hannen sille jimme gean, mar elk sil fan syn buorlju easkje goud en sulver en pronkklean en dy syn eigen bern omdwaen en sa sille jim Egypte birôvje.’
Mozes leaude dat de Heare it sa dwaen koe; hy woe sels wol leauwe dat it ek presiis sa gean soe, mar hy koe him net foarstelle dat hy it dwaen soe. Hy wie to âld wurden, hy hie de moed net mear foar soks; it folk moast forlost wurde, wis, mar God koe likegoed in oaren-ien stjûre. ‘Hja sille my dochs net leauwe’, sei er, ‘en hja sille wis sizze, dat Jo net mei my sprutsen hawwe.’ En noch bigriep er net, dat gjin minske sa tsjin God ynlizze mei en dat elk komme moat, dy't Hy ropt.
De Heare frege: ‘Hwat hastû yn 'e hân?’ ‘In stêf, Heare’, antwurde Mozes.
‘Smyt him dan op 'e groun.’
Mozes die daliks hwat de Heare him oplei, mar krekt roerde de stêf de groun, of hy sprong bang fansiden: de stok, dy't er sa lang al brûkt hie by syn wurk, wie foroare yn in greate, gefaerlike slang. En noch wie er net fan 'e skrik bikommen of de Heare spriek: ‘Stek dyn hân út en gryp him by de sturt!’ En dyselde Mozes, dy't oan-ien-wei tsjin Gods bifel yngyng, dy't it iene biswier nei it oare útfoun om der foar wei to kommen, dy't net nei de Farao doarst en net mei syn eigen folk, om't er himsels net geskikt foun foar dat greate wurk - dy bûgde him nou foaroer en pakte de slang fan 'e groun. Tagelyk fielde er hoe't it munster yn syn hân wer foroare yn in stok.
En noch in wûnderteken liet de Heare him dwaen: hy moast syn hân by de klean ynstekke en doe't er him der wer úthelle, wie er melaetsk: it fel dat niiskrektsa noch soun wie en brûn, wie nou fol wite plakken. En jitris moast er de hân achter de mantel dwaen en wer foar it ljocht helje: en doe't er it dien hie, wie de hân wer geef en soun lyk as fan to foaren.
En de Heare sei: ‘As it folk fan Israël nou net leauwe wol hwatstû to sizzen hast, doch dan dizze beide tekens yn har bywêzen en mochten se dan net leauwe, jit dan hwat wetter út 'e Nijl foar har eagen út en Ik sil it yn bloed foroarje.’
Sels doe joech Mozes gjin bilies. Hy wist sa goed, dat er ta dit hearlik wurk net bikwaem wie, dat er it sels net oangean doarst as God him macht joech om wûnders to dwaen. ‘Och Heare, ik bin nou ienris gjin man fan it wurd, earder al net en nou ek net, nou't Jo mei my sprutsen hawwe, dat ik kin net tsjin in kening sprekke, hwant ik bin swier fan mûle en swier fan tonge.’
Noch ien kear antwurde de Heare Mozes yn goedens. ‘Hwa hat de minske de mûle makke, of hwa hat de stomme of dôve of sjende of bline makke? Bin Ik it net, de Heare? En nou, gean hinne, en Ik sil mei dyn mûle wêze en dy leare hwatstû sprekke silst!’
Dêr stie de man Mozes dan en hy wist neat mear to bitinken. Hy moast gean en de Heare soe him helpe - ja, mar hy wie to âld en hy hie der gjin moed mear foar. Fjirtich jier earder... mar dat wie foarby! ‘Och Heare’, sei er moedeleas, ‘stjûr dochs immen oare, mar my net!’
En doe wie it geduld des Heare oan 'e ein en Syn grime lôge op tsjin Syn ûnwillige feint. Hy woe gjin útflechten mear hearre, mar tagelyk wie Er ek noch genedich en woe Er Mozes immen meijaen, dy't him helpe en dy't wol sprekke koe.
‘Aäron, dyn broer, sil mei dy gean; Ik wit dat er tige sprekke kin en sjoch, hy is al op reis dy yn 'e mjitte; hy kin foar dy sprekke ta it folk en ta de kening; hy sil dyn mûle wêze en dû silst him ta in god wêze. Gean nou en sprek net langer tsjin!’
Net folle dagen letter gyng Mozes op reis mei syn frou en syn beide soannen. Nou't er ien kear op reis wie, bitroude er dat de Heare him helpe soe en alle twivel foel by him wei. Mar dochs gyng er oars as doe't er fjirtich jier wie: net mear yn eigen krêft, mar yn it witten dat er sels neat koe en dat God alles dwaen moast. En dy't sa giet, bitrouwend op des Heare help, dy kin greate dingen dwaen, ek al is er tachtich jier...
Doe't hja op in nacht earne oerbleauwen yn in herberch forskynde God him op 'e nij. Mar dizze kear kaem de Heare yn syn grime en woe er Mozes deadzje. It wie om't syn twadde soan noch net bisnien wie en yn dit great gefear naem Sippoara sels in mes en bisnie har soan. It wie hàr skuld dat it oergien wie, mar nou makke se sels it kwea wer goed. En sa koene se wer fierder reizgje, sûnder freze foar de grime