keningsstêd, mar hy hie sa folle heard fan 'e ballingen to Jeruzalem en fan 'e timpel dy't hja dêr boud hiene, dat er it net langer úthâlde koe yn 'e frjemdte en de kening frij frege om nei it âlde lân to gean. Kening Artasasta hie der neat op tsjin; hy foun it wol goed, dat de mannen fan Juda de timpel des Heare noch moaijer en riker makken, en dat hja dy god dêr to Jeruzalem trou tsjinnen en hy joech Ezra opdracht om gâns goud en sulver mei to nimmen en om syn folk yn Juda de wet to learen. En net allinne dat Ezra werom mocht nei it alde lân, mar hy waerd lânfâd fan Juda en mocht safolle Joaden meinimme as der ré wiene om him to folgjen.
Dat sa kaem it dat de skriftgelearde Ezra, oan it haed fan in greate karavaen nei de stêd Jeruzalem triek; sa'n sawntjin hûndert frije mannen hie er by him en dan noch gâns in tal froulju en bern en slaven. De kening woe him noch in troep soldaten meijaen, om har ûnderweis to biskermjen, mar dêr woe Ezra neat fan witte: dy God dy't him yn it hert jown hie om op to tsjen nei de timpel, dy soe har ek biwarje op 'e lange, nuodlike reis. Ear't hja op mars gyngen rôpen hja earst de Heare oan; doe trieken se op en goed fjouwer moanne letter wiene se yn Juda.
It wie foar de ballingen yn en om Jeruzalem in great ding, dat Ezra kaem en sa'n great tal minsken meinaem. Hja waerden der sterker fan en bûtendat wie de nije lieder in kundich skriftgelearde, dy't har ûnderwize koe yn de âlde wetten en in ein meitsje oan gâns misbrûken. En dat er tige yn 'e gunst stie by de kening en sels in amt hie as lânfâd, makke har posysje foar de Samaritanen oer sterker.
It die ek al gau bliken, dat der noch wol hwat to dwaen wie foar in man as Ezra, dy't yn alles de Heare trou bliuwe woe. Al in moanne of hwat hie er syn wurk dien yn 'e timpelstêd, doe't er hearde dat gâns mânlju to Jeruzalem, sels fan 'e preesters en 'e Leviten, froulju nommen hiene út oare, heidenske folken. Ezra wie slim forslein; hy skuorde syn klean stikken en iet en dronk net en suver de hiele lange dei droech er rou om 'e sûnden fan syn folk. Hy bigriep net hoe't hja it dwaen koene: it wie sa dúdlik forbean yn 'e wet fan Mozes en sels in wiis man as kening Salomo wie troch syn frjemde froulju nei de tsjinst fan 'e ûngoaden lokke en wie der letter swier foar straft. En nou diene se it dochs wer, sa koart nei de bittere ballingskip...
Doe't it de tiid wie om it jouns-offer op to dragen en in greate kloft minsken om Ezra hinne stie, die er in ynlik gebet ta de Heare: hy die bilidenis fan 'e swiere skuld en smeke om forjowing fan it kwea. En sa'n yndruk makke dat bidden op it folk, dat hja sels by him kamen en seine dat hja ré wiene om al dy frjemde froulju mei har bern fuort to stjûren en sa de sûnde út har formidden út to suverjen.
Trije dagen letter wie alle man fan Juda yn 'e stêd en waerd der in greate folksforgearring hâlden. It wie krekt yn 'e reintiid en bang en beevjend, yn 'e kâlde reinfleagen, siet it folk op it timpelplein en harke nei de strange wurden fan Ezra dy't har oplei om al dy frjemde froulju werom to stjûren nei har folk. Op in pear nei forklearren se har allegearre ré, en der waerd goedfoun dat in kommisje út 'e âldsten elk gefal apart ûndersykje soe en as dy it opleine, dan soe elk dêrneffens dwaen en de frjemde froulju mei har bern fuortstjûre. It duorre lang ear't alles útsocht wie en it foel mannichien swier om frou en bern gean to litten, mar hja hâldden lykwols har wurd. Sa waerd, troch de strange lieding fan Ezra, de skriftgelearde, it folk fan Juda suvere en Gods grime weinommen oer Juda en Jeruzalem. En ek fierder, yn mannich oar ding, learde er syn folk om trou to wêzen yn 'e tsjinst des Heare en syn wetten en foarskriften to hâlden.
Doe't Ezra al hwat jierren to Jeruzalem west hie, kaem der op 'e nij in lieder út 'e fiere keningsstêd: Nehemia, de soan fan Hachalja, in skinker fan kening Artasasta. Hy hie heard dat it der net sa bêst foar stie mei de mannen fan syn folk en dat Jeruzalem noch altyd in iepen stêd wie, sûnder poarten en mei bressen yn 'e muorren en hy woe graech nei Juda ta om dat to foroarjen. Lang beve er der tsjin oan om de kening frij to freegjen, mar op in kear, doe't de keninginne der by siet, weage er it en God biskikte it sa, dat Artasasta him gean liet.
Mei in tankber hert gyng Nehemia de reis