lichem is tenein, mar myn geast kin noch helder tinke. Lykwols, ik bin âld wurden, want myn geast toevet allinne noch yn it ferline. De ierde is grien, alle libben om my hinne bloeit en dochs toevet myn geast yn it ferline en yn it heitelân. Want ik bin balling yn in frjemd gea. Myn geast siket oanhâld en taast it paad werom yn romte en tiid. Mei skimen út it ferline gean ik om, mar it binne gjin dizige skimen. Hoe koart is it noch mar lyn, al te ier bin ik oan it tebinnenbringen takommen. It swiete priuwt jit swiet en it bittere is noch alsem.
Wêrom skriuw ik myn skiednis op? Doch ik it allinne foar mysels om de jimmer swervjende gedachten te fiksearjen? Om se ôf te lieden fan hoe't it wêze kinnen hie? Want dit is in wiere skiednis en ik besykje net stal te jaan wat yn myn libben sels syn stal net fine kinnen hat.
Is it rebelly tsjin in rjochter, dy't my ienris in ivich stilswijen oplein hat? Ei, dyn ryk is ek al út, tsjerkfoarst! Swije sil ik skielk gauwernôch, it grêf is stom.
Is it, om't ik wol, dat hja yn Fryslân rjochtfeardich oardielje sille oer beide froulju mei wa't myn namme ferbûn west hat en oer de skiednissen dy't sa fier roppen hawwe? Om't ik wol, dat nimmen mear oansjen sil wat foar eagen wie? Elk witte sil, dat dy't earber like my lef ferret hat? Mar o, myn eigen ferrie wie like grut en ik sil mysels net moaier foardwaan as ik wie. Witte sil, dat, dy't ik te skande stean litten haw, gjin skande fertsjinne?
Wat soe it jaan. De tiid hat deroerhinne wiske, it is al lang útfage.
Wêrom yn 'e goedichheid skriuw ik dit ferhaal dan op?