Fabryk(1995)–Trinus Riemersma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 5] [p. 5] foar Anne Wadman wêrs fan de wrâld joech ik my del binnen de fêsting fan myn fel. de iensumheid is myn ûntwyk - de duvel yn myn eigen hel de iennichste easken dy 't ik stel: in stoel, in tafel, in bêd: in sel. it ryk allinne, yn 'e iensumheid ryk - de duvel yn myn eigen hel ik tocht, yn dizze sitadel sil 't lok ûntbloeie op myn befel, god yn 'e himel wurd ik allyk - de duvel yn myn eigen hel fan god noch duvel wurd ik kjel, de mienskip is by my gjin tel: wat dondert my de hele klyk - de Duvel yn myn eigen Hel Vorige Volgende