It wie suver alhiel tapaslik op Hiltsje. As it fanke dit ris rêstich lêze woe... Mar it hie gjin sin en jou har it boek, it bern wie alhiel orémis.
Op sneinoerdei nei stêd, mei it spoar ek noch en nei de feint ta, it wie troch alles hinne! It jongfolk skromme langer neat mear. Hy wist net wat er hearde, fan 'e moarn, doe't hja deroer begûn. It wie ûnfoech, soks te freegjen en hy hie der neat op weromsein, gjin ja noch nee; it kaam him oer it mad nammers. Faaks soe se der net wer oer begjinne doare en koe er frij fan wegerjen. Mar hy seach it no wol, de bêste klean wiene oan, hja makke der rekken op fan al. Hy hie der fuortdaliks mei delkomme moatten; it koe no min mear.
Der kamen rêde stappen troch de holle, wide keamer. ‘De boer gjin kof je mear, tink?’
Gjerryt Bouwes lei mei in sucht it boek nêst him yn it finsterbank. Dat hja him no net in skoftsje mei rêst litte koenen; hy hoegde nea mear kofje as krekt syn takst, dat wisten se wol. Fansels gjin mear, woe er sizze, mar doe't hja rimpen nei it kop-en-pântsje taaste, betocht er him. It rûn yn 'e gek, sa hastich as dat fanke hjoed wie. ‘Jawis, Hiltsje, jit my noch mar ris yn!’
Mei lilke stappen gie se op 'e tafel ta, alhiel oan 'e oare ein, by it noardlik finster. Sûnder in wurd te sizzen sette se it by him del en wyndere op 'e nij de keamer troch.
Hy hie gjin nocht mear oan lêzen en flapte it boek ticht. De kofje wie gleon; it hie ek neat gjin haast en sin hie er der net mear oan. It lei ek net op syn wei en help har mei fuort.
En dochs wie it oars in bêste faam, alhiel net bluistrich en wyld, en út in goede húshâlding. Mar alles koe der langer mar op troch. Men woe sokke âlden wizer ha. Soks hie hy destiids syn heit ris mei oankomme moatten. De tsjerke fersomje en op 'e trein nei stêd ta. Net dat er folle mei fammen pield hie. Hy hie alhiel sa'n aard net, en men hie jins wurk en drokten, dat de tiid fleach om en foar't men der rjocht erch yn hie, wie men oer de jierren en kaam men der net mear ta. Fansels, as er wollen hie... Mar it hie him nea muoid, hy hie it goed en Sijke wie in bêste húshâldster, in deeglik frommes, sa skjin as de brân en yn it minst net rij.
Hy seach temûk nei har, sa't hja siet te lêzen by it oare finster, alhiel foaroer, in felle kleur op 'e wangen, in glim om 'e mûle. In romantysk boek, lyk as hja wol mear lies. Hy wist net wat hja deroan fûn, mar sei