‘Nee, dit wurdt syn foarste reis. Hy hat noch net fan 'e pleats ôf west,’ en noegjend stiek de boer in hân nei Trude út. Hiel mak liet it bist it ta, oant de boer har it helter oer 'e earen strûpte en doe't er it kieltoutsje fêst set hie stapte hja trinten efter de boer en de rider oan.
De grutjonge hie in wakkere niget oan dit ynmoaie hopke en koe him net yntinke, dat in boer sa'n ynleaf dierke ferkeapje koe.
Mar Trude hie gjin aan fan sok tinken. Heech it kopke, eagjend oer 'e romten mei pleatsen, tuorkes en yn 't westen de hege seedyk, rûn hja gewillich mei. Gjin Arabyske flakten wiene dit, mar de driuw fan it súdlike bloed hâlde de earen wach en twong it each nei fiere kimen. En yn har loftige stap wie it as waaide hja as in lichte maitiidstwirre rêd en treftich tagelyk oer de droege soal fan de feanige margreiden hinne.
Doe't se sa by de auto op 'e wei kamen, lieten de man en de grutjonge mei gâns hâlden en kearen de swiere barte sakje. De jonge Trude loek eangstich rêd oan it efterstel, tripke hinne en wer oer 'e wei en hie mar amper betrouwen yn it bemoedigjende klopjen fan 'e boer ûnder 'e goudglânzige moannen.
En wylst de swiere barte op 'e wei lein waard, naam de boer it helter mei de rjochterhân koart oan 'e kop beet en mei in freonlik: ‘No foske, mar de auto yn, soe 'k sizze,’ gie de boer lûkendewei foar it interke út by de barte op. Trude folge skytskoarjend, mar mei de foar-poaten deun tsjin 'e barte oan wie 't: ho! Steech bleau hja stean. It kopke eang omheech, mei de eagen skril yn 'e wide romte efter de boer syn rêch. De boer noege en loek omdôch, mar de automan hie wolris faker sok folk ride moatten.
‘Hjir jonge,’ sei er koart, stiek in hân út, dêr't de jonge sines ynheakke en sa, mei de hannen yninoar waard de jonge Trude stadichoan twongen om op 'e barte te stappen. Mei rêd beweech sloech Trude ien foarpoat op 'e barte. De oare folge daalks. De boer brûkte noegjende wurden en stie al op it strie yn 'e bak. In rêde sprong en Trude wie der by him yn. It hiele fehikel skodde en Trude twong by de boer yn 'e hoeke dêr't dy har koart oan 'e ring bûn. Leavjend streake syn hân noch ienkear ûnder 'e lichte moannen troch, oer 'e slanke lea en by it efterstel del. ‘No jonge,’ sei er, mear net.
De man en de jonge stiene al ree om 'e barte omheech te setten. ‘Hoenear binn' jimm' op 'e Jouwer?’ wie de koarte fraach.
‘Wy moatte moarnier earst noch trije út it Heidenskip helje,’ wie it