Lok en lijen
(2000)–Bokke R.S. Pollema– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 407]
| |
FersenPollema hat in goeie hûndert fersen skreaun yn de jierren 1905 oant 1931. Hy wie dus al los foar't de Jongfryske Mienskip oprjochte waard. Dy fersen ferskynden oant en mei 1914 ornaris yn Forjit my net!, it tydskrift fan it Ald Selskip, mar ek yn it Nieuwsblad van Friesland steane in stik of acht. De totale produksje fan dizze jierren is njoggenentweintich fersen. Yn 1915 publisearret er fyftjin fersen, foar in lyts part yn Forjit my net!, foar it meastepart yn Sljucht en Rjucht. Net in oerdiedich grutte risping, mar it jier 1915 is wol tige belangryk foar Pollema as dichter. Hy komt foar it earst mei in fers fan Hylke Sjonger op 'e lappen. De skriuwer fan it ynliedende stikje by dat earste fers bliuwt anonym. Hy seit dat er de fersen krigen hat fan Hylke Sjonger mei it frij om se te publisearjen. Hylke is net sa'n fleurich man: ‘Dy eagenblikken fan sang wiene de bêste fan syn libben. Dan wie der gloed yn syn each en brûsde syn bloed him mei jonkheidswaarmte troch syn ieren. Oars like er faak in âld man’ (Sljucht en Rjucht 1915, 377). De fersen yn Sljucht en Rjucht 1915 binne fierders allegearre fan Hylke Sjonger. Bokke Simens swijt in setsje. Yn 1916 is Pollema tige warber, hy publisearret ienenfjirtich fersen. Al soe it wêze kinne dat twa publikaasjes yn 'e Leeuwarder Courant âld wurk binne, dan noch is dit abslút syn topjier, hast de helte fan syn totale produksje sjucht dat jier it ljocht. Op dy twa yn 'e Leeuwarder Courant nei, ien it Nieuwsblad van Friesland en in stik of fjouwer yn Sljucht en Rjucht steane dy fersen yn Fryslân. Pollema kiest dus foar in oar tydskrift. De grutste helte is ûndertekene mei Bokke Simens, de lytste helte mei Hylke Sjonger. Yn 1917 publisearret Douwe Kalma syn It Sjongende Fryslân - mei portret! sa't Jan Jelles Hof gekoanstekkend skreau -, in presintaasje fan 'e Jongfryske dichters en guon âlderen dy't | |
[pagina 408]
| |
weardefol achte wurde. Pollema krijt likefolle rûmte taparte as de oaren, dat Kalma moat him wichtich fûn ha. Foar dizze bondel skriuwt er trije nije fersen, de oaren binne oernommen út 'e tydskriften. Eigentlik krijt Pollema noch mear rûmte as de oaren, want hy stiet ek nochris ûnder it pseudonym Hylke Sjonger yn 'e bondel. Kalma hat grif net witten dat Bokke Simens en Hylke Sjonger ien wienen. Mar dan is der dochs in riedsel: Kalma nimt trije fan 'e fjouwer fersen dy't fan Hylke Sjonger printe wurde oer út Sljucht en Rjucht. Dat ferantwurdet er ek efteryn syn boek. Mar hoe komt er oan it fers ‘De rimelerkloft’ dat nea earder publisearre is? Nei 1917 is it sa goed as dien mei it dichtsjen. Fan 1917 oant 1919 ferskine goed tsien fersen en nei sân jier fan swijen yn 'e jierren 1927-1931 nochris in tsien. Yn 1918 draacht er twa fersen by ta it Harmen Sytstra-boek, ferplichte nûmers kin men ûnderstelle. Hylke Sjonger publisearret noch ienris in fers yn 1919 en jout de geast. Dan is it allinnich Bokke Simens dy't fan 1927 ôf nochris in seldene kear fan him heare lit. | |
FerhalenNei in jier of fjouwer fan swijen set Pollema de stap nei it proaza. Fan 1923 oant 1933 publisearret er tolve ferhalen yn It Heitelân en ien, It draaimûnefamke, yn Frisia. Dêrnei hat er noch twa ferhalen skreaun, dy't net yn in tydskrift opnommen binne: Sidene Sytske, yn 'e sammelbondel Fryske sketsen (1934) en In grut man, dat yn syn eigen bondel foar it earst publyk makke waard. De folchoarder fan skriuwen, of alteast fan publisearjen is: Gerkje, Tine, De Krysttiid fan Oebele Spallinga, It ferline, Op dwylwegen, Seakele omropper, Nei de nije moarn, De winkel-juffer, It draaimûnefamke, De skiednis fan Gerryt Hansma, Frede op ierde, Jimke en Antsje, Pier Post, Sidene Sytske en In grut man. De folchoarder fan 'e yn Lok en lijen opnommen ferhalen is | |
[pagina 409]
| |
