En allinne kaam hja te Ljouwert.
D'r wiene wol mear gudzen ûnderweis. By ienen en twaën kamen se de greidhoeken út wei. Guodden sieten der op, oaren rûnen der by. In inkeldenien gie ûnder it dek, mar de stimming wie al oars as by de alderfoarste foardering.
Eke siet op har Trude, mar net as immen dy't de muoilik-lêste reis makke op har djoer besit, mar earder as immen, dy't yn triomf ried, sa kostlik. Mei har leaflike ferskining pronke hja slank en steil yn it seal op har prachtige fos. En doe't hja troch de Skrâns ried koe it folk op 'e stoepen en oer 'e wei de eagen net fan de ynmoaie rydster ôfhâlde. De oerwei. De hege loften bôgen helderblau oer alles hinne. Dêr miskearre it net oan. Mar wêr wiene de kreas fersoarge treinen en de sa fleurich oppoetste lokomotiven mei har glinsterjend koper dy't hjir op sa'n moarntiid it each jamk bekoaren?
Ien lokomotyf, swart en goar, stie fan fierrens te pûsten. In pear treinweinen mei stikkene ruten en guodden, dêr't de ruten foar in part út misten en dy't mei buordpapier en houtspul byholpen wiene.
It flime Eke troch de siel: de grutte foarútgong! En in tel-twa seach hja har heit en Jinne Wytfean yn har lânwachterspakjes. Hja rydboske. Mar de hoefslach op 'e glêde wei oer 'e rails frege har omtinken.
Stasjonswei, Sofialeane, Merkstrjitte.
Hynders, hynders en nochris hynders.
Alle kanten wiene se út wei kommen.
Wrinzgjen, roppen, skreppen en kringen om mar sa gau mooglik yn 'e poarte fan 'e feemerk te kommen no't se hjir dochs ienris wiene.
Op it weinplein hâlde Eke stil. In frommis. Alle eagen rjochten har op 'e rydster yn har kreas donker kostúm. Mei in linich beweech kaam hja út it seal en stoep foar Trude. Har donkere eagen namen it hear skerp op. In pear Dútske soldaten stiene stiif yn 'e hâlding by de poarte, mar it folk by de hynders naam de kreaze rydster mei begearige eagen op. Te deale? Har hâlding en stal, har dimmene taal tsjin de fos dy't hja beriden hie, har sletten antlit dêr't nimmen eat út opmeitsje koe, dy donkere eagen, ûnpeilber djip by de folmakke foarmen, ymponearren elts, wa't nei har seach.
De iere maitiid en it ûnbewûne terrein joegen oan hiel wat gudzen in ûnrêstigens en wenstigens nei hûs, dat der soms hiel wat mei te hâlden en te kearen wie, mar de fos Trude gie en stie op it wurd fan har masteresse. Doe't hja mank oaren foar de poarte kaam joech men