| |
| |
| |
Brief
Bêste Sibe,
Nei juster fiel ik dochs wol it forlet om dy to skriuwen. As wy inoar op in oar plak metten hiene, hie dat grif net nedich west, alhoewol't somlike dingen soms better op papier sein wurde kinne as yn persoanlike konfrontaesje. Of, it leit net sasear oan it aerd fan dy ‘somlike dingen’ as wol oan it ‘soms’. Juster bygelyks. It wie hwat stiif tusken ús, hwat formeel en soks hawwe wy nea hawn. It plak wie der neffens, dat is wier, mar it offisiéle selskip hoegde ús dochs net foar inoar oer offisieel to meitsjen. As it oars west hie, hiene wy prate kinnen; nou moat ik dy skriuwe.
Ja, ik bin Roomsk wurden en dêr wol ik oer prate. Ik wol net dat der omhinne praet en dien wurdt, lykas mei in soarte fan hûdsykte dy't akseptearre wurdt yn syn feitlikens, mar dy't fierders taboe is.
Ja, ik bin Roomsk wurden en dêr wol ik oer prate. Net mei eltsenien, mar mei dy al. Net om dy to bikearen, net om my to forûntskuldigjen, mar omdat ik wol datst witte silst hoe en hwat.
En dan meist dat fierders ynterpretearje sa'st wolste, dou meist it folslein ôfwize - en ik wit skoan datst dat dwaen silst, lykas ik it altyd dien haw - en ik siz dy yn 't foar datst mei dyn argumintaesje gelyk hast. Bigryp my goed, dat siz ik net om my der ôf to meitsjen, út in soarte fan heechmoed dy't yn wêzen net hearre wol nei in oar, mar ik mien hwat ik siz. Objektyf hast grif gelyk, mar myn bikearing - hwat in grou, nuver wurd - is sa'n persoanlik wjerfarren, dat it troch argumintaesje net oantaest wurdt. It is de planke dêr't ik bisykje my op to rêdden en alle riddenaesje dat in boat safolle better is, rint stomp om't dat boat
| |
| |
gjin réaliteit foar my hat en de planke al. Dyn boat - en eartiids ús boat, ik jow dat graech ta - sit knap yn inoar en is bistân tsjin séen en orkanen en der is by my gjin rankune tsjin hwa't dêr sierlik yn wit to silen. Mar ik kin it net, de navigaesje is my net tabitroud. Mei myn planke haw ik alteast hwat, mar mei it boat neat: dat teart om en ik forsûp.
En ik bin net heroysk genôch om to sizzen: dan mar leaver forsûpe. En om nou fortelle to kinnen hwat my brocht hat ta myn foroaring, skriuw hjir earst oer hwat ik in healjier forlyn - 12-3-'58 - opskreaun haw.
Om 'e nocht bisykje ik de oantins tobek to kringen. It wie my forgetten, mar nou't ik dat frommes sjoen haw is it hiele barren yn ien gjalp boppe kommen en dêrmei de eangstme. De forskriklike, faksearjende eangstme om hwat ik dien haw mei dy oare. Ik sjoch wer har blanke hals, ik sjoch wer hoe't myn hannen der nei gripe. Hja wrakselet. It doel wie alhiel net om har hwat to dwaen, mar it is in flitsende, kranksinnige binaudens foar hwat hjir út fuortkomme sil, dy't my twingt om troch to setten. Sa bart hwat mysels wearzget. Myn hannen klamje ik forsmoarend om har kiel. Fêsthâlde... even noch. It lichum wurdt slop, biweecht net mear - ik wit dat hja dea is.
Hoe't ik it lyk forstjusteremoanne haw, wit ik net mear. It stiet my net mear foar en ik doar it my ek net to binnen to bringen, omt ik wit dat dat my bang meitsje soe. Mar ik fiel dat as ik wolle soe, ik it my to binnen bringe koe.
Mar ik wol net.
