| |
| |
| |
9 By pake en beppe
Ha suske. Ik mail dy mar wer ris in epistel fan ús mem. Se skriuwt ûnder oaren oer ‘die abortus’. Dat wie doe in ferskriklike strop foar it bedriuw. Ik haw der op ynternet ek in stikje oer fûn. Minsken krigen de sykte troch kontakt mei besmette bisten, it drinken fan rauwe molke of suvelprodukten dy't net pasteurisearre wiene, minsken koene elkoar net oanstekke.
By in ko wiene der njonken de miskreamen net folle symptomen, minsken waarden wat gripich, mar froulju dy't swier wiene koene in miskream krije. Wiest dus krekt op 'e tiid, suske!
Oan de ein fan mem har brief neamt se it reedriden fan Jan. As ik oan winter tink moat ik noch wolris oan it sliepen by pake en beppe tinke. Kinsto dy de foto dy't boppe yn it sliepkeammerke hong noch yn 't sin krije?
Ik wie altyd benaud foar dy foto fan dy âlde man, neffens my wie dat Gooitzens Jacob, de heit fan pake Jacob, dy't o sa brimstich de wrâld yn seach.
Doe't ik âlder wie en as puber op dûnsles siet en jûns by pake en beppe bleau te sliepen, moast ik yn in grouwélich grut bêd op souder sliepe met swiere Dútske tekkens. As it fear, lei moarns it iis derop. Ik krige altyd de kaai mei fan de syddoar dy't oars nea brûkt waard. It wie net myn gelokkichste tiid: in ûnberikbere leafde en gjin freonen. Dan leidest dêr op dy stille souder en heardest it muzyk fan'e iisbaan út it easten en hiel inkeld ris in auto oer 'e Stationsdyk. Ik haw my der ferskriklik iensum field. Wat foar oantinkens hasto oan dy tiid?
Groetnis, Oane
| |
| |
Siteburen 16 december 1954
Beste Bertha
De kleine groeit al zo lief, die is al 11 en een half pond. Er komt zo'n aardigheid aan. Ze lacht al zo. Ze wordt nu zaterdag 11 weken. Wat gaat die tijd hard. Zodra als het eens kan zullen we een foto van haar maken. Je weet niet half hoe gek wij allen met haar zijn. Zelfs die grote Jaap schaamt zich niet om dat te tonen. Met ons zelf is alles oké, maar G. wordt zo grijs en zijn haar wordt zo dun zodat wij al wat spul hebben gehaald waarmee we dat arme hoofd behandelen. Met de boerderij gaat het nu weer redelijk goed. Maar ja, nog steeds ondervinden we de schade van die abortus. Het is namelijk zo dat als we een koe voor het buitenland willen verkopen en die hebben we wel geschikt, dan moet ze abortusvrij zijn. Ze worden daar op onderzocht. En als dit zo is dan weet je dat dit jaren duurt voordat zo'n koe die bacteriën kwijt is, dan kun je begrijpen dat het buitenland, met name Griekenland geeft zo'n hoge prijs, die ons wel van pas zou komen want als gevolg van de natte zomer hebben wij te weinig gemolken. En daar moet het uiteindelijk van komen. Maar dit slechte jaar heeft ons ook een heel groot geluk gebracht, een dochter, ik had het in mijn stoutste verwachting niet meer durven dromen. Na dat levenloze meisje van acht jaar geleden nu nog zo'n heerlijk klein meisje je bezit te mogen noemen. We hebben toch zoveel geschenken gekregen. 't Is allemaal jurkjes en broekjes en lepels en vorken en rinkelbellen en weet ik veel. Eigenlijk veel te bar.
De kinderen verlangen erg naar schaatsenrijden, Jan oefent alle dagen op het gladde zeil in de keuken.
Van allen de beste wensen en vele groeten. Daag,
Dora
Sliepe by pake en beppe. Tusken de middei by pake en beppe
| |
| |
ite, dat wie ik wol wend, mar der sliepe, dat wie in oar ferhaal.
