dat Eke Kuperus sûnt de oarlochsdagen net wer nei stêd en learen taald hie.
Deis hie hja fakentiids it boksebaitsje oan en mei de melkerstiden wie hja steefêst yn 'e jister te finen.
De boer hie skodholle en frou Kuperus hie goedmienend ferward: ‘Bern, dat hoecht dochs sa net. Asto safolle mei de buorkerij ophaste, dat is ús tige nei 't sin, mar...’
It besliste: ‘Mem ik wòl sa, wat sil ik oars,’ spriek foar himsels.
De frou begriep en hie de stille ferhoping, dat mei de tiid as it libben wer gewoan op gong rekke, de ruterklub wol wer beslach op Eke lizze soe. Mar it blykte al ringen, dat Eke gjin ferlet hie fan ruterklub en jongerein. Har iennichste doel wie: mei Trude yn Heite bedriuw. Mar mocht hja der it foarige jiers grut op west hawwe, as Hartman har hopke foar de meanmasine brûkte, no wist hja it safier te krijen, dat de fos frij fan meanen wie. As de guds dizze ûngetiid fan fjirtich brûkt waard, dan hie Eke har yn 'e hannen. Hja brûkte Trude foar de sleper, de wudzeswylder en de skodder, en faken mei de jonge rún der by yn 't span foar de tieme. Mar in oar, immen fan it fêste folk of in ûngetider Trude yn hannen?
Dat koe hja net ferneare. Hja fielde har ien mei har fos, mear as ea earder it gefal west hie. It ferlies fan Hartman foar har, dêr't hja yn har jong bestean net oerhinne komme koe, moast Trude safolle mooglik oan har fergoedzje.
Dat hja ek neat fan him kaam te witten! Hja koe der net by. Wêr wie hy?
Yn Dútske finzenis?
Yn in kamp?
Swalke er hjir of dêr yn- of bûtenlansk om?
Hoe wie it mei him, ja, libbe er noch?
Tûzenen fragen bestoarmen har soms. Wa soe hja freegje?
Hartman syn efternift yn Boalsert koe hja net iens. Hja wist net, wêr't hja wenne. Ja, op 'e Lytse Dylakker. Har skriuwe...? Mar wêrom, wêrom skreau Hartman net?
As hy heal safolle langstme nei har hie as hja nei him... Nee, nee, sa mocht, sa koe hja net tinke. Hartman!... Hartman!...
It tefriet har jong libben. Hja fersette har safolle as hja koe, mar har âlden murken it mei leed en soarch: Godtank dat hja har der net by deljoech, mar har oanhâld socht yn it bedriuw en oan har hapke. Nea hie