hoede en doe't hja de kop wat heger tilde - wa wit - slingere it los eintsje tou dat noch oan 't helter bongele hinne en wer.
‘Ho! ho!’ song de boer sêft om betrouwen te jaan. Trude stoep, each yn each mei de boer, in stap tebek. Sjoelfuotsjend kaam de boer tichterby, de hân noch altyd foarút.
In skrille skreau fan in fazant en in lûd wjukbeweech yn 'e boskwâl. As krige hja op 't alderûnferhoedste in slach mei de swipe sa ferheftich mjirke Trude by de boer lâns de ûnsljuchte greide oer. Dêr't hja oer in rist - bult oan bult - molleheappen hinnefleach, stode it sân yn wolkens de loft yn. Mar de greide wie net grut en it each, oefene fan it nachtlik aventoer, seach de stikeltrieôffreding. Fuort by de wei mindere har gong, hja droech de kop heech, de sturt yn 'e biezem en blies swier troch de noasters. Yn in wide bôge drafke hja troch de greide, by de wei lâns en bleau pal op in sânkop stean. Doe't hja goed op 'e sânkop stie, heech en útdaagjend fan stal en hâlding, state de fos mei sa'n faasje har siken troch de loftkanalen, dat de twa bern fan Gerrit Jan Eggink, in twiljen, fan 'e telle kamen en de wei oerstieken. It wiene de jonge Gerrit Jan en Riekje Jannechien. Yn har eigen taaltsje rôpen se bliid en fan 'e wize: ‘In nij hynder. Prachtich!’
‘Ik wol 'm krije,’ rôp Gerrit Jan.
‘Nee ik! Do hast al ien,’ ferwarde Riekje Jannechien har en wjokkele nei de greide, dêr't se oer 'e hikke klattere. Har broer rôp: ‘Net dwaan, sus,’ mar it joech neat. Mei har beide hannen byinoar foarút hâldend, gie de lytse faam op Trude ta.
Trude nokkere fyn troch de noasters. Hja snúfde. De lytse fammehantsjes kamen tichter by. It famke prate. Wat in leaf stimke. Wer nokkere Trude, hiel ynhâldend en blibke de sêfte fine hantsjes wiet. Riekje Jannechien naam it eintsje heltertou beet en bleau laitsjend foar de fos stean te sjen nei broer en har heit. ‘Heit! Dit is myn hynder, no? Gerrit Jan hat al ien,’ rôp it famke har heit temjitte en mei ferbjustere eagen befêstige hja: ‘'t Is allegearre bloed, Heit.’
Gerrit Jan Eggink kaam skean de greide oer. Hy skodholle by it sjen fan safolle wûnen. Wat der no bard wie...?
‘Heit...’ frege Riekje Jannechien.
‘Ja...’ kaam de boer ôfwêzich.
Mar lytse Gerrit Jan skrepte al om 'e wringe iepen te krijen. ‘Heit, dit is myn hynder, no? Ik haw it earlik earst krige.’