| |
| |
| |
Elbrich I
| |
| |
Ynlieding fan de bewurker
| |
| |
I
Doe't, net lang foar de twadde wrâldoarloch, in Fryske witten-skiplike ynstelling út 'e ein sette, wie ek ien fan de nijbeneamde leden út Ingelân oerkommen om de iepening by te wenjen. It wie in jonge gelearde, lektor oan ien fan Ingelâns ferneamdste universiteiten. Hy wie tige thús yn Fryslâns ferline en yn 'e Fryske skriften; dat no't er hjir ienkear wie, woe er ek wolris wat mear sjen fan de geaen, dêr't er yn 'e geast sa faken al toeve hie en boppe-al, hy hie it yn 'e holle om in reis, dy't in taalgelearde yn sechstjinhûndert en trijeënfjirtich troch in part fan Fryslân makke hie en dêr't hy oer publisearje woe, jitris oer te dwaan.
No stie de man yn in frjemd lân; boppedat, hy woe wol wat gesellichheid en oanspraak hawwe ûnderweis, dat hy frege syn gastlju oft se ek immen wisten, dy't mei koe om him ta selskip en ek in bytsje ta gids te wêzen.
No kin elkenien samar net in foech wike út syn wurk stappe, en dêr hie ik it oan te tankjen, tink ik foar 't neiste, dat ik mei de like freonlike as skerpe Ingelsman op reis slagge.
Dat wie in skoander ferfaltsje foar my. Ik wie doe doktorandus, sawat in studint yn 't ôfwennen en stie noch skrousk yn 'e ‘kâlde wrâld’, sa't de studinten de boargermaatskippij neame, dy't hjir te lâne it ideaal is fan in soldaat mar foar elke rjochte studint in foarlân, dêr't er mar sa min mooglik oan tinkt. It wierre no wer efkes út in oare, mylder natuer en beide ‘Wynbergen’, dy te Snits en te Warkum, dêr't wy yn ieten, dronken en sliepten, wie it ek
| |
| |
gjin min ferkearen yn. Dêr moat noch by betocht wurde, dat ik noch gjin rjocht plak hie yn dyselde niisneamde ferspuide maatskippij, dat sadwaande myn beurs noch platter wie as de botsjes en skarkes, dy't hjir op 't Wâd fongen wurde en dat de lecturer in ‘frijhâldend freon op myn tocht’ wie.
It wie mids septimber en it waar tige ûnstadich. Wy foeren de moandeis op in lyts stomboatsje fan Snits nei Drylts ûnder in donkere, wylde loft. It wie winich en de wide Geau hie in somber oansjen, it sil my nea ferjitte. Yn 'e ringen oantsjusterjende jûn rûnen wy in binnenpaadsje werom nei Snits, troch greiden en oer boerehiemen, dêr't men ús fleurich en freonlik it paad wiisde.
De oare deis wie it it helderste waar fan 'e wrâld en wy rieden al ier mei in autobus troch de bliere Súdwesthoeke, by blinkende, blauwe marren lâns op nei de uterste súdwestpunt. Wy strânen sawat te Molkwar, skillen alle kanten út, mar koene nearne, te Warns net, te Koudum en wit-ik-wêre net, in taksy besette om ús mei ús koffers nei Hylpen te bringen; wy wiene fan alle ferkear ôfsnijd. Fan it âlde doalhôf wie net folle mear oer, mar manlju seagen wy likemin as reizgers, dy't der by âlds simmerdei kamen, wannear alle manfolk op see foer. Hoe't dat wie wit ik net, mar wy metten oars net as froulju (de bern wiene yn 'e skoalle), fan dy bliere, golle Súdwesthoeker froulju, dy't ús alle mooglike rie en help oan 'e hân dwaan woene.
Ik hie der nocht oan en hie al gau útstruid, dat ik de grutte Ingelske gelearde dy en dy by my hie, in wrâldswûnder sawat. De professor (minder koe er net wêze fansels) spriek alle talen fan 'e ierdbol, sa liet ik it foarkomme, en ek it Frysk hie er moai ûnder 'e slach.
No, dat lêste wie wier en dêrom leauden se my grif ek. Hy wie tige thús yn Gysbert Japiks en hie dy syn taal tige yn him opnommen. Hy wie ek omraak mei it Nijfrysk op 'e hichte mar spriek dochs meast Gysbert-Frysk, en dat fansels mei in Ingelsk aksint.
