Wurd foarof
Jelle syn bertehûs stie earne yn 'e greidhoeke, tichteby in lyts doarpke.
En dat fan Pier stie oan 'e oare kant fan de tsjerke en toer.
Yn dy huzen wennen fan dy greate húshâldingen, lykas men dy sa om 1890 hinne, en hwat letter sa folle hie.
Seis, sawn, acht bern fakentiids.
En de deihierkes? Lyts, tige lyts!
Wis, se wiene op 'e Klaei sahwat in kwartsje heger, as yn de Wâlden, mar dochs...
Dêr kaem by, dat der lang en swier bodde waerd. Yn 'e ûngetiid fan moarns fjouwer oant jouns acht ûre ta en soms wol langer.
En winterdeis, yn it koartst fan 'e dagen bigong de dei foar in fêste arbeider om fiif ûre.
En hy duorre oant seizen en sawnen ta.
Sa wie it mei de fêste arbeiders. En mei de losse? En mei de boeren?
De lytse boeren, de koumelkers en sa, makken de dei f'râl net koarter. De greate boeren arbeiden sa lang en sa swier net, mar yn 'e greidhoeke wennen ek doe net folle, dy't men heareboeren neame koe. By de gewoane boeren gong it nochal ûngelyk.
De iene siet der ek better foar, as de oare. En it moatten sprekt altiten tige mei.
Oant sahwat 1900 ta gongen der nochal hwat boeren oer de kop. Der wiene fansels guon by, dêr't fan