It jubeljier
(1994)–Simke Kloosterman– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 356]
| |
16In fûgel naam in siedsje yn 'e bek en fleach dermei fuort. It foel earne del, sprute, woeks, waard' grut, waarde in keninklike beam, en joech in skoft syn leaflik skaad oer de wrâld. Seach de moannen rizen en sinken, seach de jierren en de stadiger rin fan 'e geslachten... En op in dei kaam der in stoarm, fûleindiger as de oaren, en hy, de âlde beam, waaide om, yn 'e stille nacht dy't derop folge, foel 'r... En in hopen misten syn skaad en stoarren nei it lege plak. Sà hie it libben fan âlde Falentijn west. Fol betrouwen wie 'r troch de lege, tsjustere poarte fan 'e dead gien nei it ivige libben yn 'e feilige bystân fan Him, dy't hy al de dagen fan syn ierdsk bestean ferhearlike hie. Syn ein wie frede. In frij Fryslân, in frij Hollân, it hie him net mear barre mocht, dat te sjen. Och, it like dêr no minder nei as ea tefoaren. It bestjoer fan Rutger Jan Schimmelpenninck, dêr wie ek alwer feroaring yn kaam, no waarde Hollân in kening taskikt en wol de broer fan Napoleon, de keizer fan Frankryk. De demokrasy har possenaasje wie útspile, Berdeau en soksoartigen waarden wer oan kant reard op har eigen plak, en ien fan de earste dieden fan 'e nije kening, Lodewyk Napoleon, wie, Fan Andringa de Kempenaar te beneamen as haad oer it ‘departement’ fan Fryslân. De Kempenaars wiene Oranjemannen en hiene dat noait ûnder stuollen en banken stutsen. Soe 't no allegear wer wat yn 'e âlde foegen reitsje kinne? hopen de lju. Mar de strûp waard' noch tichter oanhelle, de keizer dêre yn Frankryk moast foar al syn geoarloch almaroan mear jild brûke en wêr soe hy dat better weihelje as út de ferovere of skatplichtige lânen! Sa njonkenlytsenwei kamen der trijeëntweintich soarten fan belêstings. Sûker waarde fleanende djoer, kofje en toebak, och it waarde allegear in grutteljus snobberij en de mindere man koe derop sjen. En wêr soe men de belêstings hast fan betelje, as in goed keal mar fyftsjin stoeren gou en in gnap rier twaentritich gûne en in fjirder fan de alderbêste bûter sechtsjin gûne! Wat kaam der op sa'n manear fan 't gemaak telâne? De trakteminten fan 'e doomnees waarden net mear útbetelle, hja litten earmoed yn 'e útwenne pastorijen. De diakonijen hiene gjin jild | |
[pagina 357]
| |
mear, om de earme minsken har wykliks ûnderhâld te jaan... sa besuorren alle stânen fan 'e maatskippij fan heech ta leech de oerdwealske dieden fan 1795. 't Wie al jierren oan nei de bedelte ta gien, mar no mei dy frjemde keizer, dy alderfinaalste tramtearder noch fan allegearre, like it wol, as soe Fryslân earm makke wurde. Men mocht ek net iens mear frijút sizze yn 'e krant of op de sosjéteit, wat men op it nij regear tsjin hie, dy't de mûle wat alte fier op diich, waarde op wetter en brea set yn 't spinhús en koe tou plúzje, dat it fel him fan 'e hânen raffele. En al mar mear ynkertierings kamen der wer fan fersutere soldaten, dêr om de iene of oare reden, en hokfoar reden sims! de fetweide foar nedich wie en no nei dat rike Hollân tastjoerd waarden te tsjokiten. En út 'e fierte út Parys rôpen se almaroan om frijwilligers foar it leger en ek de Friezen waarden der foar spand, om dy te leverjen en se op har kosten út te rissen en ek mar mei de royale hân. Sà waarde Fryslân, ienkear frij, ryk en yn oansjen, fernedere ta ien fan de slaven, dy't de wrede striemmen fan 'e beul Napoleon op it earme lichem hagelen. En itsij yn Parys, of yn it leger te fjilde, fierde de Korsikaan syn oerwinnings. Hoefolle jonge minsken as dêr om slachte wurde moasten, om ta sa'n oerwinning komme te kinnen, wat telde dat? As hy syn begear nei it allinneregear fan 'e hiele wrâld mar ien stap neier foar him seach, it mar belôke yn 'e fierte, dan maalde al it oare him net. En alles slagge... it lot wie him geunstich, sa 's it op miljoenen sims ien inkelde der útkipt en alles rynsk jout ta in tiid ta, om him dan alles te ûntroovjen en ûndergean te litten yn 'e djipste ellinde. De iene nei de oare bûgden sawat al de keningen fan Europa foar him, mar de kening fan Ingelân ferpofte it en ek de Oranjes wegeren him te earjen. Doe't de keizer te Mainz kaam en dêr ek ferwachte, dat him hulde tabrocht wurde soe fan 'e erfprins fan Oranje en de foarst fan Oranje-Fulda, bleaune se wei en bûgden har net foar him. Hja hâlden as echte, rjuchte Oranjes it mei Ingelân, dat har en Fryslân yn syn need bystien hie, safolle as 't koe. Hoe waarden se dêrfoar straft en neiriden oan alle kanten! Wat him ek mar in bytke mishage, waard' weismiten en tetrape. Syn wiif dielde ek dat lot en in keizersdochter moast har bejaan nei de wil fan de lytse boargermanssoan, as se teminsten net woe, dat har lân teistere wurde soe fan in oarloch. Lânen en folken waarden as bûgbere reiden yn | |
[pagina 358]
| |
syn hân... hy spjalte en ferienige nei behagen en nimmen doarst syn lûd mear ferheffe tsjin him. De wrâld wie stil en bide sa yn slaafske deemoed de komste fan immen, sterker as dizze demon, waans bestean allinne kenber wie oan it ferdjer en 'e dea, dy't hy oer de oerwoanne folken brochte. En dêr op in dei, in freeslike dei! wie it ynienen dien mei it útrissen fan 'e frijwilligers. De Friezen sels, skatplichtich no net allinne mear, mar ek bloedplichtich, koene har klear meitsje, om ek foar 't kanon set en slachte te wurden. It regear hie no al sont jierren it heft yn hânen en wist krekt, wa't jong wie en sterkernôch ta dat swier kerwei fan lange marsen yn fiere frjemde lânen. Selst it keapje kinnen fan in nûmerruilder foar sa'n toalvehûndert gûne waard' ôfskaft, minskefleis wie mear wurdich as jild, om't it krapper waarde troch al dat oanhâldend geoarloch. Der klonk in skreau fan ûntsetting... Wat wie dat? Waarde it no yndied wier, wêr Falentijn en Ripperda sa op oanhâlden hiene, dat se mei de patriotske partij ek de dea yn Fryslân hellen en in nameleaze ellinde, wêr nimmen de swierte en duer fan skatte koe? No barnde it dan op 'e neil... en guont, ienkear hiele hurde razers as patriot, slûpten stil nei doctor Falentijn ta, as dy ek helpe koe en de jonge siik ferklearje, of se kloppen skytskoarjend by jonker Ripperda oan 'e doar, it freeslike pompier yn 'e bûs, wêr de namme op stie fan 'e soan, oproppen yn 'e keizer syn wrede en minne tsjinst. Falentijn woe se net iens te reden stean en by jonker Ripperda kamen se ek foar de winige doar, de jonker wie net te sprekken - stegere Minne Pjirkes se koartwei ôf, en ien, dy't wakkere hurd raasde, joech 'r smeulende mei: ‘Dyn jonge kin no ek ris ûnderfine, wat swalkjen is.’ En hy paste wol op en sizze dêr de jonker neat fan, wa't der jûns tsjinwurdich sa al om de doar strúnden. Dy hie al genôch lijen hân yn syn libben, dy moast no mar ris wat kenyntsjedagen ha mei 't wiif en 'e lytse bern, twa leave ondôgense jonges, wêr syn prûk nea feilich foar wie, en dy oaren! dy blauhoazzen! dy beamkedânsers! lieten dy har eigen soere môlke-en-bak mar tsjinsinnich opleppelje. Licht hiene se yn 't foarige wol gniisd om 'e jonker, en wat him doe bedript hie, bereinde no harsels. Sa'n sêftsedich man wie 'r net, om har te bekleien, hy gunde it har fan herten by fiifkopsmjitte fol! - In lân, as it syn jonkheid kwytrekket, wurdt oantaast yn syn herte- | |
[pagina 359]
| |
saad, likegoed as in beam, kerfd oan it mark ta... Stadich blet 'r dea oan syn wûne... Sà gyng it Fryslân ek - yn 1811 hiene se noch mar twahûndert en ienennjuggentich man nedich hân en moasten se twaentweintich jier wêze, no taasten se de jongeren al oan, guont fan ienentweintich en tweintich jier. It befel kaam sa ienfâldichwei, de biisjager hie in pompier yn 'e bûs en dêr de namme fan 'e jonge op, goed yn kalk en semint, namme en fan - en hy koe him binnen sa en safolle dagen reisfeardich meitsje, geandefoet nei Swol en dan oer Nijmegen, Antwerpen, Brussel, Valenciennes nei Parys waarde 'r brocht en dan fierder oer syn lot beslist. Wat dat ynhâlde, dêr hoegden gjin doekjes om wûn te wurden, it roan út op 'e dead oer in wykmennich of miskien nei wat langer tiidsferrin. Suver minder as in stik fee...! en sa opoffere te wurden foar frjemd! Op it eigen hiem fjuchtet it fûl en eigen heitelânserf te ferdedigjen, wa, dy't in sterke earm hat en jonge moed, fielt dêr gjin oanstryd ta, mar dit wie foar frjemd, in frjemde oerhearsker, dy't oarloggen útlokke, om syn earsuchtich brein mar wer ien amerij de hearlikheid fan in oerwinningsrûs gunne te kinnen. O hoe beseften se no allegearre de wierheid fan 'e wurden fan âlde Falentijn, ienkear sei, doe't de patriotten krekt fol freugde yn Ljouwert ynhelle wiene: ‘Dy't gelove en gesach omfear smyt, hellet ûnk en dead yn 'e hûs’ en sêfter hie hy der noch op ta sei: ‘Dy't frjemd yn 't regear hellet, wurdt fan datselde frjemd ienkear prest ta slavetsjinst.’ Syn mûle wie al lang stom, mar no yn dizze dagen fan drôfenisse, kamen se net út as in profesy! En doedestiids, de âlde regintetiid, wat waarde dêr net op ôfjûn, folle en net genôch! De grytman-kening, waarde der húnlake, dy moast de jonge dowen ha en de fetmeste kalkoenen om Krysttiid hinne. It wie: licht de hoed! as menhear foarby kaam, en: licht de hoed! nochris wer, as 'r weromkaam, en as 'r skoaide om in stim fan in skotsjittend hûs of in kampke lân, dan diich men mar gau tsjinstich, wat 'r woe. Letter fergeat menhear soks ek net, as men ris yn 't onleech rekke, dan koe men jin der ek mar frij hinnejaan en waarde net ôfsneutere. It koste ek sinten, sa'n kening yn 't doarp te habben, dat wie wier, mar elkmis hie sines der ek fan, heech en leech krige no en dan in royaal foarkjefol út menhear syn fol rip, en wie der alris in rare potentaat ûnder, dy't wat alte folle foar master opspile, ea no, men hie | |
