Tankber wiuwde hja nei him hwant de sjef hie ûnderwylst it sein ta fortrek jown en omt it de efterste coupédoar wie, seach er gjin kâns om yn to stappen, doe't hja by de léste triuw de fêste treingroun ûnder 'e fuotten krige hie en, trochsjittend, de doar efter har tichtlutsen hie.
De amtner biklage him by de sjef, dy't tige freonlik wie, mar de trein net weromhelje koe. ‘Ik wist net dat Jo mei woene’, sei er. ‘Hie my mar efkes warskôge.’
‘Ik reizgje al ienentritich jier eltse dei mei dizze trein’, sei de amtner muoilik, ‘dat witte Jo dochs wol?’
Mar de sjef wist dat net en sei fleurich dat der mei in ûre wer in trein gie.
Hy tikke oan 'e pet en loek him werom yn syn hokje en doe fielde de amtner dat er yn panyk rekke. Hwat moast er? Wachtsje op de folgjende forbining? Unmooglik, hy koe dûr net in ûre to let oankomme omt er de trein mist hie. Ien en tritich jier hie er eltse dei op de krekte ûre oanwêzich west, nea to ier en nea to let; nea hied er in dei siik west...... Dat wie it, dat wie better as to let komme; hy wie siik......
De amtner stjûrde in tillegram dêr't er yn witte liet dat er siik wie en gie nei hûs. ‘Hwat is der oan?’ frege syn kostfrou forheard en kjel. ‘Ik bin siik’, sei er inkeld, dat doe moast er ek wol op bêd. Dêr tocht er oan it buro, oan it wurk en oan de stikken dy't leine to wachtsjen en hy fielde him biroerd. It lizzen foldie net en de lea diene him sear. De nachts sliepte er min en hy toppe der hieltyd mei om hoe nuver it eins wol wie om samar in dei to missen omt men siik wie. Dat de oare deis bleau er ek noch lizzen en kaem ta bislút hy soe de komst fan de kontrolearjende dokter mar ôfwachtsje. Letter kaem it him yn it sin dat er dan better earst in hûsdokter komme litte koe. Dy - in him folslein ûnbikende man - frege him nei de symptomen en de amtner fortelde hwat er allegearre fielde. De dokter hiet him in pear dagen op bed to bliuwen en skreau in drankje foar. Mar it waerd net better en der kamen hieltyd nije symptomen. Der kamen ek