Yn sa'n rite datst net oer it iis en der net troch komme koest, moasten we yn 'e buorren bliuwe, by pake Jacob en beppe Anna. Ik koe min fan hûs; jûns as it begûn te skimerjen waard ik al ûnwennich. It wie sa stil by pake en beppe, gjin heit dy't nei melken yn 'e hûs kaam mei syn ferhalen, gjin mem dy't it drok hie mei fan alles en noch wat, net mei myn grutte broers om de tafel. Pake en beppe libben yn in grutte stilte, se hiene gjin televyzje en de radio kaam allinne oan foar it nijs en it waar. It iennichste lûd datst dêr heardest, wie in klok. Yn alle keamers stie in klok te tikjen, hiel lûd, se sloegen om it healoere. Mar de tiid kroep om.
Earst sieten pake en beppe te skimerjen, in teeljochtsje op tafel. Pake wat achteroer yn 'e briedstoel oan it tomkedraaien. Elk yn eigen tinzen fersonken, faak mei in rachel yn 'e mûle dêr't se wat op omsobben. Pake makke wolris grapkes, beppe wie stiller. Ik hie gjin idee wat der yn dy minsken om gie.
As de lampe op gie, dûkten se yn 'e krante. Foar my hiene se in kleurboek mei kleurkes kocht. Leaf betocht, mar it wiene fan dy akelige kleurkes, in soarte fan plestik dat mar min kleurje woe. Hiele stikken sloegen se oer. Hiest gau dyn nocht derôf.
Nei iten wosk beppe earst ôf, in gimmelearden ôfwasktobke kaam op it swilk op tafel te stean. Earst mei de sjippeklopper wat griene sjippe deryn klopje en dan mei in houten ôfwaskkwast mei fan dy triedsjes deroan ôfwaskje. It skjinne guod stie op in doekje út te drippen.
As de boel berêden wie, kaam it reade plusen kleed op tafel. Dan diene we faak in spultsje mei de dominyhoutsjes. Folle boartersguod wie der oars net. Yn de kast stie noch in bakje mei blokjes yn de foarm fan húskes en jernkloskes. It naaijern siet doetiids op fan dy houten kloskes, as it jern op wie kaam
| |
| |
it kloske by de oaren yn in doaske. Yn in blikken doaze mei moaie plaatsjes derop. Der stie ‘La Esperanza’ op - de Hoop.
Fêst ritueel wie dat pake jûns, foar't er op bêd gie, in kloppe aai krige. Yn in wyt komke kloppe er it aai mei in foarke los en dan sloarpe er dat kliemerige guod nei binnen ta. ‘Dat is sûn,’ sei er. Wêrom wit ik net, miskien wol om't it in aai fan syn eigen hinnen wie. Ik hoegde soks lokkich net te iten, ik griisde derfan.
Mar, dan kaam it momint dat we op bêd moasten. Pake en beppe sliepten yn in keammerke, in alkoof, dat boppe de kelder tusken de grutte foarkeamer en in lyts achterkeammerke yn lei. De sliepkeamersflier wie wol in heale meter heger as dy fan de oare keamers. Fan twa kanten koest deryn komme, oan beide kanten siet in trepke. Pake en beppe leine net op bêd, se sieten hast rjochtop te sliepen; tsjin it hollenein leine in stik as wat kessens. Op de bêdsplanke stie in gouden klok ûnder in glêzen stolp, dêr mochten we net oan komme. Dy klok rûn net. Ik fûn pake en beppe mar ryk mei dy gouden klok. Letter die bliken dat de klok al jierren stikken wie en it goud blêdgoud wie.
