In brulloft yn 'e Wâlden
(1974)–T.G. van der Meulen– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 174]
| |
In droomOm twadderlei reden liket it opnimmen fan dit forhael yn dizze bondel mear as forantwurde, al kin it net sasear autobiografysk neamd wurde. Yn it foarste plak jowt it in yndruk fan hwat Tsjibbe Gearts as geastich en pittich ‘foarlêzer’ om by to setten hie. (‘In droom’ is, grif mei om in oare reden dy't wy hjirûnder noch neame sille, by Tsjibbe syn libben nea printe en is ek dúdlik yn de foarm fan in ‘causery’ skreaun.) Yn it twadde plak kin jin út ‘In droom’ dúdllk wurde, hoe't Tsjibbe Gearts oer syn tiidgenoatenskriuwers tochte. Dat er in klear, ja skerp oardiel hie oer harren kwaliteiten (of it ûntbrekken dêrfan), in oardiel dat it echte en it sabeare-talint dúdiik ûnderskaette, sil mei de reden west hawwe dat de skriuwer, om seare teannen to mijen, it leaver hwat ûnder him hâldde om it yn in selekt selskip sa hjir en dêr sels foar to lêzen. De earste kear die er dat op it Hearrenfean yn 1877, ta gelegenheit fan it sulveren feest fan it selskip ‘Rjucht en Sljucht’ op dat plak. Mar ek letter op oare plakken hat er it faeks noch wolris nei foaren brocht, bygelyks yn Ljouwert yn kriteformidden. ‘In droom’ jowt in nijsgjirrich priuwke fan Tsjibbe Gearts syn satiryske ynslach en der kin yn de foarige ieu yn Fryslân net folle neamd wurde dat it him yn dit genre forbetteret. It aerdige is boppedien dat de skriuwer himsels alderminst sparret. Doe't er ‘in droom’ op it Hearrenfean op de niisneamde feestjoun foarlies, wiene û.o. twa fan de troch him ‘blhannele’ skriuwers ûnder syn gehoar: Waling Dykstra en Jabik Hepkema. Dy lêste, útjower fan Hepkema's krante, hat biykber in hânskrift mel de tekst krige, mar dêr nea brûkme fan makke. Dat ‘In droom’ jierren letter dochs noch printe waerd, tankje wy oan Jan Jelles Hof, dy't de tekst, doe noch yn it bisit fan de famylje Hepkema, opnaem yn it earste diel fan syn ‘Fjirtich jier tael- | |
[pagina 175]
| |
striid’ (1940), s. 273-278.
Ik droomde dat ik dea wie en ik kaem foar de poarte der Walhalla en ik kloppe oan. It loket waerd iepene en der stiek in man syn wêzen foar krekt sa freonlik as mannich postbiamte yn Nederlân; ik tochte, de frage sil wêze: ‘Wat mot je?’, en dan hie 'k mei it wyfke sein: ‘Ik moat niks, mar jo moatte my foar twa dûbelkes postsegels jaen’. Mar né, it wie yn 't plattefryske: ‘Hwat moatstou?’ Ik sei, ik wie nyskes op ierde stoarn en nou woe 'k der wol yn. ‘Hwa biste?’ wie de frage. Ik sei: ‘De skriuwer fan “Mâl út Mâl thús” en folle oare oarspronklike wurken’. ‘Oarspronklik?’ sei er, ‘en dy titel hast tominste stellen. “Mâl út Mâl thús” is de fining fan in Gryksk blijspulskriuwer; MachusGa naar eind1 is syn namme en wy habbe him hjir al in plak jown’. Ik sei, nou ik soe 't gjin ligen hjitte, de titel wie stellen, mar de ynhâld wie nij. ‘En dy wie der ek nei’, prottele de man efter 't lûkje. ‘Mar wachtsje efkes’, sei er, ‘ik wol ris mei de hege rie oerlizze, dou haste ek skreaun “In snieuntojoun by Steffen Kryns”, en “Stelling en Godstsjinst”, dat moat der dy trochskuorre, oars giet in glêd mis’. Hy gong en ik loerde ta de Walhalla yn. Ik seach, dokter Eeltsje HalbertsmaGa naar eind2 hie 't wakker drok mei SalverdaGa naar