XX
Trude,’ hja hjitte no ‘de fos’, yn tsjinstelling fan har soartgenoate ‘de brune’, waard dizze simmer daalks suver in húsgenoate mei op de âldsaksyske buorkerij dêr earne yn it prachtige lân fan Twinte.
De beide bern fan Gerrit Jan Eggink koene har thús net mear yntinke sûnder de nije fos, ek harren happe mei.
Trude krige har plak tusken de wurktiden en by nacht by ‘de brune’ op in ôffrede stik oan it grut hoarnleger en hja hearde, as hja der rûn te weidzjen, steefêst hoe't de twiljen út 'e skoalle wei thús kamen. Har earen ferweegden tel, hja stiek de kop omheech en in sêfte nokkering trille troch har noasters. Stadich, it each nei de âlde wettersaad dêr't Riekje Jannechien altyd bylâns kaam, trape hja dan nei de lichte wringe, dêr't it famke har altiten eat, dat hja dêrta fan har mem krige, út 'e hân opplúzje liet.
Gerrit Jan die soks ek wol ris mei, mar Riekje Jannechien woe hjiryn de baas wêze, want it wie har happe dochs, en dat stiek him wol wat. Mar ‘de brune’, om't dy in blês hie, wie sines altyd al.
Lykwols jûns, as Heit it lije woe, wie de fos fan har tegearre. Dan mochten se der beide op hynsteride. Dat wie in feest. Ek foar de âlden; eltse kear wer op 'e nij. It dier wie ek sa ynmak. Foarst holp Gerrit Jan Eggink syn twiljen om op it hynder te kommen, mar dat woene se al ringen net mear lije. Doe tilde de dûbele lytse Gerrit Jan syn suske sa heech mooglik op en klattere de ranke Riekje Jannechien oer Trude' rêch teplak en holp har broer dan ûnder it ferduldich wachtsjen fan de merje. Hoe'n ynspanning it ek joech, dit wie it aldermoaiste, en as se teplak sieten en Heit en Mem talaken, dan rieden se tegearre it grut hoarnleger yn it rûn en faken de ies in ein op, wylst Gerrit Jan Eggink en de frou, let op 'e jûn mei hoarige lûden ta de stadich oanglûpende nacht, by de bosk, mei in ynderlik fermeits yn 'e klim fan 'e ies it skaadbyld fan har twiljen seagen tsjin de nachtlike loften.
En Trude, alias ‘de fos’, droech dit spantsje mei sa'n graasje en dochs sa foarsichtich dat men it fan gjin bist sa ferwachtsje soe.
Simmer fan njoggentsjinfjouwerenfjirtich.