de stoel tebekskoot. Romte. Se sjocht nei har fuotten dy't al wer yn 'e ferkearde skuon stekke. Wa hat har pumps meinommen? No hie se alle war dien om goed foar de dei te kommen: it mantelpakje oan, de hoazzen mei de naad streekrjocht oer 'e midden fan 'e kûten, de feestsjarretels mei it kant by de râne lâns ûnder de rok - wat gjinien sjen soe, mar dêr't sy har deftich oanklaaid mei fielt - en no hawwe se har de kreaze skuon ûntstellen. Se sjocht wer nei har fuotten. It lykje wol sloffen dy't se oan hat. Sa kin se net op 'e gearkomste ferskine, al it oerwicht dat se út har klean blike litte woe, wurdt teneate dien.
‘Wêr binne potfergemy myn skuon?’ raast se. Se kin de fuotten net iens bewege, it lykje wol deade dingen dêr ûnder oan har skonken. Se wol har teannen fiele, mar se fernimt neat. De hannen dy't se om 'e liningen fan 'e stoel knypt, helpe net. De iene hanneling hat neat mei de oare te krijen. Teannen, fuotten, ûnnutte hannen, deade dingen.
Dat minske mei it wite kroltsjeshier sit wer nêst har. Honneogen hat se, mar Maart fertrout it net. De frou begjint te gûlen. Har spinnepoatklaukes fladderje oer de tafel. Se kinne de hannen fan Maart net fine, en dêr moat se om gûle. Krokodilletranen, wat het se te seuren?
‘Sjoch ris nei myn fuotten,’ seit Maart, en se wiist nei de dingen dy't as deade gewichten op it plankje fan har stoel hingje.
‘Sa, frou De Jong, no even kofjedrinke,’ en der wurdt in kopke foar har delset. Fierste hyt, fansels.
‘Dat kin ik net daaie,’ seit se.
‘Daaie? Wat brûke jo rare wurden,’ seit it famke, en se draait de knoop fan 'e doek dy 't Maart besocht hat los te skuorren wer yn har nekke.
‘Wolle jo der in stikje keek by hawwe?’ Maart laket.