Ik sliepte net ûnder, ik moast nei boppen ta. Oer it hiele hûs hinne lei in grutte souder, út 'e keuken wei koest der mei in fêste trep komme, yn it plafond siet in lûk. As ik op bêd moast, klom pake earst by de trep op en treau er it swiere houten lûk iepen. Pake foarop dus, ik yn 'e midden en beppe achter my. Dan koe ik net falle, want it wie frijwat in gefaarlike trep foar in bern. Allinne by de wand lâns siet in leuning, nei de keuken ta siet neat wat dy keare koe ast nei ûnderen ta rûgelest. As ik kâlde fuotten hie, naam beppe in waarm krúkje mei.
Earst moasten we oer dy tsjustere souder rinne. Oan de ein siet in keammerke mei in kajút op it dak. It bêd siet yn in
| |
| |
kast, in soarte fan bedstee. Beppe sloech de tekkens werom, in glêde reade oerklaaide tekken, en dan moast ik der mei in stoel yn klimme. It bêd fielde klam oan, it waard net sa faak besliept. Beppe lei de swiere tekken oer my hinne en joech my in tút. Ik hie ús mem har tuten leaver, beppe har kin stikele, se hie allegear fan dy hurde grize hierkes op it kin. Pake aaide my oer it hier, oan tútsjen die hy net. Se wiisden my noch eefkes op de pispot yn 'e hoeke, dan gie de doar ticht en toffelen se nei ûnderen ta.
Lyk foar hûs oer stie in lantearnepeal, dy't in frjemd oranjeeftich ljocht troch de gerdyntsjes skine liet. Thús wie it altyd tsjuster om my hinne, dat wie fertroud, dit ljocht net. Op in kear waard ik sa benaud, ik miende dat ik spoeken foar it gerdyntsje seach, dat ik it op in gûlen sette. It fleach my oan, dêr allinne boppe. Ik woe nei hûs ta, ik hie dat hiele lange ein troch de Burd wol krûpe wollen, sa ûnwennich wie ik fan ús mem.
Pake en beppe ha doe ûnder yn 'e keamer in bêd foar my makke, twa grutte stuollen mei earmleunings tsjin elkoar oan en kessens derop. Mei in tekken en in kessen wie it bêd kompleet. De doar nei harren sliepkeamer stie in eintsje iepen, sa doarst ik te sliepen.
Yn de winter wennen se op in oar plak as yn de simmer. Simmerdei húsmannen se yn it lytse keammerke achter, tichtby de keuken; winterdeis sieten se yn de grutte keamer oan de dykskant, dêr baarnde de kachel dan. De keuken lei op it noarden, ferwaarming wie der net. Dat it in kâld hûs wie, die ek wol bliken út it feit dat beppe altyd mei in klotske op rûn as se de keamer út gie: in lyts rûn huodsje tsjin de kjeld. No hie se oars wol hier op 'e holle, beppe hie hiel lang, wyt hier. Se droech it altyd yn in frissel, dy't se as in sipeltsje op 'e holle fêstspjelde. Moarns waard de flecht loshelle en kjimde se it hier. It siet faak fol klitten, beppe sette de tosken fan har
| |
| |
keunstgebit op elkoar om de pine te fernearen; dat joech sa'n akelich kriezjend lûd. Soms wie beppe har hier wyt, soms wie it wat gielich fan kleur. Dat hong fansels gear mei de waskbeurten. Nei de kapper gie beppe by myn witten noait. Dat it hier deade punten hie, makke se har net drok om. It waard op de ein wat tinner, mar yn it sipeltsje seagen je der ommers neat fan.
It waarme iten fan beppe wie net sa ryk oan fitaminen. Beppe begûn moarns al ierebetiid mei it itensieden. Pake skylde de jirpels, in houten bakje mei in krante ûnderyn. Hy hie in hiele rûne tomme, ik tocht dat dat fan it skilen kaam.