It soe my de died allinne mar mear biwust meitsje kinne, de died dy't ik lang forlyn bidreaun haw. Hoe lang lyn al? Né, net dêr oer neitinke. It is toneistenby trije jier forlyn, dat wit ik sa wol, mar ik wol neat fan dy dei yn myn omtinken bringe, neat fan de omstannichheden, neat fan alles dat der yn dy dagen foarfoel.
Hwant it is as ien greate kleaune mei inoar forboun; as ik de
| |
| |
tried efkes opnim ropt it iene it oare op en it iennichste dat ik wol is: forjitte.
Hoe yn 'e fredesnamme is it my slagge sa to forjitten dat ik der al dy jierren net oan tocht haw, dat ik rêstich libje kinnen haw tusken de oaren, sûnder dat immen eat fornommen hat? Sûnder dat ik sels hwat fornaem en der oars net wie as dat fage, mêdde gefoel fan binnen, dat in tofreden stilte dochs winliken skier en wanmoedich makke.
Mar nou bin ik dat frommes yn 'e mjitte kommen. Ik hie oan har foarby gean kinnen sûnder earne om to tinken, mar hja hat lake en dat hat de ûntlading yn my towei brocht. Dy heimsinnige laits yn dat bleke antlit, hwat hâldde dy yn? Wie it in laits fan forstânhâlding? Fan wraek? Fan mandéligens? Fan hate? Dy blekens en dy forwrongen trekken diene dy tinken oan it slachtoffer? Of wie dat hja allinne wol hwat fan inoar hiene? Hwa wie dat frommes? Wie it faeks har suster? Ik leaude fan al; mar hwat wist dy? Hwat yn 'e fredesnamme ergere hja? Fragen, fragen dy't my mislik makken fan eangstme, dy't myn tinken forlammen en my omdoarmje lieten yn it swartste neat. Wie dat klamme gefoel yn my: birou? Hie dan dochs al dy jierren de wroechwjirm yn myn ynderlik omwrotten en wie it nou ta in útboarsting kommen? God, God hwat in ûngelok wie ik, hwat in folskandlik wêzen. Ik wist it wer dat ik de moardner wie fan in frommes, dat ik net hate, dat my neat misdien hie. Foar in part út lust ta deadzjen, foar in part twongen troch deadseangst hie ik my oan dat libben forgrypt. En dêrnei hie ik myn die forburgen en ik libbe mank de oaren, lyk oft der gjin bloed oan myn hannen klibbe; as wie ik de earsume boarger dêr't ik foar hâlden waerd. En slimst fan alles jitte, it wie my slagge to forjitten, ik hie de oantinzen fan my ôfskodde, alhielendal, folslein.
Earme, forhûddûke frou. Hoe wie har namme? Sels dy wie my forgetten en net ienris op dit stuit koe ik my dy to binnen bringe. Har foarnamme, hoe faek moast ik dy net lústere hawwe oan har ear, en nou socht ik der om 'e nocht nei. Gysten en eangstich,
| |
| |
hwant wol woe ik dy namme witte, mar alle oare dingen moasten bidobbe bliuwe yn tsjustere djipten.
Ik foun de namme net en bitocht hoe folslein in minske it kweade forkringe kin bûten syn biwitten, dêr't it ûnthâld it net birikke kin.
