Mei in nuver gefoel yn 'e mage nim ik har mei nei in taffeltsje, yn ôfwachting.
In frommeske fan it Humanistysk Ferbûn hâldt in taspraak. Dêrnei komt in freon fan pake oan 't wurd, in man mei in folslein keale holle en in sulvergriis ringburdsje. Hiel koart fertelt er wat oer har freonskip, en dan lêst er in stik foar út De Profeet fan Kahlil Gibran. Lang is it. En moai. Fardou gûlt stil. Ik wurd sels ek muoilik. It benaut my, ik wol nei bûten, de rein op 'e hûd fiele, skjin spiele litte.
Einlings is 't dien. Wy wurde fersocht om ús bûten op te stellen, earst famylje en freonen, kunde dêrachteroan. Graach stil wêze.
As elkenien teplak stiet, set de staasje út ein. Ik sykhelje djip. It reint en it is kâld, mar it fielt as in befrijing.
Mem rint foaroan. Se stipet beppe, hat har yn 'e earm. As roeken lykje se op inoar, mei har swarte klean en swarte huodden.
Dêrachter komt omme Pierre mei de frou. Of wie 't syn freondinne? Ik wit it net. Hy hat wat fan pake, is grut en foars. Njonken him rint Franceska. Sy hat in soad fan mem, mar liket krachtiger, direkter. Sil de Amerikaanske ynfloed wol wêze. Sy skynt ek it inisjatyf ta de skieding naam te hawwen, no fjouwer jier lyn. It giet goed mei de leafde yn 'e famylje, soe Riemer wol sizze.
It hôf is tichteby, miskien fiif minuten rinnen. Mar om't it sa stadich giet, liket it langer. It kin my neat skele. Ik ha de earm om Fardou slein. Se linet tsjin my oan. Behalven it fertriet fiel ik ek grutskens en djippe foldwaning, om sa mei har oer de dyk te gean. Net ien sil deroer stroffelje, of der sels mar wat fan tinke. No kinne wy sjen litte dat wy byinoar