Der wie njonkenlytsen al in moai rûntsje om ús hinne gearre en de goede froulju seagen mei earbiedenis nei him en heinden him alle wurden fan 'e lippen. It wie in nuvere sitewaasje: in Ingelsman
| |
| |
dy't Molkwarster froulju yn âldieusk Frysk fertelde fan Ald-Molkwarren mei syn seefeart, syn sân pôlen, syn brêgen, kronkelpaden en eigenaardichheden, in ferline, dêr't guon ûnder har by oerlevering noch in kromke fan wisten, mar de frjemde man safolleste mear. Jimme kinne begripe, hoe't hja dit wûnder fan geleardheid oangoden en mei sân pear earen nei syn orakelwurd harken. Kaam it mei syn taal ris in kear net foar de hearen, of krekter sein, net foar de dames, dan fette ik wol, wat er bedoelde en makke it mei in inkeld wurd dúdlik.
It wie wat in apart soarte fan idylle. It foldie ús skoan en de tiid like wol stil te stean op dy feestlik ljochte septimbermoarn dêr yn Molkwar. Lykwols wy moasten nei Hylpen. Wy waarden te riede om mar te rinnen. Mar de ôfwêzichheid fan manlju gyng sa fier, dat der net iens in groujonge te finen wie om ús mei in fyts de koffers efteroan te bringen. Op 't lêst geriifde ús in grientewyfke mei in fyts, op 'e pakjedrager foar 't stjoer waarden de koffers bebûn en dêr gyng 't hinne, op 'e seedyk lâns. Stelde myn selskip in twadde Janus Vlitius, sa hiet dy santjinde-ieuske reizger, foar, dan mocht ik wol Fobbe Korst hjitte, nei de kreamer dy't op it omslach fan Vlitius' Bredaaske almenak in swiere marse tôget, sa'n hâlden en kearen hie ik op 'e seedyk mei dy fyts mei koffers. Mar moaier tocht kin dêrom de echte Janus perfoarst net makke hawwe fan Molkwar nei Hylpen. De himel en de see hiene beide har suverste blau en doe't wy Hylpen, mei folle read fan pandakken, lizzen seagen, op syn lântonge útstykjend yn see, de toer en tsjerke net fier fan it oerd, doe kaam ús dat allebeide oerbekend foar, hoewol't wy it oars nea earder sjoen hiene behalven dan op âlde printen.
Fan Hylpen nei Warkum hiene wy sa lang net wurk. It koe no mei ien fan de Fryske sprekwurden út 'e niisneamde almenak hjitte: ‘dêr't de hearen ride, stoot de moude’, de pseudo-Vlitius en de nijbakken Korst leine yn in fearjende taksy.
Om oan it histoaryske te foldwaan sliepten wy te Boalsert yn 'e Doelen en te Frjentsjer yn 'e Falk (nammers ek treflike hotels, sa net), mar wy dreauwen it net sa fier, dat wy mei de snikke reizgen.
| |
| |
Tram en bus brochten ús yn de koartste tiid teplak en wy ‘namen’ Makkum ek noch efkes yn 'e gauwichheid.
Kastleins en hotelhâlders steane net gau ferheard, mar de eigener fan de Falk te Frjentsjer skuorde dochs nuvere eagen op, doe't in Ingelsman him yn santjinde-ieusk Frysk fertelde, wa't yn sechstjinhûndert en trijeënfjirtich kastlein yn syn âld stins wie. Doe't wy de jûns in slach om it bolwurk dien hiene - it wie roettsjuster en ûnlijich, en it rûze mar hjerstich yn 'e bolwurksbeammen - doe kaam it my foar, dat it offer oan 'e skimen fan langferstoarnen grutternôch west hie en ik wie fêst fan doel om de lêste dei, dat wy tegearre op en út wêze soene, oan 'e libbenen te besteegjen.
Dat siet sa. Net al te fier fan Frjentsjer, súdwest oan, efkes fierder as dêr't de greidhoeke begjint, moast midden yn 'e lannen in âld pleats lizze. De boer fan dy pleats hie in tsjep dochter; dy hie ik earne ris moete en ik hie der heal en heal in eachje op. It moast in echt âlderwetsk greidspul wêze, dat it koe der bêst op troch en kom der mei in bûtenlanner oansetten, dy't sok ding wolris besjen woe.