Mar myn tinzen glieden tobek nei dat bleke antlit mei dy net to ûntriedseljen glimk. As dy wraek bitsjutte, wie dat foar it greatste part al slagge, hwant ik wie myn rie to'n ein fan eangstme. Ik soe nuvere dingen dwaen kinne om alles dat ea myn skuld oan it ljocht bringe koe, to forneatigjen. Hwat wie der bard mei it lyk? Wist de suster dat en fierde dy hwat yn har skyld? As ik derfan oertsjûge rekke dat it sa wie, dan soe in twadde moart, dat fielde ik, net útbliuwe. Mar hwerom hie dat frommes trije jier wachte? Kalm bliuwe moast ik, kalm bliuwe. Mar der wie in riedeleaze en dwylsinnige bigearte yn my, om my derfan to biwisjen dat it lyk nea tsjin my tsjûgje kinne soe. Hwer lykwols moast ik it fine? Fortwivele taestte ik myn ûnthâld jitris ôf. Mar der kaem gjin namme en gjin plak yn my boppe. Allinnich seach ik myn hannen, krêftich en wreed, om de kiel fan de frou klamme. Frou? In fanke winliken, nochal mûtel, mei blank weak flesk. Hoe hie ik it dwaen kinnen? Hoe koe ik nou de oantins forneare? Mar dat koe ik ek net. Ik moast dy tinzen tobekkringe, al soe de ûnderste stien ek boppe. Myn deadlike eangstme joech my yn it foarste plak de energy om dy wrakseling fol to hâlden. Dochs slagge it net de ûndraechlike tins kwyt to reitsjen oan hwat eartiids foarfallen wie en oan hwat ik, dêrtroch, nou wie. It forjitten woe net mear, de oantins wie to sterk. It binaude swit stie my yn kobben op it liif...
Ik wit net Sibe, hwat yndruk dit stikje op dy makke hat. Faeks hast dy ûngerêst ôffrege hwat dy bikentenissen bitsjutte of miskien hast tocht: hy is gek. Yn beide gefallen bin ik tofreden, hwant dan sjochst alteast yn dat it autentyk is. Ast mar net tocht hast: ‘O, hy wol in forhaeltsje fortelle’, hwant dat is it net. Mar
| |
| |
lit my fierder farre.
Hwer't ik hjirboppe ophâlden bin, waerd ik wekker en dêrtroch wist ik dat ik sliept hie. Mar bitsjutte dat ek dat ik dreamd hie? Dat soe to moai wêze om wier to wêzen; ik hie ommers net dreamd, mar my to binnen brocht en ik fielde noch hieltyd deselde smertlike eangstme.
Yn myn dream wie it boppe kommen, wis, dat gesicht fan 'e suster dat hie ik dreamd, mar dat oare wie wier in trochbraek fan it ûnderbiwitten, dat my salang tastien hie om to forjitten. De spanning wie nou to great wurden en hie my it forline wer to binnen brocht. Om 'e nocht lykwols bisocht ik op 'e nij om har namme op to djipjen. Soe it dan dochs in dream wêze en soe ik yn wierheit net de skuld op my laden hawwe, dy't ik as lead op myn siele fielde? Myn tinzen fleagen de rige bylâns fan de fammen en froulju dy't ik kennen haw - ik koe net útfine hwa't der miste, hwa't forstoarn wie, hwa't it dus mooglik wêze koe.
Mar de eangstme, de binaudens, de wroeging bleauwen en hja wiene sa reéel, sa liiflik oanwêzich Sibe, dat ik myn rie to'n ein wie. Dochs tocht ik skerp genôch, wier. Doe't it hoopfol yn my opljochte dat ik dan dochs miskien wier gjin moart bigien hie, doe wie dêr op itselde stuit de tins: mar ast har net deamakke hast, dan hast oare dingen bidreaun dy't like slim binne. Oars koe it gewisse dy net sa folterje. Dat wurd is net to grouwélich Sibe, mar ik wit net oft ik dy it gefoel sels wol dúdlik meitsje kin: it wie in morele eangstme - moreel, om't it gie om goed en kwea, dat wol sizze om kwea allinne dan, dat ik bidreaun hie en dat net samar by wize fan sizzen kwea wie, mar op 'n djipsten, folslein; en de eangstme wie net om hwat my fan de kant fan wet en gerjocht bidrige, of om hwat de minsken derfan sizze soene... of winliken dat allegearre ek wol, mar allinnich om't hwat it gerjocht en de lju sizze soene itselde wie as, of alteast syn gewicht ûntliende oan hwat iksels der fan tocht, om't ik der sels ja op sizze moast.