oars, wêrom is net dúdlik. Fierders lykje der gjin, of teminsten gjin opfallende wizigingen te wêzen. Wol is de titel fan It draai-mûnefamke feroare yn Tsjamke, gjin ferbettering nammers. Yn in brief fan 16 febr. 1923 skriuwt Pollema oan Kalma dat der in stik fan him opnommen wurdt yn It Heitelân ûnder de namme Gerkje en dat er de redaksje in ferfolch tasein hat dat Tine hite sil. Tine is in ferfolch op in oar ferhaal? Dat kaam my nuver oan, mar it is wol wier. Yn Gerkje beskriuwt Pollema in boere-faam dy't har tsjinst begjint by boer Ane Dykstra. Underweis nei de pleats dy't by it doarp Fjouwerhûs stiet, wurdt se warskôge foar de soan fan 'e boer, in stive fint dy't oantsjut wurdt as de ‘stalene Jezus’. Dat docht bliken Hindrik te wêzen. Ek de fammen yn it doarp dêr't Gerkje letter mei yn 'e kunde komt, hawwe dy skelnamme hiem. It slagget de fleurige Gerkje net om Hindrik út 'e ploai te krijen, likemin as wa ek. De lêzer moetet hjir ek de skoalmaster yn syn ‘soepjas’ dy't lieder is fan it sjongkoar en foarsitter fan 'e drankbestridingsklup. Hindrik, tweintich jier âld, is skriuwer fan 'e ôfdieling. Hawar, op it feest by gelegenheid fan it tweintichjierrich bestean fan it sjongkoar komt oan it ljocht dat Hindrik ferkearing hat mei Tine, de skoal-juffer. As Tine al mei gauwens ris op 'e pleats delsaait om yn 'e kunde te kommen mei Hindrik syn âlden, is Gerkje stjonkende oergeunstich. Men begrypt net wêrom. Nea earder hat bliken dien dat se fereale wie op Hindrik, en it wol jin út noch yn ek net oan. Wat moat in fleurich fanke mei sa'n yndied stielene Jezus? Lykwols, it wurdt ús troch de skriuwer foar wier ferteld: Gerkje kin net mear sliepe, dwilet en dwaalt by nacht om en beslút dan om by wize fan wrek in klampke âld hea yn 'e brân te stekken. En dêr komt se sels by om. In jier letter trout Hindrik mei Tine en de âldelju ferhúzje nei de Skrâns. In ûnwierskynlik ferhaal dat Pollema mei rjocht net bondele hat. Mar wêrom it ferfolch wol opnommen? Tine is net better, noch seurderiger en like ûnwierskynlik. It is fjirdel jier letter, Hindrik en Tine binne treddel jier troud, mar bern binne der | |
[pagina 410]
| |
noch net kommen. It langstme nei bern - as dat der alteast is - moat wike foar Hindrik syn heechseedlike libbensopfetting dêr't foar seksualiteit gjin plak yn is. En Tine kin him grif ek net oerhelje. As Tine swier rekket, moat dat dan ek fan in oare keardel wêze, dat is man en wiif sa klear as in klûntsje. En de lêzer moat dat allegearre mar ferduldich ta him nimme. Mear noch, de skriuwer freget fan 'e lêzer dat er mei him Hindrik beskôget as in heecheale figuer, in man mei in gouden ynboarst. Wylst it allinnich mar in earsten egotripper en dêrby ek noch in sûch is. Is it de skriuwer fergetten dat er him earder in stielene Jezus neamd hat? As wy fergelykje mei ien fan 'e lêste ferhalen, Jimke en Antsje, docht bliken dat de man yn dat ferhaal krekt sa'n ferskriklike sûch is dy't troch syn frou op hannen droegen wurdt. Akkoart, earst net, ynearsten hat se freeslik argewaasje fan Jimke en se lit merke dat se leaver in fleurige keardel hân hie lykas har mans freon. Mar oan 'e ein fan it ferhaal is se bekeard: Jimke is in hillige en by har leit alle skuld oan 'e kribbekeurichheden en stille striid. Ek dizze Jimke is net ta ienige erotyk te bewegen, mei gjin tsien plysjes noch net. Wat lûkt Pollema yn ditsoarte minsken oan, wat makket dat er har heechset? Pollema kin sarkastysk skriuwe, mar der is yn dizze ferhalen gjin spat sarkasme. Hy mient it, hy set dizze stive stokdweilen dy't inkeld foar harsels libje op in fuotstik. Moatte wy dy buordpapierene pylders fan 'e maatskippij beskôgje as de tsjinhingers fan 'e slopankelige swankebasten dêr't Pollema syn hert oars it meast nei útgyng? Wol er himsels mei help fan dizze figueren, dy't net wike noch te lofter noch te rjochter side, út 'e sompe fan 'e ûnmaatskiplikens skuorre? De minsken dy't er lije mei, dy't er oanfielt, binne lju dy't it net rjocht fine kinne yn it libben en dy't ek net al te fêst yn 'e skuon steane. Dêr is Pier Post, de reizger mei negoasje, dêr is Seakele omropper, in baas op 'e tromme, mar ek in sûplap. Tsjamke, de skoalmaster, fielt him dea-ûngelokkich yn it Fryske stedsje en giet werom nei Amsterdam. Winia, in man dy't syn | |
