Lok en lijen
(2000)–Bokke R.S. Pollema– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 422]
| |
útjout, frege De Fryske Bibleteek by de útjouwers wat se yn produksje hienen of nimme woenen, en die dan in kar foar de leden. It wie dus in soarte fan boekeklub dy't in partij boeken ôfnaam foar in legere priis. De Fryske Bibleteek is yn 'e sechstiger jierren opdûkt fanwege it weromrinnende ledetal. Der wienen grif langer te min minsken dy't it dwaan fan in kar út it literêre oanbod oan in organisaasjes oerlitte woenen. Se woenen sels har kar dwaan. Yn dizze twadde printinge yn 'e rige klassiken is neat essinsjeels feroare. De taal is mear unifoarm wurden; by it stedsk binne ek flaters ferbettere (wurden út it Frysk en út oare stedstalen binne ferfongen troch Ljouwerter stedsk). Dat allegearre wurdt hjirnei ferantwurde. | |
Dûbletten, print- en staveringsflatersDe belangrykste yngreep yn it taalgebrûk fan Pollema hat west dat der in tal dûbletten oprûme is: bûte/bûten, struken/strûken, sekonde/sekûnde, kast/kas, kaslein/kastlein, dûnker/donker, lining/liening, klem/klim, njonken/njunken, rjocht/rjucht, iennich/ienich, opgerúmd/opgerûmd, baarn/barn, wyls/wylst (útsein: ûnderwyls), slokje/slukje, hune/húnje, ont/oant, horloazje/haloazje, elk kear/elkkear, mennich/mannich. (De keazen foarm stiet as twadde). Yn in inkeld gefal is net korrisearre nei de meast frekwinte foarm ta, om't dy ‘minder geef’ wie. Dat is it gefal by twifel/twivel. Ferbettere binne printflaters(?) as jûnskimer, middeisinne en noch in mannich sokke gefallen; dy hawwe in dûbelde s krigen. ‘Alderwetske staveringen’ as baaitsje, laaitsje, bos en dos binne oanpast. Lyksa binne egen en egentlik modernisearre. Fan op in doer/op 'e doer is op 'en doer makke. Oft it hjir om in staverings- of om in taalflater giet, is net dúdlik. In pear hyperkorreksjes as teane (foar toane) en beaden (foar beaen) binne ferbettere. Dat is it yn grutte halen. | |
[pagina 423]
| |
FlaterferbetteringenTaalflaters binne útsoarte net ferbettere. Al haw ik inkelde ferhalen dy't yn It Heitelân stien ha der by hân om nei te gean oft der miskien setflaters makke wienen yn 'e boekútjefte. It giet om neikommende gefallen: 1. ‘Ringen klonk yn it gonkje fan 'e wente meljen;’ (Op dwylwegen I). It Heitelân hat: ‘Ringen wier it gonkje fen 'e wente fol gestommel.’ Hat de korrektor ‘gestommel’ feroare yn ‘stommeljen’ en is doe it earste wurdlid weifallen by it setten? Dat liket my in ridlike ferklearring en sa haw ik it weromkorrisearre. 2. ‘Gelske stiek in sigaar op, hy kearde it gesicht nei de bank.’ (Nei de nije moarn V). It Heitelân hat: Hy stiek in sigaar op, hy kearde it gesicht nei de bank. 3. De earste trije rigels fan s. 397 earste printinge binne sa: yn elkoar. ‘O... o... o...!’ lústere hja. Hja weefde mei
de âlde holle, as wie it fan leed en skrik. ‘O... o... o...!’