Ik koe, ik doarst net langer op bêd to bliuwen. Ik gie der ôf en
| |
| |
die alle ljochten op, om kalm en helder neitinke to kinnen. De klok wiisde healwei fjouweren oan, dat wie ien fan de dingen dy't my holpen my to réalisearjen dat ik net sliepte of dreamde, mar klear wekker wie. Ik seach ek hiel wol yn dat ik dreamd hie en ik wie ré om de moart nei it ryk fan de symbolyk to forwizen. Mar it slagge my net om in ôfdwaend andert to jaen op de fraech, dy't ik klear wist to formulearjen, oft ik wier in ôfgryslike died foar mysels forburgen hâldde, ja of né.
De gefoelens binne réeel, sa lei ik by mysels oer, dat de dream moat op de iene of oar wize sin hawwe. Dêrom krige ik pinne en papier en skreau him op, itselde hwat ik hjirboppe foar dy oerskreaun haw. Lykwols, doe't ik dat dien hie wie ik it binearjende gefoel noch net kwyt. Mar ik koe dochs ek net sitten bliuwe en mei de bange gedachte faeks myn hiele fierdere libben efterfolge to wurden troch de oantins oan in gemiene died - dy't nou't er ienris boppe kommen wie, him wol net fannijs wer forkringe litte soe, socht ik it bêd wer op en bisocht alteast yn 'e sliep to forjitten.
It slagge my yn 'e sliep to reitsjen, mar ik wie switterich en binaud en doe't ik de oare moarns wekker waerd - to wekker skrille moat ik sizze - stie de dream, om it sa mar to neamen, wer klear foar my en de eangstme bleau de hiele dei by my. Ik fortel dit mar koart, hwant it hat gjin doel to bisykjen yn adekwate wurden to biskriuwen hwat ik trochmakke en it essentiéle haw ik dy al forteld. Ik hâldde mysels foar dat it ûnsin wie, mar it wie allegearre om 'e nocht en de folgjende nacht en ek de dêrop folgjende kaem ik net ta rêst.
Doe't ik de deis dêrop wer op bêd soe sei ik tsjin mysels: nou sil it oars. Ik lykje wol net wiis sa oerstjûr to wêzen om eat dat nea bard is en dat ik inkeld dreamd haw - ik wol fannacht ta rêst komme. Dat lêste herhelle ik hieltyd foar mysels: ik wol fannacht ta rêst komme, ik wol fannacht ta rêst komme, krekt salang dat ik yn 'e sliep foel.
Om seis ûre waerd ik wekker út in dream dy't my klear foarstie,
| |
| |
mei fuortendaelks de kaei derby. Ik sjoch dy al wanleauwich skodholjen en dou silst freegje: hoe witst dat it wier de oplossing wie fan dyn dream? Bisiket de dream net altyd troch in liep gebrûk fan symboalen, to forbergjen hwat der geande is en is dyn kaei net earder in soarte fan sûkerstyk om dy tofreden to stellen, in skynoplossing dy't mei de wurklikheit neat to krijen hat? Sa silstou foar 't neist réagearje, mar ik leau dat de dream alderearst bisiket to iepenbierjen, ús dingen to fortellen dy't wearde foar ús hawwe. De dream kin dat net oars as yn de (krêftige) tael fan de symboalyk en as wy ús mar iepenstelle, wier leare wolle, dan jowt er syn geheimen jerne priis. Biwiis foar my dat ik wier de kaei hie wie it gefoel fan evidinsje. Ik tocht: ja, sa is it en alle soarch, alle fielen fan it net of net hielendal to bigripen skuld foelen fan my ôf. Neat, mar dan ek neat hie my der ôf bringe kinnen, dat it sa wie.
Mar lit my fortelle.
