hie, dan soene se wis tige bliid west ha mei noch in jonkje, mar nou hiene se och sa graech in famke ha wollen. Jochebed hie de triennen yn 'e eagen doe't se har de lytse jonge yn 'e earmen leine; it wie oft hja de wrede soldaten al kommen hearde om him mei to nimmen en yn it wetter to smiten. En ticht hâldde se him tsjin har oan, as soe se him noait, noait wer loslitte. It lytse berntsje wie tige tsjep, wûnderlik moai hast foar sa'n lyts ding; hja moast der oan ien wei oan tinke en soms tocht se dat it net in gewoan bern wêze koe, mar dat God der in doel by hie. Mar as dat sa wie, dan mochten se him net oan 'e fijân oer jaen, dan moasten se him forbergje en dan mocht gjin-ien witte dat hja in lytsen krigen hiene. Soe it kinne, in bern forburgen hâlde, dat sa soun en libben like en dan mei sa'n lytse beuker yn 'e hûs as Aäron wie? Miskien koe it net, mar it moast bisocht wurde en hja leaude dat God har helpe soe.
It waerden dagen en wiken fan ûndraechlike spanning; tûzen noeden stiene se út en noait mocht it jonkje nei bûten en elkenien kearden se by de doar; as er mar lûd joech, dan krigen se him al op en elke joun as it bed-tiid wie, tochten se: as er nou mar net gûlt fannacht. Doe't er trije moanne wie, koene se it net langer folhâlde; hy waerd to great en to sterk en syn lûd droech to fier. Elke dei koe it mis gean en koene se him helje.
Yn dy ûterste need bitocht Jochebed in plan om syn libben to rêdden; it wie in plan, sa frjemd en sa ûnmûglik as mar allinne in mem bitinke kin as it om it libben giet fan in bern. Hja woe har lytse jonge yn in bizen kuorke lizze en dat kuorke ticht meitsje mei asfalt en pik, dat der gjin wetter ynkomme koe en dan moast Amram it nei de rivier bringe en it sa tusken de reiden sette dat de stream it net meinimme koe. En as er it dan sette op it plak dêr't moarns de dochter fan 'e Farao to baeijen gyng, hwa wit, soe dy dan it berntsje net fine en it yn it libben hâlde. Dan wiene se fansels har jonkje likegoed kwyt, mar dan libbe er noch en as God dan wier hwat greats mei him foar hie dan soe Hy wol foar him soargje.
Amram moast earst hwat wenne oan it idé, mar doe't er der oer neitocht hie, wist er gjin plan dat better wie, en sa koe it ek net langer. Dat op in iere moarn naem er it kuorke mei syn lytse soan der yn en droech it nei de rivier; tige hoeden sette er it to-plak ûnder de rûzjende reiden, dat nimmen it sjen koe dy't sa mar gewoan foarby kaem. As nou de prinses hjoed mar net weibleau...
Doe gyng er mei swiere stappen nei hûs, troch de skimermoarn. Oan 'e kant fan 'e rivier bleau syn dochterke, Mirjam, achter; hja soe by har broerke bliuwe en sjen hwat der mei him barde. En thús, by de lege widze, wachte syn frou! Soe der dan noait in ein komme oan dizze freeslike fordrukking, soe it âlde folk fan Abraham en Jakob dan ûndergean yn it frjemde lân? Wie der dan neat wier fan al dy âlde forhalen fan in lân dat de bern fan Jakob ta in erfbisit krije soene? Wie de God fan de âffears dan net sterker as de goaden fan Egypte! O, hy hate se sa, dy greatske Egyptners, dy't syn folk fordrukten en fortrapen. As er koe... Mar hwat koe hy, in Hébréër, bigjinne tsjin de macht fan 'e Farao en syn soldaten? Hy koe net ienris dat lytse laem fan sines rêdde, dat der tusken de reiden slomme oan 'e kant fan 'e rivier!
En wilens hâldde Mirjam de wacht by har lytse broer. Hja wie net bang, allinne op it wide fjild mei de stêd in hiel ein ôf en mei de wyn dy't yn 'e reiden rûze, mar hja wie al bliid doe't de sinne opkaem en de fûgels songen. It duorre lang, mar op it lêst seach se de prinses kommen mei har tsjinstfammen en stadich roun se dy kant út, krekt as kaem se der tafallich lâns. Gjin ien dy't har hjir rinnen seach hie tinke kinnen hoe bang en ûngerêst hja wie en hoe't har hert kloppe. As hja nou mar op it goede plak yn it wetter gyng.. O, sjoch, dêr gyng se op 'e rivier ta, krekt dêr't it kuorke stie; hark, dêr rôp se hwat en ien fan 'e fammen gyng har hastich efternei... Nou moasten se him sjen... As er nou mar net gûlde, dan koene se sjen hoe moai't er wie en hoe leaf... Dêr kamen se to-gearre út 'e reiden, de prinses en dy oare en hja hiene it kistke tusken har yn.
Nou moast se net bang wêze en moedich roun se op 'e fammen ta. O, dêr wie it al sa, de lytse jonge gûlde! En mei-iens hearde se de prinses sizzen: ‘It is fêst in jonkje fan 'e Hébréën, mar yn elk gefal hâld