| |
| |
| |
To plak. - De soasiteit.
Maitiid 1955.
Jehannes en Nynke wenje nou op 'e pleats. Tige foldien binne hja fan har troureiske werom kaem.
‘Hwat wie 't dêr moai yn Súd-Limboarch, België en f'râl yn Lúksemboarch’.
‘Om ús hiele libben net to forjitten,’ hie Nynke sein. ‘Nou, né; mar as jim dy earste wike nei jim boaskjen nei de Mokerheide tein wiene, dan hiene jimme it dêr ek wol moai foun, oars net?’ hie Jelle guodlik glimkjende sein.
Nou, dat koe wol wêze. Mar wier, it hie de muoite wurdich west. En hja wiene alle fjouwer bliid, dat hja it der mar in kear fan nomd hiene.
Jelle en Diuwke binne fansels al forfearn. En in wike lyn Dok en Master Sytsma ek.
Sadwaende sitte hja nou seisresom by Dok yn 'e keamer. It nije hûs moast bisjoen wurde. En binammen de froulju hawwe der harren geniet fan.
Alles is like kreas en geryflik. En Dok syn suster hat der tige de slach fan om it sellich yn to rjochtsjen, sûnder dat it to folle jild kostet.
Hwant it is ek al sa, dat Dok net sa folle jild oerwoun hat. Hwat dat oangiet, is de rispinge fan fjirtich jier dokterjen net sa botte great wurden.
Dok hat altiten to folle klanten hawn dy't lege rekkentsjes ek al it bêste pasten. En dan giet dat sa. Doe't hja allegearre it hûs troch west hiene en wer sieten, naem Dok efkes it wurd.
| |
| |
‘Wy binne nou allegearre to plak,’ sei er. ‘En wy hawwe altiten in bulte oan inoar hawn.
Dat moat tinkt my sa bliuwe, sa lang as it ús barre mei. En dêrom stel ik út, dat wy in soarte soasiteit stiftsje. De trije mânlju lid. En de froulju eare-lid of stiper, hwat hja sels mar it leafst wolle.
Hwat tinkt jim dêrfan?’
De oaren laken. En Jelle sei glimkjende wei: ‘Ik bin der daelk foar. Nea ha ik as koumelker oan't nou ta tocht, dat ik jitris lid fan sa'n foriening wurde soe. Mar as it wêze sil, dan moat it ek net langer wachtsje, tinkt my.’
Master knikte.
‘Dat is dan klear,’ sei Dok. ‘En de froulju? Hwat wolle dy wurde? Eare-lid of stiper?’
Nou, dy wiene it der oer iens, dat de soasiteit bêst harren stipe brûke koe, as it hwat wurde soe.
Dat wie sadwaende ringen ôfpraet.
Doe wie Dok syn earste útstel, eltse wike in joun by elkmis to jounpraten. Dat wie dan trije jounen yn 'e wike. Hwat prate, en ris in spultsje, en al sa.
‘En fansels, in goed kopke kofje, in stikje koeke, en in lekkere sigaer, dat heart der al by.’
‘Ja, mar hark ris,’ sei syn suster, ‘dou wolste it der mar goed fan nimme, mar dat mei ús gjinien fan trijen barre, tinkt my.’
‘Dan moatte wy dêr nou alderearst oer prate,’ sei Dok.
‘Us liifrinte is fansels net sa botte great. Mar ik ha to'n earsten noch hwat ynkommen as skoalledokter. Myn opfolger hat it oars drok genôch, en sadwaende is mei de boargemaster ôfpraet, dat ik dit offysje jit hwat oanhâlde kin.
Nou, dat smyt gjin greate stikken op, mar it helpt
| |
| |
dochs. Ik tochte, dat der noch in goede sigaer ôf koe. Myn húshâldster is tige sunich; oars soe it miskien net kinne,’ liet hy der mei in knypeachje tsjin syn suster efteroan komme.
‘En hwat seit Master Sytsma?’
