greide oer, sa, dat it eltse kenner ferwûnderje moast as er it sjoen hie, skeanoer nei de sulveren bjirk, dêr't hja yn dy neare nacht yn har flecht stuite wie en de foarste lavenisse oan 'e bjirkekatsjes fûn hie.
Hjir bleau hja stean, prûste nochris, eage fernuvere yn 'e bosk op, foel op 'e knibbels en rôle twa, trije kear oer 'e rêch.
Gerrit Jan Eggink wie foldien oer 'e fos.
Mar net oer 'e sitewaasje, dêr't er troch de fos yn kommen wie.
In hynder wie in nuodlik besit yn dizze tiden no 't de besetter alles, en benammen hynders hawwe moast. Foar wa't guon hie en brûke moast, bleau it ek in djoer besit.
Gerrit Jan Eggink hie altyd twa hynders. Der wiene identiteitsbewizen by, se stiene beide yn 'e eigen rubryk yn it feeboekje ynskreaun en elts eagenblik koe d'r in C.C.D.-er of in opsichter it hiem opdraaie.
En hoefier soed er yn dit gefal syn kollegaboeren betrouwe kinne? Hja sòene him sjen mei sa'n fos.
Lang stie Gerrit Jan Eggink by de âld wringe te brieden hoe't er moast. Doe't er de fos rêstich weidzjen seach wist er it.
Omme Hindrik, hied er tsjin syn jonge sein.
As dy foarst syn iene guds ris brûke koe. Dat soe gjin beswier jaan. Dy siet àl sa krap mei hynders.
Gerrit Jan Eggink glimke. - Dat die er net faak. -
Der wankte ek noch wat yn syn breinkas.
De oare moarns stiek er yntiids ôf. Sels brocht er de âld guds nei syn broer, mar it foel him net ta. Te deale! It waard in swiere dei foar him. Foarst oeren oanien op in swiere guds sitte, dy't er winlik - hy as koart mantsje - net beride koe. Doe in petear mei syn broer ûnder fjouwer eagen. En doe de weromreis op in gammele âld fyts mei kusjebannen.
Hy wie sa bliid as in bern doe't er einlings op 'e lette jûn oer 'e ies de beammen om syn âldsaksyske pleats yn 't fizier krige.
Dat wie de foarste set.
De tritichste fan gersmoanne '44 reizge Gerrit Jan Eggink mei de nijkeap fan it hiem, mar no nei de hynst. It gie allegearre o sa heimsinnich om en ta, mar dochs, it barde. Sa net, wie de foarste reis nei syn broer him net tafallen, de reis nei de hynst ferge fan de boer sa'n ynspanning dat er dêr de oare deis noch fan út 'e liken wie. Hy, sânboerke op syn âld spul, mei sa'n weardige guds yn dizze tiden op 'en