Foarwurd
De tweintich forhalen yn dizze bondel hawwe foar my foaral bitsjutting as eksperiminten yn tael en styl, hwat net sizze wol dat de ynhâld der net op oankomme soe. Ek dêr't it oer bisten giet is de minsklike posysje it ûnderwerp, mar dat krijt (foar my) earst troch it neamde eksperimint it reliëf dat it nijsgjirrich genôch makket foar meidieling oan oaren.
De nrs. 2, 5, 6, 7, 8, 11, 12, 16 en 17 hawwe earder yn De Tsjerne opnommen west, 19 hat yn 'e Ljouwerter krante stien, 14 yn Quatrebras. De oare forskine hjir foar it earst.
By pleatsing yn De Tsjerne wie 8 opdroegen oan ds. D. J. Miedema, 12 oan L. W. Nauta en dat bliuwt sa.
Alhoewol't twa fan de forhalen in plak foun hawwe yn it ‘lichte’ Tsjernenûmer fan simmer 1957 en oare har hwat de toan oanbilanget dêr faeks wol by oanslute, soe ik dochs net graech in skieding meitsje wolle tusken ‘licht’ en ‘net-licht’. De earnst is hieltyd oanwêzich, om't it libben nou ienris in tige earnstige, en gauris tragyske saek is. Dat wol net sizze dat it libben gjin goede dingen hat - hja binne der, mear as wy fortsjinje faeks. By dy goede dingen hearre ek forhalen en heart ek de hope.
Ik kin inkeld hoopje dat guont hwat oan dizze forhalen hawwe sille.