[pagina 411]
| |
fantasijen gean lit oer de grinzen fan syn bestean om't er langet nei wat oars, bliuwt foar de sûnde mei syn frous healsuster bewarre, mar men wit net oft dat net meast te tankjen is oan it hookstrookse ferskinen fan dûmny. Boer Hinne sil syn frou nea ûntrou wurde, mar likemin kin en wol er it byld ferjitte fan Reinou dêr't er tweintich jier lyn mei skarrele hat. De figueren yn Pollema syn ferhalen binne oer 't generaal net lokkich. Se kinne it net fine en langje nei it ûnberikbere. Piebenga seit it goed: ‘... wat jin altiten bybliuwe sil út Pollema syn wurk, dat is it djip-ûnbifredige wêzen mei it deistige bestean en de deistige minske. It romantyske langstme makket it libben yn de koele Fryske boere-sfear foar syn persoanen ûnmooglik; yn de hok- en hiemfêste wurdt de swalker wekker en elke (ek de houliks-)bân wurdt dan ûnferdraachlik, it skynbestean wurdt trochljochte. En de ein fan dit allegearre is de legens, de folsleine treasteleazens, de iensumheid fan de dea dy't faak al yn it libben bestiet.’ Gerkje en Pier Post begeane beide in wanhoopsdied mei de boel yn 'e brân te stekken en komme sels om. Tine giet dea fan skamte en berou, sa moat men ûnderstelle. Gerryt (yn De skiednis fan Gerryt Hansma, net bondele) ferdrinkt himsels yn 'e mar nei't syn frou by him wei rûn is. Soms is de flecht mooglik, lykas yn Tsjamke en yn De skiednis fan Gerryt Hansma, dêr't de troude frou mei in âld freon om fierrens set as it houlik ta in hel wurden is. Soms bliuwt allinnich oer it berêsten yn in situaasje dy't útsichtleas is. Dat is lykwols net alles. Yn De winkeljuffer en In grut man docht bliken dat Pollema oare pylken op syn bôge hat: de humor, of sels it sarkasme, it meast suksesfolle wapen tsjin it libben. De winkeljuffer is in ferhaal dat tinken docht oan Wadman syn Tomorrow-morning yn 'e mingeling fan meilydsumens en wreksucht. Baas Klopma wurdt troch syn winkelfaam Hiltsje, nammers ek troch de auteur, mei leafdefolle eagen sjoen, mar tagelyk wurdt er ôfmakke. De haadpersoan fan In grut man wurdt mei sarkasme tekene, it is in grutte smjunt, dy Age Tsjallinga. Wy gunne him syn fal yn 'e bedelte dy't de auteur traach, | |
[pagina 412]
| |
och sa traach taret. Mar de ein is it aldermoaiste, Age Tsjallinga ferhinget himsels net, hy fergiet net fan skamte en neiberou, nee, hy klaut wer by de wâl op en wurdt op 'e nij in grut man. It liket oft de spotsucht him ek master makket fan 'e auteur syn morele ferûntweardiging en yn 'e fuotleasten dêrfan, fan de lêzer sines. By my binne dat de favorite ferhalen út 'e bondel, mei Tsjamke, dat ik ek graach lije mei. Ik wurdearje dêryn benammen de tekening fan 'e beide boarstrokbreidzjende froulju yn 'e skoalmastershúshâlding. Fan 'e âldste seit de skriuwer: ‘hja wie it type fan in deugdlike Fryske frou, troch en troch fatsoenlik, mar sûnder timperamint.’ Ik moat noch in gearfetsjend wurd sprekke oer de fiif netbondele ferhalen. Fan Gerkje haw ik al sein dat it mei rjocht weilitten is. Dat jildt ek fan 'e oare fjouwer. De skiednis fan Gerryt Hansma giet oer in jongkeardel dy't troch syn heit en mem opbrocht wurdt as in hearsker en dy't letter dan ek mient dat alles him takomt. Hy trout de moaiste en rykste boeredochter fan it doarp en makket him baas oer alles wat yn 'e hûs omgiet en ek oer har. Dat kin se net ferkropje en se rint by him wei. Sidene Sytske giet oer twa skoalmasters op in doarpke. Ien fan harren hat smjucht op Sidene Sytske, in boeredochter, de oare warskôget him dat se te grutsk