[pagina 360]
| |
syn heit en pake skoan kend, men seach wat troch de fingers... O mieri, mar no! It jild waarde jin ôfpûlke fan frjemden en foar frjemden. Gjin sint bleau yn 't eigen lân. Alle baantsjes wiene beset fan Frânsken en wylt it eigen folk winters hast omkaam fan honger, floeide 'er de grutte goudstream dochs aloan en alwei mar fuort, dat út nei Frankryk ta, wêr in Napoleon der moaiwaar fan spile. Hja koene him net, alhoewol se yn alle ding de gefolgen ûnderfûnen fan syn wil, in wil, waans suggestive ynfloed Leo-eftich mei tûzen fangearms oer lânen en seeën hinnerikte. En stadich, noch stadiger as yn de dagen fan it Kollumer oproer, groeide der wer ferset. Fryslân wie wol lamslein, mar noch net dea. It rommele oeral, as fan in broeierige loft, dy't him noch net sette wol ta in swiere bui. It is blokstil... de sinne skynt noch, al is de loft ûnderset en grimelich en ongeduerich fol gekring fan wite wolkjes, as njirkes har sulverige slangelyfkes yn 't blau omdwelmjend, ont se einliks yn in fiere hoeke fan de loft kleaunje ta stivere frjemde witens... En wachtsje, oeren, ja sims dagenlang, krektsalang as de wyn har op de wjukken nimt en de wjerljocht syn pylkoker follaadt en se loslitten wurde oer it stille, hymjende lân. En ferdjer bringe en slimme besikings en einliks, o dy freugde nei de benaudens fan in oermennich!... in stiltme, wêr in fûgel út op begjint te sjongen en de sinne, sêftgiel fan hiele teare spegeling tsjin de roetswarte loft, út op begjint te bloeien... Sa broeide oeral ferset, al kaam it noch net ta in útdroegene saak. Utkloarkers brochten it oan, hoe'n wjeraks de lju net hiene oan it Frânske gesach en hoe min as 't har oanstie, dat De Kempenaar syn affysje oerdrage moast oan baron Verstolk, doe't kening Lodewyk yn 1810 ôfstân diich fan syn troan en Napoleon Hollân mei it keizerryk ferienige. It wie wol goed, as der ris in pynstillinkje kaam op al dizze seare steden, wêr it folk him fierste folle oan gelegen lei, der moast mar ris ‘plaisier’ makke wurde! Hiene de hearskers fan it âlde Romeinske ryk dat ek net as wachtwurd hân: brea en boarterij! Hâlden se dêr de lju net mei yn de blâns? Stoppet men dêr ommers alle folken fan de wrâld de mûle net mei? En dêrom hinge Ljouwert yn touwen, dizze moandei fan 'e tsiende juny 1811. Juster hie 't al feest west, mar no hjoed soe de bûter noch oars jild jilde. De keizer hie yn maart in soan krige by syn twadde wiif, en fansels ta eare fan dy berte, moast en soe de hiele wrâld feestfiere, | |
[pagina 361]
| |
Fryslân ek, Fryslân, de rike, altyd noch wat oerhearrige ‘provinsje’ foaral. It jild foar soks, wêr moast it wer weikomme? suchten de ferstânigen, mar de measten tochten der net iens om. Plezier meitsje, ien amerij alle noed en soarch ferjitte, jin útspringe as jonge keallen yn 'e maitiidsfinne! De prefekt, monsieur Verstolk, hie ta eare fan de grutte draverij op dizze heuchlike dei in prachtige gouden swipe útloofd, wol tûzen gûne wurdich, en der bleau gjin âldwiif by de spinwiele dy deis. Muzyk oeral en flaggen by de rûs, de kleurige read-wyt-blauwe Frânske flagge, op in inkelde sims in keizerskroantsje fan goudtried, en kreammen en dissen by de fleet, krekt as wie 't al marke. Elts hie frijichheid, te spyljen en te sjongen, wêr en wat hy mar woe, it krioelde fan earme Dútske blaaspoepen, fidelders en lietsjesjongers en de iene besocht noch hurder te razen as de oare. De moarne betiid streamde it folk al ta de poarten yn, geandefoet, op 't hynsder en yn allerhâne soarten fan reauwen, fan it hûneseaske ôf oan 'e hiele foarname karosse mei fjouwer hynsders derfoar ta, mar dy seach men net safolle mear, want de lju, dy't earen yn sokke karossen rieden, wiene fersjille, dea, earm of yn it bûtelân, meast Ingelân, wêr se har grutske rêch net hoegden te bûgen foar in boarger-patriot, dy't alear by heit of pake tsjinstjonge wie of waans âlden it kâld iten út de koken taskikt waarde. Snikken, de Frânske flagge yn top, kamen djip yn 't hert fan 'e stêd op en leine oan by de Nijestêd of de Bierkelders, en in bûnt gewimel fan fleurige jonge fammen, allegear yn 'e moaiste pronk, sette kleur by oan dit simmersk tafrieltsje. De Nijestêd, de Wurdumerdyk en om 'e Brol hinne wie 't swart fan minsken, der koe gjin mûs mear by, mar om middei hinne waarde it stilder yn 'e feestlik mei blommen en flaggen opsierde strjitten. Alles kuiere nei de poarte en dan de bûtewei út nei de Marsumerdyk ta, dy't der moai sljucht makke en hurd as in telleflier fan it moaie droechsume waar fan 'e lêste dagen tusken de soppich griene greiden lei te blinken. De berms sieten fol mei itende en drinkende lju, hjir ek dissen en kreammen by de fleet, gûchelers, hurdrinders en piassen, dy't aapkes yn 'e beammen opfleane lieten, kokyntsewiven en sintsjesmiters, dy't almaroan balten fan on of even, Peazumer froulju mei droege skaren, in hiel grut bosk foar ien dûbelstoer, in Frânske lietsjesjonger, skelmige lietsjes ferkeapjende op fjoerread sidene waaierkes printe, waf- | |
[pagina 362]
| |
felbakkers, in grutte kuorfol waffels boppe op 'e holle, in hiele float lytse jonges efter har oan, as der ek ris ien... o ien mar falle mocht út dy grutte, lekkere koer... En dêr in lange rige fan weinen tuskentroch wrottend, earst ta 't lytse poartgat yn en dan der wringende en kantroerende wer út. De measten hiene der in hys oan, om baas te bliuwen oer 'e hynsders, mar Roanes Gearts op syn hoarnseweintsje wie 't en bleau 't. De brunen hiene ek al in mars efter de rêch fan fan 'e moarn ôf, seagen net sa gau spoek, alhoewol se no de earen ek al opstieken. ‘Sil 'k derôf gean en hâlde se by de bek?’ sei Wytse Binderts jin him. ‘Tink derom, de froulju binn' derby...’ ‘Toe dan mar,’ sei Roanes. De froulju, dat wie in tear steed. Efter him siet syn Wolmoed yn al de gloarje fan in splinternij roazeread siden greinen pakje en in kyps mei kantene beagen en neist har siet Teatske Meinses, no ek al sont jierren it wiif fan syn kammeraat Wytse Binderts. En efter op in sêft bekjessene swânenêst siet Foppe-om allinne as in âld kening. Minsken, him allegear like nei... minsken, dêr hy mâl mei wie. Efkes fielden de hynsders de sterke hân, wêr se fan mend waarden, pynlik yn 'e bek. Njút wiene se troch de master syn rêst en bedaardens, dy't hja, de dieren, selst fielden yn 'e greep fan dy hân. Sa rieden ek hja ta de hjitte stêd út en kamen wer op 'e rûmte en joegen har nei it pleatske fan in fiere miich fan Foppe-om, Sjoerd Hindriks, ta en dêr spanden se út en koene de froulju earst wat ta harsels komme nei 't geskommel fan sa'n oermennich op in minne wei fol hichten en lichten. De manlju seagen fol niget, hoe fet as hjir de lânsdouwe wie en hokker skoandere bisten roannen der net by trijen en fjouweren te weidzjen! En hja koene it net litte, hja moasten dêr efkes hinne en besjogge se. Plechtich begoannen de swiere klokkenGa naar voetnoot1 fan de Aldehou te lieden en alle oare klokken út 'e omkrite foelen har by. It wie it sein, baron Verstolk, de prefekt fan Ljouwert, ried troch de poarte en nei de draverij. Op itselde stuit waarde in oeribele grutte Frânske flagge op 'e Aldehou hyst, grutter as alle fjouwer, dy't der al op stiene en in kei- | |
[pagina 363]
| |
zerskroan fan blinkjend goud skittere op 'e middelste baan. Foppe Liuwes en Wytse Binderts seagen it allebeide tagelyk en tochten ek itselde. ‘Hoenear sil der nochris wer in oarenien komme? ús oranje, wyt en blau?’ flústere Foppe-om Wytse Binderts yn 't ear. ‘As it de tiid is. Betrou dêrop. Dy kearel is no op 'e heechste top fan lok. By al syn onwettigen hat 'r no teminsten ien wettige soan, syn hertewinsk. En no moat hy yn 't koart ek betelje, likegoed as eltsenien. Alle minskelik lok keapje wy ommers mei triennen. Lokkich, as 't syn priis wurdich is dan.’ ‘In ding bliuwt net lang op syn moaist, dat 's wier, mar dy Napoleon... Och, wy sill' der wol mei oantangele bliuwe, wa wit hoe lang noch,’ suchte Foppe-om. ‘En dan altyd dat Frânsk, jin earen dogge jin sear fan 't harkjen. En de bern moatte it no ek al leare op 'e skoalle.’ ‘Mines kamen langlêsten teminsten al mei sa'n Frânske heiling thús, heal Hollânsk en heal Frânsk en dêr stie op: ‘Tot onderwijs der Jeugd bedacht ik deze prent,
Mogt deugd en vlijt in haar steeds wonen ongeschend.’
en dêrneist: ‘Pour charmer la jeunesse j'emprunte cette image,
Soyez, mon cher enfant, toujours docile et sage.’