Op in stuit roun ik yn in soarte fan park. Oer in paed fan moaije wite grintstiennen gie ik en njonken my wie in stripe gers en dan wie der wer sa'n paed en dêrefter wie gâns in stik grien, mei beammen, dêr't lytse fûgeltsjes yn songen. Dêr wie ek in perk mei roazen, reade bloeijende roazen en deunby wie in túnman dwaende it paed oan to klauwen. Ik fielde in greate frede dat ik dêr sa kalm kuijere yn it moaije waer yn dat great park, mar ik fielde my seldsum oanlutsen ta dy roazen yn 'e fierte. Ik stapte dêrom hwat hurder oan om fan myn paed op it oare to kommen, mar it die bliken dat myn paed allinne mar rjochtút gie en dat der nearne in forbining mei it oare wie. En it wie ûnmooglik om oer de gersstripe to gean, om't dy oan beide kanten ôffrede wie mei fan dy lytse palmbeamkes. It kaem net iens yn my op om it to bisykjen - ik wist dat dy palmbeamkes it ûnmooglik makken. Dêrom kearde ik werom en rôp de túnman oan. Hy rjochte de rêch en doe seach ik dat it Wierda wie - witst wol, de concierge fan ús skoalle eartiids - mar tagelyk seach ik dat er my net hearde en dat er by tafal sa stean gie. Ik
| |
| |
koe my net forsteanber meitsje: it wie in distânsje fan noch gjin tsien meter, mar hy hearde it net. Net om't er dôf wie of om't myn stim net lûd genôch wie, mar om't it net woe. Ik tocht, it is ek sa, ik haw gjin tastimming fan de Baes en it hiele fredige fielen dat ik hie foel ynienen fan my ôf.
Mei waerd ik wekker en fuortdaelk wist ik dat de Baes net de âlde Van Willigen wie, mar God. En dêrmei wist ik ek hwat de dream to bitsjutten hie en wylst ik dêr sa oer lei to prakkesearjen bigriep ik ek ynienen dat de dream fan in pear nachten forlyn ek sloech op myn forhâlding ta God. Ta God, dêr't ik it bistean fan ûntkend hie, en ik wist nou dat dat dwaes en forkeard west hie. En mei foel alles fan my ôf hwat my bidrige en bang makke hie en it útsjoch sa skier en mankelyk. Ik fielde my lyts en ûnbihelprich, en tagelyk sterk en o, sa ûnwittend bliid. Der wie in freugde yn my om mysels en om alles om my hinne, om't de hiele wrâld nij wie. Alles kin ik dy net fortelle, hwant ik bin in Fries en it alderneiste hâld ik foar mysels, mar dy blidens dêr woe ik fan tsjûgje.
Dat hat dus myn bikearing west en ik skamje my der net foar dy to sizzen dat ik sûnt noch net in momint twivele haw - net oan de founemintele wierheit dy't my tsjinakselder sa hurdhannich ûnder de noas treaun wurde moast ear't ik it leauwe woe - en dêr't ik sels sa tankber foar bin. Tankber as in bern.
Mar hwerom Roomsk silst freegje - God, dat is dêroan ta, mar hwerom Rome? Sibe, jonge, lit my dy sizze dat de ôfstân fan athéisme nei God - net as wurd, mar as réaliteit - gâns greater is as fan God nei Rome. En ik siz Rome, net Romme, forstean dat goed. Polityk tink ik noch krektlyk as foarhinne en ik wit skoan dat ik fan datoangeande by in lytse minderheit yn 'e Roomske tsjerke hear. Mar dat hearre wy yn eltse groepearring en it moat ek foar dy dúdlik wêze dat in tsjerke foar minsken fan allerhande nasjonaliteit en rang en stân en ras en neam mar op en laet troch minsken - forjit dat net - yn 'e wrâld manoevrearje moat. Dat kin net oars.
| |
| |
Mar dat wy dochs yn it leauwe - hoe't dat ek erfaren en trochlibbe wurde mei, ien en katholyk wêze kinne, dat is hwat om tankber en stil by to wurden.
Ik hâld my dan nou ek stil, mar ik hoopje lykwols datst dit lêzen hast yn 'e geast dêr't it yn bidoeld is. Ik haw dy net forfele wollen, mar dochs wol ik graech datst bigrypst hwat der bard is mei dyn freon
Bouke.
|
|