn it Súd-Afrika fan syn tiid wurde.
De oare riedsman wie Simon Lekuto, de âldste swarte arbeider fan Welbedagt. Simon mocht dan net witte hokker dei syn jierdei wie, mar hy koe de geheimen fan 't gea. De swartman wie der by doe't Titus foar 't earst loslitten waard by de Adema-hoklingen. Hy mocht mei syn nije baas, in wytman op swiere klompen en yn blauwe kile en seilbokse, it berchlân yn.
Hy en de baas, op syk nei in nije wetterboarne foar grutte lapen koarkdroech lân. Se swalken, fierder en fierder, heger en heger. Simon bikke mei in stien op in rots dy't op de rêch fan in skyldpodde like. De âlde swartman slikke it focht fan de splinters en priuwde, seach de boer oan, tocht djip nei en ferdútste dat se hegerop opnij in skot weagje moasten.
Dy middeis iepenbiere him in mirakel: in eintsje fierderop brûsde wetter fan boppen, skoander wetter dat weiwaard yn 'e tsjustere kleauwen fan it ûnbidige geberchte. Simon wie der wis fan: hjir siet sàfolle wetter yn 'e klippen dat der wol in stream fan
| |
| |
nei it droege lân skean boppe Welbedagt laat wurde koe. ‘Mei dit wetter,’ stelde Simon fêst, ‘sil der gers komme foar noch ris safolle hoklingen as der jûns krekels roppe op it hiem fan Welbedagt.’ De âldman hie net iens mei syn stok op 'e rotsen slein, it wetter wie der al.
De nijboer fan Welbedagt hat der letter mei syn folk foar soarge dat it wetter nei 't droege lân laat waard.
Simon learde syn baas de earste wurden fan de Xhosataal. En hysels learde, taalgefoelich as er wie, syn earste Frysk. Dat doe't Piter ris mei broer Linse op 't hiem stie te oerlizzen en Simon foarby kaam, sei er: O baas, ek het 't lankal gehoor wat julle sê: ‘de boys mutte de kij ophelje.’
Op 't boerehiem bestie al generaasjes lang Apartheid, mar dan as in net opskreaune wet. Tagelyk libben swart en wyt yn harren deistich bestean sa ticht byelkoar dat se dochs in ienheid foarmen. Simon liet syn baas yn de klippen it stee sjen dêr't de jonge boys besnien waarden. De boer soarge dat der in stort, in iepenbiere dûs op 't hiem kaam, dêr't de jonges harren nei 't besnijen wat ôfspiele koene. De boer liet prûmtabak foar Simon út de Jouwer oerkomme, Simon brocht de boer nei 't geheime plakje dêr't er no en dan de dagga, syn hennep, weihelle en opsmookte. Noch in inkelde kear liet er dêr dan ien fan syn trije frjoulju komme. As de âldman mei syn grize kroltsjes dan jûns wer achter de kroade oer 't hiem fan Welbedagt trape, siet der net folle gong mear yn. Sa wie 't op de pleats in spultsje fan elk syn meuch.
En der dobberen waarme brieven fan en nei 't lege lân oërsee. Altyd wol grut nijs: Fan Titus wiene der de earste nijmelke rierren en Riemkje wie swier fan Piter. En it liet him allegearre skoan oansjen.
Oan 'e Lúnberter Streek wisten de âldelju no ek noch dat se op Welbedagt it wetter fan de hichten nei de droege flakten ôftape hiene. ‘It is dêr by jim ek al in kwestje fan lânoanmeitsjen,’ stelde Jan Linses grutsk fêst. Hiene se sels de fuotten ek net ûnder 't gat krigen mei lânoanmeitsjen?
Op in kear moast Simon syn baas der op attint meitsje dat it grutwyld Titus betsjoend hie. Dat de baas moast mar oppasse mei
| |
| |
de bolle. Titus hie ‘de grutte kat’, it luipaard, slûpen sjoen. Hoarnfee dat ienris de rook op grutwyld hat, krijt de ‘bush’ yn 'e bealch en wurdt noait wer fertroud.