is om in skoalmaster te nimmen. Dochs slagget it dy iene om ris in baantsje mei har te riden. Sytske har heit ferûngemakket en it docht bliken dat it bedriuw ûnder de skulden sit. Sytske nimt in tsjinst oan yn 'e stêd. Dy skoalmaster ferhuzet ek nei de stêd. Se moetsje inoar wer en klear is kees. It is in flutferhaal, koart sein. Dan bliuwe der noch twa, relatyf koarte, krystferhalen oer. It bêste wat men der fan sizze kin, is dat se net-tradisjoneel binne. It earste giet oer in man dy't syn boarch ferliest en net wit hoe't er de sinten byinoar krije moat en him oan dy boarch fergrypt. It twadde giet oer de deilisskip tusken twa froulju nei ynlieding fan it feit dat ien fan beiden har oarehelte dronken thúskomt. | |
[pagina 413]
| |
WurdearringYn it tableau de la troupe, It Sjongende Fryslân, krige Bokke Simens likefolle bledkanten as de oare dichters. Dêr mei men wurdearring út lêze. Yn De Fryske Skriftekennisse fan 1897-1925, Diel I (1928) nimt Kalma in part fan 'e fersen út It Sjongende Fryslân oer. Kalma hat yn 'e lytse rispinge nei 1917 grif gjin nije fûn dy't better wienen yn syn eagen. It oardiel oer Pollema syn dichtwurk falt yn 'e ynlieding fan De Fryske Skriftekennisse minder priizgjend út as men op grûn fan It sjongende Fryslân ferwachtsje koe: ‘Mear neffens har geast as har foarm hearre hja ta de moderne poëzije, lyk as dy opkaam oer hiel Jeropa: it ûnbefredigjende fan it libben, it langjen nei in frjemd wurden gruttens, soms sels it langstme nei it langstme, binne de motiven dy't jimmer weromkomme’ (s.26). Ek wat fan teloar-stelling by Kalma? Pollema hie it as dichter wol raar sitte litten. Wumkes rekkenet Pollema sûnder reserves sa te sjen ta de ‘nije persoanlike dichters’ - in begryp dat Douwe Kalma útfûn hie ta ûnderskieding mei de ‘folksdichters’ - lykas Rinke Tolman en Rintsje Sybesma (Bodders yn de Fryske striid, s.687). Pollema syn fersen binne net bondele, dat resinsjes binne der net. Ut oare stikken krijt men de yndruk dat syn fersen gjin grutte wurdearring fûn ha. Piebenga seit: ‘In grut dichter wie er net; oan syn taal en benammen oan 'e foarm mankearre gâns’. Meerburg yn syn rono-lêzing: ‘Wat deze gedichten betreft: ze zijn meestal niet erg belangrijk, de omgeving is zwak en de woordkeuze niet bijzonder gelukkig.’ Yn De spiegel van de Friese poëzie (1994) is neat fan Pollema opnommen. Hy liket in fergetten dichter te wêzen. Foar syn proaza hat er mear wurdearring krigen. It ferhaal It draaimûnefamke, earst yn Frisia publisearre en dêrnei yn 1929 apart útjûn, is it earste wurk fan Pollema dat resinsearre wurdt. Fan J.J. Hof syn resinsje (Leeuwarder Nieuwsblad 28.08.29) haw ik allinne de ynkoarte ferzje yn 40 Jier Taelstriid ûnder eagen hân. Hof neamt ‘de ynhâld moai en suver yn opfetting en útfiering’ | |
[pagina 414]
| |
en de ferhaaltrant ‘oer 't algemien libben’. Mar dan komt er op it minne Frysk fan Pollema... S.D. de Jong (Leeuwarder Courant 07.09.29) lekket de komposysje, benammen de fierstelange útwreiding oer de ‘big mets’, mar hy rommet de ‘masterlike karaktertekening’. | |
Resinsjes fan Lok en lijenJ. van der Tol referearret oan it falske byld fan Fryslâns folkslibben dat leit as in stil wetter, fan gjin wyntsje rimpele, de blauwe himel wjerspegeljend. Dat lìket mar sa, seit er: ‘Mar dan komt de dichter, de minskekenner, en dy skôget djipper, dy sjocht troch it oerflak hinne en wit, wat dêr ûnder libbet. Sa'n ien is Pollema. It is proazawurk, wat der yn dit boek stiet, alteast it stiet net op rym, it binne gjin fersen, mar sa't hy it hjir seit, yn sok moai Frysk, sa't er it ús foar eagen tsjoent, sa is it poëzije. It lit ús net los, it sleept ús mei. En al ha wy de measte ferhalen earder ûnder eagen hân, wy lêze se wer en lizze 't boek net earder del, foardat wy sa'n stik út ha. [...] Dizze samling is in grutte oanwinst foar de Fryske Bibleteek, in pronkje yn ús Fryske lettertún’ (Sljucht en Rjucht 1935, s.782). M.K. Scholten sjucht Pollema as proazafernijer. Weromwizend nei de earste publikaasje fan 'e ferhalen yn tydskriften, seit er: ‘Der waarden figueren yn tekene, dy't elk fan uzes ken, mar op in manear en fan in kant besjoen sa't men dat earder komselden fûn yn 'e Fryske skriften. It realisme, lyk as him dat hjir en dêr breklik oppenearre, b.g. by Feitsma, hat hjir in letter [les: lette of lettere, Tr. R.] fertsjintwurdiger fûn, dy't it syn ferantwurde utering jout. [...] ... de wierheid is dat Pollema syn ferhalen by it ferskinen yn 'e tydskriften mannichien fan de letteren treast en oantrún west hawwe, om't der alteast “libben”, hoe bûnt dan ek, yn siet. En dêrom hat er der rjucht op dat syn wurk yn in moaie bân útjûn is...’ (It Forbân s.4 jg. nr. 8, nov. 1935, s.94). S.J. van der Molen is net optein. Foarst is it boek gjin ien- | |
[pagina 415]
| |
heid, twa tige grutte ferhalen en acht koarte, dat ‘hat gjin roai!’ Folle slimmer noch achtet Van der Molen dat Pollema sa'n ôfgrysliken soad wurden nedich hat om syn saken út 'e doeken te dwaan. ‘Hearink, hearink, wat eint dat stadich en wat brûkt Pollema in soad wurden om jin mei syn persoanen yn 'e kunde te bringen. [...] Nim b.g.: In grut man. De opset is net ûnaardich en as men it ferhaal út hat - benammen it lêste haadstik jout de trochslach - seit men by jinsels: jawis, sokke “grutte mannen” binne der, mar wêrom duorret it fiifensantich bledsiden foardat “de bom boarst” wylst men mei tsien bledsiden al fiele en taaste kin, dat de loaikert en moaiprater Tsjallinga it op 'en doer yn syn winkeltsje net bankje kin?’ De resinsint ferwyt de auteur fierder falske byldspraak en sloffens yn taal. De ynhâld stiet Van der Molen ek mar matichjes oan: ‘De leafde is hast altiten it tema en dan folle en faken yn 'e foarm fan de mislike trijehoek-problemen dy't al tûzenris útpluze binne.’ Hy jout in mannich foarbylden út 'e ferhalen en beslút dan: ‘En no wolle wy net úthâlde, dat dizze dingen yn Fryslân net barre. Wis al barre se, mar it binne aldergeloks útsûnderingen, fuortkommend út in bedoarn aard. It Fryske aard is oars as dat men út Lok en lijen opmeitsje soe’ (Fryslân 1935, s.74, s.76). Mei dy lêste opmerkingen stapt Van der Molen oer de grinzen fan it boekbesprek hinne. Dit is kultuerkrityk of sedekrityk. S.D. de Jong hat benammen wurdearring, lykas yn syn besprek fan It draaimûnefamke nammers ek al, foar de karaktertekening fan Pollema: ‘En Pollema ken de minsken, ken de konflikten fan de minskelike siele. As men krityk op syn wurk hat, dan is dat nea om't er it probleem net goed steld hat, mar inkeld omdat de útarbeiding better en soarchfâldiger koe.’ Taal en styl doge net, en benammen de dialogen binne swak. De Jong syn oardiel skaait dochs nei it positive út: ‘Ferhalen út it libben, neamt de skriuwer sels dizze ferhalen. En wa't se oerflakkich lêst, sil sizze, dat hja in ôfbylding binne fan it libben fan de deistige minsken fan boargerlik bestean. Dochs leit der yn dit wurk in sterk romantysk elemint, romantysk yn 'e goede sin dan. It | |
[pagina 416]
| |
dramatyske yn hast al dizze ferhalen is, dat de personaazjes yn 'e nofteren sfear, dêr't hja libje, net rjucht siikhelje kinne en ferkomme fan langstme nei eat dat hja sels faken net neame doare en dat ek net mei wurden te omskriuwen is. De rop fan it bloed, soe men hast sizze kinne. Mar dan net dat bloed, dat de boer oan 'e grûn bynt of de seeman oan 'e see, om't hûnderten generaasjes der yn sprekke, mar it bloed fan de swalker, dat troch in noch ûnbekende erfelikheidswet terjuchte komd is by minsken, dy't ferordonnearre liken in froed boargermansbestean te libjen, bloed dat sa sterk sprekt, dat it dyjingen, dy't der mei oanhelle binne, ûngelokkich makket, mar net sterkernôch om har mei har skynbestean brekke te litten, of der mei sels-irony of wat noch better wie, bewuste