Forantwurding
Dit boek bifettet al it literaire wurk fan Hessel Miedema. It is forskynd yn Quatrebras, útsein de fersen op side 170-172, dy't skreaun binne foar de bondel Skande skande sûnde sûnde, Boalsert s.j. Earder wurk yn De Tsjerne en (ûnder pseudonym) it Frysk Studinte Almenak wurdt troch de skriuwer net mear erkend.
De folchoarder fan it wurk is in kompromis tusken systematysk en chronologysk; de ôfsûnderlike stikken binne datearre neffens it nûmer fan Quatrebras dêr't se earst yn forskynd binne.
Utsein in stikmennich troch de skriuwer oanbrochte forbetteringen fan printflaters is der yn 'e teksten neat foroare.