Foppe Liuwes harke raar op. ‘Sà wurdt it dus de bern al mei de papleppel ynjûn! Dû hast him sikersonk fuortdaadliken ferskuord?’ ‘Wel nee, ik bewarje him foar aardichheid.Ga naar voetnoot1 Dan kinn' de bern letter ris sjen, as se grut binne, hoe't wy ûnder Frânske kwiënaasje sitten ha.’ ‘Dus sa wis leauste oan in oare tiid?’ hifke Foppe Liuwes him mei in lyts lûd, wêr dochs de hope yn òpklonk fan in tawurd. ‘Noch wisser, as dat 'k dy flagge dêr waaien sjoch... noch wisser, as dat 'k jo foar my sjoch,’ befestige Wytse Binderts syn wurden. Foppe Liuwes glimke efkes en heal pleagjendewei sei 'r: ‘Ik besaude my oer dyn Frânsk praat, dû biste al aardich fan 'e tongriem | |
[pagina 364]
| |
snien en dat in Oranjeman as dû! Ik woe dy yn dit stik fan saken wizer ha, Wytse.’ ‘'t Is ek net foar myn plezier, dat ik adjunkt-maire bin en kommandant fan 't Optwizeler korps. Ik ha der earst foar betanke, sa dryst wie ik yn myn oermoed. En dêr kaam in andert op fan Ljouwert... it wie as 't sissen fan in slangetonge. Ien fan beiden hjitte it - of ik bleau, wat ik wie en diich myn plicht folgens eare en gewisse - of ik kaam yn Ljouwert, wêr se my ek wol brûke koene, alhoewol dan fan frij út- en yngean gjin sprake mear wêze koe. It wie likegoed as in befel fan finzenis, as ik net om lyk woe en as sadanich leine de beide offisieren it my ek út, dy't hiel tafallich yn dy dagen by my ynkertierd waarden mei twa oppassers derby. Ik tochte om Teatske en de lytse bern... It wie it mes op 'e kiel...’ ‘Dat begryp ik,’ nikte Foppe Liuwes en stadich kuieren se troch it lân wer op hûs yn, ‘mar lit ús der hjoed mar net mear oer prate. Ris ien amerij de soargen oan kant skowe, 't is goed foar ús allebeide. En dizze draverij, dat 's nochris de muoite wurdich. It púkje fan de Fryske dravers komt der, mennich rit wurdt kamp, tink 'k. In moai hynsder en in moai faam, dat binn' foar my altyd noch de twa moaiste dingen fan 'e wrâld.’ ‘En dochs âldfeint waan!’ pleage Wytse Binderts bizich. ‘Dat foege it lot sà... ik woe sa net,’ sei Foppe Liuwes. De earnst fan dizze wurden foel yn it petear as in kâlde rille. Wytse Binderts murk, hoe't hy dêr in hiele teare snaar oanroerd hie, dy't noch efkes lûd joech yn fier muzyk fan leafde en weemoed allebeide en hy brocht sa ongemurkenwei it praat op oare dingen. - De hurddraverij soe sa-ansens begjinne, hja koene hast net iens mear in plak krije op it lân, wêr it al swart stie fan minsken. Dêr kuieren no de heechste lju fan Ljouwert har foarby nei in soarte fan tribune ta, mei goud en flaggen opsierd, offisieren en har dames, it stedsbestjoer, de prefekt baron Verstolk foarop, dy't út in fergulde karosse mei fjouwer hynsders derfoar, stapte en op in ferwielene loper lâns nei syn sit brocht waard; deftich stapte de maire him efternei mei syn adjunkten en oare heechheden. De minsken seagen har de eagen hast al út de holle, sa moai wie 't allegear en sa blonk it! En dan dy frjemde gesichten, de measte party swart, smel en bleek, útlâners, kâld de eagen, stoef fan útkyk. Wytse Binderts en Foppe Liuwes fielden har loaitsen as in hún en Wolmoed tochte om de Twizeler marke- | |
[pagina 365]
| |
jûn en monsieur Dompierre, doe't se ien fan dizze loaitsers syn eagen flikkerjen seach lyk foar har. Einliks kamen der ek in kloftsje bekenden en freonen oankuierjen: doctor Falentijn en syn jonkje en Andersen en Bet Falentijn en ja waarliken, de jonker en syn wiif, jonker Ripperda! De huodden fleagen ôf, wat groetene de minsken, krekt as wie dit no earst de maire! Hy gyng tusken it folk troch as in jonge kening, wis fan de leafde yn alle herten om him hinne. En dit wie no syn wiif? As in mearke hiene se fan syn leafde heard, lang lyn, en hoe't se inoar dochs noch krige hiene en no seagen se har libbenliif! yn al har leaflike blûnens en tearens foarbygean, sels in mearke yn har kleed fan sulvergaas mei grutte blauferwielene blommen benaaid en in huodsje op, dêr foelen de blauwe fearren har fan op 't skouder. De manlju swaaiden alle trije mei de huodden, djip ôf, sa 's se noait ofte nimmer foar ien oaren yn 'e wrâld dwaan soene, en de jonker syn eagen seagen har kant út en krigen se yn 't fizier. Op itselde stuit liet 'r syn wive earm los en har fuortkuierje mei de oaren en kaam út it gewoel op har ta om te fûstkjen. Wat wiene se op har dree, dy trije! ‘Jimm' komme hjoed mar te uzes om in jûnbrogge,’ noege hy gol. ‘Dan kinn' jimm' ús lytse jonges ek ris sjen en sill' wy âld en nij nochris opikkerje.’ Dat namen se oan, it weromsjen soe in freugde foar allegear wêze en dizze dei noch namste moaier meitsje, as 'r al wie. It alderbêste púkje fan hynsders jage de baan lâns, moaie kleurde dekken op 'e kante rêgen, roaskes oan 'e hoofdstellen, fjoerreade strikken op 'e knope fan 'e sturt. It gyng derom... dat wie gjin draven mear! dat wie fleanen! en sa'n kant lyts ding, sa'n nidige lytse skimmelmerje sloech se allegear en woan de priis, nei't it earst alris kamp west hie. Foppe Liuwes en syn maten hiene ek har geniet fan de moaie dei, al wie har hert hiel ynwindich ek fan bitterheid ferfuld, as se derom tochten, wat de oanlieding wie ta dit grutte feest. Wille en ‘plaisier’, ja wol dat! fan frjemde rynske hân jûn! ‘Plaisier’, yn watfoarsoartige munte dan ek, wer dûbeld en dwars betelle, hoe besuorre mei lijen! Foar in setsje in ferdôvingsmiddel, in wynrûske en dan... De dis stie oan yn 't seal fan 't âlde Ripperdahûs, dat seal, fan safolle freugde en leed wijd ta in wenstee yn 'e loop fan 'e tiden, en de jonker en syn wiif har goedmienende eagen seine it de gasten wol, hoe't dit | |
[pagina 366]
| |
gelet en geset út it herte kaam. It wie har noch net fergetten, waans doar wiidwaach foar him opstie, doe't hy as in swerfling fluchte moast, waans hert goed en bloed foar Oranje oerhie, doe't hy letter kaam as dy syn ôfgesant en derom frege, en hokker jongfaam it west hie, dy't him yn har hûs skutte bean hie yn 'e uterste need mei foarbysjen fan eigen gefaar! No koe hy ris gasthear wêze en hie in gastfrou, dy't ek mei oansitte koe en de tafel kroane troch har bywêzichheid. Hy seach de bewonderjende eagen wol fan de beide jonge manlju en markbite wûndere skoan de goedgefallichheid yn it lûd fan Foppe-om, as dy ris mei har prate. Der ûntkaam him noait neat, wat har oangyng. Syn Anne, syn nonke... eltse dei seine hy har besit, eltse dei in nije freugde dit har bywêzen. En wat letter op 'e jûn, sjedêr, dêr hiene jo doctor Falentijn, om ek noch efkes te fûstkjen en ek heal en heal út nijsgjirrichheid. Moast 'r Wytse Binderts syn wiif ek net ris sjen, dy't ienkear as faam sa'n moai nijjiersdicht fan har feint presint krige, en Wolmoed soe der ek by wêze, wêr Ripperda sa fan opdien hie! It beroude him net, kaam te wêzen. Hertlik en gol sieten se dêr mei-inoar om 'e tafel hinne en hy fielde 'er him by thús, as hie hy se jierren kend. En al gaueftich pinfiske 'r ris, wie der ek nijs yn de gealânen? Hoe hiene se it ferkeapjen fan in diel fan 'e tsjerkegoederen opnaam? hoe stiene se ûnder de konskripsy? ‘No nee, grut nijs is der net,’ naam Wytse Binderts it wurd, ‘it folk is stom as in mûlbâne hûn. Mar dêrom net, it diich sear, doe't der safolle fan ús tsjerkejild ús ôftape waard. En no dat opkommen ûnder tsjinst! Earst woene se it net leauwe... it hat spand, om de lju oan 't ferstân te krijen, wat der fan har easke wurdt. Doe't de earsten fuortgien binne... ik ferjit it noait wer, hoe slim as 't wie. En dy Frânske offisieren stiene der mar by te gnizen. En no... guont begjinne harsels te knoeien, slagge de topkes fan de fingers, om mar frij te kommen of jouwe harsels sa'n jaap, dat de rjuchterhân foar altyd stiif wurdt. It is in griis.’ Falentijn nikte. Syn antlit stie tige earnstich. ‘Sa'n gefal ha wy hjir in dei of wat lyn ek noch hân,’ sei 'r stadich. It hiele omsittend laach waarde stil, de froulju beloeken wyt om 'e noas en lieten de kofje stean, de manlju leine de knyft del en hâlden op fan kaujen. | |
[pagina 367]
| |
‘De jonge fan Haaie Trompetter hat in raar ongelok hâlden. De einen fan 'e beide foarste fingers derôf, en hat him healdea blet. It hjit, de bile is derop fallen, doe't hy oan 't houtsjen wie,’ sei Falentijn hiel sêft, dat de froulju der mar net alte folle fan hearre soene. ‘Ik en de feint gien dêr deis trijeris hinne te útwaskjen en te ferwinen, it is in rare hou.’ ‘Sels dien?’ frege de jonker ongelovich. ‘Och, elts tinkt syn eigen, al seit men it net,’ helle Falentijn deromhinne. ‘Dúfke is gjin minske mear, sa onstjoer, en Haaie, och dy glimket mar en seit: hy hat myn sûn fleis, kâld fjoer sil der net bykomme, en al wie dat sa, leaver hjir op 't hôf as foar de loop fan in kanon smiten te wurden. It is har ienichst bern, al har hoop en treast.’ ‘Soe Haaie it him dien ha?’ en Foppe-om gyng de grize oer de grouwe. ‘Dat ha 'k net sei,’ andere Falentijn moai foars. ‘Dit is no al de fyfte binnen de moanne en der sil noch wol folle mear komme, ha 'k foar 't ferstân. Leaver in hân of foet misse en thúsbliuwe te kinnen as yn in frjemd lân yn 'e ellinde.’ Krekt as foel der no noch grutter skaad oer de dochs al mingde freugden fan de dei. Wytse Binderts tocht om syn bruorren, amperoan wiene se allegear de dâns ûntsprong, foar twa jier hie heit foar de lêste noch in nûmerruilder keapje kind, al wie 't dan ek foar twatûzen gûne, want eltsenien seach 't spark doe al dwalen, mar hoe soe 't komme, as al dat geoarloch oanhâlde! Dan taasten se miskien dochs noch wer tebek op de âlderen. Der waarde fan gnute en de jonker hie 't op syn fraach befestige, Napoleon wie fan doel, Ruslân oan te fallen en de keizer dêr moares te learen en hy soe dat net oars dwaan as mei jonge, sterke krêften, dy't net sa gau ôfbeuld wêze soene. En yn syn tinzen treure 'r om 'e jonge Optwizelers, dan wer slachtryp foar 't kanon. De lust om te feestjen fergyng him hielendal, stil siet 'r neist syn wiif, en wie der bliid ta, sjen te meien, hoe goed as it har noch smakke tusken it drok petear yn mei mefrou Ripperda oer 'e lytse bern. Fiif boarten dêr al om har hinne, fiif brochten de fleur op it grutte hiem fan 'e nije pleats, fan mem yn 1804 boud foar dizze har âldste en leafste soan en dêr hy de foargevel fan opsiere litten hie mei in tinkstientsje en dêr dit rym yn: | |
[pagina 368]
| |
- De eerste Steen van 't Metselwerk,
Aan deze Huizing, fraai en sterk,
Gelegd door Anne Cloosterman,
Hij is de jongste zoon van
Bindert Jacobs Cloosterman
En Anty Wytses, sijne huisvrou,
De eigenaars van dit gebou.
