Op 'e literaire toer
(1973)–Hessel Miedema– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 7]
| |
Iere fersen | |
[pagina 9]
| |
[pagina 10]
| |
Hommels
fljocht in mich
drok en gysten om 'e holle
fan in man
fljocht er
drok
fuort
dit is o sa wichtich
hwant
HY HAT IN MINSKE UNTDUTSEN
en nou moat er
alles
ûnthâlde
alles
hwat er sjocht
dan fljocht er
wer fuort
koart dêrop
komt in oaren
al sa gysten
dit is nammentlik
o sa wichtich, hwant
HY HAT IN MINSKE UNTDUTSEN
| |
[pagina 11]
| |
En op in hele fredige simmerjoun
- kompleet mei ljurken en
ûndergeande sinne -
sil it ûnk de wrâld wer bisette.
Skreauwende sergeanten-majoar sille
grauwe kompagnyen nei rjochts rjochtsje
litte en nei de dea ta ôfmarsjeare,
en rounom dêr't se lâns komme
sil de ierde omploegd wurde
fan auto's en tanks en bren-carriers
en sille de teare wyljenblêdden
trilje ûnder de bolderjende exploasjes
fan swiere mortiergranaten en 6 TP.
Dan sille de earnstige, bleke manskippen
har swijend weistopje yn 'e stille ierde
en ûnder de helm wei jitris oer de blau-
grisaille sylhouetten sjen
oant in lytse granaetsplinter
harren hammerjende earen rêst jaen sil.
(simmer 1954)
|
|