sa great waerd it wurk opset, dat it by syn libben net iens mear klear koe. Mar net allinne dat er de timpel boude, hy liet him ek ûnderrjochtsje yn 'e godstsjinst en de wetten fan Israël en yn alles die er, as wie er in echte Joad. Mar yn syn hert bleau er in heiden en joech er om God noch syn gebot en op syn reizen nei it bûtenlân joech er greate sommen ta de bou fan heidenske timpels.
It wie ûnder it regear fan dizze wrede Edomyt, dat to Bethlehem yn Juda, de Kristus berne waerd....
* * *
Dat it wie wol in swiere tiid foar Israël, dy lêste jierren foar de komst fan 'e biloofde Kening. It like wol, as hie God syn folk forgetten. Yn al dy ieuwen sûnt Ezra en Nehemia, hie der gjin profeet mear west; der wie gjin ien dy't mear in Godswurd krige of fisioenen seach, gjin ien dy't it folk oprôp ta de striid en in blider takomst wytge.
Hwant wol wiene der moedige, dryste keardels, dy't har net deljaen woene ûnder it frjemde jok en dy't har libben ynsetten foar de frijdom, mar dat wiene nou krekt net de fromme minsken en hja fochten mear út haet tsjin de fijân as út leafde ta God en Syn rjocht. It wiene rûge, wrede keardels, dy Seloten en hja swalken almeast fier fan 'e stêdden, yn 'e bergen en yn 'e bosken en hoewol't hja gjin slach op it iepen fjild weagje koene, diene se dochs de Romeinen gâns ôfbrek. Mar it barde ek wol, dat hja op 'e wegen de karavanen oanfoelen en ûnskuldige reizgers plonderen; hja moasten dochs libje en as it der op oan kaem haten se it eigen folk like fûl as de útlânske fijân. Hja forachten dy leffe, bidaerde boargers, dy't it lân bibouden en har affearen dreauwen en op 'e tiid de keizer syn skatting bitellen, en dy't net waerm to krijen wiene foar de goede saek. En mear noch as op 'e gewoane minsken, wiene se forgrime op 'e Sadduceën en de Farizeën, de lieders fan it folk.
De Sadduceën, dat wie de partij fan 'e rike preester-famyljes to Jeruzalem, dy't it mei de Romeinen hâldden en dy't út 'e hichte delseagen op it sljocht-wei folk en op 'e rûge Seloten. Ut har formidden bineamden de Romeinen de hegepreester en de measte hege amten wiene harres. Hja wiene tige krekt op 'e offertsjinst yn 'e timpel - dêr libben se nammers fan - mar fierder namen se it net sa nau: hja leauden net oan ingelen en net oan in opstanning út 'e deaden en net alle hillige boeken namen se foar wier oan. Hja hiene oan ien wei skeel mei de Farizeën, dy't al dy dingen wol oannamen en dy't bysûnder krekt wiene yn it stik fan 'e wet. Dat yn it Sanhedrin, de heechste rjochtbank yn Israël, dêr't meast Farizeën yn sieten, kaem it bytiden ta hege rûzje en al wie de foarsitter altyd fan 'e partij fan 'e Sadduceën, dochs moasten dy meastal bilies jaen om't it folk it meast mei de Farizeën op hie.
Hwant al wiene de Farizeën lang sa heech en fornaem net - de measten hiene gjin jild en moasten mei de hannen de kost fortsjinje - hja hiene wol ynfloed, ek al om't hja har net mei de Romeinen ôfjoegen en mear ûnder it folk kamen. It wiene meast tige gelearde minsken, dy't stúdzje makken fan 'e wet en mei ynmoed bisochten om der ek neffens to libjen. Hja leauden fêst, dat de minske allinne mar bihâlden wurde koe troch de wet to folbringen en dat de Heare net earder syn folk forlosse soe, as it moast him bikeare ta de wet fan Mozes en ta al de geboaden en ynsettingen dy't de wetgelearden der letter noch bymakke hiene. Mar dat wie stadich-oan sa'n systeem fan regels en foarskriften wurden, dat it gewoane folk der al lang net mear by koe; libje neffens de wet koene allinne de gelearden dy't der alle dagen yn studearren en dy wiene it ûnder inoar noch lang net altyd iens hoe't it krekt moast en hwat der perfoast net op troch koe.
Der wiene hûnderten dingen dêr't hja om tinke moasten en it kaem foaral tige krekt op 'e sabbat. Gjin echte Farizeër soe op 'e sawnde dei in fjûr oansette of in lampe útdwaen; it minste en geringste dat ek op 'e Snein wachtsje koe, wie forbean en it wie in greate sûnde om hwat fan it iene plak op it oare to dragen. It kaem sa fier, dat de sabbat, dy't God de minsken jown hie om to rêsten fan har wurk, net mear in blide feestdei wie, mar in krús dat allinne de sterksten drage koene. Ien kear hie de Heare op 'e Sinaï de wet oan Mozes jown, dat al dy geboaden en foarskriften dy't gjin minske alhiel hâlde koe, it folk ta Kristus liede soene, ta Him, dy't allinne it swierste fan 'e wet folbringe koe. Mar ynpleats dat de Farizeën lyts waerden ûnder de geboaden, hiene se fan de wet it ien-en-al, ja soms hast in soarte fan ûngod makke en wiene se greatsk en heechhertich, om't hja safolle better wiene as it sljocht-wei folk, as ‘de skare dy't de wet net wist....’
It sprekt fansels dat de Farizeën delseagen op 'e Sadduceën dy't yn mannich ding sa strang net wiene en dat hja neat hawwe moasten fan 'e wylde Seloten dy't it alhiel net krekt namen. En sa wie it folk fan Israël fordield, en dat yn in tiid dat hja as ien man stean moatten hiene tsjin 'e fijân. Sels yn dat iene, dat hja allegearre gemien hiene: de forwachting fan 'e kommende Messias, wiene se it net iens. Wis, hja hopen allegearre dat de Forlosser mei gauwens komme mocht, mar de Seloten wachten op in kening dy't har foargean soe yn 'e striid; de Sadduceën leauden, dat de Messias it mei har hâlde soe om't hja sa'n noed stiene fan syn timpel; de Farizeën dreamden fan in profeet, dy't hiel it folk bikeare soe ta de wet en dy't har leanje soe foar har drege trou.