In 't jaar van achttienhonderd vier,
Toen bouwde men dit Huis alhier. -
Lang om let rekken se wer oan 'e reis en boldere it lichte weintsje oer 'e flinten, de froulju de skoudermantels om, want it loek koel, Foppe-om allinne, heal yn 'e dod op syn sitselbankje en Wytse en Roanes tegearre op 't foarhek. Wat wie der noch in folk op 'en baan! Mar nei Hurdegaryp waarde it dochs stilder en op 'e Simmerwei wie gjin minske mear te bekennen. Neat as iensumheid fan beammen en bosken! Foppe-om fielde alris nei syn knyft, fan 'e moarn skerp slipe, by de broeksbân ynstutsen, en Wytse Binderts diich fan 't selde. Lokkich rekken se libbenliif oer dit min steed hinne en moeten gjin kwea folk. Op 'e âld Harstewei fielden se har al wer as thús. De hynsders begoannen oan te heljen, hja roeken de stâl en behâlden kamen se allegear yn 't Bouwekleaster oan, Wytse en Teatske ek, want dy soene dêr dy nachts ek mar bliuwe. Mem húswarre by de lytse bern yn Optwizel, hja koene it der no mar ris fan nimme. De dagen gyngen har gong, mar as in swiet oantinken bewarren se de moaiens fan dizze dei yn har hert. - It wie sawat oardeljier letter, doe sette Napoleon syn plan troch, om Ruslân it leksum op te lêzen. Mei it grutste leger, ea noch sjoen, rekke hy op reis nei dat Ruslân ta. Yn de earste lynje hie hy 325.000 soldaten en dan noch wer 200.000 dêrefter, om yn gefal fan need te helpen. Sels hâlde hy by Kowno noch sa'n 200.000 man. Trije grutte brêgen waarden oer de rivier slein en yn goed trije dagen liet 'r dêr syn folk oer gean en stiene se op 'e Russyske grûn, in tal fan sawat 400.000 soldaten. Under in wissewasje hie hy Alexander de oarloch ferkleare en dy wachte no ôf, hoe en wannear de Korsikaan de drystens ha soe, yn syn lân te kringen. Dan soe hy huf krije, net om 'e nocht liet in tsaar him húnje. Minsken! minsken! noch mear moasten der komme, beoardere Na- | |
[pagina 369]
| |
poleon, want hy fielde it oankommen, dizze keizer wie in kwea partij, liuw en bear soene ommers inoar moete en dan wurdt folgens Russysk folksgelove it wis de iene syn dead. Mar hy! hy soe yn grutter gloarje ek wer út dizze stryd weromkomme en in nije lauwerkrâns om syn holle flechtsje litte kinne. Nije gloarje! nije hearlikheid! nije ferovere grûn foar de lytse kening fan Rome! Yn dat grutte Ruslân lei om sa te sizzen no de beslissing oer de hiele takomst fan Europa yn 'e fersegele bus fan it lot. Hokker skied soe 't nimme? ja hokker dochs... Fryslân, it lytse, net sa ticht befolke Fryslân, koe wer opdrosse foar in tûzen man, wêr ek noch in goed hûndert earme weeskes fan alve oan fjirtsjin jier ta ûnder wiene, sa 's it hjitte om nei Versailles stjoerd te wurden en dêr it soldaatsjen te learen. It ôfkeapjen wie no dien, it wie no, it skoane, leave bern goedwillichwei ôfstean oan 'e beul. Sa kaam de winter fan 1812 en op de iensume sniefjilden fan Ruslân fochten liuw en bear, Napoleon, dy't him neamde ‘de Keizer der Fransen’ en Alexander, de keizer fan Ruslân. Hiel Europa seach 't mei oan, hoe wyld jagen de herten, al bleaune ek de mûlen stom... Hokker kant soe 't oergean... hokker de sege takomme? Wie 't dêr net as ien grutte arena en dêryn dy twa ymperators en efter har miljoenen, sa ticht oan har lot beknotte, dat it ek foar har dead of libben betsjutte? En it waarde de dead! Hjir kearde de kâns fan Napoleon... it diich bliken, tsaar Alexander wie sterker as hy en hy moast belies jaan. Moskou gyng yn flammen op, wêr wie no in ûntwyk foar de winter? De grutte Russyske rivieren stjoerden har skossen en weagen en namen as bút ek tûzenen mei, en de winter, de felle winter, de sterke bûnnoat fan Alexander, wie noch wreder as de grutte moardner Napoleon sels. Fan de Friezen, mei yn dizze stryd, seach hast gjinien syn heitelân werom. Hoe soene se ek kinne? De hynsders ûnder har weisketten of fan honger opiten, de fuotten beferzen, gjin iten noch drinken en dan tûzenen oeren fier fan hûs... sà moasten se wol oan de dead ferfalle. It alderearste hearde Ripperda fan de prefekt Verstolk, hoe't alles dêr mislearre wie en útroan op tsjinstuiten en ellinde. It wie noch mar sinspyljen, wat hy diich, mar de saak lei derta en sa drupkjendewei kaam it nijs, dat frjemde nijs, hast net te leauwen. Napoleon ferslein? syn leger fernietige? ‘Wa hie dat tinke kind!’ sei Mulier út de folheid fan syn hert, doe't se | |
[pagina 370]
| |
it dêr op in jûn oer hiene. ‘Soe 't wêze kinne, dat de ellinde no hast út is en Europa wer rêst kriget?’ ‘Tinkst, dat ien sa'n tebekset dy Napoleon lamslacht?’ sei Ripperda. ‘Sa lang der noch safolle jonge kearels binne, wêr hy de frije beskikking oer hat, sa lang hy it folk noch sa bemastert troch syn suggestive ynfloed, hat 'r ek folgers. Is dy ienkear dôve, dan is it ek dien mei him foargoed. Licht nochris efkes in flikkering, mar dan wurdt dit admiraalskip ek in wrak, teslein fan tûzen weagen.’ ‘Dû sjochst de saak wol wat slim yn, leau 'k,’ lei Mulier der sêft op syn dimmene manear tsjinyn. Mar Ripperda hâlde foet by stik en einliks ornearren hja, de tiid soe it dan wol útwize, wa't gelyk krije soe. Hja sieten trijersum yn Ripperda syn keamer foar it fjoer, Jehannes Falentijn, Mulier en hy. Yn 't foarige hie 't âlde Regnerus syn keamer west en in bult wie der net feroare sont dy tiden, allinne der hinge no in libbensgrut portret fan Anne lyk foar de doar oer en yn in hoeke stie in hobbelhynsder en lei de grûn besiedde mei bûnte pompiersnipels. Wa't dêr yn dy hoeke somwilen húsmannen, hoegde men net te freegjen. Mar sels wiene se alle trije feroare, âlder, wizer waan en bekipen de wrâld mei hiele oare eagen as yn 't foarige, no as hússittende heiten, bûn oan in deisk besleur troch famylje of amt, dy't stadich har libben sa fuortgliden seagen sûnder in bult hoarten en stuiten yn dizze har bertestêd. En dochs! sims! inkeldris! dan waarde de sucht nei aventuer Ryklef Ripperda hast noch wer ris oermâns, dan floddere dy koartwjukke fûgel nochris wer yn syn hert òp en rekte de hals begearich nei de fierte, wêr ienkear de wûndere dreamen lokken, no al lang fersjille en ûndergien as bysinnen, in onwezentlik gegûchel fan in wjerskyn fan ljocht. En dochs... Anne hâlde him. Har leafde wie as in teare bân om him, sûnder dat hja it sels wiste, en sims wrikte hy al en besochte it nochris, mar slagje woe 't net. De goudene, tichte skeakels hâlden, hja hiene net ien tin steed. Wat der hielendal op 'e grûn fan syn hert ommoddere, hja wist der net fan. Hja wie sa wis fan syn leafde, allinne de dead koe hjir skieding bringe en neat oars. Doe gniisde it lot om Anne Ripperda, sa as it ek gniisd hie, doe't Anne Hopperus om syn geunste skoaide op in simmerjûn, lang lyn, en de gouden tsjelk oan 'e lippen sette, om him dochs net út te drinken. | |
[pagina 371]
| |
En it lot en hja wiene noch net lyk... Noch ienkear soe se wrakselje, it teare moed, it leavjende hert him te war stelle moatte tsjin it lot, dat it op har fersjoen hie. Hja hie no it lok, moaier as se it ea dreame kind hie, en it lot lit him alle besit djoer betelje. Syn priis wie 't wurdich, mar soe 't alle priis wurdich wêze? De kranten sa fol langstme ferwachte, brochten al mar wûnderbaarlik nijs. Fan it reuseftige leger fan Napoleon kamen mar inkelde tûzenen werom en de measte offisieren wiene sneuvele, sokke tyngen hearde men, en krekt wer thús, stelde de keizer al prikken yn 't wurk, om noch grutter leger byinoar te krijen, want Rûslan en Prusen begoannen it mei-inoar te hâlden en ek Eastenryk liet it ear wol nei in trijemansbûn tsjin him hingje, oanfjurre troch de âlde adel, dy't yn him neat oars seach as de parvenu, de avonturier. Al de haat en de wrok fan de fernedere lânen lôge fel op en hiel temûk, ienriedich, troch itselde leed troffen en fan ienselde wraakgefoel oanfitere, begoannen se plannen te meitsjen om him no oan te taasten en ta fal te bringen. - It leed hie al lang op 'e loer lei tichte by it hûs fan 'e Ripperda's, en yn dy tiden fan geweldige beroering yn hiel Europa, krige it frij om op in jûn ta de doar fan dit lokkige hûs yn te slûpen en him kenber te meitsjen. It belichame him yn in grut brief oan 'e Heech Berne Frouwe Ripperda-Hopperus en lei deagewoan op it sulveren bledsje, dat Minne Pjirkes yn hânen hie. ‘Hea!’ sei Anne en krige it mei in grage taast fan it lytse hantsje oan, de ridel fan nijsgjirrigens prike har ta de fingerseinen út. Fan wa wie dat? wa skreau har? Sippe famylje bûten de stêd kaam sels, as der wat te fertellen wie, en wa oars soe der om tinke en skriuwe har sa offisjeel? Ryklef siet yn 'e hoek te smoken en te krantlêzen, efkes skile se nei him, krekt as in hiel jong fanke, wa't ferbeane kost yn 'e hûs slûke wurdt... Hja socht de skjirre út de naaidoas en snie him op. Mei in skreau fleach se oerein. ‘Ryklef!’ rôp se en hâlde har oan 'e tafel, sa trille se. Yn in omsjoch wie hy by har en sloech de earm om har hinne. ‘Anneke,’ sei 'r treastjend, ‘ik bin by dy, wat der ek bart,’ en hy skode in stoel neist sines en brocht se dêrhinne. En sa neistinoar fertelde se it him. Alde Fan Rhee woe perfoarst ha, hja soe dêr jûn noch komme. Slim nijs hie 'r, dêr koe se mar steat op | |
