wat leechoan nei it suden skau. Mar syn tinzen wiene net licht, hoe't er alles ek leafst fan de ljochte kant beseach. Trije moanne wied er by de moalkeapman benefter. It molkepûdsje waard aloan lichter. De prizen fan 'e lânkeallen wiene him tiisdei alderdanichst ôffallen. It bod dat er foar syn eigen lânkealtsjes krige hie, moast er him by omdraaie, it wie gjin bod. Sa tocht er doe. No, as er earlik wie, wist er wol better. Mar de keapman hie syn beswieren ek net. Alderheljen!
Grimmitich wreau er de tsjeaken oerinoar. Fan syn folks kant wie neat te heljen en skoanheit hie fiif bern boer makke. Lykwols, às er dêr kaam, hy wist it wol. Mar eargefoel en kriich fersetten har tsjin soks.
Djip yn tinzen wei hie de boer net bemurken dat er selskip krige hie by it jongfee.
In keapman dy't syn honk hie ûnder 'e klokslach fan 'e âlde Parre-geaster toer, rôp in huiïch ‘moarn’ troch de stille loften. De boer skrille op, mear as er wêze woe.
‘Moarn keapman.’
Wis, wis, sa'n ien wie like goed mei de kealle- en skieppeprizen op 'e hichte as hysels.
‘Ek al ier yn 'e mar,’ kaam der freonlik efteroan.
En wylst de boer wat op 'e keapman tatrape tiisde it yn syn sinnen om: ‘Fjouwer kear is skoanheit bysprongen, dit soe dan de fyfte kear wurde moatte...’
‘It rint nei Joustermerke, boer,’ wie de keapman syn ferklearring op syn komste dêr. Dus...wolja...
It rint nei Joustermerke...
Grimmitich biet er op syn kiezzen.
Soa. Hy begriep. Dizze loop wie net om 'e keallebollen of de weidskiep.
‘Hoe stiet it...?’ en de holle wiisde nei 't interke.
‘Nee, nee. Jonge nee,’ en in glimke kaam om 'e mûle, doe't de boer ferfette: ‘De frou in lytse Trude yn 'e foarein en ik in jonge Trude efter yn 'e pleats. Dat... e... nee... nee... keapman. Dêr sille we net ynkomme.’
‘Kom, kom. Foar jild en goede wurden.’ En de keapman stoep om 'e jonge Trude hinne dy't de nijsgjirrigens op in lytse distânsje brocht hie. Têd skode de keapman syn ljochte pet efteroer en sette de tûmen yn 'e earmsgatten. Syn giele keapmansstôk hong oer 'e rjochterearm. Mei in fyn glimke om 'e mûle sei er: ‘Soa, soa boer... Elts in Trude...