Op in dei swalke Piter Veenstra de kant op fan 't geberchte.
Der lei al wer snie op 'e Wittekoppen. De boer wie benijd hoe't op 'e nije griene flakte Titus en syn grutte keppel hokkelingen der foar stiene.
Wat Piter Veenstra nei in oerke poateljen oantrof wie neat oars as in idyllysk stillibben: glânzich swartbûnt tsjin 't donker fan reuseftige hichten. It tilde dêr op fan wite, giele en pearse blommen, hy telde de hokkelingen, rûsde hoefolle der kalf wiene, seach hoe't de bolle sûnder drokte oer syn froufolk regearde. It bist seach op, naam de boer yn 'e blaukile waar, de man dêr't er yn stoarmwaar op in kreunend skip tegearre seesiik mei west hie en weide wer fredich fierder. Dat die er ek noch doe't de boer ûnder 't stikeltried troch kaam en syn keppel bisten grutsk temjitte rûn.
Mar doe, ynienen, kaam yn Titus de oerdrift los dêr't Simon Lekuto syn baas foar warskôge hie. Op hege poaten trêde de bolle op de donkere gedaante ta, de eagen wyld, de noastergatten iepen.
De boer stode nei 't stikeltriedstek werom, mar wie krekt te let. De bolle wraamde en wraamde. Fjouwer kear, fiif kear. Oant syn slachtoffer as in fodde yn 't stikeltried hong. Doe hat Piter Veenstra smeekt: ‘Heare God, sparje my!’
De bolle rûn snuvend noch in eintsje fierder achterút. It wie de tarieding fan de ultime oanfal. Op dat stuit bestie Piter Veenstra it en draai him mei twa brutsen skonken, in ferbrizele skouder, acht stikkene ribben en ferskate ynwindige kniezingen ûnder it stek troch.
De jûn foel, der kaam al in skyltsje moanne boppe de Wittekopbergen út, yn 'e klippen liet him al in wylde kat hearre, en doe fûn it folk fan Welbedagt harren baas. Der kaam in lytse oksewein mei in span hynders der foar. Der folge in ûnkomfortabele reis nei 't hospitaaltsje fan Aliwal-Noord.
‘Do moatst better wurde,’ flústere dy nacht Riemkje him ta.
‘Ik wurd wer better!’ hearde se. ‘En dan meitsje wy in doopreis, dan farre wy fuortendaalk mei ús berntsje nei de gruttsjerke fan Tsjalbert.’
| |
| |
Lytse Jan wie fjouwer jier doe 't Piter Veenstra wer stikhinne de âlde wie. De boer en boerinne fan Welbedagt fearen oan board fan de Dútse damper Adolf Wörmann nei it lân achter de diken. Wy skriuwe de iere maityd fan 1932. Op in sneintemoarn kamen se oan, in wike letter waard harren jonkje doopt.
***
Jan Piters Veenstra, boer yn it Transvaalse gehucht Veenstra Melkerij ûnder Pretoaria, is, seisensechstich jier letter, syn doopreis net fergetten. Hy wit noch hoe't er op in moarn tusken syn heit en mem de herfoarme tsjerke yn poatele. It jonkje hearde in oargel spyljen sa't it yn Lady Grey spile, mar dan mei in noch earnstiger lûd. Hy naam waar dat der yn tsjerke in fûgeltsje fan de iene balke nei de oare fleach, hy fielde even letter it lije doopwetter oer syn wang streamen, hy fernaam hoe't de waarmte fan beppe Wikje har skoat yn him opstiigde, hie niget oan it stikelige ringburd fan pake Jan Linses, seach letter jonges dy't mei in stok oer in kloof mei wetter sprongen, mocht it aike even yn 'e hân hâlde dat in buorman yn syn pet meidroech, seach oer 't lân dat sa flak wie as in kalme see, harke nei de taal dy't foar him sa ûntsachwekkend klonk as de tonger op de hichten fan Natal. Dat alles wie Lúnbert begjin april 1932.