[pagina 372]
| |
meitsje... ‘ik hebbe U zeer groote beroeringe omtrent ons allen te melden...’ stie der mei in grutte streek nochris ûnder oan it brief. ‘Kom! kom!’ treaste hy, ‘wês net sa út de liken. Dû kinst derhinne gean, strak-ansens nei kofjedrinken, en 't sil wol net sa slim wêze. Alde minsken sjogge op alle weishoeken in spoek.’ ‘As 't mar net wat is mei Henricus,’ suchte hja. ‘Hoe tinkst dat sa?’ hifke hy har, mar seach har net oan. ‘Ik wit net, it leit my sa raar op 'e lea, krekt of sil ús lok in ein nimme, om't it te moai is...’ ‘Anne,’ sei 'r strang, ‘dû seist sûnige dingen. Wat der tusken ús is, kin gjin minske ús mear ûntnimme - al it oare is in bykomstichheid, dat giet wer foarby, al binn' it dan ek leed en swierrichheden. Wat is der ús tegearre net oer de holle waaid! en binn' wy dochs net seine boppe tûzenen? Dû bist in soldatewiif... wês sterk. Kinst it?’ ‘Astû mar by my biste, dan kin 'k alles.’ Doe treau hy har oan syn hert, fûl en tear. ‘Wat bin ik ryk troch dy! wat bist my alles!’ reaunte 'r hiel sêft oan har earke. Sa bleaune hja dêr in hiel set sitten, ont 'r wol wiste, de skrik hie syn macht ferlern. Hy gyng derút om syn jûnkuier te meitsjen mei de hûnen, sei 'r, yn-died, om sa gau mooglik nei Falentijn's te gean, as dy ek wat bysonders wisten nei oanlieding fan dit brief, en gjin oere letter wist hy al, hokfoar tynge syn wiif dêr by âlde Fan Rhee hearre soe. ‘Wie der in útwei?’ tante hy syn freon. ‘Koene se it har besparje? it oer in oare boech smite?’ Doctor Falentijn seach him earnstich oan. ‘It is in slimme saak, Ryklef,’ sei 'r. ‘In wûndere foeging fan de dingen. Dy tins sil ek wol by dy opkaam wêze, net?’ Efkes wachte Ryklef mei syn andert, doe sei 'r: ‘Ik ha krekt itselde tocht as dû.’ ‘Ik leau, it is 't bêste, Anne moat it sa gau as 't kin witte. Lit har jûn betiid hinnegean. Om njuggenen hinne kom ik dan tafallich noch efkes by jimm' oanrinnen, in doctor is altyd treast.’ ‘Mear as ik dan?’ sei Ryklef watte spitich en dochs mei in flau glimke om de mûlshoeken. - De jûn kaam oan. Syn flauwer ljocht, syn leafliker skaden fan roazereade dizen oer de blauwe loft, fan sinneblinkjes nochris efkes efter de wolkens wei, yn it westen rizend as hege berchten fol geweld en | |
[pagina 373]
| |
grimmigens, syn sleauwer geande wyn en syn slutende blommen, dy't har fol earbied bûgden nei mem ierde ta, syn frede, wêr de wrâld him stadich nei bejoech as in bern nei syn slomme. De lytse fuotsjes fan Anne Ripperda roerden hast gjin grûn, sa hurd roan se, dreaun fan oerstjoerens en eangstme. Hy brocht se en krekt as wie der yn it ientônige, wisse stappen neist har al in grutte treast. Faken kaam se net mear by de Fan Rhees en Henricus wie har selst ek al in bytsje ûntwoan en ûntgroeid. Hy wie alhiel nei heit en pake útskaaid en nei pake' fatsoen opfoed, in kâlde, ongefoelige natuer, dy't it eigen ik as syn god oanbidt. En dochs, it wie har bern... en it bleau har bern, al hie se de heit nea leafhân. Alle freugden fan it memmewêzen hie se preaun troch him en de jierren fan har iensumens hie hy mei syn aaikes en tsjotterjend praat, syn lytse ondogensheden en syn oanhalige leavens har mei it libben sà fersoend, dat se it drage en de man sims selst út dat-selde libben weitinke koe. Op har jierdei kaam hy altyd en naam wat moais mei, Krysttiid en inkelde sneinen ek wolris, alhoewol it tusken Ryklef en him altyd stiif spul wie. It bleau har earstberne. De leafde fan Ripperda fielde sa fyn, sims fergunde 'r dy jonge de krûmel fan leafde, dy't him skonken waarde. Dan bejegene 'r him sneuterich en bedroefde Anne, mar hy koe net oars. Hy moast Anne hiel allinne ha, en sims winske 'r djip yn syn hert, o sûnich wie 't! dat 'r dy jonge nea wer seach, want hy hâlde jimmer it oantinken wach oan 'e heit, oan 'e grutte stryd, ja oan de alderellindichste tiid fan syn libben, doe't hy ûnderlizzend partij wêze moast. Hy seach se weiwurden yn 'e gong, hy hearde foar 't earst yn 'e fierte wer it lûd fan syn deadsfijan, oars sont lange jierren in ferlerne klank yn syn heugenisse. Hoe lôge ynienen de haat wer op yn syn hert! hoe moast 'r him ynbine, om de kweade tinzen gjin fat wer op him krije te litten en de minsken en dit hûs te ferwinskjen! Mar wie âlde Fan Rhee net genôch straft, alles net útsoend mei de dead fan syn ienichst bern, wat 'r dan ek misdien ha mocht, ek oan him? En hy seach himsels sa ryk: Anne en de beide jonges! o sa ryk! en syn gemoed fersêfte him om de âldman. Hy no in kening en de oare in earme, âlde bidler. Sa tocht 'r kuierjendewei, wylt 'r wachte op har. It duorre mar in amerijke, doe seach 'r har tear, smel skaad alwer yn 'e doar. Hja fleach | |
[pagina 374]
| |
sa hurd by 't parradis del, hja seach him net iens. Fuort! fuort! fan dit steed, wie 't krekt as har flugge fuotten seine. Fol leafde folgen syn eagen har en yn in stap twa wie hy by har. ‘Witste it?’ frege 'r sêft en krige se yn 'e earm. Hja trille as in popelblêd. ‘Alles,’ andere se dof. ‘Ik wit, dat myn jonge útfersocht is ta garde d'honneur, ik wit ek, dat soks de dead betsjut. En ik kin him net misse... It is myn bern... o dochs myn bern!’ ‘Dat wurd hie 'k fan dy ferwachte, Anne,’ sei 'r. ‘It is my grut, datst sa praatst. En om'tst dat sei hast, is der no miskien noch in útwei. Ik sil dy benuttigje, al kostet dat my ek noch safolle. Ik sil dat dwaan om dy en ik kin dat dwaan, om't ik dy leafha.’ ‘Wat plan hastû dan?’ hope se tusken freugde en freze yn. ‘Dêr sill' wy moarn oer prate, ast útrêst bist,’ besêftige hy. ‘Ha mar nearne noed mei.’ Mar hja hie wol noed. Krekt wiene se thús, doe diich it bliken, it herte hie de skok net ferneare kind en hja foel foaroer op 'e hurde moarmeren gongsflier del en swymde. Hy hie it hek sluten en kaam in stap of wat letter en seach se dêr lizzen. It bloed streame har mei gjalpkes út 'e noas en de mûle, it lytse antlitke like as fan in waaksen popke, behalve de poarperen streek, dy't út 'e mûle sipere en oer it hurde wyt al mar fierder krinkele by de plint lâns. Ien foarse swaai, hy hie se al fan de grûn en it willeaze lichemke yn 'e earms en gau nei de stille túnkeamer ta op bêd. De finsters stiene noch op... de kâlde wyn waaide dêr ta'n yn, de kâlde maitiidswyn fan april. En yn dizze kjeld begoan se te riboskjen en kaam stadich ta harsels en doe't se wer begoan te tinken, kaam har alles ek wer yn 't sin en hja snokte it út. De fammen droegen linnen lapen oan en sêfte salve, Minne Pjirkes fleach mei de bleate holle derút nei doctor Falentijn ta en sleepte him suver mei, by de jûnbrogge wei, samar oer de strjitte. ‘Dea giet se, as master net komt,’ dreau 'r him en roan al hurder en hurder. Falentijn seach se en hearde fan it dûbelde ongelok. Sont in dei of wat wist 'r der al fan, dat der in stik of wat fan de rykste en foarnaamste jongefeinten oanwiisd wurde soene, om de keizer as offisieren te tsjinjen. De measten wiene oars al fan har âlden frijkoft foar tûzenen fan alle tsjinst yn it leger, mar hy rette him út dit dilemma, mei te ferklearjen, dat se net oproppen waarden yn tsjinst, mar by kar ‘talitten’ | |
[pagina 375]
| |