‘Ja, ik ha myn pensioen fansels. En nou sitte wy hjir sa'n bytsje to gekjeijen, mar de frou seit: “Deun by 't wâltsje lâns, dan kin it krekt.” In protte jild foar lekkere sigaren sil der wol net oan sitte, eangje ik. Mar ja, ik ha ek in kloeke húshâldster, hear. Dêrfan net.’
‘Toe mar’ sei Masterske, ‘jim witte wol aerdich, hoe't jimme prate moatte, tinkt my sa.’
Doe moast Jelle syn bitinken sizze.
‘Ja, wy hawwe nou fan 'e boerelienbank tûzen goune jiers. En frij wenjen. Dat skeelt in stik, fansels. Mar oars soe ik ek net witte, hoe't wy roun komme soene. Sa faek as it in bytsje lije koe, hawwe wy it lân better makke. En de huzinge is goed ûnderhâlden. Mar dêr sit nou ek alles yn hwat wy bibuorke ha.
Nou sil Jehannes ús wyks fyftjin goune hier bitelje, as it kin. Dat wurdt dan meiïnoar 1780 goune yn it jier. Foar de oarloch wie dat foar minsken op jierren in tige moai ynkommen, mar men docht nou mei in ryksdaelder net mear as doe mei in goune. Miskien noch hast minder.’
‘Ja,’ sei Diuwke, ‘mar wy krije de molke om 'e nocht. Dat is ôfpraet. Dat komt by de hier. Mar it wurdt fansels ôfwachtsjen oft Jehannes en Nynke dy hier opbringe kinne. De molke jildt winliken to min. En hja soene ek foar de hypoteekrinte soargje; en it ûnderhâld.’
‘Ik hear it wol,’ sei Dok. ‘It wurdt foar allegearre
| |
| |
hwat skraebjen om 'e kant. Mar wy binne eins ek noch jongeftige minsken, allegearre. Dat wy moatte bisykje, der hwat by to fortsjinjen.’
‘In stikje bou by hiere om ús eigen iten to bouwen,’ sei Master.
‘Ja,’ sei Dok, ‘dat skeelt foarfêst al wer. Lykwols dat túntsjen leit my net sa bot. As Jelle en Master nou ek foar my it tún birêdde wolle, dan doch ik hwat oars foar harren....’
Doe lake syn suster. ‘Soestou dat jit wol kinne?’ frege hja.
‘Wis wol; hwerom net?’ andere Dok. ‘Mar it is dy fansels to mâl. Mar my net, hear. Gjinien bûten ús hoecht it to witten, ommers?’
‘Hwer giet it nou eins oer?’ sei Diuwke. En de oaren waerden ek nijsgjirrich.
En doe fortelde Dok, hy hie yn de tiid, dat er op stúdzje gyng, yn 'e kost west by in skuonmakker. In lyts baeske, sûnder in oare feint as in learjonge, dy't de âlde skuon ek ophelle en wer to plak bringe moast. Dat mantsje hie it tige drok. En op in kear, dat Dok ris wer yn 'e jildpine sitten hie, weage hy it om de baes to freegjen, oft dy him net leare koe, om sels syn skuon to lapjen. Nou, dat wie oangien. En dat skuonmakkerke hie him foar in pear sinten ek noch it nedichste ark taskikt.
‘En doe't ik boaske bin, naem ik dat meast foar de aerdichheit ek mei, nei ús doktershûs hjir,’ sei Dok. Mar doe swei er ynienen. It moed skeat him efkes fol, doe't er tobek tochte oan dat iene jier fan houlikslok, dat him mar barre meijen hie. Doe hie de wrede dea him alles yn ien slach ôfnomd. Syn jonge frou, en syn krekt berne famke...
Efkes lei syn suster him de hân sêft op 'e earm.
| |
| |
‘Jonge,’ flústere hja, ‘wy binne noch byinoar. En ús Tetsje is noch mâlder om dy as om my, leau'k.’