Ik woe my dêr hast wolris fertoane. Dit wie in gaadlike gelegenheid en ik tochte my ek ynteressanter te meitsjen mei myn Ingelske wûnderman.
Dy krige ik de oare deis op 'e middei ek safier, dat wy earst in ein mei de bus dat út reizgen en doe noch in ein geandefoet troch de lannen pylgeren. Hy hat it grif allinne dien om my tewille te wêzen, haw ik efternei wolris tocht. Ommers Ingelsken hawwe allinne mar niget oan stêden en stedsjes en hy wie gjin útsûndering. De útwurking, dy't syn ferskining hie, wie lykwols in bytsje oars as ik my foarsteld hie.
It besloech ek wat ûngelokkich. Jimme moatte witte, hy wie tige sportyf yn 'e klean, mar hie altyd in grutte paraplu by him.
Ik hie him dêr ek alris mei pleage en him ferteld, dat manminsken hjir te lâne pas mei sa'n apparaat rûnen as se mei de twadde fyftich fan har eintsje libben oan 'e gong wiene, mar dat
| |
| |
hie neat útarbeide; de flegmatike eilanner feroare him der net om.
Hy sei, yn Oxford diene alle studinten gjin stap bûtendoar sûnder har paraplu. Ek diskear tôge er sines mei. Dat koe ek al net bêst oars, want wy hiene al ús bagaazje by ús. Mar no woe it gefal, dat der in wolkentsje oerdreau kwealik grutter as in fûst (it wie oars sierlik waar) en dêr foelen in pear spatterkes út, dy't as peareltsjes opblonken yn 't sinneljocht. No wiene wy hast oan 'e homeie ta, mar amper hie myn reisgenoat ien drip field oan syn bleate holle, of de koffer stie op 'e grûn en, rûf! De paraplu wie op. Doe't wy om 'e âld foarein hinnesetten, wiene de pear reindrippen alwer opdroege, mar ús wolbewittenskippe reizger stoarrele noch troch de grintstiennen mei de grutte paraplu flak boppe de holle en foar de eagen. Hy seach neat en botste pardoes tsjin in pear fammen oan. Dy spatten kjel fansiden, draaiden har fuort om en koene har eagen hast net leauwe, dat dêr sa'n jong persoan by sok sinneskynwaar ûnder sa'n stik paraplu rûn en doe tearden hja hast dûbelgear fan in prústend fammelaitsjen, dat hyltyd wer opkaam.
Sa wie de earste oanfal fan myn geleard wûnder by de jongfaam fan myn sinnen en by har kammeraatske. De Ingelsman bleau lykmoedich en hoflik, ek as foarwerp fan safolle wille en it is gâns mei him bykommen yn de eagen fan myn beminde, mar dochs ljochte der dy jûns út en troch in fjurke yn op fan temûk fermeits om sokken frjemde gast.
Lit my der hjir fuort mar efkes by sizze, dat ik likemin genede fûn haw yn dyselde heldere eagen. Hja hat in Westergoaske greidboer fan oer de twa meter foar kar nommen boppe myn neatich persoantsje. Hy bebuorket in pleats fan grut hûndert pûnsmjitte en hja moat him in skaai fan oansteande reuzen skonken hawwe.
De ûntfang dy deis op 'e pleats hat der like gol om west. De âldelju wiene typyske minsken. Hja hongen tige oan it âlde. De pleats hie krapoan twahûndert jier stien en behalven dat der oan 'e kowestâlen wat modernisearre wie, wie der ek noch neat oan feroare. Hja hiene hast oan 'e ein fan 'e foarige mobilisaasje ta sels
| |
| |
tsjerne en tsize - doe mocht it net mear. Mar tsjerne en tsjernmûne mei alle tabehearren stiene der noch krekt sa; it túch hong der noch, sa't it tsjernhynder der útstrûpt wie. Hie it tenearsten fansels sprutsen, dat hja yn alles by 't âlde bleauwen, troch't der, doe't de bern grut waarden, mear frjemd kaam, jongfolk dat fan al dy saken gjin witten mear hie en der dêrom niget oan seach, mei de jierren mear, doe wiene hja harsels njonkenlytsen bewust begûn te wurden fan it aparte fan har eigen styl fan libjen. It wie âld grutboerslaach mei in krêftich selsfielen. Fier derfandinne om no belies te jaan foar de tiid, of har te steuren oan it domme gnyskjen fan in ûnbegryplike jeugd, begûnen hja no min ofte mear grut te gean op it útsûnderlike fan har trant.