en ‘útornearre’ foar de grutte eare, om as garde d'honneur yn it leger te kommen. Wiene der guont heiten, ondôgens genôch om har soannen net ôfstean te wollen, dy soene as finzenen nei Parys ta brocht wurde. Dúdliker koe it net sei wurde. En Falentijn begriep, hoe'n skrik Anne krige hie, doe't se fan âlde Fan Rhee hearre moast, Henricus, syn bernsbern, dielde ek yn dy ‘eare’. ‘En hoe stiestû dêrûnder,’ frege 'r syn freon, doe't se efkes yn in oare keamer gyngen om in pypfol te smoken. ‘Sadanich, dat ik gien moarn op reis nei De Haach en sil dêr alle war dwaan, dat Henricus krast wurdt fan de list,’ sei Ripperda beret. Falentijn stoarre in set nei him. ‘Dat kin ik hast net leauwe,’ sei 'r doe. ‘Dat 's mear, as dat de iene minske oait fan de oare freegje kin. Dû silst gean en freegje in geunste foar Popke syn soan en foar syn heit, dy't ienkear it deafonnis oer dy útsprutsen hat?’ ‘It wurdt my jûn, dit dwaan te kinnen,’ sei Ripperda ienfâldich. ‘Fan Rhee hat Anne te witten dien, desnoads tweintichtûzen gûne yn 's lâns kas stoarte te wollen, as 'r Henricus mar thúshâldt. En jûn sil 'k noch nei Verstolk ta, hy moat myn fersiik stypje.’ ‘Wat sil Fan Rhee gnize!’ skodholle Falentijn. ‘Ik doch it net foar him, mar foar myn wiif. As it yn myn macht leit, op hokfoar wize dan ek, sil alle leed foar har weinaam wurde. Leau mar, it kostet my stryd, it is in swier stik, om jinsels te oerwinnen. Mar der is Anne en ik ha se leaf. En dû witst as ik, wat leafde is.’ ‘Ja, wol dat,’ sei doctor Falentijn sunich en hy tochte om Doedte, no al sa lange jierren wei. - En sa kaam it, dat Ryklef Ripperda de oare moarne mei in ekstrapost nei de Limmer ta ried en sa oer Amsterdam nei De Haach. It barnde op 'e neil, Napoleon liet syn slachtoffers noait lang tiid fan beried en nei syn tsjinstuit yn Ruslân hie 'r offisieren brek, jonge, hjitte kearels, sterk en strydlustich en sûn en geef, om it ongemakkelike kriichslibben wat better ferneare te kinnen. No easke de Moloch noch wat oars as de weesjonges, dy't al by hiele kloften nei 't oarlochsfjild tastjoerd wiene en dy't har net ferwarre koene, want stiene se net ûnder de macht fan de fâden? In weesjonge hie gjin selsbeskikkingsrjucht, hie Fan Rhee alris húnsk sei, doe't ien him op de knibbels smeke hie, om him net nei dy frjemde lânen te stjoeren, en dat wurd fan him hie it folk noch mear ferbittere. Ek waarde der sei, hy hie dy Sybren, dy jonge út it Wetterlân, suver twon- | |
[pagina 376]
| |
gen om him frijwillich oan te jaan. En no wie hy weromkaam en hompele op ien skonk en menheare en hy hiene op in jûn slaande deilis west. O it folk fermakke him sa, ja eltsenien! as dy skarlún syn jonge no sels fuort moast! En hy, hy soe him te skrip sette, om dat te kearen!... Kniep him no! lit him ek ris jammerje! Hoefaken hast dû dat wol net dwaan moatten om him! - fjurre syn kwea-ik him oan. Stadich skode in oar byld foar syn geesteseach: Anne, tear en lyts, op syn skutte en leafde betroujende as op in rots, dy't fan gjin ferwrikken wit. En bliidmoedich reizge 'r syn wegen en fûn oeral de wurden, dy't 'r te praten hie, fûn oeral it freonlike wolkom, mar as 'r oer dat oare op 'e tekst kaam, ja dan stûke it petear. Soe it Frânske gesach, it keizerlike gesach, ea neijûn wurde kinne, mei twa mjitten metten te habben? Wêrom de iene derút te kippen en de oare net? Al wie de pake âld en der mar ien stamhâlder, dêr hoegde dochs gjin frijstelling om te folgjen. It wie ommers in eare - garde d'honneur! - en wêrom der dan foar om te krollen? Ja, se koene de âlde hear Fan Rhee wol, sa'n trou tsjinder fan Frankryk, dy't der nea in bien yn fûn hie, om in oar syn bern en jild foar de goede saak beskikber te stellen, moast der no sels hielendal net tsjin oansjen, as syn bernsbern in eareplak yn 't keizerlik leger gund waarde. En as lêste troef spile Ripperda de gouden kaart út. Hy bea jild... tûzenen, op 't lêst de tweintichtûzen gûne fan skoanheit as limyt steld, en op eigen manneboete diich hy dêr noch fiiftûzenGa naar voetnoot1 gûne by. Doe glimke de ginneraal, ûnder waans ‘ressort’ Fryslân lei. ‘Der is noch in bulte jild yn dat lytse lântsje oan 'e see,’ sei 'r sa kâldwei. ‘Ik sil dat yn myn acht nimme, want hjir ha wy soks altyd brek. Mar in keizerlik befel... dat is ferheven boppe myn macht en jo goud. Dat is wet. Dy stiet by my feilich en noait oan te taasten.’ En dêr koe hy mei nei hûs gean. Alles om 'e nocht... it fonnis wie fallen en gjin ferroppen mear mooglik. Mei lege hânen kaam 'r wer thús. - It wie de 10de fan julymoanne 1813, doe't hy de karosse ynspanne liet mei it fjouwerspan derfoar en Anne en Nelleke en de beide lytse jonges sels fuortbrocht nei de muoie ta te Wikel. It simmere sa moai oer 't fjild, de reis op harsels wie al in geniet. | |
[pagina 377]
| |
En it ôfskie soe har yn elts gefal besparre wurde moatte, it ôfskie mei tromgerattel en muzyk, hie doctor Falentijn sei. De saterdeimoarne seach se him dus foar 't lêst yn 'e grutte efterkeamer by Fan Rhee's, al fol brol en onhúslikens fan dizze twongene reis. Fan Rhee siet as in bleke skimme yn 'e hoek mei onrêstich flikkerjende eagen, syn wiif skriemde en Sibbel dribbele hastich hinne-en-wer en beoardere alles en noch wat. Henricus sels, dy bekroade him nearne om. Pake yn 'e hoek, och, sa'n fersliten âldman seach tsjin alles oan as in berch en wat soe dat no einliks noch, sa'n reiske nei Frankryk! Wat soe hy him dêr útspringe! Miskien moast der ek wolris fochten wurde, mar hy soe wol oppasse en fal del, as der ‘fal oan’ kommandearre waarde. Lieten se mar oer him hinne rinne, in noas fol moude is altyd noch better as in liif fol kûgels. Dy't hurd rint, wurdt net strûpt, wie 't sechje, en hjir wie 't, dy't falt, is yn hâldershân. En hy seach der ek gjin kwea yn, al 't folk wêr hy mar koe, om te keapjen. Pake joech in kaptaal mei. D' âldman siet oars net folle skreau mear yn. Sjedêr me, hy begoan ek al te skriemen. Och, hy wie ek ta neat mear nut, moast leaver yn in gasthús gean te wenjen en wurde dêr ald, efter in finster, mei joadebaard en múskeblommen. Wat diich 'r him ek noch mei libben en maatskippij te bemuoien! It raasde dochs allegear om him hinne as de stoarm om in âld hûs. Djip yn syn hert hie 'r de gek mei dizze pake. Hy lake om it wurd ‘famylje’, sels wie men jin neist, sels it geniet opfoar-derje, sels it libben útlibje fel en hearlik! oan 'e lêste drip ta de wyn út de gouden tsjelk drinke, alle freugden priuwe, alle langsten befredigje en dan mar sêd yn 'e grûn of noch better, yn it fjoer, yn 'e sinzjende lôge fergean, dat der net in bonkje fan jin oerbliuwt op ierde... Hy seach suver nei de moandei út. De saterdeimiddei kuiere 'r mei syn oare ‘útfersochte’ kammeratenGa naar voetnoot1 yn 'e gloednije, fan goud glinsterjende unifoarmen it bolwurk in slach yn 't rûn en de jûne joech baron Verstolk, de prefekt, in feestelik gearset har ta eare. Hja dânsen, dat it klapte, en de moaie fammen, foarâl de Frânsken, wiene lang net fij, om har geandefoet nei hûs ta bringe te litten dy nachts. It wie kostelik waar en fan 'e wyn benevele, ûnthjitte 'r ûnder roazegeur en moanneljocht folle mear, as dat 'r ea folbringe koe. | |
[pagina 378]
| |
Fansels wiene der ek alwer guont fan dy stoeferts ûnder, dy't betanke hiene foar 't feest en by heit en mem thúsbleaun wiene te jammerjen. Him lêste it libben wol en mei syn achttsjin jier tocht 'r noch net om dea en sokke dommichheden. Sa kaam de moandei, de 12te fan july 1813. It muzyk foarop, Verstolk der sels by mei de maire en de adjunkten, beneffens it heechste militêr gesach fan Ljouwert, diich de jonge helden de eare oan, by har ôfskie te wêzen. Ek inkele heiten wiene der, mar de measten misten de moed, om derby te wêzen en har bern fuortgean te sjen. Har dierbere bern en hjirfoar grutmakke te wêzen...! it wie mear as se drage koene! Fan Rhee ferbiet syn ellinde en brocht sels syn bernsbern. Stiif en koel foar 't each stie hy dêrby en seach, hoe't se har reisfeardich makken, de hynsders nochris op de nekke kloppen, de pistollen nochris ûndersochten en knypeachjes joegen hjir en dêr, wêr se mar in moai faam bespeurden. It stie swart fan minsken. In inkele healwize raasde: ‘Hertebloed!’ Hy waarde fuortdaadliken knevele en sparteljende en razende fuortsleept. Yn 'e stúdzje wei seach Fan Rhee him efternei, hoe't 'r oer it Pypke spartele en sa by it Nau lâns. It soe wol op 't blokhús oan moatte efterom de Weaze lâns. En sà seach 'r ek Ryklef Ripperda oankommen. Manlik en foars, deftich en noch jong, al sette 'r nei groeien en wie syn gong net mear sa jong en fluch. In man fan gesach, de drost fan Ljouwert. Teglûp skile 'r nei him, de gelegenheid joech har te moai oan ommers, om it net te dwaan, en yn hoe lang hiene se inoar net fan tichteby sjoen! Dêr kaam 'r oan, stadich, stie stil by de earmoedzjende man en sei heech wat tsjin de tsjinders. Dy sloegen oan en gyngen doe fuort mei har frachtsje. Wûnder, dat syn eagen suver twongen waarden, om nei syn deadsfijan te sjen. Sûn wie 'r, dat seach 'r, lokkich wie 'r, dat wiste 'r fan Henricus, ryk waarde 'r, dat seine de minsken, no't earst omke Hopperus stoarn wie en Anne alles tamakke hie en no Anne har mem wer widdo waan wie, en by dy twadde man gjin bern hie en Anne dus dêr ek allinne erfnamme fan, lytse leave Anne. Dy skat naam 'r ek al ta him, sa alhiel, dat hy rekke derbytroch, hy bestie net iens mear foar har... Alles, alles waarde him tabrocht, en hy...! As de wjerljocht skeat it troch syn brein: hie hy net ris ienkear | |
