Foarwurd
Lânslju!
It bûnte Libben is as in ealstien mei ûntelbere kanten en eltse kant ljochtet en flikkert wer oars. Hoe min is it, om wat fan 'e kleur en 'e glâns fan ien sa'n side wer te jaan - hoe breklik faak de útkomste neffens it echte, it bêsteande - En dochs... hat it stribjen, om wat dêrfan wer te jaan, jin ienris te pakken, dan is it net sa maklik, jin derfan los meitsjen.
It nimt jin beet en hâldt jin fêst, faak jins libben lang.
Wat hjir oanbean wurdt, giet oer in rek fan jierren.
It measte hat yn It Heitelân stien, ‘Tsjamke’ (ûnder in oar opskrift) yn Frisia. ‘In grut Man’ is nij.
Mei der hjir en dêr in lânsman wêze, dy't der syn geniet yn fynt. Dat hoopje ik!
B.P.