In minskelibben letter. De beide grize soannen fan Piter en Riemkje jouwe op fan harren twa moedige en ûnbrekbere âlden. Se ferhale yn sjongerich Frysk fan heit en mem harren mystike konneksje mei it lân dêr't se net bliuwe woene. Hoe tsjinstridich en ûnbegryplik ek, der rint noch altyd in taaie tried nei dat lege, wiete lân. Troch dy tried streame noch de emoasjes, lykas troch telefoankabels stimmen krûpe. It giet ynterkontinintaal, it giet troch de kelders fan de see. Jan en Jeep Veenstra ha amper in reëel byld fan dat fiere lantsje, se binne der net berne. Mar it hat op ûnferklearbere wize noch alle dagen mei harren hiele bestean te krijen. Sa bewarret de Súd-Afrikaanse neiteam fan âlde Jan en Wikje Veenstra fan Lúnbert - it moatte der wilens mear as hûndert wêze - in unyk erfskip. Wat senior syn acht folksferhúzjende soannen by 't
| |
| |
ôfskied yn 'e homeie op 't hert drukte - lit Fryske froulju oerkomme - is sa te sjen net sûnder gefolgen bleaun.
‘Der bestie leau 'k botte (baie) leafde tusken heit en mem,’ seit Jeep Piters Veenstra, lânbou-yngenieur mei pensjoen. ‘Doe't se op Groenkloof rintenieren, hat heit ris loslitten dat se in dreech mar prachtich libben hân hiene. Hy sei doe tsjin mem: “Jo en ik haw it sa botte moai, Riemkje.” Neitiid hat mem it yn har eigen wurden trochjûn oan de bern en bernsbern: “Us libben wie as de jakaranda, de beam dy't bloeit yn folle gloarje. En as de beam de blossem ferliest, dan moatte de blêden noch komme. Wy ferkeare yn tefredenheid yn it skaad fan de jakaranda”.’
‘Dat wie op Groenkloof,’ wit syn broer Jan, ‘dat moat yn 1964 west ha. In jier letter hat heit de holle dellein.’ Jan hie doe al lang syn heit as boer opfolge en de útbuorren Veenstra Melkerij útwreide. Jan doarst it sels oan en ming syn Fryske ‘kudde’ mei Jersey-bloed. O dat ‘fermingen’, wat wie dat de âldman earst min nei 't sin. Mar letter die bliken, op Veenstra Melkerij waard net allinne in soad molken, de molke siet ek mear fet yn.
‘Doe't mem jierren letter ek weirekke hat Jeep op Groenkloof wûnderlike dingen ûnder de flier fûn.’ Jeep sjocht de fynst wer foar him. ‘Under harren sliepkeamers wie gâns in romte ûnder de flier. Heit tocht dat soks goed wie tsjin de rimmetyk. Earst djippe ik in houten kistke op. Dêr sieten harren brieven yn. En, net te ferjitten, de tabakspiip dy't in fiere fiere omke op Sint Helena makke hie nei't de Ingelsen de Boeren dêr yn konsintraasjekampen opsluten hiene. De hjir noch altyd djiphate Ingelsen. Ik sjoch dy piip as it symboal fan heit syn grutte hekel oan de Ingelsen. De arroganten fan Albion dy't de Boeren hjir fan harren hiem jagen, dy taalfernielers, dy't mei harren spraak alle oare spraken besykje dea te meitsjen.’
Der lei ûnder de flier nòch sokssawat as in symboal: Piter Jans Veenstra syn earste op Welbedagt fersliten klompen. ‘En ik fûn in Frysk tegeltsje dat mem sa nei wie: ‘Dêr't God in doar tichtslacht, docht Er in finster iepen.’
‘En fûnst noch wat, Jeep.’
‘Der stiene ek noch in pear grutte blikken dêr't tink ik prûm- | |
| |
tabak foar heit en Simon Lekuto yn sitten hie. No sieten der de bekaanfere doopklean fan harren beide jonges yn. En fierder? Lange breiden sokken. In stille wink oan de neiteam om de wei frij te hâlden nei it jûntiidslân Fryslân.’
|
|