Dêrom mochten hja - en de beide soannen wiene krekt sa, allinne de dochter woe wol wat oars - der ek graach oer, as der ris guon apart de reis makken om har spul te besjen. Sokken wiene altyd wolkom en alles waard har sjen litten efter en foare.
Sa gyng it ek ús. Wy bekuerden it grutbûthús mei de dûbele rige stâlen en de brede mielgong mei de pomp yn 't midden, de tsjernharne, de tsiistsjettel by de mulhúshurd, it binhús mei syn prachtich bedsket mei snijwurk fersierd, de boerefigueren op 'e stientsjes dêr't de oare muorren mei opset wiene en al dy nijsgjirrichheden mear. En nei melken moasten wy mei oanskikke by 't jûnmiel yn 't mulhús, dêr't it leech wie ûnder de swiere balken.
Ik sei tsjin 'e boerinne: ‘Wat komt my dit bekend foar. Krekt as haw ik dit al earder sjoen. Dy hege skou, dizze rûne tafel en de knopstuollen, it ark op 'e hurd, it hiele gefal docht my tinken oan in tekening fan Ids Wiersma yn 'e “Rimen en Teltsjes”.’
‘Dat kin útkomme,’ sei de frou. ‘Dy hat hjir destiids west en dizze keamer ek tekene.’
Doe't it miel berêden wie, krigen wy beide in nije lange piip; de âld boer joech him wat efteroer, stiek de skonken noflik út en stoppe syn eigen lang strie út it fetsje. De beide soannen bleauwen ek by
| |
| |
de tafel sitten, sawat yn ôfwachting. Alle trije hiene se in skjinne nije blaukile oan mei wite knopen. Hja hiene safolle fan harsels sjen litten en dêrby ferteld, no woene se ek wolris wat oars hearre.
De âld boer sette in breed fraachpetear op. Oer ‘wat de bûter yn Ingelân jildt’ (om by it sprekwurd te bliuwen) en folle mear dingen, dêr't de frjemde gast drokte mei hie om se te beantwurdzjen, net allinne fanwegen it behyplike fan syn taal. Ek oer ús persoanen en benammen wat wy no krekt by d' ein hiene, woe er mear witte. Wy diene ús bêst, de útlanner wie gjin swetshals en sei der net samar wat hinne, fernaam er wol.
Dat it waard njonkenlytsen in gesellich petear, allegear diene deroan mei en it waard noch geselliger, doe't mem en dochter ek wer byskikten.
Wy praten fan opbrekken. Wy tochten mei ús koffers nei de buorren fan it doarp te panderjen, ûnder waans klokslach de pleats lei en ús dan mei in taksy nei Ljouwert bringe te litten, mar de lju woene der neat fan witte. Jitte oare âlde skatten moasten besjoen wurde. Kroniken en atlassen fan Winsemius en Schotanus kamen op 'e lappen, dy't hjir fan âlder op âlder bewarre wiene. Ek dêr wie de lektor mei bekend, ik hie it al earder bespeurd; hy hie dêr yn bestudearre, hoe't de Fryske stêden der yn sechstjinhûndert en trijeënfjirtich útsjoen hiene. Doe kaam noch in grutte âld steatebibel mei gravueres op 'e tafel. Dêr wiene al in pear hûndert jier allerhanne famyljeoantinkens yn bewarre: brieven, rymstikken, âlde kontrakten, folle net genôch. No wie it foar dy minsken in hiele aardichheid, dat de Ingelsman, sadree't er it skrift mar seach, op slach sizze koe, yn hokfoar tiid it skreaun wie.
Doe kaam it ien yn 't sin: ‘Hea ja, yn 'e jildkiste lizze ommers ek noch pompieren. Dy ha wy noait lêze kind.’