eind3, en JoastGa naar eind4 stie by Harmen SytstraGa naar eind5. It die my goed dat ik Sytstra seach, hwant wrachtich, op ierde wie de man dea. Nou blykt it dat er ienkear libje sil. Gysbert JapiksGa naar eind6 stie mei in noardske balke oan 't stimmen en AlthusiusGa naar eind7 stie mei in kraeijerige stimme oan 't salmsjongen. It like my ta, dat Gysbert soms in bytsje om syn opfolger yn 't salmrym lake. Mar it wie dêr moai fan binnen yn de Walhalla, elts dy't der wie koe 'k sjen hie 't skoan nei 't sin en om't der njonken Dr. Eeltsje jit in stoel leech stie, tochte ik: dat is myn plakje fêst. It duorre net lang oft de man fan de poarte kaem wer en krémisGa naar eind8, doe seach ik earst dat it wrychtich gjin hounegiseler wie. To deale, Halbertsma en Salverda niigden wol sa djip foar himl Wol wie er griis en like er brimstich, mar sahwat keuninkliks strielde der út 'e eagen. Ik waerd skru- | |
[pagina 176]
| |
ten en 't gesicht stie net bêst. ‘Nou’, sei er ‘ik hab dy op de skealjen hawn, mar it is memel tekelGa naar eind9. Dou komst der net yn’. ‘Wel deale’, sei ik, ‘en 'k hab der my op ousloofd, ik hab der saken om forwaerleaze, ik hab alle krêften wijd om de kroane der onsterflikheit to winnen. In praelstiente woe 'k ha op myn grêf en it sil op pleagen útdraeije, en nou jit net yn de Walhalla? Hwat divel, bin 'k dan gjin grevel mear as in gewoan kristen dy't noait rymde en noait dichte?’ ‘Bidarje’, sei de man by 't doarke, ‘der binne safolle lyk as dou, dy't har troch de ramsuchtGa naar eind10 bidraeije litte, der is wol plak foar dy. Sjochst dêr dy doar wol? Gean dêr troch, dêr is in trep nei onderen, dou moatste leger wêze, rin dy treppen mar del, dan silste wol sjen hwerste komste’. Ik sei: ‘Der stiet oars in lege stoel fuort by Dr. Eeltsje Halbertsma, kin 'k dêr gjin plak fine?’ ‘Eamelje der net om’, sei de man, ‘it baet dy gjin grevel, dou komst der net yn, dou biste fiersto folle wrâldboarger en to Hollânsk west. W. Dykstra sil 'k binnen litte as er op ierde syn nocht hat, mar foar dy komt de doar net iepen. Yn 't each fan de forljochte wiest in stumper en yn 't each fan (...) in sûnderling en in spotter. Dou hast poehei genôch makke, mar de wiere weardije ontbriek’. ‘Divels’, sei 'k, ‘W. Dykstra wol?’ ‘Ja’, sei er, ‘dat wie in man út ien stik, dy libbe nei de leare, in Fries wie 't fan holle ta teannen, hy hâldde it forstân by it geny, mar dou lietst dy weislepe troch in idé’. Ik sei: ‘Mar dan woe 'k doch wolris witte of HoekstraGa naar eind11, de oprjochter fan “Rjucht en Sljucht”Ga naar eind12, der ek yn is’. ‘Né’, wie 't andert, ‘hy is al oan de doar west, mar o man, it bart net licht om hjir binnen to kommen. Ik skiftsje nou’. ‘Hwa binne jo eigentlik?’ frege ik. ‘Nou’, sei er, ‘dat is my in frage. Ik bin Braga’Ga naar eind13. ‘To dinder’, sei 'k, ‘forjow my myn frijpostigens, mar as ik der net yn kom, hoe komt it dan bygelyks mei master Van der VeenGa naar eind14 to Driezum, de skriuwer fan “De wylde lantearne” en de “fjûrstienfonken”?’ ‘Dy komt der allike min yn’, sei Braga. ‘It muoit my om de man, mar hy wie to wylde-lantearne-eftich. Dat fljocht fan de tsjerke op de toer en fan de toer op it ûleboerd. De minsken bigripe him net. Né, hy is mei syn grêf just net oan | |
[pagina 177]