Beppe hie net in gasstel, it iten stie skoften op petroaljestellen te soarjen. De woartels wiene faak swart en de jirpels oan smots sean. Beppe har sipels fûn ik wol lekker, dy krigen we thús noait. In pantsjefol sipels, oanmakke mei Sago; dat wiene fan dy wite kerreltsjes, krekt heilstiennen. Hearlik! Us mem rûkte altyd daalk as ik sipels iten hie. Se wie der net sa wiis mei, wol ik leauwe. Oan beppe sels wie ek goed te hearren dat se graach sipels iet, beppe koe ferskuorrend ôfblaze. De hiele keamer koe se trochrinne: it plofte oan ien tried wei troch.
Pake en beppe hiene it leafst fleis mei in goed stik fet deroan, gliderkes neamde pake de fetrânen. As wy dy fetrântsjes net mochten, joegen we se oan pake, mei alle leafde iet er se op. It fleis helle pake by de needslachter wei; as er wat hingjen seach helle er it op. Dat wie faak fleis fan âlde skiep, net te fretten, dat guod. It fleis rukte krektlyk as de skieppewol en wie kaugom gelyk. Ik kôge der wakker op om, mar it woe net fyn wurde. As ik it rêde koe, moffele ik de útkôge stikken ûnder de râne fan it board. Mar beppe har selsmakke appelsmots, dy mocht ik wol graach.
Nei de jirpels, fleis en griente krigen we sûpenmoallenbrij, of sûpengroattenbrij, waarmmakke yn in izeren pantsje. Foar
| |
| |
it rieren brûkte beppe hiele aparte houten leppels, it like oft pake se sels fan hout snijd hie, miskien wie dat ek wol sa.
Ek it bestek wie bysûnder, foaral dat fan pake en beppe sels. De foarken wienen hielendal ôfsliten, der sieten hast gjin tosken mear oan. Se hienen izeren leppels mei skerpe kantsjes der oan, moast útsjen datst de mûle der net mei iepen hellest. De knyften hienen bienen heften.
As it iten behimmele wie, kroep pake altyd in skoftke achter de pet, sa't er sei. En dat die er ek. Hy lei de pet oer it gesicht en gie mei de rêch tsjin it bekling fan de stoel hingjen, de hannen yn elkoar flochten op it festje. Njonken it keatling fan syn ‘âld raap’, syn sulveren bûshorloazje. Sa lei er dêr in skoftke en moast ik stil wêze.
Ien ding koe ik net goed fan pake en beppe ferneare, se rattelen altyd sa mei harren tosken. Beide hiene se in keunstgebyt, nei iten waard dat út 'e mûle helle en wiidweidich ôfslikke.
Of se hiene der by it iten wat ûnder krigen en besochten dat der mei de tonge wer wei te heljen. Dan lutsen se frjemde gesichten en de tosken leine op elkoar te ratteljen. Myn hiele libben haw ik my ergere oan minsken mei dizze rare gewoante.
Net allinne frjemde oanwensten, ek it diggelguod wie apart. Diggelguod dat stikken rekke waard net ferfongen, mar waard troch pake yn elkoar lime. Doe't pake en beppe stoarn wiene en de boel berêden wurde moast, wie der hast gjin skaal, board of faaske dat noch hiel wie. Alles siet oan elkoar plakt.
Der waard noait wat nijs kocht; alles wat yn 'e hûs stie, hiene se harren hiele trouwen al mei dien. Doe't pake en beppe yn 1968 nei Friesmahiem ferhuzen, bleau der wat húsrie yn it âlde hûs achter. Mar folle koe de famylje der net mear mei: de Dimter stuollen wiene hielendal fermôge, sels de âlde antiken kast siet de môgel yn.
| |
| |
Dit famyljetrekje waard oererfd troch ús heit. As er it iene of oare foar ús timmere, sieten der wol fjouwer ferskillende skroeven yn, ‘âld guod moat earst te'n ein’. En, ta grutte ergernis fan myn oare helte, moat ik sizze dat ek ík net frij fan dizze famyljekwaal bin.