[pagina 379]
| |
winske, nochris as man tsjin man foarinoar oer te stean en dan in stryd, dè stryd op libben en dea út te fechten. It heugde him noch as de dei fan juster, hoe't Poppéus him fan Anne ôfset hie en... ek... o hoe swiet wie it dy jûne, om Lefèbre lêst jaan te kinnen, him dea of libben him yn hânen te leverjen, en nochris wer dy Kollumer dagen, hoe ticht hie 'r him by him han en noch ûntkaam... As de kat de mûs yn 'e besnijing, en yn it amerijke fan tapakken fermoarde it lot syn plan. En no hie 'r dochs syn winsk, hjir wie 'r. Licht stie 'r op 't slach neist him! Hy tocht net mear, yn in divelske brâning fan wraak tesloegen de kweade tinzen al wat der noch goeds libbe yn syn hert. Dy hie foar syn jonge nei De Haach ta west! jild fan syn eigen dêrby bean om him frij te krijen? Hà! hà, húnlake it yn syn moed, in stumper, dy't dat leaut. Dû, betûfte skerpsjogger, litst dy doch gjin earen oan 'e holle naaie! Dû bist doch wol wizer! Ja, hy wie wol wizer. Hy wist wol better, wat de iene fijan foar de oare docht. Noch djipper yn 't onleech bringe, noch djipper de kanker fan 't leed yn it herte sprute litte, dat alles dermei besmet wurdt en it libben ta in hel, en as 't kin... as 't kin en de fijan jout him bleat op ien swak punt mar... Ta twa kear ta klonk der in skot. It pofte deroer... de wjerklank galme oer 't Breed fan 'e Nijestêd. Ryklef Ripperda, dy't him krekt foaroer bûgd hie, om in âld wyfke de kaai wer te jaan, har yn it gewoel ûntfallen, seach ferheard om him hinne, gjin belul derfan, wat der krekt foarfallen wie. Ien krige him by de mouwe en loek him mei. ‘Fuort, fuort!’ smeke dy. ‘Sjoch net om.’ It wie Verstolk, deawyt, en hy mei noch in stik of wat oaren skoden him fan 'e Nijestêd ôf de Piperstrjitte yn, stadich, mar sa mei oandrang, dat hy gyng, al wiste 'r sels net wêrom... Verstolk bleau sels by him. Hy wie sa oandien, de triennen stiene him yn 'e eagen. ‘It wie ien amerij it libben oan in siden tried, myn freon,’ sei 'r, doe't se wat fierder yn it stille strjitsje opgyngen. ‘Waans dan dochs?’ frege Ripperda fol benijing. En doe sei Verstolk plechtich: ‘Jowes.’ Efkes gyng der Ripperda in rille troch de lea. Sà yn 't folle rike libben! sa oan 'e râne fan 'e dea, deun deroan! ‘En is der nimmen rekke?’ Verstolk hinge der tsjinoan, om mear te sizzen. ‘Ien skot makke in offer... ien wie lokkich mis,’ sei 'r op 't lêst. | |
[pagina 380]
| |
‘Dochs net Henricus?!’ rôp Ripperda. O dy jonge! o Anne! Wa koe wat op him tsjin ha... it wie ommers hast noch in bern! ‘It wie út noch yn net foar him ornearre,’ sei Verstolk no koartwei, doe't hy seach, hoe ferslein Ripperda wie om dy jonge. ‘It wie foar jo, dy skoaten allebeide.’ Ripperda harke raar op. ‘Ik ha gjin fijannen,’ sei 'r heech en fol betrouwen, want it wie wier. ‘Fan Rhee, dat wie jo fijan,’ sei Verstolk, en in frjemde earnst dimpte syn wolmienend lûd. ‘Wie?!’ Wer fielde 'r eat fan de dead tichteby, it geklap fan 'e skiere wjukken, de iiskâlde amme fan de man mei de seine... ‘Fan Rhee is dea,’ sei Verstolk ienfâldich. ‘It earste skot wie foar jo en fan sa tichteby, it koe net misse. Mar it moast. Ik seach jo foardelbûgen, krekt dy sekonde en it gyng roerend oan jo lâns. It rekke Henricus, dy't krekt op 't hynsder soe, yn 'e skonk. Och, it is mar in skampskot, neat om de hakken. En doe wie de twadde kûgel foar Fan Rhee sels... Raak... en dat mei dy âlde rideljende hânen...’ Ripperda trille, it gyng him hast oer de fûst, dit allegearre, hy winske himsels thús... wat miste 'r op 't heden Anne! ‘Fergun my, om nei hûs te gean, as ik kin. Ik bin wat fan de wize,’ sei 'r stadich. Yn 'e fierte hearde 'r it muzyk, in mars, wêr de garde mei ta de stêd útbrocht waarde. Henricus soe der net by wêze. Syn skonken fielden as stikken lead en sa kaam 'r thús. Minne Pjirkes en Willemke stiene gûlende op 'e strjitte út te sjen en menhear Baerdt siet deawyt foar 't finster. Op in draachberje, in hiel eskorte fan Frânsken dêromhinne, brochten se Henricus thús. ‘Ik wol hjir wêze, by mem,’ sei 'r, wylt 'r syn pine ferbiet. ‘Hjir yn dit hûs.’ Minne Pjirkes en Willemke begoannen noch folle hurder te gûlen en himsels kroppen de triennen ek oan de kiel ta. ‘Gûl mar út,’ sei der ien en hy foel yn in grutte stoel del en yn in stream fan triennen tebriek de spanning fan syn moed. Jehannes stie neist him. ‘Wat de dei ús bringe sil, wit allinne de jûn te sizzen,’ sei dy oerlangsum. ‘Henricus leit al yn 'e efterkeamer op bêd.’ ‘Is it slim?’ Jehannes andere net fuortdaadlik... ‘Hy is sûn en geef, Ryklef,’ sei 'r nei in set, ‘mar om ien ding sit ik yn noed. As der mar gjin kâld fjoer by komt mei al dat nije guod en dat goud fan 'e unifoarm. Der is | |
[pagina 381]
| |
in stikje fan yn 'e wûne rekke. It is swier fergif, dat goud. En de kûgel sit sa djip, hy is net te finen.’ Ryklef syn earste tinzen wiene foar syn wiif. ‘Hoe moat dat mei Anne? Hja moat it op 't slach witte.’ ‘Jawis,’ stimde Jehannes by, ‘en dû moatst it sels sizze, dat se sjocht, dat dy neat miskearret.’ ‘Ik gien no fuortdaadlik,’ en hy beoardere it hynsder en ried gjin oere letter de Nijestêd lâns. Hjir hie de dead efkes frij krige, op him te ramen, hjir foege it lot him deemoedich nei de wil fan 'e Gebieder oer dead en libben beide, om him wer frij te litten, gjin hier te krinken en him mei in oare bút tefreden te stellen. Efkes hâlde 'r it hynsder yn... der lei in lyts plakje bloed, in meager hûntsje kaam en slikke deropom... En oars neat mear fan de tragedy, hjir ôfspile yn in telmennich. Wat harken se te Wikel raar op, doe't hy dêr fertelde, Henricus wie net mei fuortrekke, dy wie fan 't hynsder ôffallen en lei no mei in stikken skonk by harres. ‘En wêrom net by pake's?’ Dizze fraach hie hy ferwachte en der him klear op makke. ‘Hy sei sels, hy woe leaver nei uzes ta,’ koe 'r mei in gerêst gewisse sizze, want Henricus hie him sels dit boadskip meijûn. Hja hoegde net te witten, mei hoe'n swak lûdsje as dat sei waan wie tusken it dwyljen yn. Stadichoan op 'e weromreis nei hûs waarde se einliks wys, hoe'n omkear yn 'e dingen der bard wie, al doarst 'r har der noch neat fan sizze, op hokfoar wize Fan Rhee oan syn ein kaam wie, mar einliks in pear dagen letter moast it hege wurd der wol út, Fan Rhee wie der net mear, hy hie 't him sa neinaam mei dy jonge, dat hy wie deableaun by 't ôfskie. Earst wiken letter wie hy yn steat, Anne krekt alles sa te fertellen, as 't gien wie. Henricus syn jong sterk lichem stried noch in dei of wat tsjin it fergif, dat yn syn lichem omkankere en wêr gjin doctor Falentijn selst baat foar hie noch immen oars op de wrâld, doe joech 'r belies en stoar yn 'e earms fan syn mem, dy't yn al dy dagen net fan syn bêd weiwykte, en in wike letter as 'r fuortgean sild hie mei syn maten, fleurich en wol, lei 'r stiif en stil yn 'e kiste... Der waarde net iens folle oer praat, de ienlingminske syn libben en lot telde op 't heden net yn 't grouwélich beweech fan de tiden, dy't | |
[pagina 382]
| |