Dat sa'n woune jit sa skrine kin, as er al fjirtich jier âld is. Diuwke en Masterske waerden der suver muoilik fan. Altiten wie Dok fleurich, en montere hy in oar op mei in grapke. En hwat moast sa'n fynfielende man it sels soms noch swier hawwe. Mar Dok hie himsels al wer yn 'e macht.
‘Dat is dan ôfpraet,’ sei er. ‘Master en Jelle dogge ús túntsje ek. En ik set nou en dan ris nije hakken en ballappen ûnder jim skuon.’
‘It is my fiersto-mâl, dat jo myn skuon meitsje sille,’ sei Diuwke.
‘En Albert Schweitzer dan?’ sei Dok. ‘As dy barakken bout foar de negers yn Midden-Afrika, dan mei ik jou skuon dochs wol lapje? En ik siz jo, dat ik it kreas dwaen kin,’ kaem der efteroan.
‘Winliken is it sa, dat elkenien yn syn jonge jierren ek in ambacht út de rûchte leare moast.
Dat kin him syn hiele libben troch fan nut wêze, mar f'râl by it hwat âlder wurden. Dêrom liket it my ek sa fan bilang, dat op 'e kweekskoallen foar ûnderwizers ek it biarbeidzjen fan hout en karton leard wurdt.
Der binne fansels knoffelders by, dy't der net folle fan meitsje. Mar de oaren jowe it troch oan de bern En hja hawwe der sels in protte wille fan.
Dus, Diuwke, dat is ôfpraet. En as ik jo dan ek nochris in kear fan de gryp ôfhelpe kin, sûnder dat der in rekkentsje efternei komt, dan mei ik dochs wol frij fan túntsjen, nou?’
‘Né, soks soe fierstofier rinne. Wy soene dan folle mear fan jo krije, as wy werom jaen kinne. Foar ús
| |
| |
skuonmeitsje, né, dat moat net,’ abbelearre Diuwke jitris tsjin.
‘Mar kinne wy ek noch net hwat helpe yn 'e ûngetiid?’ sei Master. ‘As jonge thús mocht ik dat sa ivige graech dwaen.
En nou docht neffens de revue, dy't wy op de brulloft fan de bern heard hawwe, de masine tsjintwurdich alles, mar sa is it hjir noch net. En de boeren kinne suver gjin ûngetiders krije.’
‘Nou,’ sei Dok, ‘ik ha as jonge ek wol mei ûngetide. En letter noch ris. Master syn útstel liket my net sa min ta. Mar dan moat hy opstekke en ik loegje de weiden hea op.’
‘Dan bliuwt it stealswyljen foar my oer, hear ik wol,’ sei Jelle. ‘Dat is oars it wurk foar in lytsfeint of foar in soarte fan rintenier-boer.’
‘Nou, dat komt dan krekt út,’ sei Dok. ‘Jo hawwe al sa faek it keardelswurk dwaen moatten; wy binne nou oan bar.
Witte jimme wol, dat it al jierren sa giet yn Súd-Limboarch? Dêr is gjin boer mear dy't jit in arbeider krije kin. Hwant as der in went frij komt, dan is dy foar in febryksarbeider of foar de wurkers yn de minen. Sadwaende hat elke hwat greatere boer der in stik twa mannen yn 'e ûngetiid, dy't foarhinne yn de minen arbeide hawwe, en nou pensioneard binne. Ek yn Fryslân giet it deselde kant al moai út. In wente foar in boerearbeider is hast net to krijen.
As wy yn 'e ûngetiid geane, dan bitsjut dat winliken, dat wy de geast fan dizze tiid forstean, mar dy geast doocht net.’
‘Just,’ sei Jelle, ‘dat is sa. Dy kant moat it net út. Dat is ien fan de misstannen fan dizze tiid.’
‘Wis is it dat,’ andere Dok. ‘It is yn wêzen in leech- | |
| |
lizzen fan it boerebidriuw. En der sil earst wol wer in oarloch of in oare slimme ramp komme moatte, ear't dat foroaret.
It minskdom skynt allinne leare to wollen fan tige hurde slaggen.