| |
't ein, mar yn de Walhalla komt er net. It liket neat!’ ‘Nou, Auke BoonemmerGa naar eind15 dan, sil dy der ek yn?’ frege ik. ‘Likemin as dou’, sei Braga, ‘hy socht syn krêft by de kunst en roan de natûr foarby. Auke komt der net yn, of hy moat jit in stik leverje dat him rêdt’. Ik sei: ‘Nou't 'k dochs oan 't freegjen bin, komt SchoelierGa naar eind16 der ek?’ ‘Schoelier? Dy kenne wy net as in oarspronklik skriuwer. Syn ‘Kaertlister’ is in fiere neifolging fan ‘Mâl út’. En syn ‘âlde jas’ is net nij. Né, dy komt der ek net yn. ‘Nou, Tepkema’Ga naar eind17, sei ik, ‘dy skriuwer fan “Fjouwer rotten yn de falle” en “Heech oan en smelbrêge”, komt dy der ek yn?’ ‘Hy sil dochs sa dom net wêze’, sei Braga, ‘en tink dêr om? FaberGa naar eind18 fan Pitersbierrum hat mar in ferskeweinich skreaun, mar hy wie de dichter yn wierheit en natûr, him soe de doar iepene wurde kinne. Mar Hepkema foar in foech wurkje, skreaun om de geest des tijds to flijen, - it liket neat. En hwat learing en heil hat de minskheit fan sok wurk’. ‘Nou’, sei 'k, ‘De JongGa naar eind19 fan Appelskea, komt dy der ek yn?’ ‘Hwat soe der oanlieding ta jaen’, sei Braga. Ik sei: ‘Hy is de skriuwer fan de ‘lerapelkoer’. ‘Lit ik Halbertsma ris roppe’. Hy rop dominy Joast. ‘Hear hjir ris’, sei Braga, ‘dizze man freget oft de skriuwer fan de “lerapelkoer” yn de Walhalla komt’. ‘It wurd ierdappel’, sei Halbertsma, ‘mei hjir net oars as yn sin fan forachtinge brûkt wurde, en dan soe der immen yn dy't dêr syn boekje mei folt. Braga is baes, dat 's fansels, mar ik die leaver sa’... Mei makke er in biweging of woe er him de hals útsnije. En ik die leaver sa, sei Braga, as woe er him ophingje. Ik sei: ‘It stekt hjir fordomde nau. As ik dat witten hie, ik hie frijhwat makliker libbe. Hwat divel, hja seine dat ik geast hie en hwat is 't wurdich west? Mar siz my ris: komt Hindrik PasmaGa naar eind20 der yn? Dy hat mear fortsjinste, dy is lid fan lâns bistjûr en in (...) nuttige forienigingen’. ‘Deselde’, sei Braga, ‘dy't de gouden medalje krige hat foar de bêste bûter?’ ‘Ja’, sei 'k. | |
[pagina 178]
| |
‘Biste sljocht’, sei Braga. ‘Mienste dat immen dy't foar de ierde al sa folle wêze mochte en sa folle krige ek jit onsterflik wurde moat? Och man! Him wachtet as syn dea advertearre wurdt in tsiende diel fan dy krante fol fan lof. De gouden medalje fortelt it bernsbern jitte pake syn knappens, mar de man slept onder in grêfstien mei folle skrift dy't syn hoedanichheden meidiele en dêrmei is 't út. Wy litte him net yn de Walhalla’. Ik sei: ‘Nou, Van LoonGa naar eind21 dan, de biwurker fan 't Lieteboek en de rimer fan folle moaije rimen, boppedien ridder en in stevige stipe fan 't regear’. ‘Van Loon hat syn lean wei’, sei Braga. ‘In rige of seisentweintich krantelof, in grêfstien fan fiif foet troch de famylje to lizzen en de Walhalla bliuwt foar de man sletten’. Ik sei: ‘Dat is nou dan wol divels, dat men jin dêr om ouslavet om boppe it Janrap to kommen! Dan giet it nou wer nei 't grêf mei ús, om ivich dea to wêzen’. ‘Né’, sei Braga, ‘der is jit in plak dat hjit: heal libben en heal dea; dêr is 't jimme plak. Gean mar troch dy doar nei onderen. Fier onder de Walhalla dêr fynst it wol’. ‘It is dochs net yn 't fagefjûr?’ frege ik. ‘Wrychtich net’, sei Braga, ‘it is in timpel fan ljacht, mar sjoch, it is gjin timpel fan djûr en dêrom fordwine hja dy't der hinne moatte. Goereis, al genôch tiid forbabbele’. Dêrmei waerd it skúfke wer tichtsmiten en ik nei onderen. Jawol, dêr kom ik oan in timpel fan ljacht, mar hoe brekfallich! De stikkene glêzen hie men mei pompier en fodden tichtplakt. Ik gong binnen, de doar stoe wiidwaei iepen. De earste dy't my mette spriek my oan mei de wurden ‘Liliputtium Skandinaevium, of kenste gjin Latyn?’ Ik sei: ‘Né, hwa binne jo as 'k freegje mei?’ ‘De skriuwer’, sei er, ‘fan “De mieltiid by Belsasaar”, fan “Geestlike lietkes oan de berntjes fen Sion wijd” en fan “Oebele Glûper”. Ik bin de biromde W. de Jong JacobsGa naar eind22, alear skoalmaster to St. Anne’. ‘Hearink’, sei ik, ‘jo net yn de Walhalla?’ ‘Och hwat bliksem soe 't’, sei er. ‘Braga is in stiven hont! It liket neat, moast men my net iepene ha?! Hear ris!’ En dêrmei bigoan er to fers-opsizzen en mei de earmen to slaen: ‘Nog waren van Babels verhevene transen/De Medische standers ontrold in de lucht’... | |
[pagina 179]
| |
‘Och, als ik u bidden mag’, rôp in âlde grize mei in earwurdich gesicht, ‘houd je mond toch De Jong, ik soek om de wortel fan het woord “tsamme” en jou belette my’. ‘Ik zal de wetenschap niet ten last zijn, dominy’, sei De Jong, en gong brimstich hinne. Mei kaem der ien oan dy joech my golhertich de hân. ‘Kenste my jitte?’ sei er. ‘Ja, wrychtich’, sei 'k, ‘Hoekstra!Ga naar eind23 Jo hjir ek?’ ‘Ja’, sei er, ‘man dat is 't ein fan folle geharsenskrab.’ Ik sei: ‘Hwat âld man is dat dy't dêrre siket om de woartel fan it wurd tsamme?’ ‘Dr. Wassenbergh’Ga naar eind24, sei er. Ik sei: ‘Nou it is hwat. Hearink, sjoch dêr, hwa is dat, dy bleke hear dêrre?’ ‘Dat is HettemaGa naar eind25, de gelearde Hettema fan Ljouwert’, sel er. ‘Krémis’, sei 'k, ‘dat is ek hwat, sa geleard en jit gjin plak yn de Walhalla’. ‘Né’, sei Hoekstra, ‘o, dat falt sa ou! 't is dêrre mar wier, folle de earste sille de lêste wêze en folle lêste de earste. Myn hiele reis nei Hollân op rym, hoe moai ek printe, men hat der gjin acht op slein. 't Is treurich. Bistiet “Rjucht en Sljucht” noch?’, sei er. Ik sei ja, ik wie as earelid jit by 't 25-jierrich bistean west. Ik sei: ‘Ja salang is jins namme dochs onsterflik, Hoekstra’. ‘In 25-jierrige ivichheit’, sei er, wémoedich glimkjende. ‘Mennichien bringt it sa fier net, sei ik, “mar dêr komt mynhear T. DykstraGa naar eind26 oan”. En wrychtich, dy joech my gol de hân. Ik sei, ik hie tocht dat er yn de Walhalla wie, mei Sytstra. Né, sei er, hy wie to licht bifoun. Hy hie hwat wêze wollen, mar H. Sytstra wie hwat west. Dêr ha jo noch in âlde kunde, mynhear BlomGa naar eind27 fan Drachten’. ‘Ik meitsje jo myn komplimint’, sei 'k, ‘foar de sierlike útjefte fan jins wurken’. ‘Ja’, sei er, ‘ik tochte it is in forlofpas om yn de Walhalla to kommen, mar mis hear, to licht bifoun’. Ik sei: ‘Nou, 't is hjir net folle bisonders’. Né, seine se, mar 't wie doch noch better as fuort dea. Wy moasten ús dêrre meiïnoar mar formeitsje, allegearre | |
[pagina 180]
| |
lju fan 't heal en heale. Nou waerd ik wekker en ik tochte ik sil dizze droom ris opskriuwe en lêze dy foar op it Selskip ‘Rjucht en Sljucht’. Dan ha wy fuortynienen de libbene by de deade. |
|