sublimearring boppe út te kommen’ (Leeuwarder Courant 01.02.36). W. Kok is oer 't generaal posityf. ‘Men hoecht net iens tige krekt te sjen om flaters yn dit wurk te finen: de taal is lang net altiten suver en de petearen binne soms seldsum houterich, neatsizzend en oerstallich. Der stiet foaroer, dat oer it algemien de probleemstelling psychologysk tige skerp en krekt is en de skriuwer yn it sielelibben fan syn objekten mei alle konflikten dy't derút fuortkomme ynlibbe is’ (De Stim fan Fryslân 20.03.36). E.B. Folkertsma ornearret: ‘Wa't allinnich estetysk oardielet, hat reden genôch om de útjefte ferantwurde te achtsjen. Fan dat oangeande soe it spitich west habbe, as Pollema's wurk yn it ferjit rekke wie.’ Krityk is der ek: ‘Mei minder en ynbanniger middels soe er mear berikt habbe; no is syn taal faken te redenryk, syn bylding te drok, syn ferhaal langtriedderich. [...] Mar mei al dy lekken en brekken oertsjûget er jin doch mar fan 'e werklikheid en de skientme fan it libben dêr't er út ferhellet. Syn persoanen elk foar oar, hy hat se sielkundich sa goed sjoen en beskreaun en harren yn har hertstochtlik bestean sa'n yntins libben meijûn, dat se jin bybliuwe as suggestive bylden en typen fan wurklike minskenlibbens yn striid en drama’ (Frisia 1936, s.87-88). ‘Mar mei literatuer allinnich estetysk beoardiele wurde?’ freget Folkertsma. En dan komme der oare apen út 'e mouwe. | |
[pagina 417]
| |
Yn 'e fjoerliny fan 'e literêre striidPollema syn ferhalebondel ferskynt op in stuit dat der yn 'e Fryske literatuer in wichtige diskusje geande is, te witten dy oer it mear of minder winsklike folksrieme karakter dêrfan. De Jongfryske beweging fan 1915 sette him ôf tsjin it provinsjalistyske gepiel en woe oan op echte literatuer, sa't dy yn oare en gruttere talen ek skreaun waard. Al rillegau hie dy beweging it pleit wûn en in nij elan besiele de Fryske skriften. Yn 'e tritiger jierren komt dêr in wjerslach op. Guon foaroanmannen nimme distânsje fan it biedwurd fan 'e Jongfriezen, ‘Fryslân en de wrâld’ - dy wrâld is yn har eagen it ûngeve, it amoralistyske, it sedeleaze, it ferdjer en alsa in bedriging fan it Frysk en de Fryske kultuer. Dy literêre foaroanmannen ferwite de beweging fan '15 dat er iensidich klam lein hat op 'e hege literatuer foar inkelde fynpriuwers, en dat de literatuer foar de brede massa's fan it folk fersleauke is en sadwaande in tsjirmjend libben leit. Folksliteratuer moat der komme, om de Friezen oan it lêzen te krijen. It is net iens sa maklik om út te finen wat no krekt de motiven fan dizze mannen binne om foar folksaardige literatuer te pleitsjen. Taalbefoardering? Of dochs folle mear ‘Fryskensbe-foardering’ of sels: befoardering fan 'e Fryske seden? Ien ding is wis: it omearmjen fan 'e moderne wrâld betsjut dat it Frysk him hookstrooks oanpasse moat oan nije ynhâlden en dat dêrmei de gevens yn 'e knipe komt. S.D de Jong seit bygelyks yn syn resinsje fan It draaimûnefamke, dat it beskriuwen fan it moderne libben it ynheljen fan hollandismen betsjut: ‘Alle modernisme kaam ta ús yn Hollânske wurden.’ Mar, hoe bot der yn 'e resinsjes ek klage wurdt oer it minne Frysk, it giet net allinnich om ‘geef Frysk’ of om de literatuer, net iens om kultuer, it giet ek en grif yn 't foarste plak, om de takomst fan Fryslân en it Fryske folk. Tsjebbe de Jong, Roomsk foaroanman en Eeltsje Boates Folkertsma, Griffermeard foaroanman, sprekke yn 'e tritiger jierren beide har noed út oer de Frys- | |
[pagina 418]
| |
