Geuzenliedboek 1940-1945
(1975)–H.M. Mos, M.G. Schenk– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 49]
| |
Tank.aant.It is sa swier
Fen hûs sa fier,
Yn bannen to forkearen.
Hird is it lot
My own troch God,
Mar 't is de wei des Hearen.
Hy jowt my krêft;
Syn jok is sêft;
Mei Him is 't wol to dragen.
Hy draecht myn smert,
Hy treast myn hert,
By tûzenen fen fragen.
Haw tank, o Hear,
Jou Namme ear,
For Jou genede en trouwe.
Lit my mar fêst,
En hiel gerêst,
Op Jo allinne bouwe.
|
|