‘Hwat wy hjir meast sahwat mei de gek bislein hawwe, mar dochs mei in ûndergroun fan earnst, dat is to sjen as de frucht fan in sike geast. As in folk syn boerefolk net jowt, dêr't it rjocht op hat, en de âlderen twingt om tige to soberearjen, dan...
Lokkich liket it der nou op, dat it steatspensioen foar allegearre tichteby komt. Dat sil foar in protte minsken in útkomst wurde kinne.’
‘Wis,’ sei Jelle. ‘Mar dat nimt jit net wei, dat it plattelân sines net kriget. Sûnt de bisetting hawwe der foar de boeren winliken allinne fan 1948 oant 1952 ta goede jierren west. En dan noch net iens foar allegearre. Beide lêste jierren wiene al folle minder. En sa as it nou giet, wurdt it plattelân leechsûchd. Foar Fryslân is dat it slimste hwat barre kin. De Fryske biweging sil folle mear syn soargen, skreppen en stypjen ynsette moatte foar it plattelân. Hwa't net mei agearret foar goede prizen foar molke, fé, ierappels en weet, dy makket dat Hollân mei libbet op kosten fan Fryslân.
Ik leau net, dat de minsken yn Ljouwert, It Fean, Drachten en inkelde oare plakken dat altiten ynsjogge. Fryslân moat yn wierheit baes wurde fan syn eigen groun. Fan de groun, dy't der is en ek fan de groun, dy't jit oanmakke wurde kin, of woun op 'e sé. En dan moat it sa dat dy groun safolle minsken brea en woltier jowt as mar mûglik is. Oan boeren, arbeiders en nearingdwaenden allegearre.
| |
| |
It greate gefaer is, dat it ‘Amearikanisme’ ús plattelân tognjiddet, en dêrmei alderearst Fryslân.
Woltier fan it plattelân is needsaek; allinne op dit founemint kin in soune kultuer him wierliken ûntjaen...
Mar... ik lykje wol in dûmny.’
‘As jimme nou útpraet binne, mei ik dan jit hwat freegje?’ sei Dok syn suster.
Nou, dat mocht fansels.
‘Ja, oars net, as dat de thé der sahwat út is. En it lêste pantsjefol soe ús mar ladderich meitsje.
Sil ik mar in kopke kofje klearmeitsje?
En dan in goed stikje koeke en in lekkere sigaer der by, lykas niis bitinge is?’
‘Ja, sei Dok. ‘Mar hjoed komt earst in romerfol wyn. Dat kin oars net lije. Mar dat heart der foar dizze kear by.’
Doe't de gleskes fol wiene, hâldde Dok syn romer omheech.
‘Op ús âlde freonskip; en op 'e takomst.
Foar ús is de tiid net lang mear. Mar foar Fryslân jit tige lang, wolle wy hoopje. Foar Lân en Folk! Fryslân heech! Frysk en frij!’
Dêr waerd it earste romerke-fol yn de nije wente op dronken. En der lei eat fan in bliere earnst op it antlit fan allegearre.
Doe gyng Dok syn suster foar it oargeltsje sitten. Nei in koart prelude spile hja psalm 72. En de oaren foelen krêftich yn:
De bergen sille frede drage,
Oer de ierde skynt in nije dage,
As hja Gods biedwurd heart.
| |
| |
It dimmen folk sil net mear lije:
Har earme bern sil Hy bifrije,
En dy't fordrukt, fordwaen.
Tetsje en Jabik bleauwen foar de finsters stean. Hja soene krekt jit efkes by Mem en Omke sjen.
‘Hark, hwat sjonge hja noch moai. Sa fêst jit en suver,’ sei Tetsje.
Jabik knikte stil en sei doe: ‘Libbensmoed is jimmer it bern fan in geef leauwe. En dat wennet by harren alle seis.
Sa lang as de âlderein sa'n eksimpel stelle kin, sil de jongerein Fryslân net biskamme meitsje. Mar kom, wy rinne troch. Hjir meije wy net steure.’
|
|