De jildkiste! De beide soannen soene him efkes helje, mar dy lieten him wol stean! De boer en ik sprongen by en mei ús fjouweren hiene wy der hymjen oan. Mar hy kaam yn 't mulhús. Ik makke in opmerking oer ‘de aap’, dy't deryn siet en der ek yn
| |
| |
woech, sa't like, mar hja ferklearren my plechtich, dat der net in heale sint yn te finen wêze soe. It wie in meunster fan in jildkiste en in wûnder fan smeiwurk. In ûnbidich ein kaai stike yn it slot, mar dat wie loas. It echte siet op in geheim plak; efkes drukke, in fear sprong tebek en it kaam bleat. Twa pakjes pompieren sieten deryn, ûnder it kleverich stof.
De boerinne griisde, mar der holp neat oan, de smoarge brol kaam op 'e tafel. De Ingelsman koe der net mear ôfbliuwe. Hy skromme gjin skjinne hannen en bûsdoeken. Hy fage en poetste en lei al gau krûm oer de pompieren. De iene, lytste, bondel wie in hânskrift út it begjin fan 'e santjinde ieu, ferklearre er, de oare, dat gâns in pak wie, noch âlder.
Beide hânskriften wiene, ek sûnder folle paleografyske kennis, frij maklik te lêzen. Ik koe der ek aardich út komme.
It die bliken, it lytste wie in kopy fan de ‘Conscriptio Exulum’, in list fan de Fryske eallju, dy't nei it ferrie fan Rennenberg yn fyftjinhûndert en tachtich om har roomsk-wêzen en Spaansksinnigens yn ballingskip rekke binne, in list dêr't yn 'e argiven en bibleteken te Ljouwert in mannich eksimplaren fan bewarre binne. Dit wie dus foarsafier neat gjin nijs; allinne koe it wêze, dat de tekst farianten opleverje soe, dy't oant no ta ferhoalen feiten ophelderje koene.
Namste nijsgjirriger wiene wy, wat dat grutte pak ynhawwe soe. It wie in hânskrift dat sa by it earste ynsjen in trochrinnend gehiel like. It wie mei ien dúdlike, hoewol net al te wisse hân skreaun. Wat wy hjir en dêr by wize fan proef liezen tsjutte derop, dat it oer persoanlike dingen hannele. Der wie in blêd by, dêr wie op besocht in wapen te tekenjen. It wie tige behyplik en mei in flauwe hân dien. Op 'e iene helte wie de bekende heale earn sa'n bytsje oanjûn: al moai wis wie it dus it wapen fan in Frysk slachte, safolle wist ik al.
Fierder gyng ús wapenkunde net. Dat dêr in roas yn tekene wie en in kribeltsje, dat myn maat foar in leelje fersliet, brocht ús neat fierder. Wat der om it wapen hinne tekene stie, wie better útarbeide as it wapen sels: in houterich jongfaam mei in roas tige stiif yn 'e hân.
| |
| |
Mei-ien foel ús each op in namme, dy't der by te lêzen stie:
ALEFUS ab AYLVA AUCTOR.
Teffens fûnen wy noch it jiertal 1582.
Ien mei oar wie gjin ûnaardige fynst. Ik frege de lju, oft hja ek wat wisten fan de skiednis fan de jildkiste en de pompieren?
Hja koene earst neat betinke, mar op 't lêst kaam de boer dochs noch wat yn 't sin: ‘Doe't ik noch in jonge wie, hat ús pake my ris ferteld wat hy ek by oerlevering hie.
Dizze pleats moat by âlds, tige lang lyn, in hierde boer op wenne hawwe - letter is er oan ús folk kommen. De lânhearre wenne doe op Graldastate, dat moat in slot west hawwe ûnder Menaam. Dy lânhearre en har hiene ris in kear flechtsje moatten, om oarloggerije of sa. Doe moatte se dizze jildkiste hjirhinne bringe litten hawwe, om, dizze pleats lei hjir moai feilich, sa ôfhandich midden yn 'e lannen, in fatsoenlike dyk rûn hjir doe net hinne, moatte jo tinke. Dy kiste siet fol goudjild en eigendomsbrieven, seine se.
It jild en de keapbrieven soene se letter wer ophelle hawwe, doe't it gefaar oer wie, mar de swiere kiste hiene se doe stean litten, want se wiene mar mei licht reau kommen. Letter hiene se der ek noait wer nei taald; sokke rike lju ha wol mear jildkisten, rekkenje ik. Dizze pompieren hiene se doe ek gjin belang by, sa't like.’
