te wurden en dêr in grou flokwurd oerhinne. Ja, dan makken jimme wol dat jimme fuortkamen, foaral as ek noch in skel frouljuslûd rôp: Fersûp se, Geale, as mûzen!
Sokke dingen koene de bern belibje en wat rûnen hja, wat klommen hja feardich oer hikken, sprongen hja oer sleatsjes en aventoeren hja winkelheakken yn 'e klean. En as hja dan hymjend en pûstend efterom seagen wie der nearne gjin kop te bekennen. Letter by Liezinga kamen de ferhalen los, mar de kastlein harke der net fan op. Hy ornearre, dat de minsken dêr noch yn de heidenske tiid libben en it faaks alhiel net tsjin de bern hân hiene. Hy sei: sa prate se dêre allegearre.
Yn de buorren en oan de grutte wei wie it fansels al oars. Dêr libbe in wat dizige hûgenis oan grutte iepenloftgearkomsten sa'n tritich of fjirtich jier lyn, mei sprekkers dy 't fûleinich de nije maatskippij fan gerjochtichheid en frede oankundigen, mar it wie net sa klear te fernimmen wat dêrfan hingjen bleaun wie yn de herten. Notaris Hiddinga wenne yn 'e buorren en boargemaster Sixtus van Nauta en dokter Groothof wennen dêr ek; lykwols, hja wiene fan bûten ynkommen en hearden de dingen fan it ferline út de twadde of tredde hân. Mar Van Nauta hie fan syn grutte baas yn Ljouwert by syn beneaming dochs wol in leksum meikrige oer de slomjende krêften fan de opstân yn it gea Trimbeets en nammers yn dy hiele hoeke. De ûnderwizers wiene almeast read en gâns winkellju wiene ek gjin pylders fan it gesach en it folk yn de feankrite woe bytiden mar net begripe dat der gewoanwei gjin jild wie om har earmoede wat te fersêftsjen.
Yn Van Nauta syn tiid hjitten polysjemannen noch fjildwachters Der siet ek marsjeseefolk yn Trimbeets mei in kazerne en grutte hynders en der wenne, in ein bûten de buorren, in ryks-fjildwachter, mar oer har hie Van Nauta net te kedizen. Syn fjildwachter wie Hette Kromsigt, in man fan winlik mear oansjen as de boargemaster sels. Hy koe it gea as gjin ien oars, wist wat der oan 'e hân wie en stie syn man ek sûnder gummykneppel. Better koe it net, soe men tinke. Mar by Van Nauta en syn grutte Ljouwerter baas bestiene genôch twivels oangeande Hette