aloan noch fan grutter en ôfgriseliker nijs de minsken ferbaasd stean lieten, no noch ferskerpe, trochdat Ruslân him mei Prusen ferbûn hie, om Napoleon oan te fallen. Ingelân soarge foar it jild en dat wie in stipe sa grut, wol yn steat moed en selsbetrouwen oan te fjurjen. Ripperda hearde derfan... hy tocht om de briefkes fan Porter. It moaie frije Fryslân fan doe... it wie der net mear, ûndergien yn 'e wieling fan de tiden, syn taal trochmjukse fan in Frânsk grienmank, syn Hegeskoalle te Frentsjer him ûntstellen, dêr hy twahûndert en fiifentweintich jier grutsk op wêze kind hie, en syn hiele Fryslân no ta neat oars mear nut, as om hege belêstings op te bringen foar Hollân, dat him fetmeste mei syn goed. O hoe hope hy ek om al dizze dingen, Napoleon mocht noch ienkear syn master fine, ien, dy't him stie, tetrape en fernietige, sa 's in minske mar fernietige wurde kin! Oan alle lytse en grutte riken, ek sa fan him behânele, hie hy 't fertsjinne! En it begoan dêr sa linkendewei op te lykjen. Prusen en Ruslân yn ien grutte skoarjende ienriedichheid foelen him oan, in feit, yn 'e lêste jierren noait mear bard. Napoleon spriek òp, Napoleon foel oan, Napoleon woan en Napoleon, nochris, fernietige mei de foet op de nekke, minske, eigendom en staat. Mar no begoan, o sa stadich, it wetter in oare wei te rinnen. By Lindenau treffe Prusen en Ruslân it leger fan Napoleon en wurde de bûnnoaten ferslein. Noch is Napoleon baas, noch draacht 'r de keizerskroan, al stiet dy wankelich op de holle. De oerwoannen jouwe al mear en mear krimp, hja stowe alle kanten út en tesnipelje sa it leger fan Napoleon. Hjir wat en dêr wat... de Rus en de Prús gnize. En hast onwillichwei glydt der in glimke oer it stoefe antlit fan Blücher, as hy de kaart bestoarret... Tebek! tebek! kommandearet hy en foarút! foarút! tsjin it nije leger, dat al foar him klear stiet. En de dei fan 'e 14de fan augustusmoanne 1813, de dei foar Napoleon syn jierdei, falt in nij leger, no ek noch mei de help fan Eastenryk derby, Napoleon wer oan. De flucht wie mar in skynfertoan, spjalting fan it Frânske leger, as ienheid ûnder Napoleon syn befel in slimme fijan, tebrokkele yn legerkes ûnder jonge ûnbedreaune offisieren in nietichheid, dat wie it doel. En dat doel, dat benaderen se no. Sweden waarde ek noch har bûnnoat en krige dêrfoar fan Ingelân in presint fan fiifentweintich miljoen francs en it hiele lân Noarwegen op 'e keap ta. Hja soene it no mei-inoar rêde... it moast... | |
[pagina 383]
| |
Yn Mecklenburg stiene 40.000 Russen, 100.000 Sweden, Russen en Prusen by Berlyn, yn Silezië 200.000 man en by Linz 40.000 Eastenrikers, fûl op dizze fijan. En dan noch by Praach 140.000 man. Dit wie de earste lynje en efter dizze kaam de reserve, noch mear as 500.000 man. Napoleon koe dêr tsjinoer stelle: 70.000 tsjin Bernadotte, 100.000 tsjin Silezië, by Görlitz ek 70.000 man. Dan by Dresden 16.000 man en de garde, mar 20.000 man mear ûnder persoanlik kommando fan Napoleon sels by Dresden. De measten fan syn soldaten wiene no de jonge soldaten, de conscrits, troch freeslike twang oproppen om him te tsjinjen, sims tsjin har eigen folk de wapens op te nimmen, en dat se net sa fûl fochten, wie te begripen. De earste dagen wie Napoleon nochris ienkear wer oan de winnende hân,Ga naar voetnoot1 en doe... en doe...! Fuortdaadlik nei de feestrûs oer dizze oerwinning wer in nije slach en dy wie ferlern foargoed. Doe waarde 'r twivelriedich, hoe't 'r soe en dat fielde it leger. De bôge stie net sa stiif mear spand... de wrede pylken ferlearen de macht, om doel te reitsjen... It begjin fan de ein begoan him kenber te meitsjen. O it wie hast net te leauwen! Utkomst, ferlossing, de minsken kòène, dòàrsten der net mear op hoopje! De rêch wie al hast krûm waan yn slavernij. Hja skuorden inoar de kranten, de Frânske kranten, út de hânen, sa fûl wiene se op nijs. Namen de dingen in kear? waarde him syn freeslike macht wer ûntnaam, sa 's dy him ienkear jûn wie troch de Beskikker oer minskene en folkene lot? Koe 't wier wêze? Blierke der in dage yn 'e fierte! in dage fan in jubelmoarn? De postwein wie op in moarne wer yn oantocht fan Grins ôf en Wytse Binderts stie al by de wei, om de nije kranten oan te krijen. Wat wie dy postwein fol en noch ien en noch ien en trije byweinen, in hiele karafaan! ‘It wurdt har dêr te hjit yn Grins, dy naaie al út!’ lake de postiljon en fluite it heechste liet. Nuver, dat dy Frânsken allegear fuortteagen, soe it dan dochs wier wêze, wêr it praat no al dagen fan gyng, it Frânsk regear hie syn possenaasje útspile, de Nederlânen waarden frij! O ryk, o hearlik wurd, wer frij te wêzen yn tins, yn wurd, yn gelove en regear! | |
[pagina 384]
| |
Wat in skat foar him, dy't it mist hat en 't dan weromkriget! De Frânske offisieren, dy't noch altyd by him ynkertierd wiene mei har oppassers, om te sjen as hy wol in goede adjunkt-maire útmakke, seagen skean by de noas del, doe't se al dy hege Frânsken dêr yn 'e postkoets markbiten en no ek al mei eigen span har foarbyriden seagen. It begoan op de neil te barnen, hja stiene it spul net mear. Hja pratene wat mei-inoar en gjin healoere letter stiene har hynsders al mei 't seal op. Wytse Binderts seach it en liet ek syn rydhynsder optuge. De iene offisier wie noch altyd it haad fan alle Frânsken yn hiel Achtkarspelen, en syn gast, en achting wurdich, al wie 'r in Frânskman, en dus ried hy mei. ‘Noch binn' jimm' op myn noed,’ sei 'r, ‘en der sil jimm' gjin hier krinkt wurde, mar gien no fuort. Ik bring jimm' nei 't Hûs ter Heide oan 'e Simmerwei, dan ha ik myn plicht dien.’ En hy liet har de kranten lêze. En hja begriepen, al dy minsken wiene al fluchtelingen, foarrinders fan tûzenen, noch op kommenswei. ‘Oranje boven,
De Frânsen yn de oven,
De Frânsen yn it fjoer,
En de Prinslju dy bliuwe oer!’
songene de bern yn 'e buorren, doe't se foarbyrieden en makken lange noazen tsjin de offisieren, mar de grutten hâlden har fatsoenlik om Wytse Binderts, dy't mei har ried. Dêr gyngen se... in stik libben en leed namen se mei. En der kamen al mear en mear, de hearrewei roan fol, Frânske amtenaars, offisieren, in ginneraal mei syn hiele eigenwize staf, sjendarmes, de measten mei wiif en bern. It folk waard roerich, hja begoannen spotlietsjes te sjongen en keilen har stiennen efternei. Sa rekke Optwizel syn ynkertiering wer kwyt yn in dei twa, wêr se achttsjin jier mei oantangele sitten hiene. Guont minsken gûlden fan blydskip, it wie dan ek wol de útrêding út de grutte need. En doe kaam de moaie moarn fan de woansdei de 17de fan novimber 1813. Earst lei der wat in dize oer it fjild, mar dy loek op en de leave wintersinne skynde op de hurdferzene wei en de keale beammen, op 'e pleatsen en 'e huzen, sa fredich op har hoarnlegers en hiemkes en no suvere fan alle frjemdlânsk gespús. | |
[pagina 385]
| |
Wytse Binderts kaam deroan mei de feinten, elts mei in grude strie ûnder de earm en dy bûnen se oan in beam by de wei. Fierders liet hy dêr trije ammerfollen wetter by delsette en stjoerde de feinten by de streek lâns by al de geseten lju, om itselde te dwaan en net benaud te wêzen, want dy't no kamen, al wiene se rûch en rou, mienden it goed mei Fryslân. En tsjin de middei, dêr kamen se oansetten op har lytse taaie kedsjes, sa'n fyftich KozakkenGa naar voetnoot1 ûnder befel fan har hetman Jesouw Rebreef. Hja seagen it strie en it wetter by de wei... it wie in taal, dy't se ferstiene, in taal sûnder wurden, dy't har noege, en gjin kertier letter fûnen se yn de grutte skuorre har leger spraat foar de nacht en de tafel oeral oanrjuchte en foar de oerste in sêfte rêststee yn 'e hûs by Wytse Binderts. En sa gyng 't by eltsenien. Oeral wolkom, oeral gastfrij oanhelle. Wiene se net de befrijers? begoan fan de steppen net de fiktoarje? Napoleon! it wie in namme, al skiednis waan. Mar Oranje! it wie de namme fan de takomst! de namme, yn sa lang net útsprutsen, dêr om lit, om fochten, om bidden wie... En no! no! de 6ste fan desimber 1813 waarde de Prins fan Oranje as Kening Willem de Earste ta soevereine hearsker oer 'e Nederlânen útroppen. Doe wapperen de Oranjeflaggen wer op de Aldehou, doe letten de klokken wer foar in soan fan 't eigen folk. It wie it feest fan de befrijing fan it jok, de frjemde twinger syn possenaasje foargoed útspile. En op alle tuorren en tuorkes hiel Fryslân oer, blonk it blide orange, blanche, bleu. De read-wyt-blauwe flagge waarde fertrape, de keizer-like earnen stikken slein en it folk húnde, dy't Frânsk prate doarst. - Alde Foppe Liuwes, krebintich en rimmetikich, kuiere op ien fan dizze dagen yn syn finne en seach it hear oer. No wie it dan safier... Hy stoarre yn 'e fierte. Dêr lei Eastermar en op 'e hege toer, dêr floddere in kleurd fodsje guod yn 'e wyn. Oranje wie 't, O-r-a-n-j-e. Hy seach it. O wat wie it him grut... Syn fuotten gyngen har lêste paden yn 't twaentachtichst jier fan syn libben, mar dizze dei wie de moaiste noch fan syn hiele libben, dizze earste dei fan in jubeljier, wêr in frij folk him út frije wil oan in nije soeverein ferbûn. | |
[pagina 386]
| |
En hy krige de âlde snúfdoaze nochris wer út de bûs, foar sa lange jierren te Ljouwert koft yn de heechste ellinde fan syn earm lân en hy lies it ferske jitteris, dat deryn stie, no gjin ûnthjit mear, mar blide ferfulling: ‘Al ben 'k tot spot, al ben 'k tot hoon,
Ik zeg: Oranjen houdt zijn kroon!
Een boom is 't, die te groeien staat,
Waar men wel menig tak afslaat,
Maar hoe men knot en kerft en snoeit,
d' Oranjeboom nog eeuwen bloeit!’ -
|
|