Fruit, lykas wy dat no kenne, waard troch pake en beppe net iten, útsein parren. Achter hûs, tsjin it houten sket, dêr't pake ek in grientetúntsje hie en kropkes slaad en tusearte boude, stie in parrebeam. ‘Hearlike swiete parkes’, sei pake altyd. Mar ik fûn dat er in bysmaakje oan dy parren siet. Want njonken dy parrebeam siet in gat yn it sket, ticht by de grûn. Dat wie pake syn pishoekje. Stjonke dat it dêr die simmerdeis! It wetter rûn troch in greppeltsje ûnder it sket troch it lân yn, mar wat naam de parrebeam derfan op? Ik fertroude it net.
Achterhûs stie it hok, yn dat hok siet it húske, dat rûkte hiel eigenaardich. Yn it húske siet in brede houten planke mei in gat deryn, dêrûnder stie in tontsje. Oan de achterkant fan it hok siet in lûkje, dêr't de húskeman de tonnen troch wikselje koe. Ik kin dy wein mei húsketonnen noch sa foar my krije, in iepen wein mei twa etaazjes. De húskemannen hiene in learen skelk om 'e lea, oer it iene skouder siet in stik lear, dêr droegen se de tonne op. Ik wit net as de lege tonnen himmele waarden foar't se werombrocht waarden, oan de stank te rûken, net.
Ast wat kwyt moast op it húske, moast earst it lid fan it húskegat helje, dan kaam de stank dy temjitte. Ôffeie diene se mei in stik krantepapier, dat pake kreas yn fjouwerkantsjes knipte en mei in toutsje dertroch oan in spiker yn it húske hong. Sa waard alles recycled, folle ôffal hiene se noait. As it wat ljochter yn it húske west hie, hiest it lêste nijs der lêze kinnen. Mar der siet gjin lampe yn, ast wat sjen woest, moast de doar yn 't kier stean. En as der ien oan kaam: gau tichtlû- | |
| |
ke fansels! Thús hiene we lokkich net sa'n húske, wy hiene in ‘watercloset’ en húskepapier op in rôltsje.
Foar hús wie de blomtún, ek dat wie pake syn domein. Fan de foardoar rûn in tegelpaad nei it brechje oer de sleat. Oan wjerskanten bloeiden simmerdeis pake syn daljes; yn 'e midden lei in fjouwerkant gersfjildsje, dat pake in pear kear yn it jier mei de seine meande.
Dy daljeplanten bewarre er yn 'e winter yn 'e kelder, dêr't ek de winterjirpels leine, doazen fol mei eigenaardich foarme woartelknollen. Pake syn daljes waarden hiel heech, dat sil wol fan de kowestront kommen wêze dy't pake der opbrocht. Prachtige blommen yn alle kleuren mei sa'n eigenaardige rook. Pake wie grutsk op syn daljes. Ik fûn se ek moai, mar doe't ik in kear in boskje blommen foar juffer plôkje mocht en de earkrûpers my oer de hannen rûnen, belune myn entûsjasme wol.
Doe't pake en beppe âlder waarden iet ik der net mear, ik wit net krekt wat dêr oan foarôf gien is, mar ik wit wol dat mem noait sa oer beppe har itensiederij te sprekken wie.
Heit en mem sochten in oar kosthús foar my. Ik ha doe noch in jier as wat by de famylje Van der Velde iten. Hy kaam as foerkeapman fan de Caf by ús oer de flier, syn frou sil wol wat byfertsjinje ha wold. It iten wie dêr hiel oars as by pake en beppe, en ek oars as thús, folle moderner. Soms krigen we fan dy lekkere Saroma mei in túfke slachrjemme derop, samar troch de wike! Dat krigen we fan mem net. Ik sil der wol wakker oer beard ha thús, want letter krigen we op snein ek wolris sa'n bakje molke mei syntetyske kleur- en smaakstoffen.
