Prolooch
De brutsen maityd
De dei kaam dat de koffers ynpakt klear stiene. Bagaazje fan in heit en in mem mei fiif bern. It boerespultsje, de bisten, it lân, alles wie âl net mear fan harren. As wiene se frjemden wurden yn harren eigen hûs, sa sieten se dêr op it pleatske op de Skieding yn Grinzer Pein ta it finster út te sjen. Sels de klok, dy't de lêste oere fuorttikke, hie it lûd fan in frjemd oerwurk.
In foarfal yn de twadde helte fan maaie 1948, belibbe troch in jonge fan fjirtjin. It wie op in jûn mei waar as side, de rook fan de maityd hong oer it lân, de sinne liet him hiel foarsichtich sakje, om sa de lêste dei sa lang mooglik te meitsjen.
Der kaam folk it paad nei it pleatske op. Earst twa manlju. De iene hie in trompet ûnder de earm, de oare wie de pistonblazer. Der kamen noch mear, manlju mei blinkerjende ynstruminten op 't skouder. Gjin kertier letter stie de hiele besetting fan de kristlike fanfare Crescendo fan Grinzer Pein op it hiem fan it lytse spultsje op de Skieding: de lytse en grutte bas, de lytse en grutte trom, de tuba's, tromboanes, bugels, trompetten en de piston.
Se besochten yn 't gelid te stean, de mannen fan 't korps, mar it like wol as waard der wachte op in sein fan Hegerhân. Doe tikke de man fan de grutte bas mei syn trouring op it izeren lid fan de reinwettersbak en waard it earferdôvjend stil. En dêr spile it korps, dêr barste de lêste maityd oan de Skieding yn Grinzer Pein útelkoar. Oft it in koraal wie of in mars, de jonge fan doe wit it net mear, mar yn elk gefal wie it muzyk dy't sa steatlik spile waard dat