ke seden. Foar Folkertsma hingje sede en taal op 'en nausten gear: sûnder Fryske sede gjin Fryske taal mear. Dy twa kristlike mannen ûnderskiede har yn 'e striid tsjin it ‘útlânsk bedjer’ amper fan mannen as R.P. Sybesma en S.J. van der Molen dy't letter de faksistyske kant oerwippe sille. It giet dus yn 'e striid fòàr in folksaardige Fryske literatuer en tsjìn in Fryske literatuer dy't ‘wrâldliteratuer yn 'e Fryske taal’ wêze wol om in yn ús eagen bjusterbaarlike alliânsje fan fûgels fan tige útienrinnend fear en plûm. De posysjes binne nammers net skerp markearre en soms binne persoanen ynienen ynskikliker of ôfwizender as men ferwachte hie. It sterkste binne de opposysjes tusken de literatoaren dy't polityk ta it faksistyske of it sosjalistyske kamp hearre. Yn it ramt fan dizze striid om de takomst fan 'e literatuer en fan Fryslân wol ik inkele resinsjes nochris bylâns. Van der Molen wie it negatyfst yn syn oardiel oer Pollema syn ferhalen. Wie dat in suver literêr oardiel - foarsafier't dat teoretysk en praktysk mooglik is -, of waard dat oardiel ynjûn troch de morele ôfwizing? Ik werhelje syn wurden: ‘En no wolle wy net úthalde, dat dizze dingen yn Fryslân net barre. Wis al barre se, mar it binne aldergeloks útsûnderingen, fuortkommend út in bedoarn aard. It Fryske aard is oars as dat men út Lok en lijen opmeitsje soe.’ Yn in noat by dizze opmerking skreau de samler fan it tydskrift, W. Hielkema: ‘Dit seit fansels net folle. Wêrom soene men krekt net oer útsonderingen op it Fryske aard skriuwe meie? Mar v.d.M. bedoelt hjir nei alle gedachten te sizzen: Fryslân wurdt der neat better fan, dat sokke uteringen fan in bedoarn aard op in [lês: 'en, Tr.R.] fynst útpluze en oan it folk tefoaren set wurde. En dan hat er gelyk. Dit is gjin sûne en geve keunst. Yn 't algemien: it ôfeart fan Frânske erotyk binne wy yn Fryslân net brek. En dêr soe it mei sketsen lyk as dizze fan Pollema hurd op ta gean. Dit is foar de Fryske literatuer gjin oanwinst.’ Kok, dy't wol wurdearring foar de ferhalen hie, komt by einsluten dochs ta in ôfwizend oardiel, ek op seedlike grûn: ‘No't ik lykwols de hiele bondel jitteris efterinoar lês, haw ik | |
[pagina 419]
| |
dochs in beswier, dat him net maklik ûnder wurden bringe lit, om't it de sfear fan it wurk rekket. Ik fiel der wat tige ûnfrysks yn, dat my in gefoel jout fan somlik útlânsk wurk, dat de dekadinte kant neist is. It is net it objekt dat it hjir docht, mar efter en ûnder dizze dramatyk, dy't jin faken sa romantysk oankomt, sit eat pessimistysks, in geast dy't men soms de namme modern jout, eat dat Pollema in tige apart plak yn ús skriftekennisse jout, dêr't ik fan hoopje dat it apart en allinnich bliuwe sil.’ Folkertsma, hy hie al merke litten dat it estetyske oardiel by him net alles is, komt oan 'e ein fan syn resinsje ta dit slot: ‘Mar wol is it in beswier, dat hast al dizze tsien ferhalen har yn it seksuele ôfspylje. Dy iensidichheid wurket tindinsjeus; de lêzer moat it idee krije, dat it bûnte libben en syn skientme sawat allinne te finen is op it terrein fan 'e erotyk en dan noch meast op en oer de grinzen fan it houlik. Hjir begjint Fryslân's skriften en folk itselde gefaar te wanken, dat yn oare lannen sa'n ferwoastende wurking dien hat.’ Dat koenen de lju dy't de Jongfryske idealen trou bleaun wienen fansels net oer har kant gean litte. Ane Jousma reagearret fûl op it stik fan Van der Molen: ‘Wy hiene te kiezen om '20 hinne. En wy keazen in literatuer, frij nêst dy fan oare folken. Wy hawwe te kiezen no: en wy soene in provinsjalistysk gedoch kieze, te fergelykjen mei wat Drinten, Grinslanners en Brabanners dogge? Lit ús der dan mar leaver alhiel mei ophalde, want dan is it de lêste lijensperioade fan in deasike. Mar dat wol my noch altyd net oan. En dêrom kom ik der tsjin op, dat men jin mei krityk op 'e hûd sit, dy't yn gjin inkelde moderne taal mear dulde wurde soe en dy't allinne op har plak wêze kin by taalpielderij-mei-in-opfiedkundich-prekerich-kleurke’ (It Heitelân 1936, s. 16). Douwe Kalma reagearret ek op it skeel yn syn artikel ‘Fryske krityk’, dat lykas Folkertsma syn resinsje yn Frisia opnommen wurdt. Yn in noat dielt Kalma mei: ‘Skreaun yn deselde snuorje en bûten hokfoar ferbân mei Folkertsma's earder opnommen skôging oer Lok en lijen.’ Spitich, it hie nijsgjirrich west om mei Folkertsma de striid oan te gean, mar wy moatte begripe dat | |