As pake of beppe harren jierdei fierden fûn ik it dêr hiel gesellich. Dan wie der besite, waard der drok praten en lake, en krigen we lekkere taartsjes. Dy brocht de bakker yn in houten doaze mei in lid derop. Yn 'e midden fan dat lid siet
| |
| |
in sulverkleurich rûntsje mei gatsjes, dêr koe de lucht trochhinne. Under elk gebakje siet in briefke: ‘Dit was lekker, dit was gebak van Posthuma’. Der wie altyd wol ien dy't it foarlies. It wie ek tradysje dat pake by it gebakje-iten krême op syn festje griemde, dat koe net misse. Beppe prottelje fansels. Pake wreau it guod dan wat yn it festje wei, koe der net mei sitte.
Beppe hie op 31 jannewaris har jierdei, tagelyk mei prinsesse Beatrix. By de Kristlike skoalle foar harren hûs oer hong dan altyd de flagge út. Alle kearen wer sei beppe: ‘Se flagje ek wer foar my,’ oant ferfelens ta.
We krigen bowl yn fan dy lytse gleskes en de manlju rookten sigaren. Dat wie doe in lucht dy't by feest hearde. Soms hong der in mist fan reek yn 'e keamer, yn it sinneljocht seachst de slanters driuwen. Om dy sigaren sieten sigarebantsjes en dy sammele ik. Fan heit hie ik al in hiele soad krigen, dy plakte ik yn myn plakboek. Faak sieten der ek losse bantsjes yn dy sigaredoazen, somtiden sa grut as polshorloazjes.
De winkellju brochten de boadskippen oan hûs, beppe kaam eins nea fan it stee; allinne sa no en dan ris nei de bern ta. Se wie suver wat minskeskou. As der al ris in boadskip yn de buorren wie, gie pake allinne. Bygelyks nei it molkfabryk ta, dêr helle er molke út heit syn bussen; hy wist krekt wannear't se kamen. Ek de sûpenbrij helle hy dêr wei. Fierder wie pake in soad oan it beamseagjen, in hiel soad beammen hat er achter hûs ta brânhout makke mei de trekseage; de jonges holpen him der soms by. De hiele winter wie er hjir mei dwaande. It hout waard by de trep op nei de souder brocht. Beppe brocht de dagen mei breidzjen, haken en klean fersetten oan ein.
In inkele kear sieten we mei moai waar op 'e bank yn 'e foartún, dy't heal ferskûle yn 'e hage stie. It wie de hage oan
| |
| |
'e noardkant dy't grinze oan 'e tún fan in allinnich wenjende frou dy't Hollânsk prate. By grutte útsûndering iet ik wolris by har. It rûkte der frjemd en de molke preau hiel oars. Nederlânsk prate lei my al hielendal net. Oan 'e oare kant wennen ek âlde minsken: Kaastra en syn frou, ek in âld-boer. Sa wie dat faak yn earder tiden; âld-boeren lieten in hûs yn 'e buorren sette, faak by de yngong fan it doarp, en wennen dêr oant it net mear koe of se stoaren.
Simmerdeis roeiden pake en beppe tegearre nei Sitebuorren ta, faak as it ûngetiid wie. Pake die lytse hântaasten foar heit: stikellûke en sturtswylje. Pake hie altyd pipermuntsjes yn 'e festjebûse, sizze myn broers, as se him holpen krigen se der ien fan.
Ik haw dat byld ek noch wol foar eagen, pake oan de riemen yn de skou en beppe op it skoushúske. Dat byld heart by in poppe fan my, Brechtsje. Beppe hie in poppe foar my kocht en der moaie kleantsjes foar breide. Ik wie bliid mei de poppe, mar koe der eins net folle mei. Lange rjochte stive earms en skonken fan hurdplestik mei skerpe rânen, lang sa leaf net as myn eigen sêfte poppe. Mar fansels sei ik soks net, dat begrutte my om beppe dy't der sa'n flyt op dien hie.
|
|