Wat sil men folle sizze fan sa'n ferhaal? It kin wier wêze en it kin ek net wier wêze. Ik soe earst ris sjen moatte, oft it ek bekend wie, wa't op dat Graldastate wenne hiene. En dat sei faaks ek noch neat; hoe nuver fersilje sokke pompieren soms net.
Ik murk op, hoe't myn achte reisgenoat al foar de safolleste kear mei in betinklik gesicht nei de readferlakte slypboerdklok seach, dy't oan 'e wite stientsjemuorre hong. It waard heechste tiid om fierder, woene wy noch nei Ljouwert. It wie bûten ek ierdetsjuster, like my ta.
Wy woene klearrichheid meitsje om fuort, mar dêr wie gjin sprake fan, dat woene hja net heal mear lije. Se boargen lykwols net lang mear en sa slaggen wy ridlik gau elk yn in bedsteed fan 't binhús.
| |
| |
It rûsde sa nachtlik yn mantel en hôf, ik kroep djip yn 'e stiselige lekkens en moat ridlik gau weirekke wêze. Ik haw leau 'k dreamd fan in kiste fol goud en fan in boeredochter.
De oare moarns binne wy dan dochs ôfreizge. Ik frege, oft ik meikoarten ek werkomme koe om de hânskriften te bestudearjen. Mar och hea, ik koe se wol meikrije en der mei dwaan, wat my gaadlikst foarkaam. Dat wie de bedoeling net earlik - dat fan dy greidboerssoan fan oer de twa meter lei doe noch yn 'e takomst - mar ik naam it dochs tankber oan. Ik hâlde it foar in bewiis fan betrouwen fan de golle lju en dat wie it ek. Ik ûnthiet om har mei de útkomst fan myn ûndersiik op 'e hichte te bringen en sadwaande koe ik dochs ridlik gau werkomme. Hoe't it mei dat oare beteard is, haw ik al sawat oantsjut.
Fan de Ingelske gentleman naam ik dyselde deis noch hertlik ôfskie. Ik hoopje tige, him nochris wer te sjen. Ik die no in bulte flyt om wat mear te witten te kommen oer de hânskriften, namste earder koe 'k wer in reis nei de pleats meitsje. Ik fûn ek al ridlik gau ferbân tusken de hânskriften en Graldastate. Sybolt Epes Aylva, de broer fan Alef, wiek neffens de Conscriptio ek út. Hy hie oars op tolve maart fan it jier fyftjintachtich de eed fan 'e Malcontenten ôflein, hy is grif ek mei gauwens wer yn 't lân kommen, teminsten syn earst wiif Frouck Goslinga is yn twaentachtich yn 't heitelân ferstoarn. It is ek wol wis dat Sybolt sels weromkommen is, want hy troude wer mei Ysk Popma, dy't al widdo wie fan Bocke Wattema en Tsjepcke Gerbranda. Hy wenne dêrtroch yn fyftjinhûndert en seisennjoggentich op Gralda ûnder Menaam. Wy sille moai fet wêze, as wy riede, dat alteast it hânskrift fan Alef Epes Aylva dêr troch him telâne kommen is.
Ik haw neitiid it stee ris opsocht. It is der noch wat terpich; der rint in opfeart hinne mei de nijsgjirrige namme fan ‘De Rintemaster’. Ferskate Menamer gernieren brûke in hoekje lân ‘op Gralda’ en der komme poerbêste ierappels wei. Dat is alles wat
| |
| |
oerbleaun is fan namme en hearlikheid. De state stiet gjin stien mear fan oerein.
It hânskrift, dêr't Alef Aylva syn eigen libben yn beskriuwt, liet my net los. Ik rêste net, ear't ik it alhiel lêzen hie. It wie suver in roman, tocht my. Ik skreau it oer, mar net wurdlik, want ik hie der in doel mei. Fan taal en trant is it in stikhinne by ús tiid brocht. Allinne it wurd ‘boask’ hat syn âlde betsjutting hâlden fan ‘ferloving, troubelofte mei rjochtsgefolgen’, eat dat wy no net mear kenne. Om it earste diel fan it ferhaal te begripen, dat hjirefter yn dit boek ôfprinte stiet, is it wol nedich, dat yn it each te hâlden.
|
|