[pagina 420]
| |
Kalma praat yn it algemien: ‘De kritisy hiene betinke moatten dat ûnder alle omstannichheden de keunstner dy't in konflikt wier stelt en wier útbyldet, syn folk in tsjinst bewiist, ek al is dat konflikt ien dêr't men út hokfoar driuw ek, oars leafst oan foarbygiet. Lit men ek betinke dat literatuer en keunst, lyk as godstsjinst en steatkunde, dingen binne foar folwoeksenen. Der is gjin grutte libbens-iepenbiering dy't net wat tige nuodliks hat; en neat is nuodliker as it libben sels. Literatuer en keunst ha wis illinde stifte en sille trochgean illinde te stiftsjen, net út ynwenjende ferkeardens, mar troch de steuringen dy't de iepenbiering fan it ûndeistige yn it deistige bringt; mar dizze illinde is neat by de treast, de gloarje en de befrijing dy't hja brocht hawwe. En jit altyd priizgje wy dat folk dat moedich is en witte wy dat yn in moedich folk, de dichters har thús fiele’ (Frisia 1936, s.114-115). Mear as in heale ieu letter liket dizze ‘battle of the books’ in bytsje bespotlik. Mar neier sjoen is it mear spitich as bespotlik dat Pollema syn wurk yn 'e fjoerliny fan 'e literêre striid bedarre. Wat wie der no mis mei dy ferhalen? Kalma hie al foar't er yn Frisia in sint yn it diskusjeponkje die, in stik skreaun dat gjin resinsje noch polemyk wêze woe, mar dat besocht om de ‘betsjutting dúdlik te meitsjen foar de skiednis fan it Fryske geastlike libben.’ Hy seit: ‘Dit, leau ik, is yn Lok en lijen earst en sterkst, de hâlding fan de dichter, de dreamer, de swalker dy't it healferstoarne âldwrâldske fermidden fersmyt. Dat dêrmei de erotyk tige nei foaren komt, leit yn de reden. Pollema's erotyk is net dy fan de sinlikheid: by al de twiiv'lige situaasjes yn syn boek is der fan nocht oan it útlibjen fan de sinnen nea praat. It is de erotyk fan it aventoer, lyk as it by Marten Baersma de erotyk fan de dream is. Yn al dizze feale libbens hat in momint west dat der wat fjoer yn gluorke, ja ûnder de jiske gluorket it faak jitte, en mei dat gluorkjen komt de tsjoen fan in nije dei, in nij libben. En de minsklike siele longeret nei dat aventoer, hoe't de wrâld der ek de holle oer skodzje en oer oardielje mei’ (Streamingen 1936, s.30). Yn syn Frisia-stik skreau er in hoartsje letter: ‘Pollema priizget wat ik no mar de bûten-modelske leafde neame sil, | |
[pagina 421]
| |
yn gjin inkeld stik; earder kin men sizze dat er der oan ien stik tsjin warskôget; mar hy ferstiet der eat yn dat lokket, dat dêrtroch geunstich ôfstekt by it deistige libben dat faak feal liket en flak’ (s. 114). Wier allegearre en gjin wurd lygd: Pollema is perfoarst gjin skriuwer dy't oerhoer propagearret. Sjuch mar hoe't it mei Tine ôfrint, sy moat har bûtenhouliks aventoer mei de dea bekeapje. Wis, der stiet nearne dat soks har straf is, mar the plot is the symbol of meaning. Mear spitich as bespotlik, mar boppe-al in wichtige saak, doe, om't it gyng om de takomst fan de literatuer, en dus ek no, foar ús, dy't yn dy takomst libje. Meerburg docht de reboelje koart om 'e hoeke ôf: ‘Er is nu en dan door Friese literaire zedelijkheidsapostelen over geklaagd dat in de verhalen van Pollema het sexuele een te grote rol zou spelen.’ Mear net. Ik kin my wol yntinke dat Meerburg dizze kwestje yn it ramt fan syn lêzing en foar in rono-publyk net wiidweidich ferhapstûkje woe, mar op himsels is dit te koart troch de bocht. De kwestje is wichtich, om't er diel útmakket fan de ‘querelle des anciens et des modernes’ yn Fryslâns jierren tritich. It is dêrom mei rjocht dat Piter Boersma (Hjir 1986), Eize de Boer (Frysk en Frij, 11.04.87) en Trinus Riemersma (Eigen en vreemd, Amsterdam 1987; De kffb yn literêr Fryslân I, Amsterdam 1992) de striid tusken de behâldenden en de foarútstribjenden fan dy foaroarlochske jierren jitris yn it omtinken brocht ha. |
|