[Prolooch]
Obrune heide! wiidte, iensumheid yn gouden, gouden sinneskyn!
't Gewaai fan âlde spjirren! 't fyn gerank fan blonde, slanke bjirken!
En al de hearlikheid fan rûmte, sûnder minske of hûs!
Dyn fûgels ha ik leaf, dy't piipje yn dyn struwellen,
Of júb'ljend sjitte omheech nei 't fiere blau...
Dyn blommen ha ik leaf, net roerd fan minskehânen,
Dy't kleurich bloeie en kein, yn bûnte pronks fersjit
Dyn poelen, wêr de djipten frjemd fan mearkes sjonge
En keninklik en koel it swâneblomte bloeit...
Dyn wolkens, sulv'ren tuorren lyk út fiere, grutte steden,
Dy't hjerst ynliede mei syn rein en winter mei syn snie;
Dan jeie oer dy, myn heide snie har wylde ruters,
En traapje petten ticht en smite sompen fol,
Dan is dyn wezen wyld, de stoarm dyn wrede frijer,
En 't âljen fan dyn âlde beammen winters leafdeliet.
Mar no! o wiidte, iensumheid yn gouden, gouden sinneskyn!
No bist in stille timpel...joust myn herte rêst...
In lytse wyn wint oer 'e griene finnen oan...
En heech yn 't loftblau mind'rje njuet de wolkens;
In wûnder! sjoch yn 't westen, klearet stil de kym,
Ferreind en tear, sa kuiert noch in lêste blink
Fan fiere sinne stadich oer myn stille heide,
Sà wurdt it jûn...nei dei syn wêzen nacht syn dream.
De moanne kliuwt...de lytse wyn wurdt wei...
Yn onferweechlikheid stienn' reid en snilen stil
Yn d' effen wetters klearte. -
No bist, myn heide! wer in timpel, der in bulte kamen, gyngen
Elts mei syn eigen leed en bea...mar stom...
| |
Djip ûnder d' ierde binn' hja rûst, har stiennen wapens,
Dy sliepe by de hân, dy waard' ta stôf.
Hoe faken habbe hja dy, heide ek sjoen by 't simmer,
Of as de hjerststoarm oer de flakte gûlt;
Hja hearre 'm no net mear, har wrâld is no in oaren,
Mar o! 't onstjerber langst nei d' ierde bleau!
Droef, wyld - in swypker, dy't har hiele hert behearsket.
Hja gienn' wer 't iensum paad, dat har nei 't libben bringt,
S' as hja der ienkear âld en warrich út gien binne,
Foar ieuwen, út waans skaad wrâlds skiednis tynt,
En oer 'e deawei sljuerkje sêft har lichte soalen...
Sà komme hja werom, dû, iensumheid, bist noch har ryk!
Hja sweevje oer dyn poelen, goudberâne yn blommen...
Oer d' iikbosk, der har godheid ienkear wente hie
Der 'k harkjend, sims noch sangen mien te hearren,
O fier, hiel fier, mar dochs fol klank en kleur!
Har libbenspiidsje, ontdien fan 't stoflik klaad
Dat siddert hjerstmis jitte oer dyn stille poelen;
Dan kleit de reiddomp, saait de rein mei grutte hânen
De gjalpen wetter út it wolkensaad,
En smyt s' op 't toarstich, brooz'lich heidesân.
Dan komt de stoarm, de gûler út 't noardwesten,
En haffelt yn dy om, in hynsder, wreed fan byt...
En dan! dan groeit in stiltme nei it wyld beweech,
In stiltme, sa 's ek 't hert net sûnder triennen ken.
En yn dy stiltme wurde nije simmers berne
En sinnedagen, dy't as grutte gouden blommen
Har rankje troch it tún fan 't minskelibben.
Sa komt...giet alles...as oan d' ienlingbeam de frucht
Sa 's 't wêzen ek fan d' ienlingminske op ierde,
Dy't foar him wiene, makken him...en hy
Hy hâldt it lot fan slachten wer nei him
|
|