dêr't se de lêste tiid hieltyd yn sjoen hawwe en rikt it beppe oan.
‘Nee,’ seit Daan, ‘dy net.’ Hy wol ien fan 'e âlde albums sjen. Hy wiist it oan.
‘Mar dêr kinst hast gjinien fan.’ seit mem.
‘Dy,’ seit Daan, en beppe docht it âlde boek foarsichtich iepen.
‘Gean mar tsjin 'e bekling sitten,’ seit se. ‘Sa, dyn knibbels rjocht, dan lis ik it deroerhinne.’
Se begjinne by it begjin. Beppe Geke wiist oan: sjoch, dat is mem, en dat is Wytske fan tante Janny, dêr gong mem faak mei op fakânsje.’ Daan bûcht him djip oer de siden. Hy moat wol leauwe dat it mem is, want beppe seit it, mar hy ken har der hast net fan. Se hat dêr lang hier. Mar as er goed sjocht, hat se deselde mûle as mem Inge en deselde eagen. Wite tosken hat se as se laket, en se laket faak op 'e foto's.
‘Wêr is heit?’ freget er. Heit wie der doe noch net.
‘Wie heit doe noch in lytse poppe?’ Beppe Geke moat laitsje.
‘Nee,’ seit se, ‘mar heit wie noch by syn heit en mem. Dy koe jim mem noch net.’ Daan moat dêroer neitinke. Beppe mei noch net in side omslaan, even wachtsje. Se drinkt fan har kofje en jout him syn beker yn 'e hannen. Hy nimt in pear slokjes en dan wol er wer fierder. Hy wiist op 'e oare side in foto oan.
‘Dy?’ freget er.
‘Dy kinst net,’ seit beppe, ‘dat is de beppe fan mem.’
‘Hoe hyt dy beppe?’ wol Daan witte.
‘Maart,’ seit mem, en se komt ek op 'e bank te sitten.
‘Sko ris wat op,’ seit se. Se wol ek sjen.
‘Wit mem noch?’ Mem Inge sjocht beppe Geke oan. Daan leit beide hannen op 'e foto's. Hy wachtet op it geheim dat