Hja kearde har hannen omhegens, nei de loft en sloech se
(Tine VIII). Grif is in korreksjerigel ferkeard te plak kommen, rigel trije moat de boppeste wêze. Dat fermoeden wurdt befêstige troch wat yn It Heitelân stiet. Yn in stikmannich oare gefallen jout It Heitelân my gjin gelyk: 1. ‘Der sit no bygelyks in jit jonge man...’ (Jimke en Antsje IV) yn in stik dat fierder doetiid hat; 2. ‘Hjir en dêre klonk de muzyk fan radio ta de doarren út’ (Jimke en Antsje IV). Dêr woe ik ‘de radio’ of ‘it radio’ ha; 3. ‘Dy lei dêr yn tsjuster’ (Jimke en Antsje IV). ‘it tsjuster’ woe ik hawwe; 4. ‘Hja besocht harsels wer master te wurden. En hy hearde har stimme nêst him, ûnwis: ‘Ik ha der noch oan tocht... Freedtejûn noch,’ sei de boer. ‘It wie krekt sok waar doe... Ik haw... der... oan tocht...’ (It fer- | |
[pagina 424]
| |
line III). Nei de dûbele punt ferwachtet men praat fan de frou, Reinou, mar it is de boer dy't it wurd nimt; 5. ‘Hinne en wer rint er... sûnder tins, sûnder rêst. Syn tinzen binne wyld en sûnder rêst... as hy sels.’ (Tine XIII). Om't syn tinzen wyld yn him ommealle, is er dus net ‘sûnder tins’. It soe wol ‘lins’ wêze moatte, ornearre ik. Mar dit allegearre stiet sa ek yn It Heitelân en ik haw it dêrom gewurde litten. It ferhaal ‘In grut man’ is nea yn in tydskrift ferskynd, dat men kin net fergelykje. Der sitte fjouwer flaters yn dy't ik ferbettere haw: ‘dy't it foar har’ (1epr., s. 98), feroare yn: dy't er foar har; ‘hy wol har helje’ (1epr., s. 167), feroare yn: hy wol har helpe; ‘Hja koe wel tsjin in setsje’ (1epr., s. 172), feroare yn: Hja koe wol tsjin in setsje; ‘fy syn grutte Dútske piip’ (1epr., 178), feroare yn: fan syn grutte Dútske piip. | |
Stedsk en Hollânske praattaalDe winkeljuffer en Tsjamke spylje yn Fryske stedsjes en der komt in soad stedsk yn 'e petearen foar. It docht út 'e ferhalen lykwols net bliken om hokker stedsjes en stedsk it giet. Ik haw alle eintsjes stedsk efterinoar set en de hele list oan Pieter Duijff foarlein. Dy hat fêststeld dat it om Ljouwertersk giet. Dat hat wol eigenskip, Pollema hat yn Huzum wenne en dêr kin er syn stedsk opdien hawwe. In inkeld wurd is wol stedsk mar gjin Ljouwertersk: Hollaan, ferstaan. Dat haw ik feroare yn Holland en ferstand. Der komme in soad dûbletten foar yn 'e tekst, lykas sel/sal, binne/benne, denk/dink en hoewol't dy yn it Ljouwertersk tastien binne, mei ik se net lije yn ien en deselde tekst. Ik haw se oprûme. Der sit wolris in frysksisme yn 'e teksten: efkes, tusken, der (Frysk: dêr, Ljouwertersk: daar, dare), wêr. Dy wurden | |
[pagina 425]
| |
binne ferstedske. De stavering haw ik mei help fan it Woardeboek fan utLeewarders ferbettere. Pieter de Groot hat sa freonlik west om de teksten yn it stedsk nochris goed nei te sjen en wer nedich te korrisearjen. De Groot hat fêststeld dat it om ‘plat Ljouwertersk’ giet en net om ‘beskaafd Ljouwertersk’ (se'n, wúst ynstee fan soa'n, woust). Nei dy fariant fan it Ljouwersk ta hat er de tekst behoffene. In kear of fiif praat Tsjamke Frysk tsjin Jan, wylst er oars konsekwint stedsk praat. Dat haw ik neisjoen yn de aparte útjefte fan it wurk - doe noch: It draaimûnefamke - en it die bliken dêr is it fjouwer kear it gefal. Yn ‘Niet altyd’ (It draaimûnefamke) is yn Lok en lijen de ‘i’ útfallen. Ik haw dat korrisearre. Benammen yn Tsjamke en in poerseldene kear op in oar plak komt Hollânske praattaal foar. Dat haw ik sa litten. It liket wat raar as der fuortbyinoar ‘noait’ (stedsk) en ‘nooit’ (Hollânsk) stiet, mar it is wol konsekwint. De beide bryk-Hollânske briefkes yn Tsjamke en Tine haw ik sa oernommen. | |
TypografyOp it typografyske mêd binne inkelde lytse yngrepen útfierd. Oanhellingstekens binne weilitten by tinzen en by yndirekte rede, yn oerienstimming mei it tsjintwurdige gebrûk. Se binne steanbleaun as in persoan lûdop yn himsels praat. It útropteken middenyn 'e sin is nei efteren ferset. Stippeltsjes, dy't de skriuwer rynsk brûkt, binne binnen de lêstekens en/of binnen de oanhellingstekens set. | |
Wurdferklearringen‘in siender’ (s. 38): net yn it wurdboekapparaat fan 'e Fryske Akademy; | |
[pagina 426]
| |
‘kwast’ (Op dwylwegen, s128) en ‘fosco’ (Tsjamke, s258) binne alkoholfrije dranken.
Tr. Riemersma |
|